In swart gat, alles is dearûn. Sjoch wêrst weikomst en begjin in hiel nij libben.
Ik gie wer achter Joazef oan, mar ik helle him net mear yn. Hy tripke kalm fierder en kaam as earste by 63 út.
‘It is mar in spultsje,’ sei ik.
‘Ja,’ sei Joazef, ‘in spultsje, mar tagelyk in reis troch it libben.’
‘Binne dy nûmers dan leeftiden?’
‘Sa kinst it besjen. Ieuwenlang ha minsken bang west dat se op har 63ste deagean soenen, fandêr de 63 fakjes. De Romeinse keizer Augustus wie sa bliid dat er dy leeftyd helle hie, dat er syn freonen in brief skreau om himsels te felisitearjen. Dêrnei hat er trouwens noch fjirtjin jier libbe.’
‘It kloppet net,’ sei ik. ‘Us mem is 31, mar se sit net yn 'e put. En do? Hoe âld bisto?’
‘Ik bin 36.’
‘Dat kloppet wol! Hee Joazef, moatst sjen, dizze tekening! In grutte guos mei in jong. Dat binne do en ik.’
‘Al wer?’ lake Joazef.
Hy woe noch in spultsje, mar ik hie gjin nocht mear.
‘In stik taart dan. It moat allegear op, hear.’
Nei it taartsnobjen pakte Joazef it guozzespul wer yn.
‘Bring dy dobbelstiennen mar werom,’ sei er. ‘Ik kin nije wike min allinnich sitten gean te spuljen.’
Ik brocht de dobbelstiennen nei de keamer. Ik lei se werom yn it doaske mei it dartpylkje en it papier mei de tweintich hokken. Sûnder dat ik sels wist wêrom, krige ik it papier derút en tearde it iepen. Ik rûn dermei nei it rút en hold it tsjin it ljocht. Ik koe myn eagen net leauwe - der siet mar ien prikgatsje yn! It prikgatsje fan moandei, by Joazef syn demonstraasje. It prikgatsje yn it fakje fan de letter R. Doe de R fan Raar, no de R fan Riedsel.