Haadstik 24
Yn 't spier yn Heisterhok De Boer
Doe't ik de freedtemoarns fan 't bêd ôf kaam, wie myn spierpine noch altyd net oer. Ik hie der al twa dagen lest fan hân, en ik wist fansels wol wêr't it fan kaam. Tiisdei wrotte yn 'e Klimkalefater, woansdei skeppe yn 'e grientetún.
‘Moatst aansent mar even nei it Heisterhok,’ sei Joazef. ‘Silst sjen datst dêr fan opknapst.’
Ik begûn te laitsjen, mar ik fernaam oan Joazef dat er it miende.
‘Dy platte loads oan de sydkant fan de skuorre,’ sei er, ‘dat is myn Heisterhok. Yn 'e stêd hyt soks in krachthonk of in fitness-centrum, mar ik neam it myn Heisterhok. Ik ha in pear jier wurk hân om it yn te rjochtsjen, mar doe stie der ek wat.’
‘Do in fitness-sintrum?’
‘Praat my net fan fitness. Dom gedoch. Teminsten ast der spierpakketten mei kweekje wolst. Mar winterdeis krij ik hjir op 'e buorkerij wat minder beweging. Dan krûpt de kjeld yn 'e bonken. Alles wurdt stiver, alles giet trager en dreger. Dêrom ha ik dat Heisterhok betocht, om mysels waarm en linich te hâlden.’
‘Stean der dan tastellen yn?’
‘Ja, en se gean allegear hiel licht. Hast bytiden it gefoel dat sy it wurk dogge yn pleats fan dosels. Mear spieren silst der net fan krije, mar se wurde der wol linich fan. En dan kinst ek wer helder tinke. Want libben yn 'e bonken jout libben yn 'e kop.’
Joazef luts it laad fan de keukentafel iepen.
‘Ik moat hjir noch in beskriuwing fan de tastellen ha. Dy ha ik al ris foar de aardichheid makke. Ja, dit is 'm. Moatst neigean - Heisterhok De Boer. It liket wol reklame.’