| |
| |
| |
Twadde haadstik
De groetenisse fan de prûkmakker út it Nau
It wie op in lette jûn yn de neisimmer fan dat selde jier doe al dy nuvere omstannichheden op Stienzermerke bard wienen, dat baas Hoattelstoat yn de hurdshoeke siet syn pypke te smoken. It Spook fan Jiskenhuzen hie de spinwiele oan de kant set, om't se net mear sjen koe; hja widze lytse Tsjamke yn de sliep en song der in âld sankje by; de feint wie út te jûnpraten. Dêr waard de foardoar iependien en dêr waard roppen: ‘Is hjir folk?!’ Setske gyng derhinne: der stie in grutjonge yn de doar, sa goed as se 't yn de skimerjûn sjen koe, net heel sjuch yn de klean. Hy hie in grutte spuonnen doaze onder de earm, en sa gau as er de âldfaam seach, sette er dy op 'e grûn, en sei: ‘De groetenisse fan de prûkmakker út it Nau, en dit guod moast hjir wêze.’ Dat hearde baas. Mei geweld kaam er út de keamer setten en sei: ‘Ik kin gjin prûkmakker yn 't Nau; dat guod moat hjir net wêze!’ - Mar de boadskiprinder, sonder mear te praten, striek der op ôf. Baas de doar út en him efternei: ‘Hark ris, feint! do biste ferbjustere! Ik wit fan gjin prûkmakker yn 't Nau!’ - Baas krige gjin antwurd; de jonge loek yn pleats wat hurder oan.
- ‘Domme okse! hearst my net? Ik moat dat guod net ha! Ik wol 't ek net ha!’ Dat rôp baas sa lûd dat alle lju de earen opstieken. De jonge lykwol feroare him net, mar makke handich dat er Stiens wer út kaam; hy striek dat út nei Ljouwert. Baas gyng protteljende wer nei syn hûs; in fleet grutte bern, dy troch syn geraas op 'en baan komd wienen, hokken onbeskamme om syn doar hinne en krongen elkoar hast yn 'e hûs op. De âld-faam hie onderwiles de
| |
| |
lampe op stutsen, en no moast dy doaze dan dôch mar ris ontwaaid wurde. Der siet in stik papier op plakt, dêr stie op: ‘Oan Pabe Roukes, Skuonmakker te Stiens.’ En der wienen ferskate gatten yn 't lid boarre. ‘Dy jonge hat dôch net ferbjustere west,’ sei baas, ‘mar hoe dy prûkmakker der by komt, om my sa'n doaze mei guod te stjoeren, dêr kin it net by; prûken draach ik net, en ik hab neat oan him besteld; ik ken dy man net, al foel ik oer him.’ - Rimpen en hoartich, lyk as altyd skuorde er, sonder acht op dy bern te jaan, it lid fan de doaze. Mar begryp ris oan! - Wat miene jimme dat se dêr seagen?! - Oars neat as in lyts bern! - In útrop fan ferwûndering lieten syn omstanners hearre. En doe kaam it baas yn 't sin dat er te onfoarsichtich west hie. ‘Fuort, smoarge bern!’ rôp er, ‘jimme moatte altyd rûnom op 'e noas by!’ De bern wienen sa wiis, dat as baas begûn dan wie 't tiid fan ophimmeljen, en hja beretten har dêrom ek net lang; ien fan de grutsten rôp yn 't rinnen wei: ‘Is dat in presintsje fan Jetske, baas?’ - Dat sil dy rouwe, feint!’ sei baas, en soe de jonge efternei; mar 't Spook fan Jiskenhuzen hâlde him tebek en die de doar ta.
- ‘Kom, kom!’ sei se, ‘lit dy bern mar rinne; sis my mar ris, hoe moatte wy hjirmei?’ Wiles wiisde se op it bern, dat swiet yn de doaze lei te sliepen.
- ‘Ja, sis do my dat!’ sei baas. ‘Ik wit it net!
- Mar dit wit ik wol, dat ik dy boel net hâlde kin. Ik wol in oar syn bern de kost net jaan. Ik hab oan ien sa'n lyts ding genôch. En dan dêr jit troch op allemans tonge reitsje. Ik wit jit wol hoe't elk de toet der fol fan hie, dat ik grut mei Jetske wie; de smoarge jonges begûnen niis al wer.
- ‘No,’ sei Setske, ‘wy kinne sa'n herterke slim op 'e dyk del sette; te nacht sil er hjir altyd bliuwe moatte, en dat sil er. Wy moatte de boel mar ris ondersykje, en dat moatte wy. Mooglik kinne jy der wol goed kostjild fan krije; wa wit as der net in brief onder yn de doaze leit. Ik hab der wolris fan heard, en dat ha 'k, dat der soks wolris pleats hat, as der grutten mei oan roegje.’ - Mei-ien naam se de doaze en brocht him yn de keamer.
- ‘Wrychtich!’ sei baas, ‘dêr seiste wat! Toe, krij it bern der ris út.’
| |
| |
Hja naam it bern op; it wie in fikse grouwe jonge fan in grut jier of derby om; syn klean wienen mar tige oan de gemiene kant. Hja moast gâns in bytsje mei him omskodzje om him wekker te krijen, wêrút hja oardeelde dat er sliepguod yn hie. Baas socht onderwiles de doaze troch, dôch dêr fûn er wol wat âlde fodden en flarden yn, mar gjin brief.
- ‘No,’ sei er, ‘ik bliuw by myn earste beslút, ik wol dy jonge net hâlde. Wa wit, út wat smoarge boel er weikomd is.’
- ‘Ik tink jy sille 'm wol hâlde moatte, en dat sill' jy,’ sei Setske. ‘Wêr sille je der mei hinne? Nimmen sil him fan jo oernimme wolle, tink ik.’
‘Witste wat! Ik sil moarnier nei stêd; moarnier sa gau as de dei oan de loft is, en ik sil de prûkmakker yn 't Nau opsykje, en ik sil him freegje, hoe't er 't yn 'e harsens krige hat, om my sa'n bern te stjoeren. En dan sil ik him sizze, dat as er dy jonge net gau weromhellet, dan sil ik it bringe dêr 't heart. Is dat hjir ek dwaan mei skik! Immen dy elk sines jout en nimmen gjin oerlêst oandôcht, sa'n beswiering op 'e hûd te stjoeren, en dêrby foar alleman te skande te meitsjen?!’
- ‘Ei baas,’ sei Setske, wylst se it bern op har knibbels roeike, en him yn de eagen seach krekt as 't har eigen wie, ‘jy soene him mar stiltsjes hâlde, en dat soen' je. It is sa'n leaf jonkje, en 't mei jo ommers wol barre!’
- ‘Net om 'e kost,’ sei baas; ‘dat soe 'k wol oerkomme. Mar de lilke namme! - Pas mar op, moarn fljucht it as diggelfjoer troch Stiens, dat it in bern fan Jetske is. - Dan doar ik ommers de kop net bûten doar stekke. - En my tochte do soest der ek sa hjit net op wêze, do hest de hannen mei myn famke al foldernôch, soe 'k sizze; do bist de fluchste just ek net.’
- ‘Ik sil 't wurk wol dwaan, en dat sil ik, hab dêr mar gjin noed mei,’ sei Setske wer. En hja trolle en susse mei de jonge om, as wienen se al lang ta 'n oar wend. - ‘Och baas, wat is 't in feardige moaie jonge, sjuch ris hoe't er my oan laket! It moat al in hurde moer west ha, dy sa'n bern fan har stjitte koe. Mar ek net te witten, as 't mei de moer har wille gien is, as se jit al libbet. - Hark ris
| |
| |
baas,’ sa gyng se fierder, ‘wy moatte mar tsjin de lju sizze, en dat moatte wy, dat wy in brief onder yn de doaze fûn habbe, dêr jy alle jierren in somme jild op helje kinne, en as de lju dan freegje, wêrwei: sis dan mar, dat meie wy net sizze.’
- ‘Nee, nee!’ sei baas, ‘sa sille wy net. Ik sil dy prûkmakker sa goed wol meitsje, dat hy de jonge wer krijt. Ik moat moarn earst mar ris hearre wat er seit.’
- ‘No, mar foar dit pas moatte wy der teminsten mei riede, en dat moatte wy,’ sei 't âld Spook fan Jiskenhuzen. ‘Ik sil him mar gau wat iten koaitsje, en dat sil ik, hy sil wol wat meie. En dan sil ik ris sjen as er ek sliepe wol, en dat sil ik.’
Japik, de feint kaam onderwilen ek thús, dy hie de grap ek al heard.
- ‘Welno,’ sei baas, ‘ha de lju al in hopen nijs, mei my?’
- ‘Dat wit ik just net,’ sei Japik; ‘mar 't is fansels, der wurdt al oer praat. It is in ding dat alle dagen net bart.’
- ‘Wat sizze se, hat Jetske my dat bern stjoerd?’
- ‘Dat ha 'k just net heard,’ seit de feint. Mar dat leach er, want dat waard al by nimmen mear yn bestân steld. Der wienen no al in hele bulte dy 't wol wisten, sa't se seien, dat baas him wol mei dy faam bemuoid hie. De iene hie der dit fan sjoen en de oare dat.
Setske sei: ‘Dy it bern komme te sjen, sille dat net sizze. Dizze jonge is wol in jier âld, dat is klear oan alle dingen te sjen, en Jetske hat jit lang gjin healjier by jo wei west.’
- ‘Ja mar Setske,’ sei baas, ‘de lju binne sa dom; hja brûke gjin ferstân; hja babbelje der mar hinne. Ik hab dy dit teminsten mar te sizzen: do moatste 't hert net yn de hûd ha, en lit hjir moarn guods yn 'e hûs komme om it bern te besjen; want dan wit ik ek wol hoe 't komt; dan kinne se 't allegearre wol sjen dat de jonge op my liket.’
Under dit petear hie Setske har nije kostgonger om ende by in stippantsje fol profiten brij opfuorre; hy wie sa grou, dat hy stinde der oer. Setske wie dan danich mei him yn 't skik; hja sei: ‘Hy moat ek in namme habbe, en dat moat er. - Hoe sil er hjitte, tinkt jo, baas?’
| |
| |
- ‘Ei, wat skeelt dy?’ sei baas. ‘Do bist alheel al splinternij. Wy binne jit lang net oan 't nammejaan ta. Moarn giet er wer fuort, hoopje 'k.’
- ‘Ei, jy kinne der ommers goed kostjild fan barre,’ sei Setske wer, om de feint, op har wize wat op 'e mouwe te spjeldzjen; mar dy koe wol oan baas sjen dat it koal wie.
- ‘As er no safier komt,’ sei se fierder, ‘dat er begjint te praten, moat er dan ek tsjin jo sizze fan heit baas?’
- ‘Do hest dan in heislik sleau geëamel!’ sei baas. ‘Hoe soe sa'n frjemd bern tsjin my sizze fan heit? It is myn soan ommers net. As 't al sa mâl ris kaam, dat ik der mei oanpiele moast; dan woe 'k him jit nea net as myn eigen oannimme; hja meie dan sizze wat se wolle. It is myn jonge net, en 't wurdt mines ek net. Hy kin tsjin my sizze fan Pabe, en oars fan baas, lyk as in oar ek docht. Mar as 't in bytsje liket sil 't dêr net oan ta komme. Der is jit wol rjucht yn de wrâld.’
- ‘No,’ sei Setske, ‘hy sil tsjin my sizze fan mem, dat sil ik him leare, en dat sil ik.’
- ‘Wat skeelt dy,’ sei baas, ‘bist net wiis? Elk wit ommers wol dat it dyn bern net is; allike min as mines.’
- ‘No, dan sil er my muoike neame, dat mei dôch gjin kwea.’
Alsa pratende brocht se de jonge yn de ruften, en lei him nêst de lytse Tsjamke yn de widze. ‘No hat ûs Tsjamke in lyts frijerke, hear! Och, wat lizze se dêr moai tegearre!’ Sa eamele Setske mar, en hja koe har hast net sêd sjen.
Dy lytse bazen sliepten mei gauwens as roazen, en doe gyngen baas en har ek te koai. Mar midden yn 't holst fan de nacht begûn dy jonge op 'e keel te spyljen, en makke Tsjamke ek wekker. Doe balten se tsjininoar om kriich, krekt as 't hele hûs yn touwen hinge en nimmen koe sliepe. ‘Dêr ha wy 't earmelijen al oan 'e gong!’ sei baas, en hy wie sa lilk as in spin. Mar Setske wie gau fan 't bêd en susse wat se susje koe. ‘Hja sille mei de tiid wol wat ta 'n oar wenne,’ sei se, ‘'t is no tenearsten op 't slimst.’ - Hja koe mei dat al dy nachts in kear of fjouwer fan 't bêd gean en har by de widze ferklomje litte. Lykwol, dat woe se har wol graach treaste, as baas
| |
| |
dan mar tefreden wêze woe; want hja wie sa'n âld bernegek. Mar baas die de hele nacht neat as grommeljen, dat er net sliepe koe, om dy bern.
De oare moarns om acht oere hinne stapte baas Hoattelstoat ta Stiens út, mei 'n wâld-eken stôk mei 'n knoarre derop, yn 'e hân; dy hie er in ein fan boppen ôf beet. Hy soe nei Ljouwert om de prûkmakker yn 't Nau op te sykjen. Al hoe faak hy fan syn libben al yn de stêd west hie, dat der in prûkmakker yn 't Nau wenne, dêr wie nea syn oandacht net op fallen; mar dat der ien wenne dat wie no fansels. Baas tochte by himsels, dy prûkmakker ôf dy boadskiprinner, ien fan beiden soe wol ferbjustere west ha; dy doaze soe wol by in man wêze moatte, dy mei 't spul bekend wie; omdat dy jonge him sonder freegjen of dit of dat mar yn 't foarhûs delset hie. Oer dat ien en oar woe er no ris yn bedaardheid mei dy man prate, en dan soe, tocht him, de boel fansels wol wer terjuchte komme, en hy wer fan dy jonge ôf reitsje. Hy kaam dan yn de stêd en gyng rjucht troch nei 't Nau: Freegje wêr't dy man dêr wennet, dat hoeft net, tocht baas, it Nau is sa grut net, ik sil him wol gau fine. No, hy rûn it Nau lâns, earst de brede kant en doe de smelle kant, en paste wakker op as er ek in hûs seach, dêr prûkebollen foar de glêzen stiene; lykwol dat slagge net. Hy stie by alle úthingbuorden te stammerjen en dreunde alle rymkes oerlûd op, dat de stedsjonges krigen him ek al gau yn 't fizier; mar hy fûn net ien dêr er út begripe koe, dat er by in prûkmakkershûs wie. Einlings seach er in jongfeint yn in stoepe stean, dêr gyng er hinne en sei: ‘Wêr wennet de prûkmakker hjir yn 't Nau, jongkearel?’
- ‘Dy wennet hjir!’ sei dy feint. ‘Moasten jy skeard wurde?’
- ‘No ja,’ sei baas, en wreau him mei de hân om 't kin, ‘Ik kin my ek wol skeare litte.’ Want hy tochte, dan bin 'k fansels yn de hûs; oars mochten se my foar de doar keare. - ‘Is de baas thús? Dy woe 'k ek wol efkes sprekke.’
- ‘Nee,’ sei de jongfeint, ‘de baas is efkes de stêd lâns; mar hy komt gau wer thús. Mar kom jy mar yn; ik sil jo wol gau skeare.’
No baas gyng de feint efternei. Doe er yn 't foarhûs kaam,
| |
| |
sei er: ‘'t Liket my ta dat jimme ek in winkel habbe; hjir stiet in toanbank, en dêr ha jimme in hele bulte moai guod stean. Dat heart oars net by 't prûkmakkersspul, miende 'k.’
- ‘Nee’ sei de feint, ‘dêr ha jy gelyk oan. Wy habbe in winkel fan prûkefet en nullesmoar en allerhande snypsnaren.’
Hy brocht baas yn in lyts keammerke nêst de winkel en sette him flak oer 't finster in stoel. Doe helle er skeardersridskip en hjit wetter en hy sjippe baas yn. Doe er dat dien hie sei er: ‘No ha 'k ommers it skearmes jit fergetten! Sa sleau net!’ En hy rûn op in draaf nei efteren.
Baas siet mei de holle efteroer en de hannen op 't liif geduldich te wachtsjen, mar de jongfeint kaam net wakker gau wer. Der kamen guods foar de toanbank; doe hearde baas in frouminske fan efteren ôfkommen, dy de minsken betsjinne. De iene kocht foar in stoer rabarber, de oare in flesse fol tsiiskleursel en de trêde frege as 't drankje al klear wie. Baas tochte, dy prûkmakker hat in nuvere keapmanskip. - It begûn him danich te ferfelen om de souder fan 't keammerke langer te besjen. Doe de drokte foar de toanbank oer wie, hearde er dat dat wyfke wer nei efteren gyng. Doe begûn er te roppen: ‘Tinke jimme der wol om, dat ik hjir jit sit?’
- ‘Myn geunst!’ sei dat wyfke, ‘is daar iemand yn 't kamerke?’
Hja kaam werom en gyng nei 't keammerke. Mar hja skrikte wol twa trêd tebek, en sloech de hannen yninoar, doe se baas seach mei syn wyt kin en de skeardoek om.
- ‘Lieve deugd, man! hoe komme jo hjir?’
- ‘Moatte jy dat freegje?’ sei baas. ‘Ik soe skeard wurde en dy feint lit my mar sitte.’
- ‘Och, wat is 't naar!’ kjirme 't wyfke. ‘Dan heat ons Martinis weer in fyt útrecht. Die ondeugende jonge! Ik bin so raêr wurden, dat ik fiel omtrint fan my selst.’
- ‘Wat sizze jy?’ sei baas, en sprong oerein, ‘hat dy feint my foar 't soaltsje? Dêr bin 'k hjir net om komd. Jimme hoeve my de gek net oan te stekken; ik jou elk sines en ik doch nimmen oerlêst oan.’
- ‘Och no, myn goede man, wie praait daêr fan? - Maar wat musten je hjir dan, as ik fraige mach?’
| |
| |
- ‘Ik moat de baas sprekke, en ek om in tige raar boadskip. Hy sil 't foar jo net wêze wolle, tink ik, mar dat kin my ek neat skele, ik sil 't jo wol sizze. Hy hat my justerjûn in lyts bern bringe litten; en dêr bin 'k lang net mei tefreden.’
- ‘In klein kyn bringe laiten?’ sei 't minske, en begûn allerfreeslikste raar mei de eagen om te draaien, wylst se har oan 't kezyn beethâlde moast om net rûngear op 'e grûn te sigen. ‘Myn man! heat die - in kyn - bringe laiten?’
Krekt kaam de man fan 't hûs de foardoar binnen stappen. Doe er syn wiif seach waard er kjel, en doe er baas seach mei de Spaanske sjippe om 'e snût, spande 't dat er 't laitsjen litte koe. Hy frege wat der geande wie.
- ‘Ik hab in wurdsje mei jo te praten,’ sei baas Hoattelstoat. ‘Sis my ris hoe't jy der by komd binne om my dat lyts bern yn 'e hús te stjoeren?’
- ‘Jou in kyn in 'e hûs te sturen?!’ sei de man, en 't wie as er foar de holle slein waard.
- ‘Ja, hâld jo mar sa dom net!’ sei baas. ‘Jo wiif wit it al. Ik soe 't har oars net sein ha; mar ik waard hastich en doe flapte ik it derút.’
De man waard lilk. ‘Wat bebabbelst do, duvelse gekke kearel? Do bist besopen, loof ik!’
Doe waard baas ek wer hjit en begûn lûder te roppen. ‘Ja do wot it foar dyn wiif net wêze, dat begryp ik wol. En do hiest it, tink ik, ek sa net miend, dat ik wiiswurde soe, wêr 't bern wei kaam. Mar dy jonge, dy 't brocht, dy hat him fersnapt; hy sei: “De groetenisse fan de prûkmakker út it Nau!”
- No kinst hearre dat ik it wit.’
- ‘Wel, do ferfloekte domme ezel! Bin ik dan in prûkmakker?!’
- ‘Ja, wat oars?’
- ‘Wat anders?! - Kanst do, skapekop, dan niet sien datst hjir in een apteek biste?’
- ‘Yn een apteek!’ sei baas, en seach om him hinne. ‘No ik moat mar sizze, 'k ha nea net earder yn in apteek west; ik bin altyd sûn. Mar dy jongfeint sei ommers, de prûkmakker wenne hjir.’
| |
| |
- ‘Ei ja,’ sei 't wyfke tsjin har man, ‘ons Martinis het weer kluchten had. Die het de man hier in haâld.’
Doe begûn de apteker wer tige te laitsjen. De grappen fan syn soan gyngen him altyd tige ter herte. Baas wist net mear wat er sizze soe. ‘Myn goeie man!’ sei de apteker tsjin him, ‘wat hé jou je by de neus krije laten. Der woont in 't hele Nau geen prûkmaker. Dat klein kyn, daar sit je met an 'e koek hoor!’ En hy begûn wer te laitsjen dat er skodde.
Baas seach raar op 'e noas; want hy begriep dat it der wol op útdraaie soe, dat er mei dy jonge oanpiele moast. Hy waard poer. Earst begûn er te skelden op sokke lju dy bern yn 't wyld krigen, en se dan in oar op 'e hûd stjoerden om se grut te bringen, - en doe op de aptekerssoan, dy him sa foar de kroade riden hie (dy stie de hieltiid om in hoekje en wie slop fan gnizen) - en op 't lêst op alle stedlju, en dêr helle er wit hoe faak by oan, dat hy elk sines joech en nimmen oerlêst oandie. De apteker hie dêr gau syn nocht fan; hy treau baas sawat swietwei nei de doar ta en yn 'e stoepe; doe sei er: ‘Nou, feul geluk met je fermeerdering fan húsgesin, frind!’ - en die de doar ta. Baas mocht heech springe of leech, hy koe wer ôfdrosse. De stedjonges hiene 't gerop by de apteker al ôfharke, en no hie baas ynienen in hele smite efter him.
- ‘Pyt, Pyt!’ rôp der ien, ‘kyk es hier! daar is een boer, die het op 'e neus in 't súpfat leid.’
In oaren rôp: ‘Boer, boer, hoor es!’
- ‘No, wat is 't?’ sei baas, en kearde him ferheftich om.
- ‘Ik must je de groetenisse doen fan de prúkmakker út it Nau’
- ‘Wennet der dan al in prûkmakker yn 't Nau?’ sei baas.
- ‘Ja wis en seker!’ sei dy jonge.
En baas wie hast al wer yn 't gelove, mar oan 't gnizen fan de oaren begûn er te begripen dat it gekheid wie. ‘Wat wolle jimme mei my?’ sei er. ‘Is der ien fan jimmen, dy wat fan my ha moat?’
- ‘Nee, mar je benne so mooi om 'e bek, dat sien we alle dagen niet.’
Doe waard baas yndachtich, dat er 't bedroege sjipsop jit om 't kin sitten hie. Hy roste 't wat ôf mei de mouwe fan syn rokje, en
| |
| |
dat joech de jonges wer oerfloedige stoffe ta laitsjen. De hantwurksfeinten, dy krekt fan 't wurk kamen, bleauwen dêr ek by stean. ‘Jimme habbe in raren niget oan in frjemd minske soe 'k sizze,’ sei baas. ‘Ik doch jimme ommers neat!
- ‘Kom oan!’ sa gyng er fierder, wylst er trije keizersgûnen út 'e bûse helle en foar allemans each op 'e hân lei, ‘dy no sizze kin dat er wat fan my ha moat, dy komt mar op!’
- ‘Ho! lach hem uit! lach hem uit!’ balten de jonges.
Der kaam him ien fan efteren oan, dy joech him in pomp tsjin de earmtakke oan, dat syn gûnen alle trije oer de balstiennen fleagen.
- ‘Domme okse!’ rôp baas. Mar hy wie ek as de diveker beret, en liet him as in keal plat op 'e hûd oer de grûn tommelje, en ta gelok beflapte er syn gûnen alle trije onder syn pams. Tink ris ta, hoe't der lake en skattere waard! - Mei de tiid kamen der in pear tsieners by, dy dreauwen de bysfeinten út elkoar, en retten baas oan om mar gau ta de stêd út te gean. En dat die er ek.
Baas wie danich ontsteld, doe er thús kaam. Hy ferhelle oan syn âldfaam, mei in hele bulte gebear en omslach, dat dat komplimint fan de prûkmakker oars neat west hie as in ondogense streek, dêr de bringer fan dat bern him op 'e keap ta fyntsjes de gek mei oanstutsen hie.
- ‘No, dan moatte jy de jonge fêst wol hâlde, net baas?’
- ‘Ik wit teminsten net wêr't ik der mei hinne sil,’ sei baas. ‘Ik kin der ek wol om nei de grytman rinne, mar dy sil my ek net helpe kinne. Oeral wêr ik kom, stekke se my tige de gek oan, dat ha 'k al begrepen, en elk lit my allike wiis wer rinne. 'k Ha hjoed myn meuch al krige fan dat spul. Mar stil mei de jonge oanpiele, oars wit ik der gjin wei op. Dat bern is onskuldich, dy kin wol yn eare en deugd opwaakse, en ik kin him de kost wol jaan, dat is 't bêste wat der oan is. Dat dealese rabjen fan de lju, dat is my 't lilkste mar.’
|
|