Haadstik 43
Alles yn myn holle dûzelt, systert en sûst
Joazef gie by de auto mei de makelaar stean te praten. Undertusken skarrele ik troch it gason. It begûn al aardich op in gersfjild te lykjen. Oeral stutsen lytse blomkes de kopkes omheech.
Lang duorre it gesprek net. Ik seach dat Joazef de kaai krige. De makelaar ried fuort.
‘Dingeman, komst?’
‘Ja, omke,’ sei ik.
‘Okee, dat wie in leugen. Mar tink dy ris yn wat der gebeurd wie as buorfrou it net fertroud hie. Do mei sa'n poerfrjemde kearel. Dan hie se de plysje belle. Hiest dat dan wold?’
‘Ik ha ek wolris liigd,’ sei ik, ‘mar noait tsjin buorfrou Joldersma. En no moatst ek noch de groeten oan ús heit dwaan. Witsto wêr't wennet? Hy kin wol dea wêze.’
‘Kom no mar,’ prottele Joazef, ‘meitsje it net te yngewikkeld.’
Hy stuts de kaai yn it slot.
De gong wie leech. De keuken ek.
Mar yn 'e keamer stie myn guod, netsjes byelkoar. Ik koe alles sa meinimme: myn buro, myn stoel, myn bêd, myn klean, myn boeken, myn foto's, myn computer en myn snústerijen, oan it lytste dinkje ta.
Ik socht om in briefke fan ús mem, mar ik koe nergens wat fine. It iennige persoanlike wie dat se alles hjir sa netsjes delset hie. Har manier fan delsetten. Har manier fan dachsizzen.
Yn gedachten sei ik: - Dach, mem.
‘Wolst ek noch boppe sjen?’ frege Joazef.