momint begûn de Klimkalefater te riden, ik wist net wat ik seach.
‘Joazef! Hy rydt! Hy rydt!’ rôp ik.
Ik rûn mei de Klimkalefater mei.
‘Ja,’ lake Joazef, ‘en no stiet er stil.’
Hy makke de riem los en kaam út 'e stoel.
‘No gie ik hurd nei ûnderen,’ sei er. ‘Dit wie de tredde fersnelling. As ik dan acht meter sakje, rydt de toer ek acht meter foarút. De twadde fersnelling giet stadiger, mar dan komst wol fierder. Acht meter sakje, tolve meter foarút.’
‘En de earste fersnelling?’
‘Dy giet hiel stadich. Acht meter sakje, sechtjin meter foarút.’
‘Ik wol der ek op,’ sei ik. ‘Stiet dy oare stoel no boppe?’
Joazef knikte. Hy lei in hân op myn skouder en sei: ‘Ik gean mei dy mei.’
Doe't we tegearre op it dak stienen, krige ik it wer benaud. ‘Ik doar net, Joazef! Dy stoel stiet te ticht by de râne.’
‘Dêrom kin er ek draaie. Sjoch, sa kinst altyd feilich opstappe. Kom mar.’
Joazef holp my op 'e stoel en makke de riem fêst.
‘Yn watfoar fersnelling moat ik nei ûnderen?’ frege ik.
‘De tredde.’ Joazef draaide de stoel wer om.
‘Mar dan gean ik hurd!’
‘Des te gauwer bist ûnder. Dan hast ek gjin tiid om bang te wurden.’
‘Dus ek net remje ûnderweis?’
‘Nee, soe ik net dwaan.’
‘Eagen ticht?’
‘Strak foar dy útsjen. Noait nei ûnderen sjen.’
Joazef gie plat op 't liif lizzen en hold de stoel beet.
‘Set him mar kalm yn syn trije,’ sei er. ‘Der kin dy neat gebeure.’