Fierder nei achteren wie it grouwe koweliif. Ik gie sitten en lei de holle der tsjinoan. Alles rommele en systere en spielde. Dêr, djip fan binnen, waard fan hurdgrien gers sachtwite molke makke.
Ik gie op 'e side lizzen. Ik lei ien earm en de holle op it koweliif, as wie it in geweldich kessen. Ik die de eagen ticht. Alles oan my fielde licht en loom. Sa rekke ik yn 'e sliep en begûn tsjin Roosje te praten.
- Hoi, ik bin Dingeman.
- O, en ik bin Roosje.
- Ik kin sjen datsto in ko bist, mar wêrom hasto hoarnen?
- Seker út 'e stêd, hen?
- Ja, mar ik ha noch noait in ko mei hoarnen sjoen.
- Dan hasto noch noait in ko sjoen.
- Witst wol seker datst net in bolle bist?
- It soe kinne, mar dan bisto in famke.
- Hast ek gjin giele kaarten yn 'e earen.
- Nee, dêrom rin ik ek net op fuotbalskuon.
- Goed dan: hast gjin flappen yn 'e earen.
- Ik kin net sizze dat ik se mis.
- Mei ik dêrom net oan dyn earen komme?
- Ja, se bliuwe fan myn earen ôf.
- Hoelang bisto al ko fan Joazef?
- Ik bin hjir as kealtsje geboaren. Dat is myn gelok. Oars hie ik no flappen hân en myn hoarnen kwyt west. Joazef is in man fan echt. Ik jou him safolle molke as ik kin.
- Is dat net yngewikkeld, molke meitsje fan gers?
- Och, it giet eins bûten my om. Ik moat allinnich soargje dat ik goed yt. Dêr ha ik in beolchfol wurk fan, mar dêrnei kin ik derby lizze.