Haadstik 27
Ik rin troch it iepen fjild en praat mei in deade hazze
Doe't ik allinnich troch it iepen fjild rûn, begûn ik te prakkesearjen. Alle fragen dy't soms moarns en jûns by my op bêd kamen, gienen my no wer troch de holle hinne.
Wie it wol werklik sa dat ik by Joazef wie?
Of hie ik in ûngelok hân en wie ik út 'e tiid rekke? Lei ik yn koma en libbe ik al dagen yn in dream?
Of siet ik thús yn 'e garaazje en beelde ik my alles yn?
Of hie ik alles opskreaun en wie it in ferhaal?
Ik seach om my hinne.
De blommen dy't ik seach, koe ik út myn boeken: koweblomkes, hynsteblommen, bûterblommen, reade en wite klaver. Ik snúfde. Ik woe witte of ik se rûke koe.
De fûgels dy't ik seach, koe ik fan plaatsjes. Ik herkende ljippen, strânljippen, in skries. Mar wienen se ek echt? Ik bûgde my en krige in fearke op dat yn it gers lei. Ik struts my der mei oer de rêch fan de hân. It kidele.
Ik seach foar my út.
Foar my lei de stêd dy't ik al sjoen hie út de Klimkalefater wei. Nee, it wie ús stêd net. It koe net oars, ik wie by Joazef. Mar dat rôp wer oare fragen op.
Wêrom hie er my hjirhinne helle?
Wêrom dy frjemde brief mei ‘Roosje Hoppe’?
Kloppe dat ferhaal fan de pylkjes en de dobbelstiennen?
En hoe kaam it dat ik hjir allinnich wie?
Ynienen bleau ik stilstean, midden yn it iepen fjild. Ik die de holle achteroer en snúfde alles yn my op. Alle fragen gienen by