Haadstik 31
‘Veel bittere tranen huil ik om jou’
‘Dingeman! Dingeman, komst derôf?’
It wie de stim fan Joazef, ûnderoan de trep.
Ik trappele de tekkens nei it fuottenein en seach dat it al healwei tolven wie. Ik hie my finaal fersliept. En we soenen noch nei de stêd.
Hals oer kop klaaide ik my oan en davere nei ûnderen.
‘Hiest my net earder roppe kind?’
‘Moarn, Dingeman. Of middei, mei ik wol sizze.’
‘We soenen hjoed nei de stêd ta, Joazef. Dat hast juster sels sein.’
‘Mar de dei is noch lang. We hienen toch net earder fuort kind. Skoften wurk hân mei dy rolstoel. Ik ha der trouwens ek in namme foar. De Hynstvalidekarre.’
‘Ja, do bist wol goed yn nammen,’ sei ik. ‘Kingma de Boer!’
Joazef seach my fol ferbazing oan.
‘Lit mar,’ sei ik. ‘Hast al by Hoppe sjoen?’
‘Dat wie fan 'e moarn myn earste reis. Hy hat in hantsjefol biks opknabbele, fierder wie it itselde as juster.’
‘Hoe let gean we no fuort?’
‘We krije aansent earst in pear stikken bôle, en dan gean we dy kant út. As we yn 'e stêd wer sin oan wat ha, ite we dêr in waarm miel.’
Ik woe dalik nei bûten om de rolstoel te besjen, mar earst gie ik by Hoppe en de mûzen lâns.
Hoppe lei te sliepen. Echt te sliepen.
De mûzen hienen fan har bôlestêd ien ruïne makke.