Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 118]
| |
Haadstik 28
| |
[pagina 119]
| |
‘Soms hast it mei skriuwen ek,’ sei ik. ‘Mei myn ferhaal oer de Dingeman 2000 gie de pinne automatys. Hy woe hieltyd hurder en hurder. Ik koe him op 't lêst hast net byhâlde.’ ‘Us beppe breide altyd sokken,’ fertelde Joazef, ‘tik-tik-tik, net te folgjen. Mar ûndertusken koe se der rêstich in boek by lêze. De breipriemmen dienen it wurk.’ ‘Dan koest der seker ek hurd op rinne, op dy sokken.’ ‘Ofgryslik. As se dy achternei sieten, hellen se dy noait wer yn.’ Ik bleau noch in skoftsje by Joazef stean te sjen. Doe sei ik dat ik noch even nei Hoppe en nei de mûzen ta woe. Joazef knypeach-knikte fan ‘toe mar’. Yn 'e skuordoar draaide ik my om en rôp: ‘Do giest aansent op 'e Wjukkestoel, goed?’ Joazef stuts de tomme omheech. Oardel oere letter fertelde er syn ferhaal.
Der wie ris in keningin. No ja, watst in keningin neamst. Se wenne yn in lyts paleiske, en se hie net iens in lân om oer te regearen. It wie eins in keningin fan neat, mar dat wist se sels net. Ga naar voetnoot+ It is fansels net slim om yn in lyts paleiske te wenjen, as it dan mar gesellich is. Mar dat wie it net. Alles wie sa skjin en netsjes, dat der noch gjin spin te finen wie dy't der langer as in middei wêze woe. It is ek net slim om in keningin fan neat wêzen, ast dan noch mar aardich bist. Mar dat wie se net. Se wie sa string en defterich en presys, dat it koperwurk fan skrik begûn te glânzjen as majesteit foarbykaam, ek al wie it noch sa dof. En alle kopkes trillen yn 'e glêzen kasten, deabenaud dat se net hielendal rjocht stean soenen. | |
[pagina 120]
| |
De keningin hie ek in feint, en hy wie goed foar alle wurk. Hy hite Jarich, mar de keningin neamde him altyd ‘James’. Se rûn de hiele dei achter him oan te kommandearjen, omdat se fûn dat soks by keninginnen heart. Alle nachten klingele se him fan 't bêd, ek al wie der neat te rêden. De feint hie al in pear kear fan doel west om fuort te rinnen, mar it wie der noait fan kommen. Hy hie it ek goed fan iten en drinken (dêr soarge de keningin wol foar) en hy wie op 't lêst ek hiel wat wend. Wat de feint it measte pleage, wie dat er it keninklik ark net brûke mocht. Der siet wolris in daksgoate los, of de troan begûn te wibeljen, of it lekte yn 'e keuken, mar dan hie er oars net as in wrakkich hammerke en in gammel tankje om it te ferhelpen. O ja, en in rustich meske foar it mos tusken de stiennen fan de keninklike reed. Fierder moast er alles mei de hannen beklauwe. It keninklik ark wie útstald yn it keninklik arkhok. Hammers, sagen, tangen; beitels, boaren, skaven, bilen; ringsleutels, dopsleutels, steksleutels (allegear fan grut nei lyts), hiele rigen skroevedraaiers - it wie in museum gelyk. Alles hong dêr mar netsjes, skjin en splinternij te wêzen. Op fjouwer wite arkbuorden, oan elke muorre ien. De iennige kear dat de feint it ark yn hannen krige, wie op Nasjonale Arkpoetsdei, ien kear yn 'e wike. Dan helle er alle stikken ark, ien foar ien en hiel foarsichtich, fan de muorre. Hy wreau se mei in wollen lape en hong se wer teplak, elk stik ark wer yn syn eigen silhûet. Dat hie allegear noch tiden sa trochgean kind, as doe net op in nacht it ark yn aksje kommen wie. Elk hong him fansels al jierren te ferfelen. Yn 't earstoan wie de poetsdei noch in moai fersetsje, mar al gau wie de aardichheid derôf. Ark wol net poetst wurde, ark wol wat dwaan. | |
[pagina 121]
| |
Dy nacht (de keningin en de feint leinen al te sliepen) naam de klauhammer it wurd. Sa't de liuw de kening fan de dieren is, is de klauhammer de kening fan it ark. ‘Arkgenoaten,’ sei er, ‘ik ha tiid hân om te tinken. Harkje goed. Alle ark is keninklik. Of it no brûkt wurdt yn paleizen, timmerloadsen of garaazjes, alle ark is keninklik. Mei ik dat ien kear fan jim hearre?’ En rûnom fan de fjouwer buorden klonk it yn koar: ‘alle ark is keninklik!’ ‘Mar, arkgenoaten,’ gie Klauhammer fierder, ‘binne wy hjir keninklik? Nee, dat binne wy net. Hoe sil ark dat noait brûkt wurdt, keninklik wêze? It hat syn eare ferlern, en it libben is derút. Mar sa sille wy net fierder, arkgenoaten. Mei ik dat ien kear fan jim hearre.’ En fan alle kanten klonk it: ‘sa sille wy net fierder!’ ‘Ssssssst!’ sistere Klauhammer troch it gat tusken beide tosken. ‘Stil, lit ús gjin sliepende feinten en foarstinnen wekkermeitsje. Goed, sa sille wy net fierder, mar hoe dan al? Wa mei ik it wurd jaan?’ Knyptange, dy't faak mei it bekje foaroan stie, wie ek no de earste. ‘Ehum,’ sei er. ‘Ik hie sa tocht: wy dogge hjir alle dagen fitness-oefeningen. Ja, alles yn 't geheim fansels. Mar dan binne we teminsten yn beweging. Ik wol sels de lieding wol ha.’ Der waard fan alle kanten mompele. It like de measten neat ta. Lytse Steksleutel stuts it fingerke op. ‘Ik soe graach fan plak ferwikselje wolle,’ sei er. ‘Ik kom yn 'e famylje altyd achteroan. Ik wol no wolris ruilje mei myn grutte broer dêr. Miskien dat ik dan wer wat fleur yn 't libben krij.’ ‘Praat fan in lyts bern,’ skelde Grutte Stienbeitel. ‘Wy moatte | |
[pagina 122]
| |
[pagina 123]
| |
hjirwei. Moker en ik kapje in gat yn 'e muorre, en dan naaie we allegear út. Elk moat dêrnei mar wurk sykje.’ Dat makke de stimmen pas goed los. Sa te hearren wie hast elk it dermei iens, en se fûnen it allegear no al spannend. Klauhammer tikke tsjin it boerd. It duorre even, mar doe wie it stil. ‘Fierder noch ideeën?’ frege er. ‘Nee? Moai, dan witte we dat. Sjoch, Stienbeitel syn idee om út te naaien, hie ik fansels ek al yn my omgean litten. My tinkt, it hat net folle kâns fan slagjen. De tangen ûnder ús kinne aardich út 'e fuotten, mar fierwei de measten hjir rinne op ien foet. Dat wurdt dus hinkje. No mei dy feint hjir in deadeling wêze, hy hat ús sa te pakken.’ ‘Dêrom sis ik: fitness,’ besocht Knyptange noch in kear. ‘Dêr komt by,’ gie Klauhammer fierder, ‘wa hat hjir no in bytsje ferstân: madam de majesteit of wy? Ik hear neat. Do, Knyptange?’ ‘Madam de majesteit,’ sei Knyptange sacht. ‘Dus wa moat hjir no wei?’ ‘Madam de majesteit,’ sei Knyptange wer. ‘Sisa, no bin we der. Arkgenoaten, sa't ik al sei: ik ha tiid hân om te tinken. Harkje goed. Ik hie tocht, wy sille hjir de boel ris goed ferbouwe. Nije wike giet madam de majesteit op fakânsje nei Itaalje. Ik ha it de feint sels mompeljen heard.’ ‘Dat is wier,’ gnyske Tomstok, ‘hy libbe der hielendal fan op.’ ‘No, mefrou sil wat gewaar wurde,’ sei Klauhammer mei driging yn 'e stim. ‘As se fuortgiet, stiet hjir noch har deftige paleiske. As se weromkomt, ha wy it hiele spul feroare yn in buorkerij foar bern. Mei hinnen en geiten, mei bargen en bokken, in ko, in hynder, in pony, en in feint dy't alle dagen ferlet fan ús hat. Moatte jim ris sjen hoe gau't se wer fertrokken is. Dêrom sis ik: fertimmerje, de hiele hannel! Hear ik neat?’ | |
[pagina 124]
| |
En oeral wei klonk it: ‘fertimmerje, de hiele hannel! fertimmerje, de hiele hannel!’ ‘Dat tocht ik ek,’ sei Klauhammer, ‘mar no earst sliepe. We sille ús rêst noch wol noadich ha.’ In pear dagen letter wie it safier. Op in moarn kaam de feint fluitsjend it keninklik arkhok yn, en it wie net iens Nasjonale Arkpoetsdei. Hy helle in hammer fan it boerd en hufte dermei op 'e keninklike wurkbank. Hy socht de alderslopste sage út en spile de Woabbel Woabbel Blues. Hy krige yn elke hân in kombinaasjetange, knipte dermei yn 'e loft en dûnse de tango. Doe wisten se yn it keninklik arkhok wol hoe let it wie. Majesteit wie fuort. Tiid om te begjinnen. De wiken dêrnei wie it yn en bûten it paleiske in drokte fan komsa. De ferbouwerij joech safolle lawaai, it like wol as wienen der hûndert timmerlju oan 't wurk. Mar yn werklikheid kamen der gjin minskehannen oan te pas, want:
de mokers sloopten eigenhandich de bilen hakken samar út harsels de brekizers wrotten sûnder help de beitels koenen der maklik mei rêde de skaven skaafden dat it in lust wie de tangen lutsen, knipten en knypten de sagen sagen dat it wat die de hammers timmeren derop de filen raspen yn koar alle boaren boarren alle skroevedraaiers draaiden en de tomstok fleach fan hot nei her. | |
[pagina 125]
| |
De feint hie alles al in pear kear oansjoen. Hy tocht earst noch: - Ik wit net. Wat dit wurde moat... Mar op it lêst wie it him dúdlik: in buorkerij. Wa't it ek dúdlik wie, wienen de bisten. Earst kamen de spinnen, dêrnei de stienkrobben en de kakkerlakken. Doe wienen de mûzen oan 'e beurt, en dus kaam der ek in kat. Dêr kaam in ferdwaald skiep oanrinnen, dy socht it gelok. Doe wie der ek samar in raam, want dy socht wer in skiep. Even letter: in geit, fjouwer kninen en in baarch. Sa gie it mar troch, alle dagen kamen der bisten by. De feint wist net wêr't er earst of lêst sjen moast. Hy fûn it o sa gesellich wurden, mar tagelyk tocht er: - Dit sil derby stean as de keningin weromkomt. Dêr hie de feint gelyk oan. De keningin wie dûm. ‘Wêr is myn paleis keard?’ raasde se. ‘Hjir hat altyd myn paleis stien!’ ‘Paleiske, majesteit,’ sei de feint. Hy makke in lytse bûging en koe it laitsjen noch krekt ynhâlde. ‘Hâld do dy der bûten, James,’ rôp de keningin. ‘Mar wat ik sizze woe: witsto hjir mear fan ôf?’ ‘It ark, majesteit,’ sei de feint nederich, ‘jo ark hat it wurk dien. Ik ha der net in hân nei útstutsen.’ ‘Och, do suterige heale soal! It ark, it ark. It ark sil wat! Kin ik dan net iens in pear wiken fan hûs?’ ‘Tsja, jo kinne altyd noch beskermfrouwe wurde fan de bernebuorkerij, majesteit,’ draaide de feint. ‘Ik jou ta, it is wer hiel wat oars, mar it liket my wol in funksje ta dy't jo lizze sil.’ ‘Wat? Bernebuorkerij? Ik soe my gau de mûle spiele. Mar witsto wat? Ik gean hjoed noch nei Itaalje ta. En do sjochst my hjir net wer.’ | |
[pagina 126]
| |
‘Och, wat spyt my dat no aldermâlst,’ song de feint. ‘Sil ik de koffers foar jo tille, majesteit?’ Sa reizge de keningin fan neat nei Itaalje ôf, en dêr wennet se no noch. Teminsten, as se fan alle ergernis net deagien is. De feint, dy't eindelik wer Jarich hite koe, bleau op de bernebuorkerij. Hy fleure der hielendal fan op. It wie deselde man net mear. Ga naar voetnoot+Opfleur je die ek it ark. Want de feint mocht dan hiel wat mei de bleate hannen kinne - wat er it leafst yn hannen hie, wie in keninklik stik ark. |