We rûnen tegearre nei it bruidsluierhok.
‘Hjir moatte we deryn kinne,’ sei Joazef. Hy reage wat bruidsluier oan kant en wrotte in krakkemikkich doarke iepen.
‘Op 'e knibbels, Dingeman. Oars kinst der net yn.’
Ik krûpte achter Joazef oan en luts it doarke achter ús ticht.
‘Skine, Dingeman. Ik sjoch hjir gjin hân foar eagen.’
Ik knipte de bûslampe oan. En wat we doe seagen...! Oeral oer de hurde modderflier flitsten mûzen hin en wer. Fyftjin, miskien wol tweintich grize mûzen. Se spatten alle kanten út doe't ik se achternei siet mei myn strielebondel.
‘Wat aardich,’ sei Joazef. ‘Wa hie dat no tocht. Soest sizze, wêr libje dy bistjes fan.’
Hy krûpte op hannen en fuotten achter de mûzen oan en dreau in pear yn in hoekje. Dêr koe er ien snappe.
‘Hjir, Dingeman. Moatst sjen, wat in leaf dierke. Wolst him fêsthâlde? Jou my dy lampe mar. Toe mar, krij him mar beet, hy docht dy neat.’
Ik seach Joazef oan.
‘Moatst in kûmke fan de hannen meitsje, as in grutte skelp mei twa deksels. Sil ik him dy jaan? Komt er, hear.’
It mûske trappele my yn 'e hannen. Fan kleare skrik liet ik him fleane. Mar ik hie him fêst hân!
‘Noch in kear, Joazef!’ rôp ik. ‘Ik doar it wol langer!’
It twadde mûske hie ik wol tsien tellen beet. Ik fûn it freeslik spannend, mar bang wie ik net. Ik woe him op myn skouder krûpe litte, mar hy rûtste my sa by de klean del.
‘Hee Joazef, yn 'e skuorre stiet in grut akwarium. Mei ik dêr in pear mûskes yn ha? Dan binne dat myn húsdieren.’
Joazef klaude him op 'e kop.
‘Ast der mar goed op past,’ sei er. ‘En moatst my belove datst se oer in pear dagen wer loslitst. Bisten moatte net fêst.’