| |
| |
| |
Tredde haadstik
Wêryn de lêzer foarlopich bekend wurdt mei in oare haadpersoan fan dizze skiednis
Baas Hoattelstoat berêste der mar yn dat er mei syn lytse frjemde kostgonger oanpiele moast. Setske hie útfûn dat de jonge Wouter hjitte soe, om't se him mei de pappot opbringe moast; dy namme paste him krekt, tocht har, om't in laam dat by de hân opbrocht wurdt ek Wouter hiet. Baas wie dêrmei tefreden: it bern moast dôch in namme ha. Baas moast no foar ien mear de kost winne; mar dêr hie er neat mei te dwaan: want in neep-ear wie er just net. Frijwat mear wie 't him yn 'e wei dat de Stienzer lju der algemien mar net oars oer tochten en praten as dat de jonge him fan Jetske stjoerd wie. Dat kaam oars mei fan himsels ôf, om't hy wie der tige fûl op dat nimmen it bern kaam te sjen; hy die dat om't er soarch hie dat dat jit mear stoffe ta lastering jaan soe; mar men wit wol hoe't minsken binne, dy lizze in oar syn saken meastal op 't slimst út; om't baas sa efterhâlden wie, waard er jit safolle te mear tocht dat it gjin goed spul wie. Allinne âlde smidske, in minske dy har tiid sawat tenein brocht mei oer de buorren te rinnen, en 't nijs fan de dei op te nimmen en te bepraten, mocht by baas yn 'e hûs komme. Hja wie altyd wakker grut mei Setske; hja wist in hopen nijs, en dêr mocht baas dan ek wolris oer. Hja die ek safolle as se koe har bêst om de minsken oan te praten, dat der mei baas en Jetske nea gjin onskikliks pleats hân hie, en dat baas fan de lytse jonge alle jierren in somme jild helje koe fan in kantoar te Ljouwert; mar de Stienzer lju woene 't allegearre mar op 't mâlst ha, sa 't like; dy lieten har fan smidske neat op 'e mouwe
| |
| |
spjeldzje. Mar jit tsienkear slimmer as 't gerab fan de lju, wie 't foar baas, dat de grutte jonges op 'e buorren, út dat frjemde foarfal wer oanlieding fûnen om de goede man tige te narjen. As baas sa skimerjûns fredich yn 'e hûs siet om in bytsje te skôftsjen en in pypfol te smoken, dan duorre 't troch 'n tiid net lang, ôf de foardoar waard iependien, en dan waard der roppen: ‘Baas! ik moast jo de groetnisse dwaan fan de prûkmakker út it Nau!’
- Dan waard baas alheel poer en fleach op hoasfuotling ta de doar út en de jonges efternei soms it doarp heal troch; en wat hy dan mar mear tsjettere en raasde, wat dy grutte ondogense bern mear wille hiene. Omtrint alle jûnen al weroan hiene se sa de buorren op ien ein mei baas; ja 't wie mei gauwens safier hinne dat as baas deis de holle mar efkes bûtendoar stiek of de strjitte lâns rûn, dan begûnen se al: de man koe gjin kop heel hâlde. En dat bleau ek net ienris by Stiens allinne; as baas ris yn in oar doarp dêr by om kaam, dan gyng it ek al oan; want hja koene him rûnom, - dan wie 't: ‘Dêr is baas Hoattelstoat fan Stiens; dy moatte wy de groetenisse dwaan fan de prûkmakker út it Nau, dan kinne wy in heleboel grappen ha!’ - En dêrmei hie baas in hele kliber efter him te gûlen en te balten. Hie de man it fan himsels ferkrije kind om dat mar stil by de rêch delglide te litten, dan hie nei alle gedachten de nijs der gau ôf west; mar baas koe 't út noch yn net ferdrage, dat se sa'n man as him, dy elk sines joech en nimmen oerlêst oandie, net yn syn wêzen litte koene: hy moast de jonges efter de boksen, dat koe er net litte. Hie er dan ek ris ien yn 'e hannen krige, dy soe 't mooglik net al te bêst ôf gien ha, want baas, hoewol er oars gjin kwea kearel wie, wie dan sa al gesteld, dat de driften gyngen 't ferstân te boppe: mar de jonges wienen him troch 'en tiid fierste rêd; hja pasten wol op dat se eardernôch út 'e wei spatten en in goede skûlhoeke sochten.
- Ienkear lykwol betelle der te Stiens ien it gelach; dy betroude him wat al te folle op syn skonken, en jage 't sa op 't naadsje ôf, dat baas him earder beet hie as hy 't ferwachte; want baas stie al yn 't foarhûs op 'e wacht, doe de jonge de doar iepen die: en dat wie hak! - Baas naam him by 't ribstik, en himmele dy jonge dêr
| |
| |
sa ongenadich ôf mei de spanrieme, dat it eigentlik skik noch roai hie. De jonge gûlde moard en brân, en 't bloed rûn der meikoarten nei; want baas seach neat mear oan; as oare minsken him de jonge op 't lêst net ontset hiene, dan hie er him wol ongelokkich slein.
- ‘Sie soa!’ sei baas, doe er wer yn 'e hûs kaam, ‘sa moatte se mar ris ôfringe wurde! Ik sil dêr ris niget oan ha, as dy ondogense bandrekels my ek mei frede litte kinne; as ik wer ien yn 'e hannen krij, dy krijt fan 't selde lekken in pakje, dan sille se njonkelytsen har nocht der wol fan krije, soe 'k tinke.’
Mar it Spook fan Jiskenhuzen, dy 't ek oansjoen hie, wie der net te nochlik oer yn 't liif. ‘Baas, baas!’ sei se, ‘dit is te bot oankomd; jo hân is te swier fallen, en dat is er. Dat wie jit ek, wat mear is, dy jonge dy Lútsen Tetmans-en-har nei har nomd ha, en dat binne sokke rike foarname lju, dy sille dêr net te goed mei tefreden wêze: as dit mar net ferkeard foar jo útkomt!’
- ‘It kin my neat skele,’ sei baas, ‘hy hat it wol fertsjinne; ik hoef my fan dy grutte oerkommelingen fan jonges altyd net útskelle te litten. Der leit my oan Lútsen Tetmans gjin byt gelegen; ik ha nea gjin stek skuonmeitsjen fan him, en hy moat neat fan my ha. Dan kin er de jonge better opfieding jaan; lit dy grouwe boer hjir mar komme, dan sil ik him wol stoffe leverje; ik hoef foar him de bek net te hâlden, al wie er jit helte riker: ik hab jit ek al in eigen hûs.’
- ‘Ja mar, baas!’ sei Setske, ‘hy kin wolris nei de grytman gean en skroef it spul oan; en jy witte wol, dy foarname lju hâlde 't altyd meiinoar. As jy dan al sizze dat de jonge 't der nei makke het, dat sil jo licht net folle helpe; dan kinne jy wolris sitte moatte en in rêst boete betelje, ja wa wit as jy net foar fjouwer wike 't lân romje moatte! En hoe sil 't dan mei jo wurk komme? dan geane jo klanten allegearre nei in oar.’ -
Koartom, Setske lies dêr safolle slimmichheden fan op, dat doe baas syn hjitte hei wat besakke wie, doe begûn er sels ek al wjirmen te krijen. - ‘Ik koe dy hele jonge net,’ sei er; ‘wie dat dy jonge dy Lútsen Tetmans nei him nomd hat, seiste?’
| |
| |
- ‘Ja,’ sei de âldfaam, ‘dy lju habbe ommers ferline Stienzer merke har eigen jonkje sa ongelokkich ferlern.’
- ‘Ja, praat my mar net fan ferline Stienzer merke; dy hat my wat beskreaun! dêr mei 'k net om tinke.’
- ‘No ja, doe habbe se dizze jonge nei har nomd, dat is in susterssoan fan de boerinne, en dat is 't; hy hjit Jildert, en sa hjitte har jonkje ek; dat is de boerinne har heite namme. Dat hat smidske hjir ommers okkerdeis allegearre al ôfkrante en dat hat se; witte jy dat net mear?’
- ‘Ja, 'k wit wol dat smidske dêr op om tsjoustere het; mar ik wit fan dy lju safolle net, dan slacht men der ek gjin acht op.’
- ‘Ja, ik ken dy hele famylje fan hjouwer ta grôt. De âldman hjit Jildert Wopkes; dy wie boer te Offenwier; hy hie twa dochters: Hiske dy oan Lútsen Tetmans troud is, - en Maaike, dy is al dea, en dêr is dizze jonge, dy jy dêr niis sa beet hiene, in soan fan. Ik hab yn myn jonkheid twa jier te Offenwier by de boer wenne, doe wienen hja jit fammen by har heit yn 'e hûs. It wienen tige bêste oppassende byderhante froulju, en dat wienen 't, en ek aardich fan wêzen; sa freonlik en foldédich dat wie nuverich! De feinten woene der ek razen op ta, want Jildert-om wie ek in stive boer, en dat wie 't. Destiids wenne der in bakker te Snits dat wie in goede kunde fan Jildert, dy krige dêr syn brea wei; en dy bakker wie troud oan in suster fan Tetman Lútsens fan Menaam: dy is stoarn, en dat is er, yn 't earst doe ik te Bitgum wenne. Snitsermerks wie Lútsen Tetmans altyd by syn omke, de bakker, útfanhûs; dêr kamen Jilderts fammen dan ek, en sa binne Lútsen en Hiske earst byinoar komd, en dat binne se, en sa is hja hjir nei de bouhoeke ferslingere, en dat is se. Maaike kaam te trouwen mei in feint fan Ysbrechtum, Nolke hiet er; dat wie ek in boeresoan en dat wie 't, mar dêr siet neat efter, syn âlden wienen boer en ek net mear. Lykwol dêr wie hy neat minder om; mar hy wie in tige lossen bruier, hy woe net oppasse; dêr wie er al minder om, - dat onderfûn Maaike mei de tiid al. Hja wist it dan oars ek wol wat bier hy yn 't fet hie; hja koe him wol; mar hja sil tocht ha dat er him mei 't trouwen wol deljaan soe: alteast hja like net fan him ôfsjen te
| |
| |
kinnen. En it is dan op lêst sisa mar gelegen: elk moat sines ha, dêr giet it by út, en dat giet it. Jildert sette har yn in buorkerij te Tsjerkwert; mar Nolke die 't mei gauwens sa mâl as 't mar koe; sûpe, spylje, ride en jeie, hurddrave, handelje en kwânselje, fan alles hie er by 't ein, en de buorkerij sloech er gjin acht. Dat koe gjin touwen hâlde, de boel gyng sa hurd efterút as in hynzer-en-wein rydt; Maaike, goesloôf! lei faak fan swierrichheid op bêd. Doe Jildert-om stoar waard it begrutte dat er fyftichtûzen gûne neiliet, en Maaike kaam fansels foar de helt; mar Nolke wist dêr mâle skoan trochslach yn te meitsjen en dat wist er; yn seis jier tiid wie de hele boel wei, as 't weifage wie, en jit in rêst skuld derby. Hy kaam jit ongelokkich oan syn ein, hy rekke mei 't dronkene folle lichem yn 'e sleat, doe er op in wykmerkedei fan Boalsert kaam, en doe waard er Maaike dea thúsbrocht en dat waard er. Hja koe net mear yn 'e buorkerij bliuwe, hja krige de maaies boelguod, en gyng mei har bern - it ienichste dat se fan fjouwer oerhâlden hie - te Tsjerkwert yn in keamer te wenjen. Doe moast it minske jit om har brea by 'n oar gean te arbeidzjen; mar dat hat net lang duorre, want hja is 't selde jiers jitte stoarn. Har jonkje ferfoel doe oan 'e earme steat, en dy waard fan de Tsjerkwerter fâden by oare lju yn de kost besteld, en dat waard er.’
- ‘Just,’ sei baas, ‘dan is dat no dy ondogense jonge, dy ik niis ôfhimmele hab, begryp ik. No dy het in aardsje fan syn faartsje, dat ha 'k al yn 'e rekken en 'k hab der ek al mear fan heard, dat it ien is dy nearne foar stiet.’
- ‘Och,’ sei Setske, ‘sokke grutte jonges binne allegearre al ondogens en dat binn’ se, de iene wat minder en de oare wat mear. De boerinne moat it tige mei him op ha, nei't smidske seit. Hja hie heard dat hy dêr te Tsjerkwert by dy frjemde lju just net heel bêst behandele waard, en doe hja har lytse Jildert miste, wie 't har sa raar, en dat wie 't, dat it wie har hast te benaud yn har eigen hûs: dat doe kaam 't har op 't lêst yn 't sin om dat jonkje fan har suster mar by har te nimmen, dan hie se dôch wer in Jildert: en de boer bewillige dêryn om har it sin te dwaan. Doe habbe se tiding nei de Tsjerkwerter fâden stjoerd, dat as dy makken dat de jonge te
| |
| |
Stiens kaam, dan wienen se fan him ôf. Dy fâden hiene dêr fansels neat op tsjin; mar hja hiene him nei de boer syn sin oars al wat raar reizgje litten, want hja habbe him mar op in sneon te Boalsert yn 't lûkskip brocht, en doe habbe se mar tsjin him sein, hy moast dan te Ljouwert mar ris sjen as syn omke dêr net wie, en oars soene der wol oare Stienzer lju wêze dêr er mei reizgje koe. No ik sis dat wie sonde en skande, en dat wie 't! Hja kamen no sa maklik fan him ôf, dat my tochte hja mochten him no jit wol feilich te Stiens levere ha: mar hja hiene mar sein it wie midden yn 'e ongetiid en allegearre drokte; hja koene sels net bêst by 't wurk wei en ek gjin hynzer misse: 't wie dit en 't wie dat. No de jonge is behâlden oer komd, want hy kin him nei syn jierren al moai goed rêde, leau 'k; mar hy hie ek wol ferdwale kinnen, en dat hie er, of in ongelok krije kinnen: hy is dôch jit mar tsien jier âld. De boerinne is al wat opfleure, seit smidske, sont se dizze jonge hân ha, mar hja is doch jit net lyk as tefoaren; want it is fansels, frjemd wurdt gjin eigen al hâlde se jit sa folle fan him.
It Spook fan Jiskenhuzen begûn jit al ris op nij út te weidzjen oer âlde famyljes dêr se mei bekend wie, mar dat sloech baas net folle acht. Hy woe 't net rjucht wêze, mar it wie sa dat er der gâns in bytsje oer yn noed wie, hoe him dat bruien fan dy jonge ris opbrekke soe. Hy wist dat Lútsen Tetmans in man wie dy him sa mar net trolje liet lyk as in wollen lape; in fiks oprjucht en rûnút man oars, mar wat stiifhollich as se him op in ferkearde side oankamen: dêr stie er te Stiens foar bekend. Baas skrilde al sa faak as er ien oan de foardoar kaam, want hy tochte Lútsen of ien fan syn folk koe dêr jit wolris komme om better nei de saak te fernimmen, en dat it spul oanbrocht wurde soe, dêr twivele er hast al net ienris mear oan. - Lykwols dy jûns kaam der neat fan en de oare deis kaam smidske njonkelytsen mei in blide tiding foar baas. Smidske hie fan Sijke bolrinster ferstien dat de boer de saak hiel oars opnomd hie as baas ferwachte; doe de jonge thúskomd wie mei syn beblette holle, en syn need klage hie, dat baas skuonmakker him sa ôfhimmele hie; doe hie de boerinne him earst al beklage, mar de boer hie sein: ‘Do silst it der wol nei makke ha, tink ik: ik hear
| |
| |
it soms wol mear datst dêr yn 'e buorren allerhande ondogense streken útsetste, en de minsken lêst oan dochste: it is goed datst mar ris in wantsje krige heste, dan kinst op sa 'n manear ris wat ôfleare.’
- Sijke-bolrinster hie ek sein, dat Lútsens faam hie har ferknipt, mar dy woe der dan oars gjin praat fan ha: dat it muoide de boer hast al, dat er dy jonge oanhelle hie; it wie sa'n mâle dohûdige jonge, der wie neat gjin eare oan te begean.
Dy tidingen hagen baas bysonder; doe er hearde dat it sa stie, begûn er wer út in heech gat te blazen. - ‘Dy boer dat is in man dy ferstân brûkt, dat hear ik wol,’ sei baas. ‘Lit dy ondogense stjonkert fan in jonge hjir mar ris wer mantsjes meitsje, dan sil ik him jit better strike.’
De lêzer is no troch dit ien en oar al sawat bekend wurden mei de oannomde soan fan Lútsen en Hiske: as er fuort lêst sil er jit better mei him bekend wurde.
|
|