| |
| |
| |
Earste haadstik
De libbensskiednis fan Baas Pabe Roukes, ta ynlieding
Likernôch oardeheal oere benoarden Ljouwert leit it oansjenlike en folkrike doarp Stiens, wêr't men al moai goed it sprekwurd op tapasse kin, dat de tsjerke en toer midden yn 't doarp stiet. Ik achtsje 't net nedich jimme te beskriuwen hoe dat doarp der tsjintwurdich útsjocht, want dat ik jimme tink te ferheljen is yn de foarige ieu bard en sûnt dy tiid is Stiens ek al frijwat feroare. Allinne moatte jimme witte dat fan de fiif ryddiken dy fan onderskate kanten nei Stiens rinne, en allegearre by 't tsjerkhôf útkomme, ien is dy de Skilwei neamd wurdt, dy fan de hege dyk (de âlde betwinger fan de Middelsee) útrint, en de noardwestkant fan 't doarp ynkomt. Yn it earste hûs oan 'e rjuchterhân, as men dy kant fan it doarp útgiet, skean oer de toer, dêr wenne foar sa'n njoggentich jier in skuonmakker, dy Pabe Roukes hiet. As der lykwol destiids in frjemdling te Stiens kaam, dy frege wêr baas Pabe Roukes wenne, dan wienen der ferskate lju dy 't net sizze koene, want de skuonmakker waard yn de wandling altyd neamd fan baas Hoattelstoat, en dat wie sa hiem dat mannichien nauwerneed wist hoe de man syn rjuchte namme wie. Syn bynamme hie er krige omdat er bjustere koart fan holle wie, en om alle neatichheden kibbe en raasde as alles fan boppen del soe. In grut bulte ferstân hie er net, en hy hie ek net folle yn de wrâld omswalke; hy wie tusken de tritich en fjirtich jier âld en hie al syn libben te Stiens, en fan bern ôf oan by 't skuonmeitsjen ferkeard; want dat hantwurk hie er fan syn heit oernomd.
Syn âlden wienen, by har libben, deune lju, mar hja hiene har
| |
| |
jonge wat Jan-gat-eftich opbrocht; want Pabeman wie mar allinne, dan giet dat sa wol mear. Mar selden kaam er op 'e buorren by de bern te boartsjen, want mem hie meast al wat knuseljen of boad-skiprinnen foar him, en oars wie er yn de hoeke fan de keamer oan 't húskebouwen mei turven en talhouten of hie de kat foar de stove, of siet by de hurd te beanebrieden. As de bern op 'e strjitte him tenei kamen, dat nochal gauris barde, trochdat er in onbehelp wie, dan kaam syn mem ta de doar út setten en keakele de hele buorren op ien ein. Al in jier of fyftsjin wie er âld, doe waard er jit behandele as in bern. As heit ris in nacht út wie, dan moast Pabeman by mem sliepe, en as er syn sin net ris hie, dan krige er in stik brea mei sjerp, of in kâlde pankoek of sawat. Lykwol wie him onder dat alles it skuonmeitsjen goed slagge, lyk as men mear sjucht, dat sokke hûskatsjes wol oanlis habbe ta nifelwurk. Skraach tweintich jier wie er âld, doe kaam syn heit te stjerren, en Pabe moast it spul as baas opfetsje, en dat gyng ek tige bêst.
Sa hûshâlden syn mem en hy ferskate jierren efterien. Mei frede dat kin net rjucht sein wurde; Pabe en syn mem koene bêst mei-elkoar oerwei, mar de feint, dy waard wolris tige roffele, net allinne fan de baas mar ek fan de frou; want hja woene ha dat er feint en faam fan beiden wêze soe, en dat smakke him altyd net. Soms hiene de bysfeinten der wolris nocht oan om dy minsken lilk te meitsjen. As se mar efkes op 'e doar tikken of mei in stien op 'e muorre rosten, dan kamen baas en syn mem der beide allike hurd út setten en sochten dy knapen, dy hjir en dêr om in hoekje stiene te gnizen, onder 't each te bringen hoe skandlik en ondogens it wie om earlike minsken, dy nimmen lêst oandiene en elk sines joegen, sa te pleagjen.
Einlings kaam de tiid, dat it âlde minske de wrâld ek ferliet en doe wie baas alheel allinne. Hy hie gjin neie migen, dy er by him nimme koe, en seach dêrom in frjemd hûshaldster te krijen. De faam, dy by him kaam te wenjen hie koartby har heit ferlern, dy boer wie op 't Stienzer âldlân. It wie dy man wakker ferrûn yn de wrâld; hy hie der tige by sitten, mar by syn ferstjerren stie 't sa, dat as elk sines krige, dan skeat der foar de bern neat oer. Doutsen
| |
| |
moast har doe sjen te rêden sa goed as se koe (har mem wie al ferskate jierren wei west) en hja bestelde har foar húshâldster by baas Hoattelstoat. Doutsen wie in gnap jongfaam fan in tweintich jier, en 't wie ien dy de rjuchte slach der fan hie om feinten oerstjoer te meitsjen, want hja hie moaie eagen, en ek in moaie tonge yn 'e mûle. Dan hie se ek wol wat oerienkomste mei in bliken tsjettel, gau hjit en gau kâld; sadat se de iene om de oare joech as 't sa te pas kaam. Doe se by baas kaam te wenjen hie se ek in sib frijer; it wie in boeresoan fan Feinsum, mar der siet neat efter; syn âlden wienen boer en dêr hâlde 't mei op, sadwaande koene se har sân bern net folle neilitte. Doutsen koe dus wol berekkenje, dat as se him krige, hie se neat mear as in arbeider. Hja begûn al njonkelytsen wat wearzich fan him te wurden, en einlings krige er alheel de bons; want, om de wierheid der mar fan te sizzen, hja hie begrepen om baas yn 'e maling te nimmen. Net dat se baas sa bysondere oannimlik fûn: mar sjuch, hy wenne yn syn eigen hûs en hie in bêst bestean, en dêrom like 't har mei him better ta as mei de boeresoan fan Feinsum. Mar baas, dat fernaam se gau, hie gjin sprissel frouljusflesk oan him en wist fan 'e frijerij allike folle as de kat fan preekjen. Hja begriep dus dat se tige de line om 't hea lizze moast om him te snappen. Hja glimke altyd allike blier as se wat tsjin baas sei, mar baas sei mei koarten: ‘Wat begniist do altyd?’ As baas yn de skimerjûn by 't fjoer siet en hja in koaltsje krije soe, dan sette se him, sabeare sonder erch, de han op 'e knibbel, mar doe se dat in kear twa weage hie, sei baas: ‘Do moatst op dysels hingje, en oars moatst falle,’ en doe joech er har in pomp dat se tsjin de stientsjes oan stuite, en de feint lake dat er skodde. Hja waard net lilk want hja wie sa wiis wol, as baas oan 'e gong kaam, dan koe er har yn de hite hei wol ta de doar út stjoere, en dat woe se net leafst. Wer op in oare tiid kaam se baas yn de keamersdoar temjitte, en rûn, by ongelok sa 't hjitte, tsjin him oan. ‘Do moatst better foar dy sjen wêrst rinste,’ sei baas, ‘do fljuchst my hjir wrychtich tsjin de hûd oan, dat men soe werom stuitsje.’ Al sokke frouljuskeunsten, hoe geskikt oars om in jongfeintsje poer gleon te meitsjen, diene op baas gjin fertuten. Der
| |
| |
wie gjin moares yn him te krijen, en Doutsen tocht, ik moat it jit mar ris wat dryster weagje: 't moat dan in gouden keatting wurde of in izeren. It wie op in sneintejûn yn de wintertiid, doe siet baas by in moai fjoer, dat de hele keamer ljocht makke, en dêr hinge in poat mei brij oer. Doutsen rûn sawat ôf en oan de itenstafel ree te skeuken, en die neat as praten. Hja wist al hoe se mei baas moast om him op 't stuoltsje te helpen; hja ferhelle him wakker wat de lju fan him en syn wurk seien: Doedeboer woe oars gjin skuon en learzen habbe as fan baas Pabe; Klaas skipper hie in pear skuon fan baas Durk fan Hijum hân, dy suver neat doogden, en in trêde hie sein dat er yn hele Stiens gjin krasser en oprjuchter man wenne as baas Pabe. Sok praat gyng baas nuver ter herte, en hy wie sa yn syn skik, dat doe Doutsen al pratendewei him de earm op 't skouder lei en foar him oer hingjen gyng om ris nei de brij te sjen, doe waard er net ienris noartich. Doutsen tocht, no is 't tiid. ‘Ik hab der ek gjin niget oan,’ sei se, ‘dat de lju jo priizje, want ik hâld ek folle fan jo.’
- ‘No ik soe ek net sizze, datste 't better krije kinste,’ sei baas; ‘ik lis dy gjin omkromte by en do heste 't goed fan iten en drinken.’
- ‘Ja, dat hoeft net better. De lju freegje my ek wolris hoe 'k it hjir nei 't sin hab, en dan sis ik altyd fan tige bêst, ik kin gjin better plak begeare. Kûpers Griet sei ferline wike: ‘do silst baas syn wiif jit wolris wurde, tink ik.’
- ‘Ei! hie kûpers Griet it dêr al wer mei op 't liif?’ sei baas, en syn troanje begûn wer te feroarjen. ‘Dy hat altyd de bek fol oer in oar. Ik wit net hoe se 't yn 'e kop kriget.’ - ‘Ei no, wie dat safier mis?’ sei Doutsen sa luensk as se mar koe; mei-ien sloech se baas de hannen om 'e hals en joech him in tútsje.
Dat hie baas net ferwachte. Hy wist net wat him oerkaam; hy wie suver alheel fan syn stik; hy doarst har net oansjen, en hy koe 't ek net litte, hy woe wol wat sizze, mar hy koe neat betinke. En Doutsen gnyske sa fyn en sa skarlúneftich, krekt as immen dy in fyt útset hat, dêr er him tige oer fermakket. As se 't by dat iene bliuwe liet? Ik tink foar 't neist fan net.
Fan dy tiid ôf oan wie baas deselde baas net. Yn pleats dat er
| |
| |
oars altyd tsjettere en kibbe, wie er no stil en bedaard; de feint koe soms hast net fan him wiiswurde wat er dwaan moast; faak rûn de man it hûs troch as in healwize. Hy koe sels net begripe hoe 't er wie, mar Doutsen naam elke gelegenheid te baat om mei him onder fjouwer eagen te wêzen. En it eintsjebeslút wie, dat baas Pabe en Doutsen mei in grut healjier fan de preekstoel foelen, en hja waarden man en wiif.
Men seit wol ta 'n sprekwurd: ‘dy priizge wurde wol, moat stjerre, en dy lekke wurde wol, moat trouwe:’ it lêste waard oan dit pear befestige. De buorwyfkes fan Stiens hiene 't er danich mei op 't liif, dat it mei baas en Doutsen wol in ferkearde húshâlding jaan soe, omdat it houlik al te dûbeld en dwars opkomd wie. Dêr kaam jit by: baas wie in eamelskoalle en Doutsen hie nuvere franjen yn 'e kop; dat soe lang gjin goed jern spinne, te mear, om't der fan te tinken wie dat hja baas folle mear nomd hie om har goede dagen as om 't sin. - No, de buorwyfkes hiene wrychtich net fier mis ret. Yn 't earst bleau baas jit stil en bedêst, want hy wist net hoe er him hâlde moast; it wie him sa nuverich dat er in troud man wie. Doutsen krige yn alles har sin. It ald húsrie rekke mei 'e tiid allegearre út 'e wei en dêr kaam nij foar yn plak, en der moast in faam komme om 't wurk te dwaan, no en dan in skroar yn 'e hûs en soms jit in arbeidster derby. Dat wienen oars allegearre dingen dy dwars tsjin baas syn natoer ynrûnen; mar hy liet it gean, alteast yn 't earste begjin. Mar al njonkelytsen begûn er wer yn 't sop te besuorjen en de âlde baas Hoattelstoat kaam wer boppe. Hie er der oars al net folle gaven ta om in jong wyfke, foaral sa'nien lyk as Doutsen, plezier te dwaan: no waard it jit minder, foaral omdat der no jit folle mear dingen wienen as te foaren, dy him net nei 't sin gyngen. En Doutsen: hie se 't baas wol ea goed miend? Men moat sizze fan nee! hja hie mar allinne yn 't sin hân om maklik troch de tiid te kommen en de frou te spyljen. Te let waard se wiis dat dat allinne de rjuchte wille net jout. Al geandewei krige se mear tsjinnichheid yn baas, en de boeresoan en Feinsum begûn har wer yn 't sin te kommen; mei ien wurd: it muoide har dat se mei baas troud wie. Doe er mei in grut jier in
| |
| |
lyts famke foar 't ljocht kaam, like 't wer dat it wat neinoar ta wenne soe. Baas wie wer út skroeven en ynskiklik om alles te dwaan wat memke winske, en Doutsen miende ek fiele te kinnen dat hy har no neier wie as fan tefoaren. Mar dat duorre ek al wer koart, want sjuch: der lei gjin goed fondamint, en dus koe der ek gjin goed fêststeand gebou komme. As baas oan 't kibjen en razen wie oer allerhande neatichheden, dan gyng Doutsen dêr mei de dwarse holle tsjin op en joech gjin striebree ta; want hja mocht him omtrint net foar har eagen sjen.
It kaam op 't lêst sels safier, dat hja der oer begûn te tinken om fan baas ôf te kommen. Lykwol om samar by him wei te rinnen, dat wie har bestek net: dan wie se by elkenien ferachte en - dan koe se ek net wer trouwe. Har mimerjen wie om wetlik fan him skaat te wurden; mar hja hie wolris sizzen heard, as se dat der troch serte woe dan moast se bewize kinne dat er him mei oare froulju bemuoide: en dat koe se net. As 't sa ris te pas kaam, dan begûn se der tsjin de iene of de oare wolris wat fan út te litten, dat se der op út woe dat baas grut mei de faam wie, om him sadwaande mar op 't wurd te krijen. Mar al hoe folle as der oars ek op baas Hoattelstoat omskuord waard, dat praatsje fûn net folle yngong; want elk wiste dat baas al syn libben eang fan froulju west hie.
It wie sawat twa jier nei har trouwen, krekt op Stienzer merke, dat Doutsen de moarns mei de ferkearde foet earst fan 't bêd kaam, lyk as dat wol faker barde. De holle stie har mar de hele moarn ferkeard en it wie jit net wakker let op 'e dei, doe gyngen der al tige keallen om 't hea; want baas pakte ek hurd út as hja begûn te dwarseidzjen. Mar hja begûn sok raar guod op te jaan, dat baas it net tsjin har folhâlde koe; want hja ferwiet him dingen, dy him neier gyngen as de klean. Hy kroep op 't lêst fan benaudheid yn de skuonmakkerswinkel en bleau dêr de hele dei sitten, want der wie mei de merke jit wol wurk dat nedich ôfdien wurde moast; en de feint woe de neimiddeis graach yntiids ophâlde, en baas fernaam wol dat Doutsen jit har nocht net hie fan wrokjen. Al hoe balstjurrich en ongemaklik as baas oars ek wie, as er him wer
| |
| |
omkearde, wie 't him ek wer fergetten, en dat wie mei Doutsen sa net; dy tocht har dan yn harsels sa nidich dat se hoe langer hoe mâlder waard. Sadwaande waard baas, as 't ris wat hurd om hurd gyng, op 't lêst altyd in lyts man. - Yn de skimerjûn - de feint en de faam wienen beide de merke oer - woe baas wer ris besykje om har tefreden te krijen. Hy gyng nei har ta en stelde har foar om tegearre de merke ris troch te sjen: mar dat wie lang net rekke: ‘Wolle jy de merke troch, brui dan om myn part mar hinne: ik kom der net,’ joech se baas te hâlden. No, baas harrewarre dêr al wer wat tsjin, mar onderwiles strûpte er wat better klean oan en op 't lêst rekke er protteljendewei allinne ta de doar út, en hja bleau mei 't lyts fanke thûs.
Yn de merke wie 't allegearre fleur en libben, sadat baas it ongemak tusken syn wiif en him ridlik gau fergeat. Hy kuiere de merke troch en jitris troch en beseach alles wat der te sjen wie. Lykwol, allinne kuierjen ferfeelt gau, en yn de herberge gean om in slok te drinken dat wie baas syn bestek heiendal net. Op 'e feartswal, by de brêge fan de herberge dêr in springend hynzer úthinget, destiids de ienichste yn 't doarp, gyng in tsjokke reek op út in teekiste, dêr in wyfke swittende en trieneagjende by siet te oaljekoekbakken. Dêr bleau baas by stean en koft foar in stoer oaljekoeken. Mei de rêch tsjin in beam oan en mei de iene foet oer de oare stie er swiet te peuzeljen, en om wat mei dat wyfke oan de praat te kommen frege er har:
- ‘Wêr wenje jy, wyfke?’
- ‘Oeral en nearne net,’ sei 't wyfke, en doe se wol seach dat baas har net begriep, lei se 't him út: ‘Jy moatte witte man, wy wenje yn in skip en reizgje fan 't iene plak op 't oare.
- Wenje jy hjir te Stiens?’
- ‘Ja wol! Ik wenje hjir yn dit hûs op 'e hoeke.’
- ‘Ei kom! dan binne jy baas skuonmakker, begryp ik. Dan hab ik hjoed jit al in amerfol reinwetter fan jimmes helle.’
- ‘Dan is dat jimme skip, tink ik, dat dêr njonken uzes leit.’
- ‘Ja baas. Wy binne dat mar safier útfearn as wy komme koene, dan leit it wat frijer. - Jo wiif is fêst ek al yn de merke, net baas?’
| |
| |
- ‘Nee,’ sei baas, ‘hja is allinne mei 't lyts famke thús. Hja hie 't hjoed gâns yn 'e holle, en de faam woe graach de merke oer: no bleau hja mar thûs. Jo oaljekoeken binne tige swiet, wyfke; kom ik hab jit in stik of trije losse skeisens yn 'e bûse, dêr moat ik jit mar guods foar ha.’
Dêr kamen in smite grutte jonges ta de herberge út slingerjen. Hja hiene in healfearntsje mei har sânen dronken en wienen wakker roerich. Hja krigen baas yn 't each. - ‘Sjuch!’ rôpen se, ‘dêr is baas Hoattelstoat! Dy is oan 't oaljekoek-iten! - Baas mei 'k ris bite? - Smeitsje se goed, baas?’
- ‘Wat ha jimme mei my te dwaan?’ rôp baas. ‘Ik doch nimmen gjin kwea. Dat ik keapje betelje 'k.’
- ‘Jy moatte 't wiif ek ien thús bringe, baas!’
- ‘Do kinst wol wat op dyn bealch krije, ast dy net stil hâldste,’ sei baas, en sette mei kûgelsfeart op har ta.
Foar de brêge fan de herberge stie in spekweintsje mei in âld hynzer derfoar. Dat spultsje hearde ta oan in Burdaarder skieppeslachter, dy de deis mei flesk sutele hie, en no te Stiens by de herberge oansyld wie, dêr er onder in stevige slok mei in pear boeren drok siet te praten oer slachterij en skieppehandel, sonder te betinken, hoe noedlik syn reau dêr yn 't gewoel fan de merke stie. Hie 't hynzer net tige mak west dan soe 't ek wol gau ferkeard gien ha, want de bern hokken dêromhinne en makken in hopen gritsen. In mannich moai handige famkes stiene efter de wein, en boarten mei in lyts bern, dat ien fan harren droech. It famke dy dat die, like dat op 'en doer wat swier te fallen; want it wie in grouwe fette jonge fan sa likernôch in healjier, op 't each te sjen; hja liet him dêrom wolris efkes op dy slachterswein sitte; dêr hie 't berntsje wol nocht oan.
De bysfeinten dy baas pleagen, spatten útinoar, doe baas op har ta kaam. Hja fleagen om dy slachterswein hinne en baas har nei. Hy hie jit in hjitte oaljekoek yn 'e hân, en waard sa grimmitich, dat er dy in feint tsjin de holle oan kletse woe; mar hy roaide mis en dy oaljekoek rekke 't âld hynzer foar de kop. Dat wie tefolle foar 't goede beest; hy naam in gier fansiden, en fleach doe
| |
| |
út 'en fjouwerjen mei syn fracht der op ôf. De jonge knapen fermakken har ta de teannen út. Hja gûlden en raasden en klapten yn 'e hannen om de âlde guds fuort alheel gek te meitsjen. Wat wie der oan in âld knol mei in lege slachterswein ferbard? It wie piktsjuster wurden, en bûten de krite fan de lantearne, dy by de brêge stie te baarnen, koe men suver neat sjen, as men namelik sels yn 't ljocht stie. Dêrtroch en troch it gegûl dat der wie koe men sjen noch hearre, wat draai dy boel op gyng. Ek waard de oandacht dalik nei de oare kant lutsen, want de slachter kaam moai oansketten oer de brêge strampeljen, en dêr waard net in bytsje flokt. De feinten omsingelen baas Hoattelstoat, en rôpen tsjin de slachter: ‘Dat hat hy dien!’ -
- ‘Domme oksen!’ rôp baas, ‘lit my rinne, of ik slaan jimme de harsens yn!’
- ‘Dat sil ik dy wol dwaan!’ bromde de slachter, en mei-ien liet er syn grouwe fûst op baas syn trijetute hoed delkomme, dat baas der oan de eagen ta yn siet.
Baas fjurre ek wer fan him, en sonder te wollen rekke er dêr mei dy slachter oan 't fjuchtsjen, want de feinten soargen dat er net útstrike koe. Baas wie oars lang net foar syn partij berekkene, want fjuchtsjen wie syn hantwurk ek net; mar de slachter wie te dronken, sadwaande koene se elkoar net folle leare.
Dêr komt ien troch 't folk hinne kringen; it wie Jelle Pak, in winkelman fan Stiens; dy like fan syn saken en rôp: ‘Minsken wêr is dat hynzer mei dy wein hinne flein?’
- ‘Dat witte wy net,’ waard him taroppen. ‘Dy âld knol is sa lui, dy sil wol op 'e dyk stean bleaun wêze!’
- ‘Hab de gek der net mei!’ sei Jelle. ‘Witte jimme net dat der in bern op wie?’
Doe waard it âlde earnst; elk stie allike bedêst; it fjuchtsjen wie dien en elk hokke om Jelle gear.
- ‘Hoe kaam dêr in bern op?’ waard der frege.
- ‘Dat hie myn famke derop set,’ sei Jelle.
‘De nijboer fan de hege dyk, mei syn wiif en 't lyts bern, wienen hjoed by uzes te gast en soene salang bliuwe as de moanne op
| |
| |
kaam. No soe myn fanke jit efkes mei 't jonkje de merke oer, om't er begûn te piizjen. En dêr komt se my thús fleanen, alheel oerstjoer; hja hie de jonge efter op 'e wein set en doe wie 't hynzer fuort flein!’
- ‘Dêr is gjin rie ta!’ - ‘Och wat is 't freeslik.’ Dat wienen de útroppen dy men hearde. - ‘Ik hab him niis wol sjoen,’ sei in oar, ‘hy hie in sulveren rinkelbel om 'e hals.’
- De boer, de faar fan 't bern, kaam der ek oan rinnen en rôp: ‘In sekje sechsthealen, dy it bern fynt libben of dea!’
Arbeidersmanlju wienen der jit wol op 'en baan; sa gau as de boer dy wurden útsprutsen hie, wie alles yn 'e skrep om ridskip te sykjen. Der wie ien dy miende heard te habben dat de wein de hege buorren útflein wie, en dat lei ek wat yn de reden, om't de slachter dat meast út ried; it hynzer wie dat paad wend. It folk streamde dêr dan ek allegearre hinne; fierwei de measte bleauwen lykwol op 't ein fan de buorren stean, wylst oaren mei tûnklauwen en oar ark de dyk út en by de sleatten lâns gyngen te sykjen; ek Jelle Pak en de boer; hy koe 't net neilitte om mei te gean, wylst syn wiif yn de freeslikste ontsteltenisse by Jelles yn de keamer siet.
De moanne wie op en it wie fiks ljocht; mar der waard neat fûn; gjin stikken en brokken fan de wein, en ek gjin bern. Doe stieken der njonkelytsen ek al guods oare kanten fan 't doarp út; men koe dôch sa lyk net witte hoe de guds de gier nomd hie: mar nimmen die wat op. De lju, dy hjir en dêr gearhokke wienen en oars net diene as der oer te praten, begûnen njonkelytsen har nocht te krijen om't alle tiding dy der kaam allike onfoldwaande wie. Hja sakken, de iene nei de oare, stiltsjes ôf, de iene nei de herberge en de oare nei syn hûs: en sa die baas Pabe Roukes ek. Krekt sa't hy foar de doar stie te klopjen kaam Jetske, syn faam, der ek oangean; hja hie gjin frijer krige en dêrom besletten om ek mar yn 'e hûs te gean. Hja hie de kaai yn 'e bûse; doe hoefden se net mear te klopjen. Baas gyng yn de keamer en de faam nei 't efterhûs; dêr stie har kiste en dêr wie har sliepstee. Doutsen lei op bêd, mar hja sliepte net. Baas wie fan sins om har, mei omslach
| |
| |
fan wurden, it foarfal mei de slachter swein te ferheljen; mar hja siet mei de holle fan 't bêd en begûn al earst: - ‘No komme jimme kwanskwize ta de foardoar yn, hin! En jimme habbe niis in hiel skoft tegearre yn 't efterhûs west.’
- ‘Wat is my dat?!’ sei baas. ‘Sa ha 'k it yn lang net heard! Do hiest hjoed de hele dei al in mâl steed yn 'e holle; mar ik leau dat it jit net folle bekomd is.’
- ‘Wat praatst do fan bekomd! dan moast ik wol in evels fuotsok wêze. Of mienste, dat ik in poas lyn gjin geskommel yn 't efterhûs heard hab?’
- ‘O, wat is 't no raar!’ sei Jetske, dy skriemende yn de keamer kaam. ‘Myn kiste is ta de doarren út helle!’
- ‘Wat seiste? Dyn kiste?’ frege baas ferwûndere.
- ‘Ja myn kiste! De efterdoarren stean yn 't wiidst iepen en myn kiste is derút.’ En hja begûn te skriemen as in bern.
't Wie ek siker gjin niget, dat sloof! Alles wat se yn de wrâld hie, bûten 't jinge se op dat stuit om en oan hie, wie dêryn. Baas dêr al gau hinne, en ja man, dat wie sa.
- ‘Dat hat merkefolk west!’ sei baas.
- ‘Ja,’ sei Jetske, ‘dat oaljekoekswiif hat hjir fan 'e moarn west om in amerfol wetter, dy hat wakker om har hinne sjoen.’
- ‘Wat folk hearde dêrby?’ sei baas.
- ‘Har man stie mei 't houtblok, en dan hiene se sa'n grouwe jonge, dy rûn mei lietsjes en pipedoppen.’
- ‘Dy ha 't grif dien!’ sei baas, wylst er ta de doar út rûn, nei de feartswal. En ja man, dat skip wie fuort. - Doe koe men alles neigean. Dat wiif hie fan baas heard dat Doutsen mar allinne thús wie, en no hiene hja mei dy ferwarring fan de slachterswein har trekken waarnomd. It wie te berekkenjen dat se wol trije oeren fuort wêze koene; der foel dus oan efterheljen net te tinken midden yn 'e nacht, mar baas sei: ‘It moat moarnier dalik oanbrocht wurde.’
- ‘No Doutsen,’ sei er, doe er wer yn 'e hûs kaam, ‘dat hat dat geskommel west, datst do heard haste. - En no soest my mei sa'n kladde betiigje, dat ik dêr mei de faam west hie?’
| |
| |
Mar Doutsen bleau onder alle omstannichheden allike dwars en ferkeard. ‘Dat wie safier net mis,’ sei se; ‘do moatst mar leauwe dat ik der wolris wat fan fernim, al miene jimme 't net.’
- ‘Sok divelsk ligen!’ rôp baas. ‘Hawar! ik sis dy dit: moarnier sa gau as de dei oan 'e loft is, sil de faam derút, of ik sil gjin Pabe hjitte.’
- ‘En ik wol der ek ut!’ rôp de faam, dy op 't hearren fan dat praat wer út it efterhûs kaam, dêr se stien hie te skriemen om har ongelok. - ‘En ik wol der ek út, as de frou sokke smoarge opraapsels betinkt.’
- ‘Nee, do moatst der net út,’ sei Doutsen. ‘Ik moat der mar út; ik bin der dôch oer; ik moat mar dea, dan ha jimme 't rom. Baas hat dôch nea neat om myn jûn?
- ‘Wel wêrom hest my dan troud?’ sei baas.
‘Do woest my graach ha, en doe ha 'k it op 't lêst mar dien; it koe my oars neat skele.’
- ‘Hark my dat no ris oan!’ kreunde Doutsen en liet har mei in sucht yn 't kjessen falle. ‘Dêr hear ik it no út syn eigen mûle, dat ik him neat skele kin! Wa soe by sa'n kearel duorje.’
- ‘Ik lis dy neat gjin omkromte by,’ sei baas, ‘mar datst my sa'n kroane op 'e kop sette wolste, dat stekt my; net in lyts bytsje, dat sis ik dy! - Hark ris Jets,’ sei er tsjin de faam, ‘do kinst dy moarnier nei gean sette, hear! It griist my om dy; do bist in earm sloof, dyn mem kin dy de kost ek net jaan. Ik hald folle fan dy: mar fuort moatste, dêr helpt no net oan; ik wol sa'n kwealaster net drage.’
- ‘En ik wol hjir net bliuwe,’ sei Jetske, ‘al soe 'k dan ek rinne te skoaien.’
- ‘Och, och! wat moat men al útstean!’ sei Doutsen. ‘Ik hâld folle fan dy!’ seit er tsjin dat klitse, wylst ik der sels by bin.’
Baas waard poer om't hja syn wurden elke reis ferkeard opfette; mar hja begûn wer sa mâl op te spinnen, dat baas gau krimp joech, en op 'e feint syn bêd fleach. De feint wie mei in faam te bier. Jetske gyng ek lizzen, mar 't sliepen waard mei har alle trije gjin byt.
De oare moarns woe Doutsen it spul al wer delbêdzje, dat
| |
| |
Jetske mar bliuwe soe, mar baas syn beslút stie fêst; de faam moast derút, want dat wie, tocht him, it bêste middel om Doutsen de mûle te stopjen. En Jetske wie ek allike hjit om fuort; no se wist hoe de frou oer har tocht koe se dêr net mear wêze. Al hoe nedich hja oars ek in goede tsjinst wie, hja hie leaver earmoed as skande.
Jetske wie jit mar sechstjin jier âld. Har mem, in earme widdo, wenne te Heech. Yn har fyftsjind jier wie se komd te wenjen by in healbroer fan har mem, dy weinmaker te Jelsum wie. Dy wie komd te trouwen mei in timmermanswiddo yn de greidhoeke en dêrhinne gien te wenjen; en doe wie Jetske by baas Pabe komd.
Nei dat se earst it stellen fan har kiste by de bysjager oanbrocht hie, ferliet se Stiens, mei al wat se jit hie yn in doek onder de earm, om har thús op te sykjen. En omdat se har ek al in bytsje beskamme en 't moed har fol wie oer har ongelok, gyng se mar in hoeke út dêr se net folle minsken kaam te sjen; want der stiene hjir en dêr hele klibers buorwyfkes byinoar, om te hanneljen oer al dat frjemde nijs, dat der dy nachts bard wie.
Dat reau fan de Burdaarder slachter, sa ferhellen se elkoar, wie wer fûn oan de Stienzer hege dyk yn in sleat; de wein oan flarden en 't hynzer dea; mar fan 't bern hie men jit gjin spoar krije kind. De âlden fan dat bern wienen Lútsen Tetmans en Hiske Jilderts, dy jit mar in grutte wike te Stiens wenne hiene. De pleats dêr se opkomd wienen, wie har eigen; dêr wie koartby in âld boer ôf stoarn. Hja hiene ek in pleats op 'e Menamer mieden, dêr hiene se oan distiid ta op wenne; mar om't dy sa goed net yn syn soarte wie as de Stienzer, wienen se sels op de bêste gien en lieten de oare bewenje fan in setmeier. Salang as dy âld boer libbe, hiene se him net ferdriuwe wold, om't hy der lange jierren oanien wenne hie. Jelle Pak wie skoan mei dy lju bekend, troch dat er dêr altyd mei syn keappenskip kaam, en hie har dêrom op Stienzermerke te gast noege, dat sa bittere ongelokkich foar har útrûn. Want hja hiene alheel mar ien bern; hja hiene jit ien hân dat hiene se oan de mûzels ferlern. Dat ien en oar waard fan Jelle Pak syn wiif oan de dielnimmende omstanders ferhelle. Ik moat der jit by foegje dat
| |
| |
der fan Jetske har stellene kiste allike min spoar fûn waard as fan dat bern, al hoefolle prikken der ek ta 't ien en 't oar yn 't wurk steld waarden.
Baas en Doutsen krigen net wer in faam. Baas wie dêr tige op tsjin; dat soe him lykwol net folle holpen habbe, tink ik, as Doutsen trochset hie. Mar Doutsen wie fan dy tiid ôf oan heel oars as tefoaren. Hja like wol mei 't ien ôf 't oar om te pakken, dat har swier op 't hert lei, want hja rûn altyd allike ferwezen, om en suchte en kreunde soms oerlûd; as se allinne wie, rûnen har faak de triennen oer. Baas frege har ek wol wat der oan skeelde, mar hy krige follentiids gjin ienris antwurd. De húshâlding liet se ferslofje; it lyts famke krige har gerak net - en dêr wie se oars sa mal mei - en as de manlju iten ha woene, dan moast baas it meastentiids sels klear meitsje: hja iet de helt fan de tiid net mei. Baas begûn ek wolris te bolderjen: ‘Do bist no sa mâl ast jit nea west haste,’ sei er dan. ‘Tefoaren wiest al min te brûken, mar no bin 'k alheel mei dy ferlegen.’ - Mar hja kibbe no net werom; hja liet him sizze wat er woe en swei op alles stil. Op in nacht waard baas te wekker, doe wie se by him wei. Hy gyng fan 't bêd; de doarren stiene iepen en hy fûn har op 'e feartswâl; dêr stie se stôkstil yn 't wetter te sjen. - ‘Wat no?’ sei baas, ‘wolst dy fersûpe? Do silst wol wizer wêze soe men hoopje.’ Mar hja sei neat. Doe se him fernaam, gyng se stil wer yn 'e hûs en op bêd. - Dat duorre sa de iene wike út en de oare yn, en dat waard earder minder as better. De minsken praten der wakker ongelyk oer; de iene woe ha dat har de holle troch rûn, en de oare woe der op út dat se 't mei de geastlike dingen te dwaan hie. Mar baas hie in minne tiid mei har; sa wie 't mar.
Einlings op in moarntiid barde 't dat baas fan 't bêd soe, doe miste er har wer. Baas wer oan 't sykjen, mar hy fûn har nearne net. Hy rôp de feint derby, om 't spul better te ondersykjen: hy tocht net oars as hja soe harsels wol tekoart dien habbe. Hy wie sa fan de wize en ontsteld dat er mei gauwens hele Stiens op ien ein hie; mar al hoe't der socht en omskeukt waard, fan Doutsen wie gjin fear te finen. Op 't lêst doe baas yn 'e hûs syn spullen ris better
| |
| |
trochseach, doe befûn er dat Doutsen har bêste klean en goud en sulver allegearre fuort wienen, en 't jild ek. Doe kaam er op in oar tinkbyld; it like der no folle mear nei dat se der stil op ôf gien wie, as dat se harsels om 't libben brocht hie. Mar dat like oars ek al raar: dat se har man ontrûn wie dêr hie nimmen folle niget oan; elk wist wol dat se him net lije mocht: mar dat in moer har eigen bern ferlitte koe, en dat jit sa lyts: dat wie hast net te begripen. En dôch koe men oan alle omstannichheden net oars begripe, of it moast wier wêze. No, de iene joech baas de skuld en de oare Doutsen; mar baas siet der mei dat al frijwat ta. Syn famke wie jit gjin jier âld, dat wie 't slimste jit al. Dat heukere der earst jit al sa wat hinne; dan hie er de iene arbeidster yn 'e hûs en dan de oare, mar elk koe ek net by baas ferkeare. Elk tochte Doutsen soe njonkelytsen wol weromkomme; mar de iene wike ferrûn efter de oare en hja wie fuort en hja bleau fuort: dat op 't lêst retten se baas mar oan dat er wer in hûshaldster seach te krijen. Dat like him ek it bêste ta, want fan Doutsen sette er him al ôf; mar hy sei: ‘Dan wol ik it alleronsjuchste frommeske ha, dat der te finen is; want as ik in skiklik minske by my yn 'e hûs hab, dan is 't der mei gauwens wer mei te rêden, dat ik der grut mei bin, en der is gjin ding dat my mear stekt as sok praat. Ik jou elk sines en ik doch nimmen oerlêst oan; ik wol ek sa net berabbe wurde.’
Der waard him opdien fan in frommeske, dy ferkearde te Bitgum, en waard yn de wandling neamd fan it Spook fan Jiskenhuzen. Oan dy namme te hearren moast dat minske baas omtrint al passe. Hy liet har dan ek komme, en hja hiene 't akkoart der ridlik gau troch. Setske - sa hiet se oars - wie fan Jiskenhuzen, besiden Snits fandinne. Hja hie har de bouhoeke útjûn om jild te fertsjinjen en hie in jiermannich te Bitgum wenne by in gernier, dy har ta syn lânwurk brûkte, mar dêr waard se no hast wat te âld ta, alteast hja woe wol wat makliker plak ha. In fernimstich feint fan Bitgum hie har har moaie bynamme jûn. Hja wie in grut fyftich jier âld, mar hja like wol sechstich. Hja wie swart fan fel en sa meager en bienbitich as in prikke; hja hie in onbidich grutte mûle, in onnoazele lytse noas en reade rânen om de eagen hinne; dêrby
| |
| |
hinge se gâns in bytsje út it lead, en de klean sieten har om 't liif krekt as se der fan fierren om smiten wienen. Yn har praten hie se de oanwenst, dat wat se earst sei dat sei se op 't lêst jitris: dat hie se te Bitgum leard, en dat hie se. Troch 'en dei stie se meast yn in pear ôfsnijde âlde skuon, dy har ta toffels tsjinnen, en dêr sjoelde se fuotsje foar fuotsje it hûs mei troch: want hja wie de gauste net. Yn har jonkheid hie se, lyk as alle dochters fan Eva, ek al in poas oanhelle west mei de suchte nei manljusflesk; dat fjoer wie lykwol wer útdôve, sonder dat se ea in manminske nei de azem rûkt hie, lit stean, dat se gelegenheid hân hie te trouwen. Mar in minske moat dôch altyd it ien of 't oar habbe om 't soer fan libben wat te timperjen. Foar 't hert hie Setske har gerak net krige en dat socht se, safolle har dwaanlik wie, te fergoedzjen foar de mûle en de mage. Har grûnstelling wie: ‘Wat is in minskelibben sonder swiet iten en drinken?’ Hja woe leafst altyd ite; sa faak as se yn de spyskeamer of by de spine kaam, moast der in taak dien wurde: dan naam se in fûst fol kâld iten, of hja biet in kile út de tsiis of hja skuorde in hoeke fan 't brea ôf, en kliemde der bûter op mei de tomme: de mûle moast har gean, sjedêr! al soe se ek op hynstebeane omkoaie of fan 't smoar gnibbelje. Dat kaam no net trochdat der in gnobberich aard yn har siet, ek net om't baas har gjin goede kost joech: 't wie no ienkear sa 'n heblikheid, dy 't se har fan bern ôf oanwend hie. Oars wie 't in trochgoed minske; hja koe mei baas Hoattelstoat ridlik goed oerwei, want hja swei op syn gekeakel meastal stil, en 't wurk koe se wol ôf. Wie baas tier yn 't iten, hja hie der wol slach fan om 't goed klear te meitsjen, en hy gyng har just net nei. Hja wie ek wakker mâl om lytse bern, sadwaande paste se ek goed op baas syn famke; alteast hja miende 't goed, hoewol se 't bern soms wolris wat tefolle iten taproppe. Koartom, baas húshâlde mei Setske folle better as mei Doutsen, sadat er fan syn wiif net felle onwennich wie.
|
|