Dingeman krijt wjukken
(1999)–Eppie Dam– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 39]
| |
Haadstik 10
| |
[pagina 40]
| |
‘Swiere boeken, Dingeman. Swiere boeken.’ ‘Fertelle dan,’ sei ik. ‘Ja Joazef, fertel my in ferhaal. Us heit fertelde my ferhalen doe't ik lyts wie. En letter ús pake. Toe Joazef, dochst it?’ ‘En as ik gjin ferhaal betinke kin?’ ‘Dan giest mar op 'e stoel sitten. Dan krijst fansels in idee. Dit soe in ferhalestoel wêze. Elkenien dy't derop sitten giet, begjint samar te fertellen.’ ‘Ik sil sjen of it wurket,’ sei Joazef.‘Gean ris oan 'e kant.’ In pear tellen letter siet er op 'e Wjukkestoel. It wie in moai gesicht, sa'n grutte kearel mei in brún burd en twa wite wjukken. Iksels gie oan syn fuotten sitten. Ik moast hielendal by him opsjen om te lústerjen. Doe fertelde Joazef dit ferhaal:
Ga naar voetnoot+Kai wie in berchbeklimmer. Hy hie al hiel wat bergen beklommen, mar noch noait de alderheechste berch. De alderheechste berch wie in freonlike berch om te sjen. Oan syn foet leinen heuvelgreiden mei gers en blommen. Syn hellingen wienen grien fan druvestrûken. Hegerop groeiden beammen. Beammen mei blêden en beammen mei nuddels. Kai hie wolris in ein de berch op west. Sadwaande wist er dat de berch net oeral like freonlik wie. Healweis stienen al gjin beammen mear, sa kâld wie it dêr. Der woe allinnich mar stienmos groeie. Dat wie sa glysterich, dat in mins hannen en fuotten noadich hie om oerein te bliuwen. Paden wienen dêr noch al, mar dy wienen o sa steil. Wêr't se hinne gienen, wie bytiden net te sjen, sa mistich koe it soms wêze. Noch wer heger wie it allegear snie en iis. De snie koe ûnfer- | |
[pagina 41]
| |
wachts ferskowe, soms stoarten hiele pakken yn it ravyn. It iis makke metersdikke iisrivieren. Op plakken foelen der sokke brede skuorren yn, dat in fleanmasine der hielendal yn ferdwine koe. Op it lêst kaam de top, dêr koe de berch net fierder. Net ien hie oait de top sjoen. It wie krekt as lei er al ieuwen yn in tichte swiere mist. Mar Kai wist wol better: dat wie gjin mist, it wienen de wolken. Sa heech wie de alderheechste berch. Kai hie in dream. Hy woe de top fan de alderheechste berch berikke, dêr syn holle yn 'e wolken stekke, en dan lûdop sizze: ‘Hjir sit Kai.’ Hy fûn njoggen maten om mei him mei te gean. Want ferjit net: in berchbeklimmer allinnich kin neat begjinne. It duorre in pear moannen, doe wienen se der klear foar. Alle tsien stienen se mei tassen op 'e rêch. De mannen pûlden út fan alles wat se mei ha moasten: tinten, sliepsekken, wetterpakken, moffen, mûtsen, sinnebrillen, pikhouwielen, stiichizers, beitels, hammerkes, heaken, touwen, en dan noch iten en drinken. Mei moed begûnen se oan in tocht fan wiken. Doe koenen se noch net witte dat it in freeslike tocht wurde soe. Of miskien wisten se it wol, mar woenen se der net oan tinke. In berchbeklimmer hat mar ien gedachte: omheech. Se wienen noch mar krekt ûnderweis, of dêr waard de earste biten troch in slang. Hy moast dalik werom. Doe wienen der noch njoggen oer. In pear dagen letter stroffele de twadde oer de woartel fan in beam. Hy kaam mei de holle op in stien. Syn maten ferbûnen him, mar ek hy moast werom. Doe wienen der noch acht. De tredde hie ferkearde skuon oandien. Hy bruts in ankel op it gledde stienmos en bleau lizzen dêr't er lei. Doe wienen der noch sân. | |
[pagina 42]
| |
[pagina 43]
| |
De fjirde krige it benaud. Hy makke fan seil en buizen in slide en naam de tredde mei werom. Doe wienen der noch seis. De oare deis ferlear de fyfde, dy't hielendal achteroan rûn, syn flakon mei sinnebrân. Nergens skynt de sinne sa fûl as yn 'e bergen. En ek al skynt er net, dan noch kinst dyn gesicht ferbrâne. Hy krige in holle as fjoer en socht beskutting yn syn tintsje. Doe't de oaren him misten, wie it al jûn. Doe wienen der noch fiif. De dagen dêrnei koenen se gjin hân foar eagen sjen. Kai sei: ‘We bliuwe earst hjir.’ Nei trije dagen wie it waar noch altyd net helder, mar twa fan de fiif ferlearen har geduld en woenen fierder. Se ferdwaalden yn 'e mist. Doe wienen der noch trije. Mei doel sochten se in paad troch de snie en oer it iis. Ien wie net foarsichtich genôch. Hy soe in steile iisrivier oerstekke sûnder pikhouwiel te brûken. Hy glied út en sylde sa de djipte yn. Hy woe noch remje mei de izers ûnder de skuon, mar der wie gjin hâlden mear oan. Doe wienen der noch twa. Kai en syn maat gienen tegearre fierder. De berch rûn no rjocht omheech. Sekuer sochten se hieltyd in richel foar de fingers en de teannen. Se sloegen heaken yn 'e berchwand en makken der touwen oan fêst mei in sluting. Sa gie it meterke foar meterke omheech. Nei lang klimmen sieten se ticht ûnder de top. Kai wiisde. Se seagen beide nei boppen. Op dat momint rekke syn maat yn panyk, hy koe gjin stap mear fierder. Doe wie allinnich Kai noch oer. Dêr hong er, tsien meter ûnder de top. Hy wie deawurch. Alles die him sear. Mei triennen yn 'e eagen klom er fierder. Elke meter omheech wie wer in nije reis, minuten waarden oeren. Mar hy rêde it op. | |
[pagina 44]
| |
Dêr siet Kai. Op 'e top fan de alderheechste berch. Mei de holle yn 'e wolken. En hy tocht: - Hjir sit Kai. Hy wie te wurch om it lûdop te sizzen. Hy hie it gefoel dat de berch op him siet, yn pleats fan hy op 'e berch. Ga naar voetnoot+Kai seach nei ûnderen. Nergens hie er bang foar west. Alles hie er oandoard. No begûn er te skriemen. Foar it earst wie er bang. Gjin berch wie him te heech, mar hy doarde net werom. |