yn 'e holle, dus dan sikest in stok en in lapke. Mar ast dan in âlde hijskraan fynst, kin it ek in takelboat wurde.’
Joazef rûn nei in iepen hok mei in dak fan golfplaten. It wie net te leauwen, safolle dingen hie er dêr. Hy rommele der yn om en kaam werom mei in âlde brune keukenstoel.
‘Moatst earst even mei him prate,’ sei er.
Ik lake, mar ik seach oan Joazef dat er it miende.
‘Echt?’ frege ik. ‘Prate mei wurden? Dingen tsjin him sizze?’
‘Of dingen oan him freegje.’
‘En seit er dan wat werom?’
‘Dat hinget fan dyn earen ôf. Mar kinst ek mei him prate mei de fingers.’
Hy tilde de stoel op. Doe gie er mei de hannen oer de poaten, de rêchleuning en de sitting. Hy struts en hy kloppe. Aaide en knypte.
‘No do,’ sei er. ‘Ja, krekt. Wriuw mar moaie sirkels op dy rûne sitting. Seit er al wat?’
‘Dat er lekker sacht hout hat, en dat ik op him sitte kin.’
‘Dat hat er net tsjin my sein,’ lake Joazef. ‘Miskien fynt er my te swier. No, gean sitten dan.’
Ik gie op 'e stoel sitten. Ik sloech de fingers om de râne fan de sitting hinne. It wie krekt as hold ik my beet op 'e slide.
‘Fielst dy al in kening op 'e troan?’
‘Nee,’ sei ik. ‘Doe't ik lyts wie, luts ús heit my op 'e slide troch de snie. Doe hie ik de hannen ek sa.’
‘Machtich, dan wurdt it in slidestoel,’ sei Joazef. ‘Ik leau dat ik dêr wol wat foar ha.’
Hy rûn nei it iepen hok en kaam werom mei twa losse, healrûne rêchleuningen. Dy lei er links en rjochts ûnder de poaten fan de keukenstoel.
‘It lykje wol skys,’ sei ik. ‘Ien kear gie ik mei ús heit nei in