- Noch fierder? Wolst my it moeras yn ha? Nee, ik bin hjir goed teplak?
- Ja, elkenien wol hjir wol bliuwe. Behalve de postdo.
- Postdowen bliuwe oan 'e gong. Ik moat der net oan tinke dat se my wer nei de bergen tôgje soenen.
- Ik soe hjir ek wol bliuwe wolle.
- Do? Do bist noch jong. Moatst earst noch reizgje en om dy hinne sjen. Earder witst net wat dyn plak is.
- Mar ik ha al in hiele reis hân, hear.
- No, dan bliuwst toch hjir?
- Mar ik wenje hjir net.
- O, mar it went hjir gau.
- Ik bin al lang wend, mar ik moat werom nei ús mem.
- Wêrfoar? Bist ommers al geboaren. Us mem wie in berch, mar tinkst toch net dat ik dêr wer hinne gean. Nee, dan moatte se my derhinne slepe.
- Se fine dy fêst te swier.
- Salang at se dat mar tinke.
- Mar do bist toch swier?
- Ik bin sa licht as in fearke.
- Mar juster op 'e karre...
- Omdat se dan mei my begjinne te heisterjen. Dêr wurd ik swier fan yn 'e holle. As ik hjir lis, bin ik sa licht as in fearke. It fielt as ha ik wjukken.
- Pfff, in balstien mei wjukken!
- Hoechst net sa te blazen. Ik lis no mei myn hiele gewicht op fjouwer stienkrobben, mar se krûpe dêrûnder dat it in lust is. Licht of net?
- Dat wol ik wolris sjen.
- Nee, net optille, gjin geheister. Ast my dan wer delleist, druk ik se allegear dea.