| |
| |
| |
Sânde haadstik
Jildert komt foar de twadde kear
Al hoe fel baas Hoattelstoat op Jildert Nolkes ferbittere west hie, safolle wie er no mei liif en siele foar de feint. It tinkbyld dat syn dôchter jitris in rike boerinne wurde soe, hie him tefolle ynnomd. Hy hie deis omtrint oars gjin praat, as oer Lútsenboer en syn spul: it wie sa'n krasse florissante boel dêr: it wienen sokke nuvere bêste nochlike lju om dwaan mei te habben; alles wat men dêr seach, út 'e hûs en yn 'e hûs, wie sa út de pin en sa kreep ynoarder; Jildert wie him dy sneintejûns sa meifallen; de feint like sa bedaard en fatsoenlik yn reden en beskie, en koe sa mei bestek oer de buorkerij prate: koartom, it wie allegearre bêst en moai. Tsjamke wie soms goed nidich yn harsels, as baas sa oan 'e gong wie; as 't har ferfeelde sei se op 't lêst: ‘Heit hat in hopen getsjânsel; ik soe mar ris wer ophâlde!’ - It Spook fan Jiskenhuzen doarst it soms weagje om ris wat ta Jildert syn neidiel te sizzen; fan syn sûpen en mâl dwaan, fan syn grutsprekken op syn omke rykdommen, syn rûzjesykjen en fjuchtpartijen: dêr mochten alle lju him allike min om lije, sei se. Mar dan wie baas gau op 't ein. - ‘Ik wit wol hoe de Stienzer lju binne,’ sei er dan; ‘hja moatte altyd ien habbe dêr se op omskuorre kinne: ik moat der ommers ek al folle ris fan ha! Jildert is jong en hat wolris nocht oan in grap, en 't kin wol wêze dat er ek wolris rûzje hat: mar dat is dêrom syn skuld altyd net. Do moatst tinke, Setske! it wurdt him fergund dat er 't sa skoan by syn omke hat; mar as hy net goed oppaste, dan moatst mar leauwe dat Lútsenboer him gau de koer opjaan soe: dy man sjucht wol út syn eagen.’ - Sa prate baas alles terjuchte, en as Setske dan
| |
| |
net ha woe dat er springende lilk waard, dan moast se har stil hâlde, dat se ek meastal die.
It waard sneintejûn. Baas wie nuvere brat: ‘Jildert komt fêst ek wer, net Tsjamke?’ sei er. ‘Ik hie him ferline sneintejûn hast al ferwachte.’
- ‘Ei, wat mient heit?! Ik wol dy feint hjir net wer ha.’
- ‘Dêr tinkst no ommers gjin byt fan, hertsje!
- Mar do hoefst my dat ek sa lyk net oan 'e noas te hingjen. foar de wissichheid moat der mar ris tabak helle wurde; myn doaze is leech. - Wouter, helje do gau ris tabak!’
Dat befel wie Wouter wolkom. Hy wist dat Jildert altyd fan de bêste tabak brûkte, want dêr lei er dan ek al fan te swetsen, - en no helle Wouter fan de allerminste, dy der te krijen wie, en stoppe dat, ear't er dermei yn 'e hûs gyng, yn in pûde dêr fan de bêste yn west hie, om baas - dy sa'n heel fine priuwer net wie - mei 't wapen te ferbjusterjen.
Hy siet mar just wer op 'e stoel, dêr kaam Jildert al oan. Hy hie earst yn de herberge oan west, en dêr de romte fan jenever trochswolge, wêrfan de wazem him al foarút gyng, en yn de noazen fan elk dêr er tichteby kaam, in onoangename wurking die. Hy rekke oan 't smoken en praten en trochdat de drank begûn te gestjen, wie syn geswets frijwat laf en onwiten. Mar yn baas syn eagen wienen 't allegearre redenearingen fol ferstân en trochsjucht. - Dôch dy gemiene tabak en de jenever koene net meiinoar oerwei; Jildert waard njonkelytsen sa wyt as in deade, en die neat as rekken en gapjen.
- ‘'k Wit net, ik moat wolris efkes bûtendoar,’ sei er.
- ‘Hoe is 't feint, kin' jy net rjucht oer de tabak?’ sei baas.
Hy sei neat mear, mar makke dat er onder de loft kaam, en doe hearden se wol hoe 't gyng. Baas fleach him nei en sei: ‘Heden noch ta feint! soe dat fan de tabak komme, of bin' jy oars net goed?’
- ‘As ik in bytsje kâld wetter krij, sil 't wol gau wat bedarje,’ sei er.
Baas wer yn 'e hûs: ‘Setske, jou ris in kop!’ - Doe skreppe om de feint kâld wetter ta te krijen, hast hurder as er koe.
| |
| |
Wouter en Japik sieten te gnizen dat se skodden, en de froulju koene 't ek net litte. Wouter hie hoop hân dat dy mislikheid Jildert wat letter oankomme soe, dan hie Tsjamke mei eare fan him ôfkomme kinnen. Dat wie no mis; want doe 't wat bedarre wie, joech baas de feint in byt iten, en doe wie hy wer fris man. - Wol in healoere earder as oars begûn baas te praten fan op bêd, om de jonge knapen mar tewille te wêzen.
- ‘No,’ sei Tsjamke tsjin har frijer, doe 't folk nei bêd en hja wer tegearre yn 't foarhûs wienen, - ‘no, do witst wol wat ik de foarige kear sein hab, en dêrom hoeve wy no nearne net oer te praten.’
- ‘Ja, mar do begrypst wol dat ik hjir no net komd bin, om sa wer fuort te gean. Kom, helje mar gau in pear stuollen en gean moai by my sitten.’
- ‘Nee, do silst derút.’
- ‘Dan moat ik derút sleept wurde, mar oars net. Do moatst mar gau witte aste by my opsitte wolste, of net; en oars sil ik ris oars begjinne.’
- ‘Mei drigeminten hoefst net te mienen datst wat winste.’
- ‘No mar wrachtich, Tsjamke, lit ús elkoar it bloed net hjit meitsje. Do bist myn sin en myn libben, dat is wrachtich wier! Ast do my foar de holle stjitste, dan wit ik net hoe 't komme sil, mar dan kin ik mysels jit wolris ongelokkich meitsje. It wit, tink 'k, ek wol watst op my tsjin heste: ik kom tefolle yn de herberge en ik ha wolris tefolle drank. Ik sjuch sels wol yn dat dat tige by tige ferkeard is; want elk sjucht der my om op 'e rêch oan. Mar wat is 't? Ik lit my dan te gau beprate fan oaren, en sa reitsje 'k der faak mei yn tsjin myn sin. Mar Tsjamke, as dat it is watst do op my tsjin heste, dan onthjit ik dy hjir mei de hân op 't hert, dat ik it neilitte sil.’
- ‘Dat soe in tige bêst ding wêze,’ sei de faam. ‘Mar ik moat dy ris wat freegje. Dat âld skoaierswiif, dat okkerjûns by dy op 't lân wie, moat dy wat fan dy ha?’
Doe Tsjamke dat sei, skeat er in tige reade kleur, mar hy bedarre him gau.
- ‘Hoe witst do,’ sei er kâldgnyskjende, ‘dat der in skoaierswiif by my op 't lân west hat?’
| |
| |
- ‘Do kinst hearre dat ik wit.’
- ‘Ei no ja, dat âldwiif dêr ha 'k te Tsjerkwert by yn 'e kost lein, en doe ik hjir doe nei omke-en-hars ta soe, sei hja tsjin my: “Do krijste 't no sa skoan, do moatst jit ek ris om my tinke, en doe sei ik: “Ja, dat sil ik wol dwaan.” - Nei dy tiid is hja oan 't skoaien rekke, en doe het se my hjir opsocht, en dan wol se ha dat ik har lykfolwat jaan sil; mar dêr bin 'k net fan thús; hja het my sa bêst net behandele, doe 'k by har wenne.’
Dat dizze ynljochting fan Jildert alheel besiden de wierheid wie, en mar optocht waard om him der troch te rêden, sil de lêzer letter fernimme.
- ‘No, dat is dat,’ sei Tsjamke, ‘mar ik wit mear. Jimme habbe dêr tegearre ek oer my praat, en doe hest do safolle al útlitten, dat ik tink net mei dy op te slaan. Watste earder fuort gieste wat ik it leaver ha.
- ‘Ja, mar hark ris! - Fuort krigest my no net; wo'st dy skiklik hâlde, dan is 't goed, en oars sil ik it hjir ris ferdomde mâl dwaan.’ -
Wouter en Japik stiene op 'e souder te lústerjen. Dat wie ôfsprutsen wurk, - dêrtroch doarst Tsjamke him ek sa goed oansprekke. Jildert waard siker al wat kjel, doe de twa manlju by de ljedder del en op him ta kamen.
- ‘No, heste 't oan dyn kar,’ sei Japik, ‘aste derút gean sitte, of dat wy dy derút smite sille.’
Hy waard ynienen poer. ‘As jimme dat dwaan kinne, moatte jimme 't mar ris besykje!’ sei er. Wiles helle er syn sulverhefte mês út en stiek it har ta. ‘Kom mar op, dy der sin oan het! ik stean jimme beide.’
- ‘Wouter, pak mar oan!’ sei Japik. ‘Tsjamke, set de doar mar op 't wiidst iepen!’
Tsjamke die dat, en hja foelen Jildert tegearre oan. Wouter - dêr hie er it meast op foarsjoen - krige in feech oer de hân; mar it mês makken se Jildert gau onbrûk. Doch om him de doar út te smiten dat slagge dalik net, want hy wie dealske fluch en handich, en tige sterk derby.
Baas waard wekker fan 't rumoer, en wist net wat der te rêden
| |
| |
wie. Hy sprong fan 't bêd en skuorde de keamersdoar iepen en sette in pear eagen op as tafelbuorden.
- ‘Hoe giet dit hjir sa dealske mâl?’ rôp er.
- ‘Ja, baas!’ rôp Jildert, dy der op steunde dat baas foar him wie, ‘Wouter prûkmakker kin 't net hurde, dat ik by jo dochter bin.’
- ‘Nee,’ sei Tsjamke, ‘ik woe him fuort ha, en hy woe net.’
- ‘Ja,’ skreaude Jildert, ‘dou woest my fuort ha, omdatst leaver mei Wouter omknoeie wotte.’
Dêr hearde baas wat, dat er net earder witten hie. Mar hy woe 't dalik wol leauwe, want oars koe Tsjamke, tocht him, gjin reden ha om sa'n rike feint te skouderjen, - en oars soe Wouter him sa net tsjin Jildert warre.
- ‘Wouter en Japik!’ rôp er, ‘hâld jimme hânnen thús, en brui op bêd. Jimme habbe hjir neat te meitsjen.’
Mar dat holp him net folle. Baas fûn it goed om der better geweld efter te setten, mar earst foar alles teach er gau efkes de broek en de hoazzen oan.
- ‘As jimme dy feint no net mei frede litte,’ rôp er doe er wer kaam, ‘dan jei ik jimme moarnier allebeide fuort.’
- ‘En as hy hjir yn 'e hûs bliuwt,’ sei Wouter, ‘dan is Tsjamke yn libbensgefaar.’
Hja soene him der wol ridlik gau út krige ha, mar baas smiet foarearst de doar ta en doe begûn er him tsjin Wouter-en-har te fersetten. Dat waard dêr in hele skermutseling yninoar om, mar Wouter-en-har hiene 't slimst te ferantwurdzjen, want hja woene de hannen net leafst oan baas bekweadigje. - Tsjamke makke dat se de doar wer op krige en paste op 'e lampe. - De striid gyng by ôfwikseling ta foardiel fan de iene of de oare partij. Japik en Wouter begûnen hast al te frezen dat se gjin baas wurde soene; mar sjuch! dêr kaam, alheel onferwachte, in farske help foar har opsetten. It wie âlde Setske. Hja hie earst wat op bêd lein te harkjen, en doe se fernaam wat der geande wie, doe wie 't: in koart berie en dat goed! - fan 't bêd ôf, - gau wat klean oan en de stoffer by de kop.
- ‘Och, myn leave Tsjamke! hoe giet it no? Dit giet om dea!’
| |
| |
Hja onderhelle de stoffer, en joech Jildert in slach op 'e kop, dat it klapte der oer.
- ‘Ik sil dy helpe, do grutte ondogense donder!’ rôp se.
- ‘Sets, hâld do dy der bûten!’ rôp baas.
Mar hja tichele der jit al ris op.
- ‘Och Setske, lit dat mar!’ sei Tsjamke, ‘oars krije jysels jit ek in feech.’
- ‘'t Kin my neat skele! Ik kom foar Wouter op. Dy grutte sûplap fan in Jildert mei 'k foar myn eagen net sjen.’
Jildert krige knoffels mei de stoffer dy om 't effen net jokken; want hja seach der gjin byt nei wêr se sloech. Hy koe dêr oars neat tsjin dwaan as de âldfaam soms in flok- of skeldwurd ta te smiten. Mar dêr joech hja neat om, en om baas syn tsjetterjen ek net.
De fjuchters skarlebarlen al sa stiltsjes nei de doar ta. Jit ien goede raam, - en Jildert hie der bûten west: mar dêr heakke syn rokje efter de klink fan de onderdoar; dat skuorde ynienen, rits dy! oan 'e nekke ta op, en hy rekke onder 'e fuotten. Doe skopte en sloech er om op allerfreeslikste manear. Nimmen koe him oankomme, mar yn syn oerein rizen wisten se him sokke pompen te jaan, dat er op 'e strjitte strampele, en doe wie 't: klap! de doar ta.
- Doe skopte er tsjin 'e doar oan as in âld hynst; hy flokte alles omtrint útinoar, en die sokke freeslike rare drigeminten, dat it immen troch alles hinne gean moast. Fan binnen tjirre baas him as in gek minske. ‘Hy sil der wer yn,’ rôp er, ‘en Tsjamke sil him behandelje sa 't heart.’ - Mar dêr waard net nei harke. Japik paste op dat de foardoar op 't slot bleau, en Wouter hâlde de wacht by de efterdoar, dêr Setske him op side stie mei de stoffer. Baas seach op 't lêst yn dat hy foar dat pas gjin baas wie yn syn eigen hûs en oer syn eigen folk. Dêrom rôp er tsjin Jildert: ‘Feint, as ik jo riede mei, gean foar dit pas nei hûs. Wolle jy takomme sneintejûn wer komme, dat kinne jy om my mei plezier dwaan. Ik hab neat op jo tsjin. Ik sil wol soargje dat it jo dan better ôf giet.’ - Dat treaste de ongelokkige frijer wat yn syn lot, en hy sakke al njonkelytsen ôf nei hûs.
- ‘No Tsjamke,’ sei baas tsjin syn dôchter, ‘no moat ik ris in wurd
| |
| |
mei dy prate, wat reden datste der foar heste om dy feint sa skandlik ôf te ringjen.’
- ‘Dêr wol ik no net oer prate,’ sei Tsjamke, en makke handich dat se op bêd kaam.
Dat diene de oaren ek, mar Setske hie earst gau in bosk lappen telâne socht, om Wouter syn tesnijde hân dêryn te bewuoljen.
|
|