De sinne skynde fûl en makke yn 'e fierte glinsteringen op it asfalt. As ik dernei seach, krige ik triennen yn 'e eagen. Ik wie bang dat de dyk dêr yn in rivier feroare en dat heit sa hurd net remje koe.
Ynienen krigen heit en mem rúzje. Earst om lytse dingen. Heit die de radio oan, mar mem fûn it tefolle lawaai. Mem draaide har rútsje iepen, mar heit sei dat it siigde.
De echte rúzje begûn doe't we op in krúspunt kamen. Heit sei dat we linksôf moasten.
- Nee, sei mem, rjochtsôf.
Heit joech gas, en we rieden rjochtút.
Op it twadde krúspunt krekt itselde.
- Links, sei heit.
- Rjochts, sei mem.
En noch in kear rieden we rjochtút.
Foar it tredde krúspunt remme heit ôf. Midden op it krúspunt bleau er stean.
- No moatst it wol witte, sei er.
- Rjochtsôf, sei mem.
- Dan stap ik no út, sei heit.
Even letter stienen we mei ús trijen op 'e dyk.
Ynienen wie it allegear auto's om ús hinne. Se kamen fan alle kanten op ús ôf. Foar it krúspunt bleaunen se stean.
- Us Dingeman giet mei my! rôp heit.
- Us Dingeman giet mei my! rôp mem.
Ik koe sa hurd net tinke, of se hienen beide in earm fan my beet. Se begûnen deroan te lûken, sa hurd dat ik myn gewrichten kreakjen hearde. Ik woe raze fan ‘ophâlde!’, mar foardat ik der erch yn hie, hienen se my de earms út 'e skouderpotsjes lutsen. It wûnderlike wie: der kaam gjin bloed út, en it die net sear. It wie krekt as wie ik in boarterspop fan hurd plestyk.