syn mem is; dan wit er ek dalik dat Tsjamke syn healsuster is. Griet of jy koene earst wolris nei Heech reizgje en ris hichte by skilige Foek nimme, wêr dy Jets no ferkeart, dat sil Foek wol witte. Dan koe him dat mei-ien sein wurde, en dan wie der grut kâns dat hy dêropta reizge.’
- ‘Al wer in allerakelikst dom útstel! Dan soene wy ommers ússels yn de fûke arbeidzje. As ik him sei dat hy yn dy faam har kiste fûn wie, dan koe 'k der ek wolris op oanhelle wurde om te sizzen wa dy kiste stellen habbe. Dan soe 'k raar te pal komme! Nee, sa net hear!’
- ‘No, witte jy der better wei op, om dat laam sonder moer ta Stiens út te krijen?’
- ‘Dat leau ik al; ast do mar krekt sa dwaan wotte as ik sis. Hark ris! do moatste fan dizze tiid ôf oan bistindich wurde en dy nearne mei bemoeie. As 't sterk iis wurdt, moatst net te Wyns op 'e baan komme, en jit folle minder yn herbergen.’
- ‘Ik net te Wyns op 'e baan komme?! Jy kinne in baarch ek wol oplizze dat er net yn 'e modder omrôlje moat.’
- ‘No, dat moat sa, ast do Tsjamke yn 'e fûke ha wotte. Mar as dy dat sa beswierlik taliket, dan praat ik mar net fierder.’
- ‘Ja ja! toe, praat mar fuort!’
- ‘Sit by 't winter fan 't iis bliuwe? dat is te sizzen, om plezier te meitsjen.’
- ‘'k Wol net leauwe dat ik dat trochstean kin. Mar lit ris hearre hoefolle belang derby is.’
- ‘Sit by 't winter fan 't iis bliuwe? Dat freegje 'k dy jitris.’
- ‘Moat ik dat no ynienen sa fêst onthjitte?’
- ‘Ja dat moatste! en folbringe moatste 't ek. Meitsje der steat op dat ik spionnen út stjoer, en aste 't ienkear lapste, dan gean ik ynienen nei Lútsen Tetmans en sis him wa'st do biste.’
- ‘Ja, dêr wolle jy my bang mei prate; dat dogge jy dôch net.’
- ‘Dat doch ik sa grif ast do dêr by Griet op 'e planke sitste. Ik wol de saak ris ynoarder habbe, en ek gau; en as dat net slagje wol, dan sit do dêr ek net langer by dy grouwe boer op 't hok lizze, en wy op 'e poat sûge: dat swar ik dy!’