‘Fertel dan,’ sei ik. ‘Dalik begjinne, en net earst stikem wat betinke.’
‘Goed,’ sei Joazef, ‘ast it dan graach witte wolst: ik ha direkteur west fan in stofsûgerfabryk.’
‘In stofsûgerfabryk?’
‘Ja, stel dy foar: in bak fan in gebou mei trije ferdjippingen. Under wie de wurkpleats, tink mar oan in grutte loads. Dêr bin ik as jongfeint begûn. Ik wurke mei mear as tweintich minsken. De iene wike makke ik, yn in ploechje fan fjouwer, de stofsûgerliven. De oare wike stie ik, mei wer trije oaren, by de slangen. Dan die ik in wike buizen, dêrnei wer slutingen en ringen. Sa hie ik alle wiken oar wurk en prate ik alle wiken mei oare minsken.’
‘Wie dat de earste ferdjipping?’
‘Nee, dêr komme we no. Op in dei tikke de baas my op it skouder. Joazef sei er, ik wit better wurk foar dy. Hy fûn dat ik hegerop moast. Myn plak wie op 'e earste ferdjipping, dêr koe ik helte mear fertsjinje. Op 'e earste ferdjipping hienen we de knappe-koppe-keamers. Dêr sieten minsken achter tekentafels en buro's om nije dingen foar de stofsûger te betinken. Sa koe ûs stofsûger net allinnich sûgje, mar ek blaze. Ast him in oere oanstean lietst, rûkte de keamer wer as nij. Mar koest der ek miggen mei deaspuitsje. Of blommen mei sproeie. Of dysels massearje ast stive spieren hiest. Ik fûn it earst wol grappich om sa fan alles út te finen. Mar nei in pear jier tocht ik: - Wat moatte de minsken der allegear mei, lit in stofsûger sûgje, mear net.’
‘Mar do fertsjinnest wol mear jild.’
‘Ja, en letter fertsjinne ik noch mear jild. Doe siet ik op 'e twadde ferdjipping. Dat wie de ferdjipping fan de sinteraasje. Dêr skamme ik my alle dagen, want ús stofsûgers wienen op 't lest net mear te beteljen, sa djoer. It wurk sels wie ek net aardich. Ik siet alle wiken mei deselde, saaie minsken op ien