bleau ik op 'e ljedder stean en lei de ûnderearms op 'e houten souderflier.
Mei de bûslampe koe ik net de hiele romte beskine, mar ik seach dalik al dat der moaie dingen leinen: âlde boeken, skilderijen, foto's fan skilderijen, gipsen bylden, triedkonstruksjes, spegels. It hert kloppe my derfan.
Ik klom op 'e souder, die in pear stappen en skynde yn 'e rûnte. Ik seach stikken beskildere spaanplaat, tekeningen, in optearde tinte, in sitbad, in waachskaal, blikken mei ferve, ja, wat al net. En Joazef hie gelyk, der stie ek in kertonnen doaze mei de namme ‘Wonder Boy’ derop.
Ik krige in pear boeken yn hannen en beseach in stik of wat skilderijen. Ik fielde oan in byld fan gips. Ik rûkte oan in baal skieppewol en blêde yn in steapel âlde posters. Sa reizge ik fan it iene nei it oare.
Ynienen foel my it each op in grutte brune koffer. Hy wie stiif tsjin it skeane dak oan skood. Ik gie op 'e knibbels lizzen en luts de koffer nei my ta. Hy wie net swier. Op it deksel stie mei swarte filtstiftletters: kingma's kistjes. It wie Joazef syn hânskrift.
De koffer hie twa slotten. Se begûnen al wat te rustkjen, en ik moast der izertried by krije om se los te wrotten. Mei bibberige hantsjes makke ik de koffer iepen. Ik wist net wat ik seach - hy siet fol sigarekistjes!
Ek op 'e sigarekistjes wienen dingen skreaun. Ik skynde yn 'e koffer en lies: Miggen I, Krobben IV, Flinders II, Libellen I, Krobben II.
Ik krige it kistje mei ‘Miggen I’ derút en makke it foarsichtich iepen. Yn it kistje seach ik, fêstprikt mei spjelden, seis deade miggen. Of teminsten, wat der noch wat fan oer wie. Ien hie syn kop ferlern, twa oaren misten elk in wjuk.