| |
| |
| |
Fjirde haadstik
Hoe it mei de lytse Wouter gyng yn syn opwaaksen
It âld Spook fan Jiskenhuzen, hie 't no tige folhândich, mei dy twa lytse bern, dy yn 't begjin beide sawat allike folle mânsk wienen: mar sin en wille kin folle tille; hja woe har 't wurk wol treaste, want hja wie sa'n âld bernegek. Baas hie sein hja moast oppasse dat Wouter neat brek hie; hja moast him allike goed fersoargje as Tsjamke, en dat befel folge 't âldminske goed op: hja treau de bern safolle iten yn 't liif as se mar ynimme woene, hoewol se wolris kost reemakke dy al sa goed yn in slattersmage paste as yn sokke lytse bernemaachjes. Wouter koe dêr ta gelok tsjin; hy dijde as in lyts biggeltsje; hy rûn mei gauwens as in ljip en koe alles beprate en besnappe, hy rôp ‘muoike!’ om 't oarde wurd, sadat de âldfaam in hopen wille mei him hie, en baas krige 't ek hoe langer hoe mear mei him op. Mei Tsjamke gyng it sa hurd net foarút; as 't wie dat Setske har tefolle iten taproppe, of dat der oars wat oan skeelde: hja rekke alteast oan 't tsjirmjen; hja helle neat oan, hja wie al oer de oard'heal jier, doe wist se jit net dat se fuotten hie. Setske rieplege dêr al wakker mei smidske oer, en dy joech allerhande húsmiddels oan 'e hân, mar dy diene gjin fertuten. Master - sa waard in doarpsdokter destiids neamd - waard der ek al by helle; dy sei it fanke wie allerheislikst oan 't soer; hy joech wat guod en sei hja moasten foaral oppasse en jou it bern net tefolle iten. Mar Setske koe 't net oer har hert bringe om Tsjamke minder iten te jaan as se ha woe, en as 't dêr no fandinne kaam, of dat master syn guod net tsjin de kwaal bestand wie, dat kin 'k sa lyk net beslisse: mar it waard jit neat better; it gyng earder efterút
| |
| |
as foarút. Baas begûn der ek al gau sa oer te tinken, dat master der neat oan dwaan koe, want hy begûn te leauwen dat der wat oars efter skûle; om mar te sizzen sa 't wie: hy tocht der net oars oer as dat de kweaminsken it har diene; dat se betsjoend wie. Dat woe Setske yn 't earst jit net oan, hja hie Tsjamke allike folle as Wouter alle wiken in oar kessen yn de widze dien, sei se; en hja hie faak sizzen heard, fan froulju dy sels bern hân hiene, dat de tsjoensters dan neat oan de bern begjinne koene, om't dan hiene se gjin tiid om kransen yn de kessens te krijen. Mei de tiid kamen har lykwols de eagen ek iepen, en dat wol troch tadwaan fan har lytse Wouter.
Hie de âldfaam in hele bulte wille mei de lytse skeuk, hy koe har ek soms ris raar de boel bedjerre, en in hele bulte wurk teweibringe; want hy koe alles befiterje en siet rûnom yn, as hja der net wakker oppaste; hy wie sa rêd as wetter. Hie se ris in potsje of pantsje mei 't ien of 't oar edel krouske om in hoekje op 'e komfoar te soarjen ôf te protteljen, dan koe hy it har ris tige fan aaien meitsje, as hy it benei komme koe sonder dat hja 't seach; dan bruide er de hele boel ris om, of hy sloech der tige mei de leppel yn om, dat it ien hjir fleach en 't oare dêr; ôf hy mjukse der goed yn dat nimmen it ite koe: en dan fermakke dat lytse ding him ta de teannen út. ‘Dy jonge wurdt dan bedroefde ondogens, en dat wurdt er!’ sei se dan, en dan soe er soms ek al mei de toffel ha; dan koe se de toffel omtrint oan 'e souder ta onderhelje, mar hja paste wol op dat er heel sêft op syn rêchje del kaam. Want och, hja wist it ek wol, hy die 't jit yn syn onnoazelheid.
Ienkear op in neimiddei hie Setske in heal amer fol sûpe helle, dêr soe se brij fan siede. Hja sette dy oer de keamer del, en doe soe se gau, gau! nei de winkel om grôt; want de bern wienen tegearre yn 'e keamer, dêr betroude se har net lang by wei. Mar dat grôtheljen duorre langer as se tocht hie; hja rekke mei 't winkelwyfke oan 't praten, en doe tocht se der net om dat de tiid einde. Tsjamke siet yn de kakstoel en Wouter boarte oer de flier; hy sjoude mei de âld kat om, dy wend wie om geduldich alles fan him te ferdragen. Doe krige er dy amer mei sûpe op 't each, en
| |
| |
doe kaam 't him yn 't sin dat poes moast ris sûpe drinke. En doe treau er dy kat op 'e kop yn 'e sûpe; dat like poes net goed ta en dy begûn sa fel te sparreljen dat Wouter har loslitte moast; doe rekke 't beest earst mei de hele hûd yn 'e amer en doe fleach se de keamer oer en besnjitte alles mei sûpe: en Wouter lake dat er skattere. Setske hie út foarsichtichheid de keamersdoar op 'e klink lutsen, sadwaande koe poes der net út komme; hja kroep fan benaudheid onder de kas. Mar de lytse biis hie jit syn nocht net; hy seach de stoffer efter de kas stean; dy pakte er en begûn dêrmei efter de kat te jeien; it beest wist op 't lêst net mear wêr se krûpe soe, want hja waard rûnom wer wei reage. Op 't lêst naam se in raam en fleach yn de grutte turfbak, dy efter de skerm stie en dy wie heger as Wouter sels, dat doe moast er har mei rêst litte. Dêrmei kaam Setske werom; de kat hearde sa gau de keamersdoar net, of hja kaam út de turfbak springen en fleach Setske mei kûgelsfeart foarby, ta de keamer út en by de ljedder op nei de souder. Setske bleau stean krekt as se oan 'e grûn fêst siet, sa kjel waard se; want de kat wie poerswart fan turfmot, dat blonk har sa raar yn 'e eagen, dat hja hie 't sa gau net sjoen dat dat har eigen âld kat wie.
- ‘Baas, baas! kom hjir ris!’ rôp se ferheard; sa gau as se yn steat wie om lûd te jaan.
- ‘Wat is der te rêden?’ rôp baas, en kaam mei geweld út de winkel setten.
- ‘Och, och!’ sei Setske, ‘wat kaam dêr in allerakelikste rare kat ta de keamer út setten! Ik ha myn libben sa'n ôfgryslik skepsel net sjoen!’
- ‘Dêr ha wy 't al!’ sei baas. ‘Ik ha 't dy fakernôch sein, dat hjir ferkeard wurk útrjuchte waard, mar do woest it nea net leauwe. No hest it dan sels sjoen: want dat het in tsjoenster west, dat kinst wol begripe. Sjuch my dat ris oan, wat raar wurk dy hjir makke hat! Jonge, jonge! Tsjamke dy habbe se al beet, as 't mei Wouter jit ek mar net ferkeard giet.’ -
- ‘O fij! dêr soe men 't bêste fan hoopje!’ sei 't âld sloof. ‘Der is gjin rie ta, dat hjir sa'n âld divelstange by dy twa sloven fan bern allinne yn de keamer west het.’
| |
| |
‘Ja,’ sei baas, ‘dat is my ek mar ynienen te slim. Hest ek sjoen wêr dy kat bedarre is?’ -
- ‘Ik leau, dat se nei de souder flein is.’
- ‘Ja,’ sei Japik, de feint, dy der ek by komd wie, ‘ik hab se by de ljedder op kleauwen heard. Dêr moasten wy al ris hinne, baas! Elk in goede kneppel mei; as wy sa'n âld tsjoenster dea knoffelje, dêr sil ús ek net folle kwea fan oerkomme, wol ik leauwe.’ -
- ‘Ja, do praatst der goed oer,’ sei baas. ‘Wy kinne dêr wol hinne gean, mar mienste dat hja dêr stil op 'e souder sitten bliuwt? Hja kin ommers wol boppe ta 't hûs út komme.’ -
- 't Kin neat skele, ik wol der dôch ris sjen,’ sei Japik, en dy gyng by de ljedder op.
Baas gyng him efternei, mar poes hie dêr sa'n goede skûlhoeke al socht, dat se net fûn waard, en dat kaam de manlju net ûnferwachte oer; hja begriepen wol, dat sa'n tsjoenster der wol foar oppasse koe, dat se net pakt waard. De jûns doe poes wer droech en skjin wie, kaam se wer del; no dat wie har eigen âld kat, dêr hie nimmen gjin erch yn, want dy flittere deis wol fiifentweintich kear by de souder op en del.
Dy sûpe, dêr dy tsjoenster sa raar yn omslein hie, dy moasten se weisrnite, dat spriek fansels; foar gjin jild yn 'e wrâld soene se dêr brij fan iten ha: en Tsjamke wie betsjoend, dat wisten se no sa fêst as in hûs. Setske tochte 't wie hege tiid dat baas der ris yn foarseach, by in man dy der wat mear fan wiste as in sljuchtwei dokter, lyk as er dan wolris guods wienen, dy divelbanders naamd waarden. No ja, dêr wie baas wol mei iens; hy fernaam dernei wêr de knapste divelbander sawat wenne, en stelde de dei fêst wannear't er dêr op ta soe. Mar doe er de moarns de klean al oan hie en sa sa ree wie om op reis te gean, doe waard er oer de doar roppen fan ‘folk!’ en baas gyng der sels hinne. Dêr stie in wyfke mei in koer yn 'e earm, en net folle better klaaid as in skoaister.
- ‘Moarn, baas Pabe Roukes!’ sei se freonlik en flaaiend. ‘Jy kenne my net, mar ik bin hjir stjoerd om jo famke te genêzen.’
- ‘Ei?’ sei baas, ‘dat is aardich! Mar ik soe sizze, minske, dat ik jo
| |
| |
wol earder sjoen hab. Ha je hjir wol net ris op Stienzer merke west te oaljekoekbakken?’
- ‘O heden, nee., baas! Ik hab hjir nea net earder yn Stiens west; je habbe my nea net earder sjoen, en ik jo ek net.’
- ‘Fan wa binne jy hjir dan hinne stjoerd?’ sei baas.
- ‘Net fan de minsken, baas! Ik wie juster oan de Dokkumer kant, doe rûn ik yn myn ienlikheid it paad lâns, en doe waard it my ynjûn, dat hjir te Stiens in skuonmakker wenne, dy Pabe Roukes hiet, en dy hie in famke dat betsjoend wie; der moast ik hjoed hinne, want as ik langer wachte wie 't licht te let.’-
Baas waard fan dat praten suver oars yn 't liif; mar doe er hearde dat dat sa'n bysonder minske wie, doarst er har net langer foar de doar stean litte: ‘Kom wyfke, jy moatte mar yn 'e hûs komme!’ sei er.
It wyfke die dat, en begûn doe jit al mear op te lêzen. Baas en Setske hoefden har neat te sizzen; hja wie mei alles fan stikje ta bytsje bekend: dat wie har allegearre samar ynjûn. De goede lju leauden dat ek, en lieten har fan dat frjemde wiif alheel weislepe; mar de lêzer sil wol mei my begripe dat de iene of de oare har it hele spul yn 't ear knoopt hie. Hja sei it famke moast guod ha dat koe net langer duorje as trije dagen, hja hie al ien sa'n drankje by har, dat hie se al op 't foar reemakke, dêr moasten se 't bern deis trijeris in tinnen leppel fol fan ynjaan: sa'n drankje koste achttsjin stoeren. En dan joech se in pakje krûden, dat gou fjouwerentweintich stoeren; dêr moasten se alle moarnen en jûnen de widze mei útrikje. Dan soe hja alle trije dagen komme om in farsk drankje te bringen, en te sjen hoe 't mei 't bern gyng. De medisinen moast baas fansels betelje, mar foar de keunst en foar 't rinnen rekkene se neat, want hja hie de gave fergees ontfongen, en woe der dêrom ek gjin gewin mei dwaan, sei se. Dat stie baas wakker oan. Baas frege 't wyfke ek, as se faak ek sizze koe, wa no eigentlik de tsjoenster wie, dy it Tsjamke die. Doe sei de dokteresse: ‘Baas, as jy hjir yn 'e hûs jo finger wiet meitsje, dan kinne jy har hûs wol berinne, ear't de finger droech is; it is in minske dy hjir folle komste het: mear mei 'k der jo net fan iepenbiere.’
| |
| |
Baas en Setske seagen elkoar oan en tochten allebeide: ‘Jonge, jonge! soe 't smidske wêze?!’ -
Want dy wenne mar in hûs twa trije fan har ôf. Baas betelle 't wyfke itjinge hja tenearsten brochte, en joech har goed iten en drinken; doe se dat op hie, droste se njonkelytsen wer ôf nei Ljouwert, dêr se earst foar koarte wiken komd wie te wenjen, sa se sei.
Dat wyfke kaam doe fuortoan trou om 'e trije dagen om drankjes te bringen, en dan holp se baas ek elke kear fan in miel iten ôf; de man doarst it net heal neilitte om dat it minske te jaan. En dan koene se yn in wike sa'n pakje krûden op, dat troch dat ien en oar kaam dy dokterij baas al frijwat te kostjen, en dat wiif hie dêr in fikse meltse hin; mar doe 't in hoartsje duorre hie, koene se dôch ek sjen dat it famke begûn op te fleurjen, men koe op 't lêst hast sjen dat se by dagen oanwûn: dêrom begrutte 't baas ek net om 'e kosten. Doe Tsjamke alheel wer better wie, joech er 't wyfke jit in goede ferearing boppe 't gewoane jild.
Smidske rûn dêr jit altyd út en yn, lyk as se wend wie, en hja koene ek net sjen dat hja oars wie as oars, doe Tsjamke begûn te betterjen. No, doe baas en Setske in falsk each op har krige hiene, hiene se 't der mar tige min op stean, dat dat âldwiif dêr sa thús wie, want hja hie ek altyd in hopen bestel mei de bern. Mar om har samar rûnút it hûs te ferbieden, en te sizzen: ‘Do bist in tsjoenster!’ - dat wie ek al slim wurk; dat doarst gjinien fan beiden dwaan: want it koe ek jit wolris wêze dat hja mis wienen, en dat it minske sa frij wie as ien. Lykwol hja woene 't dôch ek wolris goed witte hoe 't wie; dêrom sei baas ris tsjin Setske: ‘As smidske hjir ris wer komt, dan moatste har ris stiltsjes in bytsje moal op 'e rêch struie, ús mem sei altyd, as in tsjoenster bûten har witten wat by har hie fan de lju dêr se by yn 'e hûs wie, dan koe se net wer fuort komme.’ -
- ‘No,’ sei Setske, ‘dat is sa'n gering middel dat kin men sacht ris besykje.’ -
Op in moarntiid wie Setske yn 't efterhûs oan 't waskjen, de manlju wienen, lyk as altyd, yn 'e winkel en Wouter rûn 't hûs sawat troch. Yn de keamer by 't iene finster stie in âlde lapbank,
| |
| |
dêr hie Setske har klean yn en dan wie 't mei ien har itenspine ek sawat, te sizzen foar har allinne. Hja krige by baas oars in tige goede kost, mar, lyk as ik al earder sein hab, hja woe leafst altyd ite, dat wie har swak. Dan kocht se wolris in swiete krintebôle, in healfearn bakken, in pûn prommen ôf rezinen of sawat, en dan smûsde se dat tuskentiden op. Dat spul stoppe se dan yn dy bank beside, want hoewol se 't fan har eigen jild betelle, hja woe it dôch foar baas net wêze dat se sa die. Dy moarns dêr ik no fan ferhelje soe, hie baas yn de iene hurdshoeke, net fier fan dy bank ôf, in stâlpantsje mei pik op 'e komfoar set te ranen. Dêr kaam dy lytse woelwetter fan in Wouter njonkelytsen by, en dat wie alheel wer oanslach foar him. Hy naam de prikke dêrût en begûn dêrmei op 'e bank om te griemen, sadat der fan boppen en oan 'e kanten hele grutte kwakken pik oan dy bank sieten: en doe er syn nocht fan dat wurk hie, gyng er syn wegen wer, en begûn wer mei wat oars. Fuort dêrnei kaam de âldfaam wer yn 'e keamer; hja seach ris ta 't finster út, en dêr kaam smidske wer oan traapjen. Hja as de diveker nei de spyskeamer en pakte in hantsjefol moal, en doe smidske by har yn 'e hûs kaam, wist se dat it minske ongemurken op 'e rêch te smiten. Smidske foel mar wat op dy bank by 't finster del, lyk as se wol mear die, en rekke op 'e rattel oer allerhande nijs. Wol in oere hie se dêr sitten te babbeljen en in oar by 't gat op te heljen; doe kaam har famke oer de doar roppen: ‘Mem moat gau efkes thúskomme, der is ien by uzers.’
- ‘Kom!’ sei smidske, en gyng opstean en soe hurd fuort, mar har klean sieten oan de bank fêst troch dat pik, en hja hoarte dêr sa ferheftich oan, dat de hele bank rekke foaroer. Setske har klean en lappen en leuren rûgelen derút, en dêr hele en heale krintebôlen en pûdsjes mei swietekou mei mank. Smidske wist net wat har oerkaam; en ear't de kjelte har taliet om in wurd te uterjen, rôp it Spook fan Jiskenhuzen: - ‘No wit ik datst do in tsjoenster biste!’
Doe smidske dat hearde, fleach har 't bloed ynienen op. - ‘Wel ferdomd!’ sei se, ‘wat men hjir al hearre moat! Ik leau folle earder datst do ien biste; men sit hjir al fêst ear't men 't wit.’
| |
| |
Dêrop kaam baas út de winkel setten, mei in opstrutsen seil: ‘Kom,’ sei er, ‘no is de saak kleardernôch útmakke. No moatst do âlde têst it hert ek net wer ha om binnen myn doar te kommen; do hest dyn kommen hjir al fierste folle hân.’
- ‘Soa!’ sei smidske. ‘Dan is dat no it lean foar dat ik jo altyd sa trou bystien ha yn alle omstannichheden. Doe dyn wiif fan benaudheid by dy wei rûn wie, omdat se net langer by dy duorje koe, en do skjin ferlegen wieste; doe mocht smidske hjir wol komme, doe wie smidske in bêstenien, as se mar fan alles foar dy beskreppe en beskaaie woe. En no baas! jonge, jonge, dat docht my sa sear, man! dat ik dat hjir hearre moat. Ik miende dat ik gjin better freonen hie as jimme, en no sette jimme my hjir sa'n kroane op 'e kop!’ -
- ‘Ja, ik miende ek al,’ sei baas, ‘dat ik yn gjinien mear fertrouwen stelle koe as yn smidske; mar mei dat al, do soeste myn famke yn 't grêf holpen ha, as der jit net yntiids help kommen wie.’ -
- ‘Soa, dan moat ik dêr no de skuld fan ha? No it is freeslik, dat hâld ik út! Mar ik begryp wol út waans koker dat fuort komt. Dat betinkt dat âld smoarch Spook fan Jiskenhuzen; dy slynpot, dy de krintebôlen by har yn 'e bank hat, en altyd efter 'e hân fret. As se sels mar net in tsjoenster is!’
- ‘Do hoefst it Setske net te witen,’ sei baas, ‘dy hat der neat mear skuld oan as ik.’
- ‘Nee, dat 's fansels, jimme hâlde 't meiinoar! Jimme moatte ek mar witte hoe 't jimme mei'noar libje. Hoe't baas syn wiif behandle het, en hoe 't doe mei Jetske en him gyng, dat wit er sels bêst.’
- ‘Derút, ynienen!’ sei baas, want hy waard gleon, doe se sa begûn. ‘Derút of ik skop dy derút!’
- ‘Ik sil der wol út gean, man! en ik sil wol oppasse dat ik jimme drompel net swart wâdzje.’ -
Smidske soe fuort, mar hja siet jit fêst, en baas wie sa driftich, dy pakte har by de earm en skuorde har sa fûl oan dat der in lape fan har âld rôk oan 'e bank sitten bleau. hja rekke hals oer kop ta de doar út; baas fleach har oan 'e strjitte ta nei en hja keakelen jit salang as se elkoar sjen koene. En dy tiid naam Setske te wacht
| |
| |
om har spullen gau wer wat yn 'e bank gear te fandeljen. Trochdat baas safolle mei smidske te dwaan hie, waard der oer Setske har slinerij letter ek net wer praat; hie baas sawol op in oare tiid dy boel ris ontdutsen, dan koe der wolris in raar waar opkomd ha.
Smidske wie rare grimmitich dat se dêr sa raar weireage wie en sa 'n kwea beskuldiging drage moast, en om dêr wat fergoeding foar te habben die se har bêst om allerhande skandlikheden fan baas en Setske op 'en baan te bringen. No, dat woe ek wol ridlik gau oan 'e man; mar hja hie dit der dôch ek fan, dat hja fuortoan har hele libben lang, troch hele Stiens, foar in echte tsjoenster gyng.
De drankjes fan Klaaske Teapert (sa hiet de dokteresse fan Ljouwert, hoewol se leaver Klaaske-muoi neamd wurde woe) holpen de lytseTsjamke alheel op 'e kluten. Hoewol it masterjen mei sok folk oars nimmen oan te rieden is, skynt it dôch wol dat se foar sommige kwalen ris middels ha kinne dy goed binne, al hoe fier dat fan folle lju, en foaral fan dokters, ek smiten wurdt. Baas Pabe syn famke waard mei gauwens in grouwe setter, en rûn wêr't se wêze woe. Wouter en hja dijden no moai yn 't lyk meiinoar op, en koene nuvere leaf meiinoar boartsje; hja wienen altyd wakker iens; mar selden hearde men se tsieren. Njonkelytsen stjoerde baas har tegearre nei skoalle: hja moasten ek wol wat lêzen en skriuwen leare, tocht him. It wie in aardichheid te sjen hoe moai dy twa bern tegearre hantsje by hantsje nei skoalle rinne koene. Master hie 't ek wol mei har op, want it learen woe har beide wol ridlik oanhingje en hja wienen net botte ondogens yn 'e skoalle. Wouter koe soms wolris fan dy lytse bizesetsjes útfiere; mar hy rekke dôch altyd jit al frij fan de hanplak en de bollepyst. Master wie oars sa 'n heel sêft en tajouwend man just net, mar hy seach ek al in bytsje fierder as syn noas lang wie; hy hie 't wol yn 'e rekken dat as er ien fan dy bern wat tenei kaam, dan hie er ta straffe te ferwachtsjen dat baas se beide fan de skoalle ôf naam, en dêr wie de man net op gesteld. De oare jonges, dy troch 'en tiid moai ryklik ôfrânsele waarden, as se 't ris in bytsje bedoaren, krigen sadwaande in pik op dy skuonmakkers bern, en foaral op Wouter,
| |
| |
om't dy nei har ynsjen ek wolris wat fertsjinne, hoewol er 't net krige; en dêrom seagen se him wolris in loech ôf. As baas dat dan wiis waard., dan wienen de grappen wer geande; dan fleach dy mei de onlijige holle nei de skoalle, om de bern by master te ferkleien. En dan wie er ek net mei moaie praatsjes wer fuort te krijen; master wie sa goed net of hy moast de knapen, dy 't kwea bedreaun hiene, in tige wan jaan: earder wie baas net tefreden. Meast fan allen kaam dat Jildert Nolkes oer, want dat wie de grutste baas yn ondogensheid. Hy joech Wouter allerhande mâle bynammen: dan neamde er him de prûkmakkerssoan, en dan it laam sonder moer, en dat folgen de oare jongens dan nei. Lykwol dy wienen mei gauwens safier hinne dat se Wouter neat mear missizze en misdwaan doarsten, út freze foar de hanplak en de bollepyst; want master hie 't mei Wouter op, en naam him dêrom yn beskerming. Mar Jildert Nolkes liet him dêrtroch net ôfskrikke, al waard er alle dagen tige fan master ôfrost; hy joech gjin krimp. Hy narre en hjitfolge Wouter safolle as er koe, ek al mei om baas te narjen; want hy mocht der razen oer dat baas ris mei in hele bulte geweld ta de doar út setten kaam, en op hoasfuotling de buorren oer draafde.
Mei de tiid waard it dôch better foar Wouter; want Jildert, dy teminsten in jier ôf acht âlder wie as hy, kaam fan de skoalle ôf en moast mei oan 't wurk. Mar as er dan by gelegenheid jitris yn 'e buorren kaam, dan koe er baas Hoattelstoat net ferjitte; dan moast er altyd it ien of 't oar útset wurde; as er oars neat útfine koe, dan die er baas ris efkes de groetenisse fan de prûkmakker út it Nau. Sa wie er ek ris op in neimiddei mei hynzer en ierdkarre yn 'e buorren, en doe er wer fuort soe, seach er Wouter en Tsjamke tegearre op 'e strjitte boartsjen.
- ‘Berntsjes wolle jimme in eintsje mei my ride?’ frege er har heel freonlik. No ja, dêr hiene dy bern wol sin oan. Hy sette har op 'e karre en doe jage er de buorren út, sa fûleindich as er koe. Dat seach baas, want it finster fan de skuonmakkerswinkel seach op 'e dyk út. ‘Dat giet wer tige ferkeard!’ sei er, en hy saaide de spanrieme en de klopskine oer de winkel, en hy ta de doar út en
| |
| |
op in draaf dy karre efternei. Doe gûle en balte oan Jildert, sa lûd as er koe, dat er de bern fan de karre sette soe: mar dat holp him net folle. Jildert gniisde baas yn pleats wat út, en jage jit wat fûlder; en doe er syn nocht hie, sprong er fan de karre, skuorde de heak los en liet de bak opwippe, dat de bern hals oer kop oer de dyk rôlen. Hja gûlden beide as se fermoarde waarden, want hja waarden ôfgriselike kjel; mar hja besearden har oars net bot, want der lei in bulte moude op 'e dyk: sadwaande kamen se der út te sjen as moalkers. Baas wie alheel gleon, hy sprong op en del fan mâlens, mar hy koe Jildert neat leare, want dy jage fuort. Mar baas liet it der net by sitte; doe er seach dat de bern jit goed rinne koene, naam er se elk by in hân en sette de stap nei Lútsen Tetmans ta: hy soe 't heger fersykje. Doe Jildert dat fernaam gyng dy sa gau as er thús wie, bedaard yn 'e skuorre oan syn beuzichheid en bearde dat er nearne gjin erch yn hie. De boer en boerinne sieten tegearre yn 'e puoskoken en seagen al bjustere frjemd op, doe baas skuonmakker dêr oankaam mei syn twa mishandele skriemers, dy fan holle ta fuotten moude wienen: want baas hie yn syn drift en ontsteltenisse fergetten om har wat ôf te slaan. Mei in hele bulte omhalen en sterke wurden ferhelle er de lju wat ondogense fyt Jildert wer útrjuchte hie, en mei-ien joech er in breed ferslach fan al de bizestreken dy Jildert earder wol bedreaun hie om him te pleagjen. En 't eintsjebeslút fan alles wie: ‘Ik doch nimmen gjin oerlêst oan en ik jou elk sines, en dêrom ha 'k ek leafst dat se my yn myn wezen litte.’
Lútsenboer like op 't earste sjen sawat stroef en foars, mar hy wie oars freonlik en goed; hy sei, doe baas sawat útpraat wie:
- ‘Dy jonge, dêr ha 'k neat fan as lêst. Alle trochtrape ondogense stikken binne sines; hy is in lêst foar de hele buorren. Ik mei de dei wol bekleie dat ik him oanhelle ha. 'k Moat strak mar wer ris tsjin him oan, mar hy jout ek nearne net om; ik bin alheel mei him ferlegen: it is in oerkommeling. It stie my earst net oan dat de Tsjerkwerter fâden him sa mâl ôfskipe hiene, mar hy wie net better wurdich, dat begryp ik no wol. Arbeidzje wol er ek net; hy liket yn alles oan syn heit; dat wie ek ien dy neat wurdich wie.’
| |
| |
De boerinne wie in wakker guodlik en sêftsedich minske. Hja hâlde oars altyd Jildert syn wâl op, hja wie wat namsiik; mar dizze set stie har dôch mar ris tige min oan. It griisde har sa om dy twa bern: ‘Dy sloven!’ sei se, ‘hy hie se foar al har libben ongelokkich meitsje kinnen.’
Hja himmele Wouter en Tsjamke mei de boarstel de moude fan de klean, en doe sei se: ‘Kom berntsjes, hâld jimme mar stil! jimme sille elk in stik bôle fan my ha - Kom mar mei har nei de keamer, baas!’
Hiske hie tige sin oan moai guod, - it mocht har ek wol barre, - en dan wie 't har swak, dat se wol graach ha woe dat in oar har moai guod ris seach, en dan dêr wer fan fertelde; dêrtroch wie se der gau mei ree om de lju, dy dêr sa ris kamen, onder 't ien of 't oar foarwinsel yn 'e pronkkeamer te lokjen. Baas gyng har mei de bern efternei en de lytse knapen seagen al gau safolle niget dat se 't skriemen fergeaten.
Op 't ein fan de gong, dêr se earst yn kamen, stie in skûtelbank tsjin de lykdoar oan, - dy doar kaam oars net op as dat der in lyk út it hûs dragen waard: - dy skûtelbank wie oppronke mei nij potguod en glêd izer, tin en koperguod, dat blonk as in spegel: in stik twa strykizers, in pear tinnene sûpkroezen en in sûpkanne (reau dat yn dy tiid middeis op in boeretafel hearde), tinnen pannen, koperen lampen, oaljesnippen, pankoekbakkersreau, hurdguod ensafuorthinne. Yn de keamer wie de flier omtrint alheel belein mei wite dweilen; want it hele hûs mei matten te belizzen, dat wie yn dy tiid foar de boeren jit te onbidich: wa wit as der mei in fyftich sechstich jier gjin tapiten yn de arbeiderswenten fûn wurde? - Dan stie dêr in grutte iken kas, fan onderen ta boppen beset mei snijwurk, mei in sulveren slotplaatsje, en reabonte porsleinen stelten derop. Foar de bêden hingen wite gerdinen en rabatten mei bonte franjen; de gerdinen fan 't iene bedstee wienen sawat heal opstrutsen, en sa koe men dêr in bankje stean sjen, dêr úttearde lekkens by del hingen, en dat wie omtrint oan 'e souder ta opsteapele mei kessens yn wite slopen mei fine binwurken, dêr de teken troch blonken; de lekkens en kessenslopen allegearre tige
| |
| |
moai benaaid mei ferskate soarten fan letters en blommen: dat wie 't pronkbêd. Tusken de bêdsteeën wie in bottelerij of porsleinkas mei in heale glêzen doar derfoar, en dy stie stoppende fol moai porslein en sulverguod: teebossen, brandewynskoppen, leppels, sulveren ballen, dy Lútsen yn syn jonkheid wûn hie mei keatsen, - en al sa mear. En oan de iene kant fan de hurd stie in steande teekast, dy wie jit ek fol fan sok spul: Wouter en Tsjamke koene har hast net sêd sjen oan in pear kij fan reabont porslein mei fergulde hoarnen, - en in pear hûntsjes mei kuorkes yn 'e bek. Op de richel dy boppe oan 't bedsket lâns wie, en op 'e brede list fan de wide skoarstienmantel stiene grutte blaubonte pannen te pronk, en boppe de keamersdoar hinge in panrak mei tolf pannen derop, dêr stikken út de skrift yn skildere wienen. Nêst de kas hinge in stuoltsjeklok, mei oan elke side in bontpapieren waaier mei fergulden rânen, en dêronder tsjin 'e muorre oan in grien ferve stekje fan sawat in heal mans hichte; dat moast tsjinje om de klokswichten foar ongelokken te befeiligjen. Tusken de finsters, dêr wyt borduerde kleden foar hingen, stie op in pear koperen knoppen, in spegel mei brune listen, fan boppen rûn, en in útsnijde kroane derop; en oan de beide siden dêrfan hingen yn list en glês, in Eeuwigdurende Almanach en 's Warelds Loop.
Hiske die it kastke iepen dat onder de bottelerij wie, en makke de bern elk in tige stik krintebôle klear. Underwiles sei se sa: ‘It is wat te sizzen, baas, om mei in bern oan te pielen, dat jins eigen net is: dat onderfme jy licht ek al.’
- ‘No boerinne,’ sei baas, ‘it het fansels altyd syn swierrichheden; mar ik moat jy oars mar sizze, mei Wouter ha 'k net folle te stellen; hy wol him aardich sizze litte. En ik hâld ek omtrint allike folle fan him as fan myn eigen.’
- ‘No, it is ek in tige fikse moaie jonge,’ sei Hiske, wylst se Wouter it hier wat útstriek; ‘dat tocht ik sa gau as ik him seach. Wat sjucht er blier út syn eagen, en wat het er in fikse skouwing! As 't der oan te sjen is, baas, dan soe 'k sizze, der sit gjin ondogensheid yn.’
- ‘Dat is ek sa, boerinne. It het my jit nea roud dat ik him safier
| |
| |
brocht hab; de lju habbe der al in hopen oer te praten, mar ik ha dôch ek in bulte wille mei him.’
- ‘Dat sil wol wier wêze, baas! Ik hie my foarsteld, dat Jildert Nolkes ek omtrint sa'n aardich oanfallich jonkje wêze soe; mar dat is my tige om 'e hannen gear teard. Sels ha wy twa bern hân, dy mochten wy net behâlde. Us Tetman ha wy nei 't tsjerkhôf brocht, dat foel my al hurd; mar myn lytse Jildert, dy ferlearen wy op sa'n freeslike manear, dat men der nea sa fan heart: dat wie omtrint net te dragen. Dat wy nea wer 't ien noch 't oar fan him heard habbe, dat is jit it allerfrjemdste. Ik kin 't oars net begripe of syn deade lykje moat yn ondogense hannen ferfallen wêze, want hy hie in sulveren rinkelbel om en in sulveren liedbânsgasp oan. Mar och heden! ik hie wol graach helte mear jaan wollen as se him my dan mar thúsbrocht hiene.’
De boerinne waard sa muoilik, dat se hast net mear prate koe, en baas wie ek oandien. Njonkelytsen begûn baas te praten fan wer fuort; Hiske bedarre har wer wat en sei: ‘Ik moat earst jit in tútsje fan jo berntsjes ha, baas. Ik wit net hoe 't is, baas, mar ik ha sa'n sin oan dy jonge; ik woe wol graach dat wy him mar foar Jildert yn plak ha soene.’
- ‘No,’ sei baas, ‘hy soe 't wol goed by jo ha, der hie 'k gjin noed mei.’
- ‘Ik wol by muoike en Tsjamke bliuwe,’ sei Wouter en krige baas by 't baitsje beet.
- ‘Och heden!’ sei de boerinne; ‘hy het it by jo ek goed, dat kin ik wol sjen. Soene jy him wol wer misse wolle, baas?’
- ‘No’, sei baas, ‘ik soe wol tige fan him ôf soargje; mar as jimme him ha woene, dan soe 'k it al oerstappe kinne; dan wist ik dat er in bêst plak krige, en hy koe by my komme sa faak as er woe.’
- ‘Ik sil der ris mei Lútsen oer prate,’ sei Hiske. ‘As wy Jildert by in boer bestelden foar healjiersjonge of sa, dan koene wy Wouter wol ha; wy hoefden him just net fêst, hy koe dan ek wolris wer in poas nei jo ta. 't Kin wêze, baas, dat ik snein út de tsjerke wei wol efkes by jo kom; jy sille mei 'e tiid ek wolris foar ús skuonmeitsje moatte. Wy moasten gâns jild ha fan de Menamer skuonmakker;
| |
| |
dêrom lieten wy ont no ta altyd jit by him skuonmeitsje, mar dat is no gau lyk, en dan komme wy by jo, want wy hâlde der oars fan om eigen doarpslju te begeunstigjen.’
Dat lêste wie jit in hele fiter yn 'e broek foar baas. Hy sei de boerinne tige freonlik goendei (de boer wie nei de skuorre gien) en gyng doe mei syn twa bern wer op nei hûs.
It earste dat er oan de âldfaam fertelde wie, dat de boerinne der wakker sin oan hie om Wouter by har te habben, en dat dat mooglik ek wol wurde soe, as de boer it goed fûn. - Mar doe stie der in onwaar op mei Setske! Hja begûn te skriemen en te snotterjen op in freeslike manear, en hja sei: as baas dat tastie dan koe hja net mear libje. As baas har al socht te betsjutten dat de jonge dêr in libben krige as smoarge beane, en dat er alle dagen wol by har komme koe, om't er dôch nei skoalle moast: dat holp der neat oan; hja wie net wer ta bedarjen te krijen, ear't baas har net mei hurde wurden onthiet dat er Wouter foarfêst by him hâlde soe, oars seach er wol dat er mei har ferlegen rekke: dat goede sloof! -
It kaam der ek net oan ta, want doe Hiske dat Lútsen foarstelde sei dy: ‘Nee, dêr kin neat fan komme! As wy Jildert al by in oar bestelle, ha wy him dôch mei gauwens wer thús, om't hy wol net doge; gjinien kin him brûke. En sille wy se hjir beide ha, - dan narret en pleaget er dy lytse jonge safolle as er kin; dan wurdt dat bern syn lidstok.’
De boerinne seach wol yn dat har man dêr gelyk oan hie, en dêrom stie se der ek net mear op oan.
Mar baas Pabe krige de geunst fan Lútsen Tetmans; de boerinne seach by him oan sa faak as se yn 'e buorren kaam, en dan hie se altyd it ien of 't oar yn 'e bûse foar Wouter en Tsjamke, en foaral Wouter krige mei 'e tiid troch har tadwaan in fikse fette sparpot.
|
|