Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 155]
| ||||||||||||
Haadstik 35
| ||||||||||||
[pagina 156]
| ||||||||||||
‘Ik ha ek noch in aai fûn. It lei dêr midden oer de weareld, net iens in kûltsje yn it gers.’ ‘It is fan ien fan de einen. Dy lizze wolris in aai wei. Dan moatte se it kwyt en skite it samar ergens hinne.’ ‘Ik wol sjen of it yn myn aaiboek stiet.’ ‘Toe mar, dan lit ik de wjukken sakje.’ ‘Wat wurdt it foar ferhaal?’ ‘Ik wit net wat de stoel wol.’ De stoel woe dit:
Ga naar voetnoot+Menear Hearepykje stie op 'e griene blêdberch. Hy knapte twa kear mei syn reade dekskylden poepfol swarte stippen, en alle lytse krobben wienen stil. Menear Hearepykje wachte even, sa't skoalmasters wachtsje foardat se in lange preek ôfstekke. Doe kamen de kaken yn beweging, en hy sei: ‘Soa, lytse krobben, dus dêr wienen jim al. Samar op 'e grutte skoalle. Juster wienen jim noch poppen, hjoed begjint it echte wurk. Myn namme is Hearepykje, en ik woe graach begjinne. Wolkom op De Skjinne Slaadkrop, de bazeskoalle foar hiel Grientelân.’ ‘Pssst, Pykjebrea,’ flústere in lytse krobbe tsjin syn buorfrou, ‘hearst dat? We sitte op 'e basisskoalle! Machtich, net?’ Menear Hearepykje seach de klasse oer. ‘Hear ik dêr no al ien praten? Wa wie dat?’ De lytse krobbe stuts in poatsje op en luts it kopke yn 'e nekke. ‘Hoe hytsto?’ ‘Kofjebeantsje, menear.’ ‘Soa Kofjebeantsje, kom do mar ris boppe.’ Kofjebeantsje krûpte oer de slaadblêden omheech en bleau foar menear Hearepykje stean. | ||||||||||||
[pagina 157]
| ||||||||||||
‘Tinksto datsto it de krobben better fertelle kinst as ik, Kofjebeantsje? Ik soe sizze, gean dyn gong.’ Menear Hearepykje die in stapke nei achteren. Yn 'e klasse begûnen in pear krobben te laitsjen. ‘Nee, no komt der neat út, hen. No stiet Kofjebeantsje mei de kaken fol tosken. Wat seidesto dêr tsjin dyn buorfrou?’ ‘Ik sei: no sitte we op 'e basisskoalle.’ ‘Mei ik dat lêste wurd noch ien kear hearre? Mar no yn stikjes graach.’ ‘Ba-sis-skoal-le.’ Kofjebeantsje knikte dapper by elk wurdlid. ‘Ik kin fernimme datsto net goed lústere hast. Dat krijst fan dyn gepraat. Do sitst hjir op net op in basis-skoalle, mar op in baze-skoalle. Ba-ze-skoal-le. Sis mar nei.’ ‘Ba-ze-skoal-le.’ ‘Soa, en witsto ek wat dat besjut?’ ‘Dat menear hjir de baas is, menear?’ ‘Ja, menear is hjir de baas. En wat noch mear?’ Kofjebeantsje luts de dekskyldsjes omheech. ‘Ja, oan de skouders lûke. Gean mar gau werom nei dyn plak, dan begjin ik oernij. - Lytse krobben, wolkom op De Skjinne Slaadkrop, de bazeskoalle foar hiel Grientelân. Wêrom bazeskoalle? Omdat ik, menear Hearepykje, allegear bazen fan jim meitsje. Baas rôvers, wol te ferstean. Rôvers, goed ûnthâlde. Ik wit net of jim sa wiis al binne, mar ús soart hyt Leavehearsbistje, út 'e famylje fan de krobben. Leavehearsbistje ,tink om dy namme. Dat “leave” is allinnich foar de fersiering, it giet om “hears”. It wol sizze dat jim hearse moatte, dan binne jim hearsers. Baas hearsers. Wat binne hearsers? Hearsers binne bazen. Koart sein komt it hjir op del: menear Hearepykje makket baas bazen fan jim. Dan binne jim ek gjin bistjes mear, mar bisten. Hearsbisten! Binne hjir fragen oer? - Ja, do? Hoe hytsto?’ | ||||||||||||
[pagina 158]
| ||||||||||||
‘Krûpelhintsje. Menear seit dat wy rôvers en hearsers wurde moatte. Mar wat moatte wy dan rôvje? En oer wa moatte wy hearse?’ ‘Do bist net achterút, Krûpelhintsje. Wat moatte wy rôvje? Antwurd: bledluzen. Oer wa moatte wy hearse? Antwurd: oer de bledluzen. Jim sille se noch wol kenne út jim eardere libben as larf. Doe frieten jim wolris ien op, mar wat ik al sei: no begjint it echte wurk. Hoe sjogge luzen der ek al wer út? Let op. Twa luzige millimeters lang, in parfoarmich luzeliif, smelle luzekop, griene of brune luze-eagen, trochsichtige luze-wjukken. Binne der fragen? - Dat lytse famke dêr? Namme graach.’ ‘Gouden Ingeltsje,’ klonk it helder. ‘Menear, ik ha as larf noait bledluzen iten. Ik bin namelik fegetariër. En ik fyn se ek net lekker.’ ‘En do hast se noait hân, seist. Fanke, do witst net wêrst oer praatst. O, se smeitsje sa hearlik. Om dyn poatsjes by ôf te slikjen.’ ‘Menear fynt se lekker,’ sei Gouden Ingeltsje, ‘en de oare bern miskien ek, mar ik net. Ik bin gjin luze-iter.’ Menear Hearepykje glimke. ‘Ik bin ek gjin luze-iter, Ingeltsje, ik bin in luzefretter. En dat kinsto ek wurde.’ ‘Dan leart se mar om luzen te iten, of net, menear,’ sei Krûpelhintsje, dy't wol wer in komplimint ha woe. Menear Hearepykje gie der net op yn. Hy draaide him heal om, mei it linker dekskyld nei de klasse ta en sei: ‘Sjogge jim hoefolle stippen at ik hjir ha?’ Hy joech sels it antwurd, dan klonk it better: ‘Tolve!’ It rjochter dekskyld kaam foar. ‘En hjir? Ek tolve! Wit ien fan jim hoefolle 12+12 is? Do, eh...’ ‘Hearehintsje, menear. Ik wit it wol, 12+12=24.’ ‘Wêr hellest it wei,’ pochte menear Hearepykje. ‘Mar no nei dy | ||||||||||||
[pagina 159]
| ||||||||||||
[pagina 160]
| ||||||||||||
stippen. Dy stippen binne earetekens. Krijst se net samar, do moatst se ien foar ien fertsjinje. - Hoe tinksto, Gouden Ingeltsje, dat ik dy stippen fertsjinne ha? Troch fegetariër te wêzen? Nee, troch in luzefretter te wêzen! In rôver! In baas! In hearsbist!’ ‘Kinne wy ek stippen fertsjinje, menear?’ frege Krûpelhintsje. ‘Dat sil ik jim fertelle. Hjoed ha we allinnich noch mar túnferkenning. Mar fan moarn ôf gean jim, de hiele simmer lang, alle dagen achter de luzen oan. Elk krijt in teller mei, om by te hâlden hoefolle luzen at er snapt. In bytsje hearsbist pakt 60 luzen op in dei, in baas hearsbist wol 100. Mar no komt it: by elke 500 komme jim hjir, en dan krije jim fan my in stip.’ ‘Dan hat menear der 120 dagen oer dien,’ sei Hearehintsje. ‘Do moatst letter teller wurde, jonge. Binne der noch fragen? - Nim my net kwea-ôf, famke, ik ken alle nammen noch net.’ ‘O, ik hyt Geloksbeestje. Menear, ik fyn it wol sneu foar Gouden Ingeltsje, want no krijt sy miskien gjin stippen.’ ‘Dêr kin ik neat oan dwaan, Geloksbeestje. Gouden Ingeltsje moat mar omstean leare. Ik doch ek wolris dingen dêr't ik gjin sin oan ha. Wy foarmje hjir meielkoar in groep, en dan kinne we net mei elk persoanlik rekken hâlde. Fragen? Gjin fragen. Moai, dan gean we no de tún yn.’ De dagen dêrnei die elk omraak syn bêst om safolle mooglik bledluzen te fangen. Ek Gouden Ingeltsje die har bêst, mar alle kearen as se ien trochslokt hie, stie se te kokhalzjen. En letter kaam it soer har op. ‘Sjoch, moatst sa dwaan,’ sei Geloksbeestje en hapte samar wer in bledlús op. ‘Eagen ticht, en net by neitinke.’ Gouden Ingeltsje die it nei. Se kaude mei lange kaken. De seisde dei wie it feest. Krûpelhintsje hie, as earste fan de groep, 500 luzen helle. Se rûnen allegear yn optocht nei bazeskoalle De Skjinne Slaadkrop. | ||||||||||||
[pagina 161]
| ||||||||||||
Menear Hearepykje rôp Krûpelhintsje nei foaren en hold in koarte taspraak. ‘Hearsbisten! Alle dagen binne bysûnder, mar dizze dei is bysûnder bysûnder. Hjoed krijt ien fan jim syn earste stip. Alle hearsbisten binne bazen, mar guon hearsbisten binne baas bazen. Us freon Krûpelhintsje bygelyks: 500 luzen yn noch gjin seis dagen tiid. Hy krijt hjoed syn earste stip, en it sil net syn lêste wêze. Ik beslút mei de winsk út te sprekken, dat jim allegear in foarbyld oan him nimme sille. Ik ha sein.’ Alle hearsbisten klapten mei de skylden. Doe waard it stil. Krûpelhintsje gie plat op 't liif lizzen. Menear Hearepykje taksearde de sinne en die in pear stapkes omheech. Doe helle er in lytse glêssplinter foar 't ljocht en hold him boppe Krûpelhintsje. Dalik sprong der in sinnestrieltsje yn it glês. By Krûpelhintsje op 'e rêch begûn it te rikjen. Minder as in tel, langer wie it net. De measte hearsbisten klapten, mar in pear fûnen it yslik. Ynienen wie it allegear gepraat. ‘Mei ik ris sjen? Wat moai.’ ‘Moarn krij ik ek in stip.’ ‘Toe ju, ik sjoch sa neat.’ ‘Die it ek sear?’ Menear Hearepykje knapte twa kear mei de skylden. ‘Moai, we ha 'm no allegear sjoen. Dan jou ik no de stân yn it Stippeklassemint, opmakke nei fiif dagen. De heechste is Krûpelhintsje fansels: 500 luzen. Dêrnei komme Hearehintsje en Kofjemooltsje mei respektivelik 488 en 452 luzen. Dy sjoch ik hjoed noch wer foar har earste stip, mar dan ha we gjin feest. We bliuwe net oan 'e gong. | ||||||||||||
[pagina 162]
| ||||||||||||
Jim hearre it goed: 74. Dat is noch gjin fyftjin luzen deis, mar it is in begjin. En no allegear wer oan 't wurk.’ De wiken dêrnei gie it wat better mei Gouden Ingeltsje. Dat wol sizze, se fielde har net better, mar se iet no al mear luzen. Soms wol 25 deis. Se die it om derby te hearren. En sa helle sy ek har earste stip. Letter kaam der noch ien by. Mar doe hie Geloksbeestje al sân stippen, en Krûpelhintsje fjirtjin. Gouden Ingeltsje wist dat se de tredde stip noait helje soe. De oaren wisten it ek. De measten laken derom, stutsen har de gek oan of skelden har út. Dan neamden se har ‘Dûbele Punt’ of ‘Dûbeltsje’. Foaral dat lêste koenen se hiel feninich sizze. Op it lêst hie Gouden Ingeltsje har nocht, en se naam in beslút. Se die har dekskylden iepen, stiigde op en fleach oer de hage fan de tún. Se fielde har wjukken, licht en frij. It wie in machtich gefoel! Se fielde de romte om har hinne, en de romte yn har. Hearlik wie it! En wat wie de wrâld noch grut! Underweis seach se oare tunen, mei wer oare paadsjes, oare planten, oare slaadkroppen ek, mar se wist fansels net of ergens in fegetarise krobbeskoalle wie. | ||||||||||||
[pagina 163]
| ||||||||||||
Miskien wie der ek hielendal net ien. Miskien wienen oeral stippeklasseminten. Miskien kaam se oeral pestkoppen tsjin. Altyd en ivich. Oeral itselde. Mar it koe har neat skille. Want der wie no ien ferskil: se wist wat it wie om te fleanen. Ga naar voetnoot+
‘Ik soe ek wol fleane wolle,’ sei ik tsjin Joazef. ‘Do?’ ‘Ja, as ik in fûgel wie. Of in gouden ingeltsje.’ ‘It wie trouwens dy meester syn skuld dat se pest waard,’ sei ik. ‘Sa'n meester ha ik ek.’ ‘Dat binne gjin meesters.’ ‘It is ek ús mem har skuld,’ sei ik. ‘Ik moat der altyd netsjes byrinne. En ik mei noait bern ha te boartsjen.’ ‘Mar hjir hast ek gjin bern te boartsjen.’ Joazef seach my oan. ‘As ik hjir wenje soe, toch wol?’ ‘Ja. Mar kom, it wurdt al tsjuster.’ Joazef sloech de earm om my hinne, en sa rûnen we oer it hiem. ‘Do bist gjin fegetariër, hen?’ sei ik. ‘Nee, ik mei graach in stikje fan de ko en fan de baarch.’ ‘Binne dy der trouwens wol yn 't echt, fegetarise leavehearsbistjes?’ ‘Ja, ien soart. Se neame him de 24-punctata, 24 punten, stippen dus.’ ‘Hee, krekt oarsom as yn it ferhaal!’ rôp ik. ‘Ja,’ sei Joazef, ‘mar it moaiste is, hy hat hielendal gjin 24 stippen! Allinnich wat rûge flekken, mear net.’ ‘Ik hâld wol fan rûch,’ sei ik. ‘Dat komt goed út, want ik fûn Gouden Ingeltsje krekt de leafste út it ferhaal.’ | ||||||||||||
[pagina 164]
| ||||||||||||