‘Hâld op. Dy helpe noch net iens tsjin mislik wurde yn 'e bus.’
Hy fertelde dat er noch in bouwurk yn 'e skuorre hie te stean. Nee, ik mocht noch neat sjen. Ik moast him der hjoed mar even mei gewurde litte. It wie no noch in krakkemikkich en gefaarlik ding.
‘Kinst dy salang fermeitsje, Dingeman?’
‘Jou mar in pear boeken,’ sei ik. ‘Ik hâld fan boeken oer natuer. En ik mei ek graach tekenje en skriuwe. Toe mar, ik bin echt wol wend om allinnich yn 'e hûs te sitten.’
Ik hie my foarnommen om net in soad te sizzen oer ús mem, mar foardat ik der erch yn hie, fertelde ik dat ik mei reinich waar noait bûten komme mocht.
‘Wat? Hasto noch noait in bui wetter op dyn kop hân? Dat wurdt dan tiid.’
Hy krige my by de nekke en triuwde my nei bûten.
Even letter stienen we tegearre op it hiem. Joazef hie de earms breedút, hy raasde nei de wolken.
Ik die krekt itselde. Ik smiet de holle achteroer, die de mûle wagewiid iepen, en mei de tonge libbere ik de rein nei binnen. Mei de fingers wreau ik it wetter yn myn hier, it begûn der lekker smoarch fan te rûken. Myn T-shirt wie dweil, ik liet de hannen petse op myn liif. Myn broek wie sompe, it rûn my by alles del. Op 'e sokken nei hie ik gjin droege tried mear oan my. Ik begûn te stampen en te dûnsjen troch de plassen op it hiem. Doe wie ik hielendal klets en de klets.
Ynienen stie ik nei mysels te sjen.
‘Witst watst no bist?’ frege Joazef.
‘Wiet,’ sei ik.
‘Nee,’ sei Joazef, ‘oan 'e kont ta wiet. Hoe wiet?’
‘Oan 'e kont ta wiet.’
‘Dat tocht ik ek.’