Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
Haadstik 15
| |
[pagina 66]
| |
Doe't we klear wienen mei ôfwaskjen, gienen Joazef en ik nei bûten om Roosje te melken. Dat wol sizze: Joazef molk har, ik stie der nei te sjen. Se joech mear as in heale amerfol. Joazef sei: ‘We gean jûn betiid op bêd.’ ‘Komt der gjin ferhaal?’ frege ik. We rûnen tegearre nei de Wjukkestoel. Ik die de wjukken iepen, en Joazef gie sitten. ‘It giet oer in slang,’ sei er. ‘In stofsûgerslang?’ Joazef skodholle.
Ga naar voetnoot+Jierren lyn kaam ik in wurchslang tsjin. Ik seach him lizzen oan de râne fan in grutte fiver. Dêr lei er oprôle yn 'e sinne te bakken. Ik woe foarbyrinne, want ik bin gjin held mei slangen. Net dat ik doe al wist dat it in wurchslang wie, mar syn lingte liigde der net om. Yn gedachten rôle ik him út, en sa kaam ik op in meter of tsien. Syn gewicht hie ik op mear as hûndert kilo. Mei oare wurden: net in wjirmke om mei te fiskjen. Hy lei oars o sa stil, dat wol. Earst miende ik dat er sliepte. Doe tocht ik, hy koe wol dea wêze. Ik socht in lange tûke út 'e boskjes en kidele him op syn slangeliif. Ik sprong nei achteren. Hy beweegde. Fuort dêrnei lei er wer stil. Omdat ik it idee hie dat it mei de slang net doogde, weage ik in stapke nei foaren. Undertusken hold ik him goed yn 'e gaten. Ik hie de tûke as in wapen yn 'e hân. ‘Alles goed mei dy?’ frege ik. Hy tilde de kop op en seach my glêzich oan. Ik die in stap nei achteren. ‘Kinst wol tichterby komme,’ sei er. ‘Ik sjoch der miskien gefaarlik út, mar ik doch dy neat.’ | |
[pagina 67]
| |
[pagina 68]
| |
‘Ik wit net,’ sei ik. ‘As ik dy sa besjoch, bist wol wat hol yn 't liif. Aansent fretst my ek noch op.’ ‘Nee, it iten is gebeurd,’ sei er. ‘Wiken lyn ha ik foar it lêst ien wurgd.’ Ik wit net hoe't it kaam, mar ynienen hie ik it gefoel dat ik de slang fertrouwe koe. Ik smiet de tûke yn it san en gie by him op 'e knibbels lizzen. ‘Ik leau datst siik bist,’ sei ik. ‘Kin ik wat foar dy dwaan?’ ‘Nei my lústerje,’ sei er. ‘Ik stean op it punt om dea te gean, mar earst wol ik dy myn ferhaal fertelle.’ ‘Doch net sa raar,’ sei ik noch. ‘Dalik pakst in ferdwaalde hazze, en dêr knapst wer hielendal fan op.’ De wurchslang woe der gjin praat fan hearre. Hy sei: ‘Al pak ik fiif ferdwaalde hazzen, ik wurd noait wer de âlde.’ Ik gie op 'e kont sitten en lei de earms om de knibbels hinne. De wurchslang fernaam dat ik nei him lústerje woe. ‘Ik ha altyd in handige wurchslang west,’ sei er. ‘Doe't ik lyts wie, helle ik al grouwe fisken út 'e fiver, helte mear as oare slangen. Of ik snipte in fûgel dy't op 'e kant siet te sliepen. Der wie net ien dy't dat sa koe as ik. Letter fong ik ek ratten, kninen en wylde katten. Omdat ik in flinke iter wie, groeide ik omraak. It duorre net lang, doe koe ik ek gruttere bisten oan. Geregeld pakte ik in laam, in geitsje of in hûn. Ik wurgde se netsjes sa't it heart: tosken yn 'e nekke en koart om 'e hoeke. Wêrom silst in bist de ribben brekke ast it simpel smoare kin?’ De wurchslang wie even stil. Doe gie er fierder. ‘Dat ik sa'n tûke rôver wie, makke de oare slangen jaloers. Dêrom hie ik as jonge slang gjin freonen. Om de oaren noch jaloerser te meitsjen, fong ik noch mear bisten. Hieltyd gruttere, hieltyd sterkere, en faak mear as ik op koe. Undertusken wie ik in iensume slang. Oare slangen waarden ferlyfd en krûpten | |
[pagina 69]
| |
byelkoar. Ik net. Noait wie ik ferlyfd op wa dan ek, noait wie wa dan ek ferlyfd op my.’ De wurchslang slokte. ‘Om myn iensumheid te ferjitten, libbe ik my hielendal út yn it fangen fan bisten. Ik pakte myn earste skiep, myn earste wylde baarch en letter myn earste ree. Ik kin in ree yn ien minút smoare, mar no die ik der in kertier oer. Ik krige der nocht oan om te wurgen. Ik mocht in bist graach sparteljen fiele. It kreakjen fan de bonken koe my net lang genôch duorje.’ De wurchslang slokte opnij. ‘Op in dei komt der in keal by de fiver om te drinken. Ik sko foarsichtich nei har ta. Dan hâld ik yn. Ik sjoch nei har ranke liif, har keallige kop, har knobbelpoaten, de swypkjende sturt. Alles oan har is moai en leaf. Ik rek my út, krekt as wol ik romte meitsje foar de tûzen flinders yn myn yngewanden. It kin hast net: in wurchslang dy't ferlyfd wurdt op in keal, en toch is it sa. Ik ha noch noait ferlyfd west, mar ik wit dat dit it gefoel is. Ik sko nei har ta. Ik rek my fierder út. Ynienen flean ik har om 'e hals. Ik wol hannen en fuotten om har hinne slaan, mar ik ha allinnich mar myn liif, myn smoarferlyfde liif. Ik slaan myn hiele njoggen meter om har hinne. Ik kin har wol fynknipe... ik wol har wol opfrette... sa wiis bin ik mei har. Ik bin net mear te hâlden. Ik kniip har fyn... en ik fret har op.’ De wurchslang liet de kop sakje. ‘En no?’ frege ik. ‘No bin ik wurch,’ sei er. ‘Deawurch.’ Hy lei de kop del en seach foar him út mei matglêzen eagen. Ik koe fernimme dat er gûle woe, mar triennen kamen der net. Ga naar voetnoot+ |