op 't hert ferklearje: dat ik dêroan allike onskuldich bin as dizze deade tafel. De lju meie derfan sizze wat se wolle; mar grif kinste deropoan dat Wouter dyn healbroer net is. Ik mei gjin oere sûndheid mear habbe, as ik dy tefoaren flou!’
- ‘No, as ik dêrop ôf kin, dan sis ik jo dat Wouter, en oars nimmen, myn hert en sin is; en dat ik net fan him ôfsjen kin noch wol.’
- ‘Ei, stiet it sa? Mar as ik no ris sis dat ik út noch yn net ha wol datst dy mear mei him bemoeiste?’
- ‘Dan sis ik, dat ik tige by tige graach winskje soe, dat heit mei ús ferkearing better yn 't skik wie: mar lykwol as dat sa net is, dêr kin ik him net om ôfstegerje; want die ik dat, dan koe 'k gjin oere mear lokkich libje.’
- ‘No, mar dan kin ik wolris tsjin Wouter sizze dat er om in oar plak sjen moat. Hy kin him no wol rêde, en ik hoef net mear mei him oan te pielen. En do begrypst licht, as dat sa kaam, dan hoefde er hjir ek net om dy te kommen.’
- ‘As jy dat diene, heit! dêr koene jy wolris frijwat skea fan krije. Want as hy derút moast, dan gyng ik derút; en dan soe Setske hjir ek net lang mear bliuwe, ferwachtsje 'k. Dêr kaam jit by dat jy gefaar rûnen om Lútsen Tetmans geunst kwyt te reitsen.’
- ‘Do soest dy jit wolris beriede, earst derút gyngste, leau 'k, en Setske ek wol.’
- ‘Ik soe my net beriede; gjin healoere! Ik soe gau om in tsjinst sjen, sa grif as wyt wyt, en swart swart is.’
Baas seach wol oan har hâlding dat se tocht wat se sei: dêrom begûn er wat oars te praten.
- ‘Famke, lit dy riede! Do biste jit sa jong; do witst der neat fan wat der yn 'e wrâld te dwaan is. As 't njonkelytsen mei Wouter en dy trouwen wurdt, wat foarútsicht heste dan? Hy het neat yn 'e wrâld; en skuonmakkers dy neat habbe, ferfalle meastal ta earmoed as se wat húsgesin krije: dat witst do allike goed as ik.’
- ‘Heit! in minskesin is in minskelibben. Hy is earlik en warber, en as 't safier komt, dan hoopje 'k dat ik myn lea ek net sparje sil om wat mei te fertsjinjen. En dan rôlje wy der sacht troch.’