‘Nee. Buorfrou Joldersma miskien.’
We stapten út.
‘Moatte dy skilderijen en myn tas net mei?’ frege ik.
‘Lit mar lizze. Se stelle net út in Fiat 500.’
We stutsen de strjitte oer en rûnen it paad op. Ik belle oan. De doar gie dalik iepen.
‘Dingeman, do hjir!’
‘Dach, buorfrou Joldersma. Dit is Joazef.’
‘Dach, mefrou.’
‘Kom der gau yn. It is ek allegear wat.’
‘Nee, buorfrou. Marre... ha jo in kaai fan ús hûs?’
‘Ikke net, leave jonge. Jim mem brocht hjir de kaai al lang net mear. En no al hielendal net, want se is 'm smeard. Wolle jim der net yn? Ik ha sa wetter oer foar tee.’
Joazef knikte nei my.
‘Ik wol hjir graach even belje,’ sei er. ‘Ha jo in tillefoanboek by de hân? Ik moat it nûmer fan dy makelaar ha.’
Ik siet in skoftsje allinnich yn 'e keamer. Myn holle prakkesearde fan alles byelkoar, mar ik koe der gjin gedachten fan meitsje.
Buorfrou kaam deryn mei de tee.
‘It komt allegear goed, hear jonge,’ sei se. ‘Sit dêr mar net oer yn.’
Dêr wie Joazef ek al wer. Hy lei de draachbere telefoan op 'e tafel.
‘Sa,’ sei er, ‘de kaai komt deroan.’
Buorfrou geat ús tee yn en gie sitten.
‘Binne jo famylje fan Dingeman?’
‘Eh... ja. Ik bin in broer fan Dingeman syn heit,’ liigde Joazef mei in knypeachje nei my. ‘Dingeman hat in wike by my útfanhuze op 'e buorkerij.’