wei te klauwen. Fierder as de heupen kaam ik net, en ûndertusken sûgde de grûn oan myn fuotten.
‘Joazef!’ raasde ik. ‘Joazef, help my!’
Yn in pear tellen stie er by my.
‘Wat ha we no?’
‘Ik sit fêst, Joazef! Toe, helje my derút!’
‘Kalm mar. Der kin dy neat gebeure.’
Joazef gie op 'e knibbels lizzen. Mei syn grutte hannen groef er de modder om my wei.
‘Til dyn foet mar op. Goed. En no de oare.’
Hy luts my oan de polsen omheech. Dêr stie ik, triljend yn 'e gleone sinne.
‘Net gûle, Dingeman. Kom, ik sil dy wat sjen litte.’
Hy sloech in earm om myn skouder hinne, en al pratend brocht er my nei it appelhôf.
Under de parrebeam seach ik in âlde izeren badkúp stean op fjouwer poaten. Neist it bad wie in houten ferheging. Der stie in stofsûger op mei in ferlingsnoer en in slang.
It bad siet mear as healfol wetter.
Joazef lei de slang oer de râne hinne en sei: ‘Do meist him oandwaan, it wie dyn idee.’
Ik drukte de skeakelknop yn, en dêr gie it hinne. It wetter begûn te libjen.
‘In bubbelbad!’ rôp ik. ‘Joazef, it wurket!’
‘De Brobbeltobbe,’ sei Joazef. ‘Letter kin der ek noch hout ûnder foar in fjurke, mar simmers dogge we it sa.’
Ik seach him even oan.
‘Toe mar, stap mar yn.’
It wetter wie kâld, mar ik hie der gjin hinder fan. Ik stjoerde mei de slang fan links nei rjochts. Sa makke ik it hiele bad fol brobbels. Ik liet my der oan de hals ta yn sakje en skepte se oer