katoen hâlden, mar as se har de twadde kear wer sa leaf oanstelt as doe, dan lis ik it ek ris op in dwarsbongeljen. Ik hoef by de rykste boeresoan fan Stiens net efterút te stean, en soe sa 'n skuonmakkersdochter 't om my net wêze kinne?’
- ‘Do stiest fêst net foar in hiel knap man te boek; oars soe dat sa slim net wêze, tocht my.’
- ‘Ik kom wol yn 'e herberge en ik drink in slok op 'e tiid; mar dêr sil ik nimmen nei freegje: dat docht in oar ek. Mar as dy faam my skoudert, dan kin se der ek op oan, dat ik har in loer draaie sil as se my dan ris allinne temjitte komt, dan skop ik har yn 'e sleat, sa grif as wat. En dan kriget dy Wouter prûkmakker jit ek ris fiks wat op syn bealch; dy fint dêr komt it meast fandinne, om't dêr is se grut mei.’
- ‘Sa ha 'k nea heard!’ sei Klaaske, en begûn tige te laitsjen. ‘Dat is ommers har healbroer!’
- ‘Ja, mar dat miene se beide net, want de skuonmakker lycht dêr altyd mei hurde wurden tsjin oan.’
- ‘No kom, do seiste wy moasten tiid dwaan salang ast do in wiif hieste; mar ik hear wol, dat is jit safier ôf; do moatst my no mar wat jaan.’
- ‘Ik kin jo no neat jaan; ik ha gjin lûs op 'e marse. Ik bin yn myn wurkpakje, lyk as jy sjugge.’
- ‘Do hest dôch it horloazje yn 'e bûse: jou my dat mar!’
- ‘Nee wrachtich net! Sa kin 't net.’
- ‘Sa kin 't mâle bêst. Jou mar op! Sis mar datste 't weibrocht haste; dat kin de bêste wol oerkomme.’
- ‘Ik sil der wol op passe! Och, wat soe 't der dan raar by stean! Dat horloazje dêr habbe se swak op, dat is jit ien fan âlde Jildert Wopkes.’
- ‘Safolle te better! dan wit ik der in allerdivelste moaie set op. Hark ris! Ast do strak thús komste fernimste datst dyn horloazje weibrocht heste; it skriemen moat dy neier stean as 't laitsjen. No dan sille hja wol goed wat onthjitte wolle, as se 't horloazje mar wer krije kinne; dêr wurdt safolle ruchtberheid oan jûn as 't kin, en dan kom ik mei in dei twa, trije en bring har 't horloazje wer;