mem dat ik it dwaan moast. Ik ha it twa kear dien. Doe snijde ik my sagenaamd per ûngelok yn 'e finger. Om ús mem te pesten, en omdat ik mos tusken de tegels wol gesellich fûn.
Midden troch it gason rûn in tegelpaad nei de wei. Dat paad waard ek alle jierren griener, mar dêr giet it no net om. Oan de ein fan it paad stie namelik in brievebus. It wie fansels in saaie brievebus, mar op in dei lei der in spannende brief yn. En dy wie foar my.
De measte brieven wienen altyd foar ús mem. Se kamen fan de bank, fan de make-up-club of fan de tennisferieniging. Mar ús mem krige ek oare brieven. Soms gie se dan in wykein of sels in hiele wike fuort. Dan kaam der ien yn 'e hûs om op my te passen.
Ik sil jim sa fertelle oer de spannende brief dyt ik krige. Earst moatte jim witte dat ik in bloedhekel oan dat ge-oppas hie. Yn it begjin net. Doe't ik fjouwer en fiif wie, kamen pake en beppe noch om op te passen. Dan dienen we spultsjes. En jûns op bêd lies beppe my foar. Of pake fertelde in ferhaal. Krekt as heit altyd.
Letter paste buorfrou Joldersma wol op. Dy wie ek hiel aardich, mar op in dei krige ús mem rúzje mei har.
De ellinde kaam doe't ús mem mei âlde tantes begûn.
Der wienen trije tantes, dyt ik de ‘ABC-tantes’ neamde. Se wennen allegear allinnich en fochten der hast om, sa graach woenen se op my passe. Net dat se my sa aardich fûnen, mar se mochten graach memkeboartsje.
- Dingeman, kom hjir!
- Dingeman, net dwaan!
- Dingeman, foarsichtich!
Tante Adelbrecht hie ik noch it leafst. Mar se tocht dat ik in lytse poppe wie en tute de hiele dei op my om.