Doe't we klear wienen mei de woartels, sei Joazef dat we ite soenen op 'e tún. Hy soe bôle klearmeitsje, en ûndertusken hie er noch in moai wurkje foar my.
Under in ôfdak stienen fjouwer bakken mei sipels. De blêden sieten der noch oan, al wienen se allegear slop en giel. Joazef woe de sipels yn 'e skuorre ha te hingjen. Dan koenen se fierder droegje en koe er se langer bewarje.
‘Moatst it blêd derôf draaie,’ sei er. ‘Toe mar, draai him de nekke mar om. Krekt, op dy manier.’
‘En wêr moat er no yn?’
Joazef lake geheimsinnich.
‘Lit ik no tafallich wat by my ha.’
Hy wrotte de hân yn 'e broeksbûse. Der kaam in net út mei de kleur fan leverpastei.
‘Hen? In panty?’
‘Ja, krekt geskikt foar sipels.’
Hy frommele de panty útelkoar en joech my de beide panty-fuotten. Sels hie er it panty-broekje beet.
‘Even toulûke, Dingeman. No gean ik der mei de neils oerhinne. In pear rillen is goed foar de fintilaasje.’
‘Mar in gelok dat ús mem it net sjocht.’
‘Wacht,’ sei Joazef, ‘ik help dy wol even mei de blêden. Dan dochsto aansent de sipels deryn.’
We draaiden se tegearre allegear de nekke om. Dêrnei gie Joazef yn 'e hûs.
Ik gie op 'e knibbels lizzen en rûgele de neakene sipels yn it panty-broekje. Sa no en dan kaam ik oerein om se nei ûnderen te skodzjen.
Doe't Joazef weromkaam mei in steapel bôle, hie ik beide fuotten oan de knibbels ta fol. By de lêste sipels hold Joazef it broekje iepen, en ik lade yn.