Ik drukte de tomme nei achteren, klear om de fingers bylâns te reizgjen, en Joazef sei de nammen. Bôletrompke. Rêchsekje. Knopedoaze Op Tsjillen. Mûs. Ridende Bromtop. Krobbe. Oerdekte Solex. Wanneljende Poddestoel. Gersmeaner. Smûgende Stofsûger.
Dêrnei betochten we tegearre noch mear nammen. Reesslak. Razende Jojo. Spetterjende Pispot. Brullende Bromfytshelm. Fulde Tomaat. Utklaaide Stikelbaarch. Skylpod Turbo. Leavehearsbistje.
En doe wist ik fansels noch folle mear. Gouden Ingeltsje. Geloksbeestje. Hearepykje. Krûpelhintsje. Kofjebeantsje.
‘Ho mar,’ sei Joazef, ‘do hast wûn. Hast ek sin oan wat?’
We haffelen elk in appel op. En wer wie it in hiel skoft stil.
Op it lêst stjoerde Joazef de auto fan de grutte dyk ôf. Even letter fûnen we in stil dykje mei in berm fol moaie blommen. We ieten eigenmakke bôle en dronken kâlde Roosje-molke út 'e termoskanne.
‘Dat jonkje fan dy,’ sei ik, ‘hoe sjocht dy derút?’
‘Ik ha him jierren net sjoen.’
‘Mar doe't er lyts wie dan. Hast net in foto fan him?’
‘Ja, thús, op 'e buorkerij.’
‘Mar hast 'm net op in kastje te stean of oan de muorre te hingjen.’
‘Nee, omdat er der no oars útsjocht.’
‘Mar hoe seach er derút doe't er lyts wie?’
‘In fyn jonkje, mar net meager. In prachtich kopke mei grutte dreamerige eagen. Blonde krullen, mar dy waarden doe al wat donkerder.’
‘Hast faak mei him boarte?’
‘Ja. Simmers tintsjebouwe. Of tegearre yn it opblaasbad. Balje yn 'e tún. Teminsten, as we om myn lyfje har blommen tochten.