Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 100]
| |
Haadstik 23
| |
[pagina 101]
| |
werklikheid koenen it wol 21 mear of 74 minder wêze. En dat pleage him, want Fleetstra wie in man fan presys. Hy hie al in pear kear besocht om alle hinnen te tellen, mar se rûnen hieltyd trochelkoar, en dan koe er wer opnij begjinne. Gek waard er derfan. Ja, it wie sa slim, hy rekke hast oerspand. Dat hy op in dei nei dokter ta. Dy ûndersocht him hielendal en sei: ‘Fleetstra, jo binne in man, jo wolle alles op in rychje ha. Ik soe sizze: keapje tsien skiep, triuw se yn in skieppehokje, en gean der alle dagen twa kear hinne te tellen. Dan binne jo samar wer it hearke.’ Dat wie in hiele opluchting. Boer Fleetstra soe der dalik wurk fan meitsje. Hy seach op it horloazje. As er gelok hie, wie der noch wat te rêden op 'e feemerk yn 'e stêd. Hy stapte yn syn bestelbus en kaam even letter mei tsien skiep werom: njoggen wite en in swarten-ien. Want by njoggen wienen alle wite op. Boer Fleetstra die sat dokter sein hie. Twa kear deis (moarns en jûns) telde er de skiep. En sjoch, alle dagen hie er tsien. Nei twa dagen knapte er al aardich op, en nei in wike wie er in hiel oar mins. Undertusken gie it mei de skiep hieltyd minder. O ja, se hienen it goed fan iten en drinken, mar dat skieppehok wie fierste lyts. Dêrtroch waarden se koppich en bokkich en healwiis. Foaral it swarte skiep moast it belije. Se mocht pas by de foerbak komme as alle oaren har hielendal sêd iten hienen. En dan noch krige se faak in snau of in raam. Of ien smiet de bak om, en dan rûgele it grús fan de skieppebrokjes yn it strie. Wat hienen se dan in wille, dy wite skiep. Nachts leinen de njoggen tsjinelkoar oan, wylst it swarte skiep allinnich yn in hoekje sliepte. | |
[pagina 102]
| |
No hie de boer ek in dochter: Lotje. Lotje Fleetstra. Lotje wie santjin jier en stie yn 'e winkel by de bakker. It wie in leaf en helder famke. Omdat har heit it fierste drok hie mei tellen, mocht sy de skiep alle dagen fretten jaan. Sadwaande fernaam se al gau dat it swarte skiep derút lei. En dêr koe Lotje min oer. It earste wat se die, wie it swarte skiep fretten jaan yn in bakje apart. Dan krige it earme bist teminsten sêd. As ien fan de oaren tichterby kaam om te narjen, joech se sa'n pestkop gewoan in tik op 'e snút. Want Lotje mocht dan leaf en aardich wêze, it wie wol in famke mei kriich. Op in dei hearde se de wite skiep mei-elkoar praten. Want oars as har heit, koe sy de skieppetaal ferstean. En it liigde der net om, wat se allegear hearde. ‘Poe, mefrou Swartkop yt wer oan in taffeltsje allinnich.’ ‘Se hoecht oars net te tinken dat se wat foarstelt.’ ‘We krije har aansent wol, as dat smoarge fanke fuort is.’ ‘Dêr seist wat, ik raam har sa in blau each.’ Lotje hie it allegear heard. Se gie de nachts net op bêd. Se sliepte ticht by it swarte skiep, om it tsjin de oaren te beskermjen. In kear wie Lotje yn 'e bakkerij dwaande om alle âlde bôle fan dy dei yn in kiste te smiten. En op dat momint krige se in idee. Se helle in plestik tas ûnder de toanbank wei en stoppe der trije brune bôlen en in heale wite bôle yn. Dalik nei seizen fytste se mei de tas oan it stjoer nei hûs ta. Dêr ferbrokkele se de bôle yn 'e skieppebakken: brune bôle foar de wite skiep, wite bôle foar it swarte skiep. Sa die se trije wiken lang. Mar wat se hope hie, gebeurde net. De skellerij waard der allinnich noch mar slimmer fan. | |
[pagina 103]
| |
‘Bliuwst gewoan in akelich swart skiep! Turfkop!’ ‘Moaie blanke wol, dêr kinsto allinnich mar fan dreame. Ald stik poetskatoen!’ ‘Hoechst noait te mienen datst derby hearst, truffeltante! Dropfabryk! Koalekit!’ Mar Lotje wie net foar ien gat te fangen. Se gie nei har âlde pake ta, dy't hielendal op himsels wenne yn in hutte op 'e heide. Alde pake wie in man fan de natuer, ien dy't alles ôfwist fan slangen, ynsekten, stiennen, beammen en ek krûden. Guon minsken seinen dat er syn eigen frou fergiftige hie, mar Lotje wist fansels wol better. Beppe wie gewoan deagien omdat se âld wie. Pake hie Lotje har boadskip gau begrepen. Hy joech har in spierwite woartel mei en in ammerkefol skilen fan de swarte rammenas. ‘Dy moatst de skiep mar fuorje,’ sei er, ‘en dan moarn mar wer ris sjen.’ Dy jûn die Lotje de swarte rammenasskilen yn 'e foerbak fan de wite skiep. Dêrnei lei se de spierwite woartel yn it bakje fan it swarte skiep. De oare deis gie se betiid fan 't bêd. Doe't se yn it skieppehok kaam, wie it krekt in wûnder: de njoggen wite skiep wienen allegear swart, it iene swarte skiep wie wyt. Allinnich, dêrmei wie de pesterij net oer. De swarte skiep seagen ris by harsels del, seagen ek fan de iene nei de oare, en seagen doe alle njoggen tagelyk nei it iene wite skiep. Lotje stie derby en hearde alle kommentaren. ‘Poe, mefrou Wytkop hat nije klean.’ ‘Neffens my rint se in bytsje achter de moade.’ ‘Dy moderne swarte wol soe har ek net stean, ju.’ ‘Wat no, bleke Bet? Piama noch oan?’ | |
[pagina 104]
| |
Ga naar voetnoot+Doe betocht Lotje har net, se die de doar fan it skieppehok iepen en liet it wite skiep derút. ‘Toe mar,’ sei se, ‘naai mar út. Gean it iepen fjild mar yn, en sykje dyn gelok. Ik sil hoopje datst it fynst.’
‘Moai ferhaal,’ sei ik, ‘mar is dat skiep ek noch gelokkich wurden?’ ‘Ja, se hat dagen ûnderweis west. Doe kaam se op in plak dêr't se net wer wei woe.’ ‘Wêr wie dat dan?’ Joazef lake, luts de wjukken omheech en sei: ‘Se rint hjir al jierren by my op it hiem.’ |