‘Nee,’ sei Joazef. ‘Hoppe kin wol raar yn 'e holle wurde, sa'n kabaal. Ik wit wol wat oars. Bliuw do mar even by him.’
Ik kamde mei de fingers Hoppe syn moannen oer de hals. Undertusken soarge ik dat it miggeguod him net pleagje koe.
‘Wat dochst no, jonge,’ sei ik. ‘Moatst no krekt deagean no't ik hjir bin? En we soenen noch troch it iepen fjild.’
- It iepen fjild bliuwt der wol.
- Ja, mar ik fûn it sa moai om op dy te sitten.
- Wiest my swier genôch.
- Dat komt omdatst wurch bist. Jou dy mar del. Ik tink wol om de miggen.
‘Wêr't in krûdetún net goed foar is,’ sei Joazef.
Hy kaam de stâl yn mei in bosk pearsblauwe blommen ûnder de earm. Hy knibbele by my del en lei se yn it strie.
‘Dit is lavindel. De blommen ha in sterke lucht, en dêr ha miggen o sa'n hekel oan. Se naaie út, of se wurde der sleau en sliepperich fan.’
‘O, ik rûk oars net folle.’
‘Nee, de lucht sit no noch ferpakt. Wriuw mar ris sa'n blomke tusken tomme en finger. Silsto ris wat rûke.’
Ik die wat Joazef sein hie en rûkte oan it blomke.
‘Wat no? Hoechst net sa fys te sjen.’
‘Nee, neat,’ sei ik.
‘Krij mar in pear blommen tagelyk en wriuw se tusken de hannen. Sjoch, sa. Krekt as bist kâld. Dan byn ik der in eintsje tou omhinne om der boskjes fan te meitsjen.’
Joazef hong de boskjes lavindel oan de balken. De hiele stâl begûn derfan te rûken.
‘It is dyn luchtje net, hen,’ lake Joazef. ‘Se meitsje der oars ek noch parfum fan.’
‘Ja,’ sei ik, ‘it rûkt hjir nei ús mem.’