Haadstik 2
In spannende brief yn in saaie brievebus
No sil ik jim fertelle oer de spannende brief dy't ik krige.
It wie moandei, de earste dei fan de simmerfakânsje. Ik stie yn 'e keamer foar it rút dat útseach op it gason.
Foar dat rút stie ik faak nei bûten te sjen. Dan betocht ik hoe't it wêze soe as heit deroan kaam. Yn gedachten seach ik him rinnen oer it griene tegelpaad. Hy hie syn blauwe pak oan. It kofferke fan de saak bongele oan syn rjochter earm.
Ien kear wie it sa echt, dat er my stean seach. Hy stuts de hân omheech en wiisde nei de tegels. Hy luts der in gesicht by fan ‘tsjonge, wat in mos’. Dêrnei begûn er te laitsjen. Ik lake werom, mar op itselde momint kaam ús mem de keamer yn.
Se sei: ‘Ding, stean dêr net yn dysels te gnizen. Krij in doek en poets dyn fyts.’
Doe bin ik hurd fuortflein, en ik kaam de hiele dei net wer. Mar it koe ús mem neat skille. It koe har noait wat skille as ik fuortrûn. Ien kear ha ik in hiele nacht ûnderdûkt west by buorfrou Joldersma. Us mem wist net wêr't ik siet, mar se hat net iens de plysje belle.
Mar sa stie ik dus dy earste fakânsjedei foar it rút.
Ynienen hearde ik it gelûd fan de brievebus. Ik draafde hurd nei bûten ta, want ik woe sjen wat de post foar ús hie.
Yn 'e bus siet in brief mei in stive envelop. Earst tocht ik oan in troukaart, mar myn namme stie derop.
Mei de brief yn 'e hân draafde ik oer it paad werom. Ik soe de hûs yn gean, mar krekt foar de doar betocht ik my. Ik rûn om it hûs hinne nei de garaazje. Dêr gie ik sitten mei myn brief.