‘Kom dan mar.’ Joazef gie neist Hoppe stean en makke in stiichbeugel fan syn hannen.
Doe't ik op it hynder siet, seach ik nei ûnderen. Ik hie noait tocht dat it sa heech wêze soe. Net dat ik bang wie, mar ik frege: ‘Moat ik gjin teugels ha?’
‘Hoppe is te âld foar teugels. Hâld dy mar fêst oan de moannen.’
Joazef hold my by it ankel beet en joech Hoppe lytse klapkes op 'e kont.
‘Toe mar, Hoppe jonge. Toe mar, stap noch mar even.’
‘Ik tink dat er wurch is,’ sei ik.
Joazef skodholle.
‘Hy sjocht neat mear,’ sei er. ‘Hy doart net mear te rinnen.’
Hy holp my fan it hynder.
‘Hoppe is net by de tiid, Dingeman. Ik ha it al in pear dagen tocht.’
‘Moat de fee-arts komme?’
‘Ik bin bang dat dy neat mear foar him dwaan kin.’
‘Mar wêr hat er dan lest fan?’
‘Alderdom,’ sei Joazef.
We rûnen tegearre nei de skuorre om in helter en in tou te heljen.
Joazef skode Hoppe it helter om 'e holle. Doe sette er my wer op it hynder. Hy luts foarsichtich oan it tou.
‘Kom mar, Hoppe, dan bringe Dingeman en ik dy nei de hynstestâl.’
‘No rint er wol,’ sei ik. ‘Hy kin noch rinne.’
‘Omdat ik foar him rin,’ sei Joazef. ‘Hy is blyn, mar hy wit dat er my fertrouwe kin.’
Sa gienen we mei ús trijen oer it hiem.
It wie myn earste hynderritsje, mar it joech gjin romte yn 'e holle.