| |
| |
| |
Fyfte haadstik
Hoe it mei Wouter en Tsjamke gyng, doe se feint en faam waarden.
Wouter begûn mei de tiid in handige jonge te wurden; op 'e skoalle hie er 't safier brocht dat er it slim skoalboek trochleard wie en yn de kranten en brieven him tige rêde koe; hy koe de noaten, en yn de tsjerke de tekst en de psalmen fiks fine, en hy koe aardich skriuwe. Syn namme skreau er Wouter Onbekend: dat hie master betocht. No tochte baas dat skoallegean moast ek mar ris ophâlde. Hy kaam safier dat hy moast ris wat fertsjinje, al wie 't dan ek mar sa folle dat er himsels ris in nij baitsje of in broek keapje koe, just net om dat bytsje foardiel, mar dan kaam der wat kriich yn: ‘In jong minske moat oanset wurde,’ sei baas. No ja, Wouter rekke deis mei op 'e skammel. Yn 't earst waard dat net folle, it like wol dat de trijepoat him net nochlikernôch siet, hy woe der wol graach no en dan ris ôf; it pik kleefde him ek tefolle oan 'e fingers en de rook fan 't lear mocht er ek net rjucht lije. Mar mei de tiid wûn dat allegearre wat, en doe wie 't mei gauwens ek safier hinne, dat it wurk dat Wouter út syn hannen gean liet, dêr koe men op oan dat it goed wie. Hy koe safolle fertsjinje dat er goed foar himsels wie, en baas hie safolle drokte dat er Japik en Wouter altyd fan de moarn ta de jûn oanslach jaan koe. Japik hie dêr al salang ferkeard, dat er ek omtrint allike folle as bern te hûs wie.
Doe Wouter in jier sechstsjin santsjin âld wie, begûn er ek al te begripen dat der bulte jonge feinten wienen, dy onsjugger wienen as hy, en it ontgyng him ek net as de fammen sa meiinoar mûskoppen en ta de hoeken fan de eagen út luorken as hy har foarby
| |
| |
gyng. Hy wie gnap en reafallich fan troanje, hy hie in moai krol bosk hier en stie tigen kant op syn skonken. Hy wie net onbehindige swier, net dûkelhalzich en net bryk fan skouders, en dêrtroch stie it kante trijetutich steekje, it sarjes rokje en de koarte broek mei gaspen yn de hoksen him sa 'n ein moaier as in hele bulte oaren. Grutsk wie er just net, mar hy hie dêrom wol sin oan himsels: welno dy sa net is, is ommers ek net wiis! - ‘Dan gyng er wis ek al ris nei de froulju,’ seit licht immen. Nee, dêr kaam er net oer gear; ris in steil wurd tsjin de fammen te dwaan, dêr lei er 't mei ôf.
Tsjamke dêr wie ek in tige kreas en snipper jongfaam út woeksen. As hja sneins oanklaaid wie mei 't grien saaien jakje mei koarte mouwen, de wite wanten dêr har blanke earmen troch skimeren, it brún kalminken skoart en de bonte rútsjese skerldoek, - dan moasten der mar in hele bulte by har efterút steld wurde. Wouter tochte teminsten faak by himsels, dat er eigentlik as 't deropoan kaam, yn en om Stiens net folle gnapper faam te finen wie as Tsjamke. It wie al bysonder! Hja hiene fan bern of oan altyd byinoar ferkeard en meiinoar omgien; hja hiene elkoar sjoen en besjoen, om samar te sizzen, - en dôch, doe se safier kamen dat se in jier sechstsjin santsjin âld waarden, - doe krigen se earst jit niget oan elkoar. It spook fan Jiskenhuzen, dy yn sommige dingen folle tûker wie as in hele bulte lju tochten, hie 't al gau yn 'e rekken dat der wat skûle tusken dy twa jonge knapen; hja koene elkoar sa skarlúneftich oanluorkje, en elkoar sokke aardige wurdsjes tasmite. Baas hie dêr yn 't minst gjin erch yn; as se ris meiinoar oan 't mâlfarjen wienen, dan begûn er mei gauwens te protteljen, mar oars ek nearne net om, as omdat er net oer sok spul útjaan mochte. Dêrom net, hja lieten 't ek jit altyd by wat geklik harsenskrabjen en behindich wrakseljen bliuwe, al wie 't ek dat nimmen 't seach.
Mar ienkear op in sneinneimiddei, doe se wer sa oan 'e gong wienen, ontsette Tsjamke Wouter syn bûsdoek, en naam dêrmei de flecht nei de skuonmakkerswinkel; hy sette har efternei, en dêr hiene se elkoar al gau wer by de lappen. Earst wienen se tige lûdroftich, mar hja begûnen al geandewei sêfter te praten, en op 't
| |
| |
lêst waarden se sa stil as mûzen. De âldfaam, dy 't altyd tige ter herte gyng as har muoikesizzer mei baas syn dochter te set wie, fernaam dat yn 'e keamer en waard nijsgjirrich. Earst siet se te harkjen, te harkjen, - en op 't lêst teach se de dryste skuon oan, - nee, hja teach har âlde sleeptoffels út, en gyng stil op hoasfuotling nei de winkelsdoar, en kipe ris om 't hoekje. En jawol man! Dêr hingen Wouter en Tsjamke tegearre rûngear tsjin 't leastrak oan, en dêr wie wat geande dat net bêst pratendewei dien wurde kin. Setske koe har net katoen hâlde doe se dat seach; hja begûn te laitsjen, en sei: ‘Dat sjuch ik no ris, hear!’
It frijend pear seach ferheard op, en hja krigen beide in tige reade kaam. Hie 't mannichien oars west, dy har sa oer 't mad kaam, dan hiene se sa'n manear fan dwaan grif tige kwea nomd: mar op Setske waarden se net lilk; hja begûnen yn pleats mei har te laitsjen.
- ‘No, hâld jimme kleur mar!’ sei de âldfaam; ‘it binne gjin skelmstikken. It is minskelik, en dat is 't.’
Wouter gyng stil syn wegen, en Tsjamke lústere Setske yn 't ear: ‘Net tsjin heit sizze, hear!’ - Nee dat soe se net dwaan.
No wie 't dan fêst, Wouter en Tsjamke wienen grut meiinoar. Wel man! it Spook fan Jiskenhuzen waard wol tsien jier jonger, doe se dat wiste. It duorre net ienris lang of de feinten en fammen en de âlde wiven fan Stiens hiene dat nijs ek al wei. Net, dat Setske derfan lein hie te praten: nee! Hja hie Tsjamke onthjitten dat se swije soe, en dat die se ek. Mar hoe giet it? It ljipke wol sa minlike graach har aaien bewarje, en dôch jout se de tûke aisiker, sonder it sels te wollen en te witten, ferskate tekens wêrtroch hy se ringen fynt. Sa giet it ek mei minnende jonge feinten en fammen: hja wolle 't foar de minsken net wêze wat har dêr onder 't baitsje of it jak skûlet, en dôch litte se 't yn har praten en har dwaan en litten jimmer blike. Sa hiene Wouter en Tsjamke sonder sleau en útlitten te wêzen, it ek harsels dien dat der sok praat fan har op 'en baan kaam. Earst wie der ris ien dy sei: ‘Ik leau dat dy twa wat grut meiinoar binne;’ in twadde sei: ‘It sil sa wol wêze;’ en in trede sei: ‘It is sa!’ -
| |
| |
- ‘No, dat sil wol in pear wurde,’ waard der al gau sein. Mar in oar sei: ‘Dêr soe men 't bêste fan hoopje! Wouter is ommers Tsjamke har healbroer. As baas der mar efter komt, sil er 't wol gau belette; oars wie er teminsten troch alles hinne.’
- Men moat begripe dat de lju jit altyd ongelyk oer Wouter tochten: de meastepart hâlden 't foarfêst dat er baas syn eigen soan wie, mar der wienen ek al wer ferskate dy dat net leauwe woene.
Hoe baas it ris nimme soe as er de frijerij wiis waard fan syn ienichste dochter, dêr er net in lyts bytsje grut op wie, mei de jonge út de spuonnen doaze, dy hy foar in skoaiersbern hâlde, alteast sa't er sei: dêr wienen de wyfkes baarnende nijsgjirrich nei. Mar it like wol dat baas de eagen mar net iepen kamen. In skelm wit wat in skelm om 't hert is, seit it sprekwurd: mar baas hie nea gjin liefdeskelm west, en dêrtroch seach er al dy lodderige streken en grapkes, dy der sa troch 'en dei tusken Wouter en Tsjamke pleats hiene, ek foar oars neat oan as foar oerdwealskens en koartswilichheid, lyk de jonkheid dêr al folle nocht oan het. Lykwol dat koe op 'en doer sa net bliuwe, dat is licht te begripen.
Al hoe 'n gnap faam Tsjamke wie, en al hoe de feinten har sneins nei de hakken seagen: hja krige jit heel net ris in frijer oan hûs. It griisde in hopen boeresoantsjes oars al wat oan, dat sa'n earme fint as Wouter sa'n leaf ding allinne hâlde soe; elk foar oar tochte by himsels: as ik dêr ris kaam, dan soe se dat laam sonder moer gau wat lakke; Tsjamke is lang gjin faam om op 'en doer mei sa'n feint op te slaan, dêr nimmen fan wit wêr er weikomd is. - Mar hja wienen allegearre wat skrutel foar baas; hja wisten hy wie in nuver kopstik, en doe se grutte jonges wienen, hiene se him sa drôvige faak de groetenisse dien fan de prûkmakker út it Nau; dat wie him licht jit net fergetten; sadwaande, tochten se, wie er der neat te goed ta om in frijer dy om syn dochter kaam, onsêft de doar út te stjoeren. Sokke feintsjes fan in jier achttsjin, tweintich habbe troch 'en tiid gâns te snappen as se yn 'e herberge sitte mei in swetserseintsje yn 'e holle en in stoertse romer mei har beiden:
| |
| |
mar as 't op 'e man oankomt, dan wol dy grutte moed wolris nei de hakken sakje.
Tsjamke hie ek fan nimmen folle ferlet; hja mocht Wouter sa goed al lije, dat al de oaren har neat skele koene. As se ris mei feinten yn reden kaam, wie der wol gauris ien dy in tjilling útsmiet om in einefûgel te fangen; dat is te sizzen, dat se har wolris fiele lieten hoe se oer har tochten, en dat se har wolris opsykje soene wolle: mar nimmen krige folle treast; dat die de feinten it weibliuwen jit ek al mei.
Dôch einlings barde 't ris op in sneintejûn, doe baas-en-har it jûnmiel sawat krekt bepluze hiene, en jit wat byinoar sieten te praten, - dat der ien ta de foardoar yn kaam en drystwei yn 'e hûs op stapte.
- ‘Goeden jûn!’ sei er frijpostich en wol. - En dat wie oars nimmen as Jildert Nolkes.
Japik en Wouter en Setske en Tsjamke hiene 't allegearre ynienen wol yn 'e rekken wat syn boadskip wie; baas tocht allinne mar dat er in pear nije skuon mjitte litte soe; sont hy Lútsenboers geunst hân hie, kaam Jildert dêr inkeld sa wolris mear: baas mocht him oars jit tige min lije. De manlju bleauwen sitten, en Tsjamke gyng opstean om him in stoel te jaan. En doe er dêrmei syn palmhouten pipedoas mei sulveren beslach út 'e bûse helle, en syn eintsje piip dêrût krige, joech Tsjamke him baze tabaksdoaze oer: dat gyng allegearre al wat stroef en toar ta. Mar doe begûn baas der dôch erch yn te krijen: hy kaam om Tsjamke. - Der waard net heel folle praten; want nimmen wie fel mei syn komste yn 't skik. It gyng Wouter en Setske al botternôch dat Tsjamke him sa freonlik behandele; lykwol hja die dat mar allinne omdat it sa de wisânsje wie, dat begriepen hja ek wol. Baas fette op 't lêst it wurd op en sei: ‘Mar om wat boadskip komst do hjir heite?’
- ‘As ik dat sizze moat, baas: ik kom om jo dochter!’
- ‘No, dan biste net terjuchte,’ sei baas; ‘it fanke is my jit te jong ta sok spul.’
De feint wie dêr heel net fan út it fjild slein, want hy hie 't hast
| |
| |
al sa ferwachte, en hy wist fan in bytsje net. Mei moaipraten, tocht him, soe er wol fierst komme kinne; hy sei: ‘Ik hoopje dôch net, baas, dat jy my sa ynienen foar de holle stjitte sille.’
- ‘No, mar it liket my bêst ta datste strak mar stil wer nei hûs gieste. Tsjamke en do passe elkoar net.’
- ‘Dat koe wolris in bytsje meifalle,’ sei Jildert, altyd allike fluensk; ‘my tocht as jy dat mar ris oan harsels oerlieten, dat wie de bêste wize om 't wiis te wurden.’
- ‘No Tsjamke,’ sei baas, ‘hoe tinkst do deroer?’
‘Dat kin 'k no jit net sizze,’ sei Tsjamke, heit moat strak mar op bêd gean.’
- ‘No, dan moatst do it ek mar witte,’ sei baas.
De feint kaam him no sa aardich foar, it like wol dat alle ondogense streken derút wienen. En dêrby, hy wie de ienichste erfgenaam fan Lútsen Tetmans: dat baas begûn al wat mei him ynnomd te wurden.
Wouter en Setske tochten: no, as Tsjamke 't witte moat, dan sil 't him wol ferkeard ôfgean. De âldfaam woe him ris fiele litte, dat hja mei syn ôfkomste bekend wie, om't se wolris sizzen heard hie dat hy dêr net leafst oer prate woe.
- ‘Hoe lang hat dyn mem no al wei west, feint?’ - sa begûn se.
- ‘'k Wit net lyk,’ sei Jildert, ‘ik tink fan in jier ôf achttsjin.’
- ‘'t Sil fêst wol langer lyn wêze, en dat sil 't wol; ik wol habbe feint fan wol tweintich jier. Baas, witte jy ek hoe lang as 't lyn is dat prinsesse Marijkemuoi te Ljouwert opdragen is?’
- ‘Ja, dat wit ik krekt,’ sei baas, ‘want de simmers fan tefoaren is ús mem stoarn, en dat is no njoggentsjin jier lyn. De begraffenisse fan Marijkemuoi dat wie in bytsje foar Stienzermerke; dan sil dat no ferline maitiid achttsjin jier wurden wêze.’
- ‘No, de hjerstmis fan tefoaren, yn de ier'appeltiid, bin ik te Bitgum komd, en dat bin 'k. De maitiids doe Marijkemuoi opdragen is, waard it - stil ris! - acht jier dat ik fan Offenwier ôfgien wie. Dat komt fêst sa út, om't seis jier ha 'k dêrnei te Mantgum wenne, en oard'heal jier ha 'k sawat omswalke, sonder fêst plak. No achttsjin en acht dat wurdt...
| |
| |
- ‘Seisentweintich, sis mar!’ sei Wouter.
- ‘Ja, seisentweintich. No, feint! doe ik fan Offenwier ôfgien bin, binne jimme heit-en-har troud; dat is seisentweintich jier lyn; dan bist do fêst ek al yn 't fiif-en-tweintichst, net feint? dan skele Tsjamke en do in jier of acht.’
- ‘'k Wit it sa krekt net,’ sei de feint; ‘trochdat ik myn âlden gau ferlern hab, koe 'k dat sa lyk net wiiswurde.’
- ‘'t Is mei dyn âlden al raar gien, en dat is 't feint! Dyn heit wie eigentlik mar in min man.’
- ‘'t Is al sa,’ sei Jildert droechwei; mar hy hie wurk om syn grimmitigens te bedibberjen.
- ‘Dêrom net, feint,’ sa gyng de âldfaam fierder, ‘dêr bist do neat minder om. Dyn mem wie in tige bêst minske; dy is troch him mar ongelokkich wurden. Do heste 't jit al skoan troffen, en dat heste, feint, dat dyn omke dy oanhelle het; oars hiest ek mar in boerefeint west, en dat hieste.’
- ‘Ja, 't is sa,’ sei de feint.
Baas seach wol dat dat praat him net hage, en sei dêrom: ‘Kom, wy wolle mar ris op 'e fearren krûpe.’
Wouter en Japik hiene har sliepstee op 'e souder en Setske yn 't efterhûs: baas bleau yn 'e keamer. Wouter, ynpleats fan op bêd te gean, bleau op 'e kant fan 't fal lizzen, om ris te harkjen hoe it dy frijer ôfgean soe; hy ferwachte net oars as de feint soe wol op in blauwe kêde nei hûs moatte: mar dat foel him wat ôf. Doe 't folk út 'e wei wie, skeukte Tsjamke earst frijwat yn 'e hûs om, om 't spul wat op te rêden; njonkelytsen waarden der in pear stuollen yn 't foarhûs brocht, en dêr gyngen Tsjamke en Jildert byinoar sitten. Dat noaske Wouter mar tige min; hy tochte dat Tsjamke der better wêze doarst; want dat se 't wat mei dy feint op hie, dat koe er net leauwe; hy skreau 't der oan ta, dat se 't net bestean doarst om Jildert blau te jaan. Lykwol it wie sa 't wie: dêrom gyng er mar op bêd, mar hy hie de mage fol.
De faam wie just net felle grien by har frijer; alle amerijen moast se oerein. Hja moast wat minder jak oantsjen en 't bêst út 'e wei bergje; hja moast in skjinne bûsdoek sykje - en dan moast se
| |
| |
dit, en dan moast se dat. De frijer hie dat leaver wat oars hân, mar hy liet him neat skine. Hy prate wakker swiet; mar de faam woe him altyd lang net begripe, en bleau frijwat koel en onferskillich. Om tolf oere hinne begûn se slûch te wurden en krige pine yn 'e holle.
- ‘Do meist wolris oan dyn sponske rûke,’ sei de feint; ‘dan sil 't wol bedarje.’
- ‘Nee, rûken kin my neat helpe,’ sei Tsjamke.
‘As ik pine yn 'e holle hab, moat ik sliepe, earder giet it net oer.’
- ‘Dan sil 't wol bêst wêze,’ sei Jildert, ‘dat ik mar nei hûs gean. Dan mei 'k it mei in wike twa wolris ferfetsje, tinkt my.’
Wiles gyng er opstean en rûn nei de doar, en Tsjamke die him iepen.
- ‘Dat hoefst om my net te dwaan,’ sei se.
- ‘Net?’Wat hast dan op my tsjin?'
- ‘Neat; mar ik bin baas fan mysels, net?’
- ‘No ja, dat wit ik wol: mar ik kom mei trije wike wer, hear!’
- ‘Dat soe 'k mar litte, as ik dy wie; want ik sis it dy foarút: dan bliuwst net.’
- ‘Do silst wol wizer wêze, en jou my gjin blauwe skine.’
- ‘Ast dy fan my net ha wolste, dan moatst hjirwei bliuwe: ik ha dy no warskoud. Jûns woe 'k dy net fuort stjoere, omdatst hjir foar 't earst kaamste, en dan in feint dalik blau te jaan, dat stiet gjin faam moai. Do kinst no dan ek net sizze, dat ik dy net goed behandele hab.’
- ‘No, de behandling is om 't effen ek net moai! Of mienste dat ik it net yn 'e noas hie, dat dyn slieprigens en dyn pine yn 'e holle allegearre koal wie? - Mar ik wit heel wol wat der efter sit: dy prûkmakkerssoan hat dy de holle oerstjoer makke.’
- ‘Nee, dat binne mar opraapsels fan de lju, dy altyd wat prate wolle: dêr moatst gjin byt fan leauwe!’
- ‘No, wêrom wolst dan net ha dat ik wer kom?’
- ‘Dêr hoef ik dy gjin reden fan te jaan. Mar aste 't witte wolste: ik bin jit te jong; ik wol my jit mei gjin frijerij ynjaan.’
- ‘Aste oars gjin reden heste dan is 't mar neat; do bist âldernôch
| |
| |
dêrta, en 't is ek wol oan dyn noas te sjen, datste der sa fij net fan biste. Ik sil mei trije wike mar ris wer komme; do moatst dy der jit mar ris wat better op beriede.’
- ‘Dêr bin 'k al op beret; dat ik niis sein ha, der bliuw ik by. Wy hoeve der ek net langer op om te haspeljen; ik wurd hjir kâld by de doar, ik wol op bêd.’
- ‘Dat is safolle te sizzen: do moatst fuort gean!
- No, it giet dy goed! Mei trije wike kom ik wer, dêr kinste steat op meitsje!’ sei er, en gyng fuort.
- ‘Dan kinst do der ek steat op meitsje, dat it dy ferkeard ôfgiet,’ sei de faam, en die de doar ta.
Wouter hie syn moed net goed op Tsjamke. Sa gau as er de moandeis mei har onder fjouwer eagen komme koe, begûn er deroer te jeuzeljen.
- ‘It foel my net folle ta,’ sei er, ‘datst do justerjûn by dy feint op bleauste.’
- ‘Ei, dêr moatst dy neat oan steure!’ sei Tsjamke. ‘As ik him in opstapper jûn hie, dan hie er ommers tige lilk op my west; en mooglik ek op dy.’
- ‘Komt er dan net wer?’
- ‘Dat kin ik dy net sizze. Ik wit net wat hy dwaan sil.’
- ‘Ja, do wo'st der net rjucht foarút komme, dat fiel ik wol. Ik tink Lútsenboers jild sil dy wol yn de eagen blinke. It skeelt ek sa'n grut ein by sa'n earme lúsangel lyk as ik.’
- ‘Kom, kom! tinkste sa oer my? Dat falt my net folle ta fan dy! Wês mar net yn noed hear! It kin wol wêze dat Jildert hjir wer komt, mar dan sil er fuort, dat onthjit ik dy!’
Hja lake him by dy lêste wurden sa blier oan dat er net mear prot op har wêze koe. Hy naam har beet en patte har ris tige.
- ‘Do moatst der gjin niget oan ha,’ sei er, ‘dat ik der wat ongemaklik oer wie; want och! ik hâld safolle fan dy!’
- ‘En do hoefste net ongemaklik te wêzen,’ sei hja: ‘want ik hâld ek folle fan dy; en ik sil dy nimmer leechlizze omdatst in bytsje minder yn 'e wrâld heste as ik.
Safolle hiene se elkoar jit net earder sein.
|
|