‘Kom hjir mar by my op it treeplankje,’ rôp er. ‘Toe mar. Dominicus wachtet op ús.’
Underweis seinen we gjin wurd. De Ford Dexta mocht dan in moai en leaf trekkerke wêze, hy hie wol in bult lawaai. Sa no en dan seach ik achterom nei de wein mei Roosje.
Nei in healoere riden draaide Joazef it betonnen hiem op fan in boerepleats. By in platte stâl mei golfplaten bleau er stean en die de motor út.
Troch de doar fan de stâl kaam in man nei bûten yn in griene overal. Hy stuts de hân omheech en rôp: ‘Aah, Jozef! Daar zijt ge! Maar wat zie ik nu? Ge hebt niet alleen uwen Roos meegenomen, is het wel?’
‘Dag Boudewijn, dit is Dingeman.’
De man struts my oer it hier.
‘Ge hebt een schone naam, menneke. En? Vindt ge het plezant bij onkel Jozef?’
Joazef knypeage nei my. Hy fertelde Boudewijn dat ik in wike by him útfanhuze. Doe frege er of Dominicus der klear foar wie.
‘Da's waar, ge komt een kalfke halen voor uwen Roos. Wel, onze Minicus stot z'n hoeven al te schrapen.’
Boer Boudewijn rûn de stal yn.
Undertusken liet Joazef it achtersket sakje. Hy krige Roosje by it helter en spruts har kalmearjende wurdsjes ta. Knoffelich mar sûnder ûngelokken kaam se fan de wein.
Dêr wie boer Boudewijn mei Dominicus, in grutte swiere bolle sûnder hoarnen. Hy hie flappen yn 'e earen, in ring yn 'e noas en twa lange touwen oan de kop. Ien siet oan it helter fêst, it oare oan de noasring.
Even stutsen Dominicus en Roosje de koppen byelkoar. Se rekken elkoar mei de lippen. Se snúfden en blaasden. Wie dit wat Joazef bedoelde mei ‘even mei de bolle prate’?