‘Practische wenken?’ frege Joazef. ‘Wêr mei dat oer gean?’
‘It is in boek om te learen hoest figueren meitsje kinst fan marsepein,’ sei ik. ‘Fruchten, grienten, blommen - alles kinst boetsearje. Ik tink dat it ek gewoan mei deech kin. Nije wike meitsje ik fan bôle gjin huzen, mar roazen en perziken en tomaten.’
‘Nije wike?’
We seagen elkoar oan.
‘Wat hasto útsocht?’ frege ik ynienen.
‘Noch neat. Ik ha hjir in map mei reproduksjes fan skilderijen, mar ik kin net kieze. Wolsto my helpe?’
Ik socht twa reproduksjes út.
‘Dy binne wol hiel ferskillend,’ sei Joazef.
‘Ja,’ sei ik, ‘mar se gean beide oer fleanen, en dêrom fyn ik se moai.’
We rûnen nei de toanbank, en Joazef rekkene ôf.
De reproduksjes waarden netsjes ynpakt, tusken twa stikken hurd kerton. Undertusken die ik de boeken yn 'e tas.
‘Klear, Dingeman? Dan gean we.’
‘Jozef,’ groete it âldmannekopke en knikte.
‘Laurens,’ sei Joazef en stuts de finger omheech.
‘Laurens,’ sei ik, ek mei de finger omheech.
‘Dag, Dingeman.’ It kopke knikte en lake.