Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 85]
| |
Haadstik 19
| |
[pagina 86]
| |
‘Dyn ferhalen rinne noait goed ôf,’ sei ik. ‘Dochst dat mei sin?’ ‘Nee, myn ferhalen gean sa't se gean.’ ‘Mar kinst dyn fantasy toch brûke?’ Joazef seach my oan en sei: ‘Miskien kinsto jûn better op 'e Wjukkestoel.’ Bûten wie it kâld. Joazef helle in tekken. Undertusken liet ik de wjukken sakje. Mei de tekken om my hinne klom ik op 'e stoel. Joazef gie op in jutesek yn it gers sitten. Hy makke in tintsje fan syn lange learen jas. Sa fertelde ik myn ferhaal.
Ga naar voetnoot+Der wie ris in glibberich jong ieltsje. Hy wenne yn 'e djipsee, dêr't it altyd tsjuster is. Mar it ieltsje wie bang yn tsjuster. Op in dei swom in grutte seeko de djipsee yn. It wie in doejong-mantsje mei slachtosken. Hy hie fansels al oeren de adem ynholden, oars koe er safier noait komme. De doejong seach om him hinne, mar alles wie like swart as de nacht. Gelokkich hie er ek gefoel. Dat fertelde him dat er ticht yn 'e buert fan it ieltsje wie. Hy swom noch in lyts eintsje fierder en sei doe mei in swiere flústerstim: ‘Ik ha heard datsto bang bist yn tsjuster.’ ‘Ja,’ pipe it ieltsje. ‘Wa bisto? Dyn stim komt my net bekend foar.’ ‘Ik bin in doejong. Of in seeko, as dy dat mear seit.’ ‘Hoe witsto dat ik bang bin yn tsjuster?’ ‘Omdat ik de taal fan it wetter ferstean.’ ‘It is wier,’ sei it ieltsje. ‘Ik bin hjir stjerrende benaud. En ik krij it hieltyd benauder.’ ‘Stap mar gau yn, dan bring ik dy nei boppen.’ | |
[pagina 87]
| |
‘Ynstappe? Hoe bedoelst?’ ‘Dizze kant út, ik ha de mûle al iepen.’ ‘Woest sizze dat ik dy yn 'e mûle swimme moat? ‘Ja, dan slok ik dy troch. Of woest hjir leaver bliuwe?’ ‘Mar dan fretst my op!’ ‘Ik beloof dat ik dy ek wer útspui. Wacht, ik nim in pear grutte slokken wetter, dan kinst teminsten swimme ûnderweis.’ De doejong die de mûle wiid iepen, en it ieltsje swom deryn. De doejong slokte him dalik troch. It ieltsje glystere troch in slang nei ûnderen. Hy plofte ien-twa-trije yn 'e mage. ‘It is hjir krekt like tsjuster,’ sei er. ‘Kinst ek lûder prate? Ik hear dy hast net.’ ‘Tsjuster!’ rôp it ieltsje. ‘Ik fergean fan it tsjuster!’ ‘Even folhâlde. Hast genôch wetter dêr?’ ‘Dat wol, mar it is hjir allegear slaad en spinaazje.’ ‘Ja, ik bin in plante-iter. Wolst net sa kronkelje? Do kidelst my.’ It ieltsje joech him del yn in ploai fan de mage. Undertusken swom de doejong mei krachtige slaggen omheech. Nei in lange reis stuts er de kop boppe wetter. Hy naam in geweldige hap lucht en krôke. Dêr fleach it ieltsje him út 'e hals. Hy kaam mei in bôge yn 'e see telâne. ‘Oôh, wat is it hjir moai!’ rôp er. ‘Alles om my hinne is like ljocht! En wat in prachtige kleuren grien en blau!’ De doejong dûkte ûnder wetter. Even skrok it ieltsje fan de slachtosken en de grutte mûle, mar doe seach er dat de doejong sachte lippen hie. ‘Wat leaf fan dy om my op te heljen,’ sei it ieltsje. ‘Kin ik hjir no altyd bliuwe?’ De doejong sei neat. ‘Wêrom joust gjin antwurd?’ | |
[pagina 88]
| |
‘It is hjir allegear hiel oars,’ warskôge de doejong. ‘No fynst it ljocht noch geweldich, mar miskien wurdt it dy aansent te skerp oan de eagen. Do bist it tsjuster wend.’ ‘As ik toch werom moat, wêrom hast my dan ophelle? Hiest my dêr better bliuwe litte kind.’ De doejong prakkesearde en sei: ‘Ik woe dy it ljocht sjen litte. Ast dan weromgiest, nimst it mei yn dyn holle. Hoechst mar oan ljocht te tinken, en it is oeral om dy hinne. Dan bist noait mear bang yn tsjuster.’ Ga naar voetnoot+Doe swom er op it ieltsje ta en joech him mei syn grutte doejong-lippen in tút.
‘Moai ferhaal,’ sei Joazef, ‘marre... rint it wol goed ôf?’ ‘Dat wit ik sels ek net. Ik woe it oars fertelle, mar ynienen gie it sa. It wie krekt as kaam it fan de stoel.’ ‘Ja,’ sei Joazef, ‘it mei dan in stoel mei hege wjukken wêze, hy stiet wol mei fjouwer poaten op 'e grûn.’ ‘In fûgel komt ek wolris op 'e grûn,’ sei ik. ‘Om te fretten of om aaien te lizzen. Hee Joazef, ik wit wat. Op myn keamer hinget in skilderijke mei seis aaien. Sille we dat oan de stoel hingje? Dan binne dy aaien de ferhalen.’ ‘Moarn,’ lake Joazef. ‘Earst sliepe.’ We wienen noch mar krekt yn 'e hûs, of dêr gie de telefoan. Even wie ik bang dat it ús mem wêze soe. Gelokkich begûn Joazef oer skilderijen en tentoanstellingen te praten. Ik snapte der net folle fan, mar it klonk my as muzyk yn 'e earen. |