De sjauffeur krige in papier út 'e bûse en lies lûdop myn namme en adres foar. Alles kloppe. Hy frege ús mem of se de brief lêzen hie, en of se my tastimming joech om mei te gean.
Us mem wie koart om 'e hoeke.
‘Jo moatte in hantekening ha, net? Ha jo in pinne yn 'e bûse?’
‘Wolle jo earst it papier net lêze, mefrou? Ik soe sizze, nim de tiid.’
‘Nee, jou hjir mar. Wannear komt er wer thús?’
‘Nije wike moandei, om in oere of twa. Witte jo seker dat jo earst it papier net lêze wolle?’
Us mem gie der net op yn. Se krige de sjauffeur it papier en de pinne út 'e hannen. Doe drukte se it papier tsjin de doar en sette har hantekening.
Myn fuotten woenen huppelje, mar ik joech se in klap. Hiel kalm stapte ik oer de drompel hinne.
‘En fatsoenlik wêze, hen,’ sei ús mem.
Ik knikte en sei tsjin de sjauffeur: ‘Ik bin klear.’
‘Giet dat samar?’ frege er. ‘Ferjitsto net wat?’
Ik draaide my om en joech ús mem in tút.
‘Dach, mem,’ sei ik.
Doe gie ik fuort. Buorfrou Joldersma stie foar it rút. Ik wuifde nei har.