Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 183]
| |
Haadstik 40
| |
[pagina 184]
| |
‘Miskien moat ik moarn ris mei har prate.’ ‘De hiele weareld hat al mei har praat: pake, beppe, de juffrou fan skoalle, buorfrou Joldersma. Us mem feroaret noait.’ ‘In minske kin altyd feroarje, Dingeman. Do bist fan 'e wike ek feroare, dat hast sels sein.’ ‘Ja, en dêrom wol ik hjir ek wenjen bliuwe.’ Joazef lei in hân by my op 't skouder. Ik woe 'm fuorthelje, mar ik die it net. ‘Ik praat moarn mei jim mem,’ sei er. ‘Sille we no de wjukken sakje litte?’ ‘Lit mar sitte,’ sei ik, ‘ik fertel sa wol.’ Sa die ik myn ferhaal op 'e Wjukkestoel mei tichte wjukken.
Ga naar voetnoot+Der wie ris in man, hy hite Joazef. Hy krige genôch fan syn lyfje en fan syn baan as direkteur fan in stofsûgerfabryk. Op in dei naaide er út en kocht fier fuort in âlde boerepleats. Midden yn 'e weareld, net ien koe him fine. Hy fermakke him mei syn bisten, de natuer en âlde boeken. Fierder mocht er graach tekenje, skilderje en bysûndere bouwurken meitsje. Alle dagen smookte er in sigaar, en sa wie er tefreden. Mar nei in pear jier begûn er him iensum te fielen. Hy woe wolris tsjin ien prate, it leafst in bern. Want hy hie in soad te fertellen, en bern kinne goed lústerje. Mar hoe krige er in bern? Hy skreau in prachtige brief oer in boerefakânsjekamp foar tolve jonge dielnimmers. Mei oppaspakes, foarlêsbeppes en alles derby. Undertekene: Roosje Hoppe. Want dat wie san skattige namme. Dy brief foel yn 'e bus by Dingeman. Dingeman wenne yn it saaiste hûs fan de stêd, tegearre mei syn akelige madammemem. Se wie geregeld op stap mei flitsende jonges yn djoere auto's, en dan liet se foar him in oppas oanrukke. Dingeman | |
[pagina 185]
| |
wie bliid mei de brief, en syn mem net minder. No wie se him teminsten in wike kwyt, want se soe krekt mei in rike patser op fakânsje nei Frankryk. Dy hie dêr in hûs. Mei in lúkse taksy waard Dingeman ophelle en nei de boerepleats fan it kamp ta riden. De sjauffeur liet him der netsjes út, joech him in hân en ried fuort. Dêr stie Dingeman. Oare bern wienen der net, pakes en beppes likemin. Wa't der wol wie, wie Joazef. Dingeman fûn him dalik aardich, mar hy waard lilk op him doe't er deromhinne draaie woe dat hy dy Roosje Hoppe wie. Joazef gûchele trouwens wol faker mei nammen. Earst hite er De Boer, letter wer Kingma. Gûchelje koe er ek mei dartpylkjes en dobbelstiennen. Hy joech noch in hiele demonstraasje, om sjen te litten hoe't er altyd oan bern kaam foar syn kampen. Mei postkoades en sa. Sa wie it krekt as hie er alle jierren bern. Letter kaam Dingeman derachter dat Joazef him wat wiismakke hie. Der siet mar ien prikgatsje yn it postkoadepapier, it gatsje fan de demonstraasje. Undertusken hie Dingeman de wike fan syn libben. Dat er op sa'n wûnderlike manier by Joazef kommen wie, stie er net mear by stil. Ja, in inkele kear, mar dan tocht er gau wer oan wat oars. Hy fielde him hielendal thús by Joazef op 'e buorkerij, en op it lêst woe er noch mar ien ding: dêr wenjen bliuwe. Joazef hie dat ek wol fernommen fansels, mar hy die krekt as wist er fan neat. De deis foardat Dingeman werom soe nei hûs, hearde er Joazef lûdop sizzen dat er by him wenjen bliuwe mocht. Joazef sei dat Dingeman dat dreamd hie, en hy woe der neat fan witte. Mar it wie dúdlik beloofd. Ga naar voetnoot+
‘No kinst better ophâlde,’ sei Joazef. Hy wreau him oer de holle. ‘Dit wurdt sa in ferfelend ferhaal. It bedjert ús moaie wike.’ | |
[pagina 186]
| |
Ik sloech de holle del. ‘It kaam fan de tichte wjukken,’ sei ik. ‘Do hast gelyk,’ sei Joazef, ‘dy briefen dy postkoade-show wie geheimsinnichdoggerij. Mar ik hie der wol in reden foar. Ik moat dy wat fertelle: ik ha in jonge like âld as do.’ ‘Do in jonge like âld as ik?’ ‘Ja. En al dy jierren dat ik hjir wenje, ha ik him net sjoen. Mar alle dagen tocht ik oan him. Soms stie ik foar it keamersrút te sjen. Dan ferbeelde ik my dat er hjir it hiem op rûn en de hân nei my opstuts. Ik ha sels hutten foar him makke, en dan prate ik tsjin him.’ ‘Ha ik hjir dêrom fan 'e wike west?’ ‘Ja, hy is no fan dyn leeftyd.’ ‘Hast hjir noait oare bern hân?’ ‘Nee.’ ‘Mar hoe hast my dan fûn?’ ‘Ik ha yn deselde stêd wenne as do.’ ‘Do? By ús yn 'e stêd?’ ‘Ja. Fynst dat in raar idee?’ ‘Dan hyt dy jonge seker Marc.’ ‘Nee, mar hy soe sa hite kinne.’ ‘No dochst al wer geheimsinnich.’ Joazef kaam oerein en grypte nei de holle. ‘Ik leau dat ik net hielendal by de tiid bin, Dingeman. Ik ha barstende pinekop. It spyt my, moarn prate we fierder. En dan praat ik ek mei jim mem.’ We gienen yn 'e hûs. Letter op bêd lei ik noch skoften wekker. |