| |
| |
| |
Oer skriuwer, boek en útjeften
De skriuwer
‘Doe't ik sa'n jier of fyftjin wie, kaam ik by in Holwerter boer yn 't wurk op 'e grins fan Blije en fan it lân ôf seach ik soms Waling Dykstra de dyk lâns rinnen, inkeldris kamen wy him op 'e dyk foarby en groeten him: Waling-om! Mar hy sei neat werom, stiif rjochtút rûn er de dyk lâns, soms stie er stil, stoareagjend de wrâld yn of mei de eagen nei de grûn - wat in nuver âld keardel.’
Sà, sa likernôch, hat Watse Cuperus fan Blije yn lêzingen oer eigen wurk ferteld oer syn earste moetings mei in ferneamd Frysk skriuwer. De tekst is bewarre bleaun yn in skrift dat no op it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum te Ljouwert berêst.
‘Mar,’ sa ferfolge er dan syn ferhaal, ‘op it lân tearden de Holwerters har brea út Sljucht en Rjucht en ik lies, stammerjend, want it wie Frysk, mar it wie libben muzyk, hearlikheid en de stille Waling-om kaam foar my yn in oar ljocht te stean.’
De tafallige moetings en it werbrûken fan de siden út it Fryske famyljeblêd as ferpakking foar de broggen makken fan de jonge Cuperus net allinne in lêzer, mar op 'en doer sels in Frysk skriuwer, want ‘dêr op de foarikker yn 'e Holwerter polder, brea-itend plat op it liif mei Waling-oms blêd foar my, waard it lângstme berne. Ik fielde: it moat al in ûnmjitbere rykdom wêze, om it libben, net in fantasije fan it libben, mar it wiere, it echte út te skilderjen, te ferneatigjen, dêr't it flokt tsjin Godlike en minskemoraal en te stipelearjen dêr't it goed en eal
| |
| |
en fol rike ûnthjitting is. Dêr moat men wat foar oer ha, sels yn it each fan de minsken in nu ver keardel wêze wolle. Dêr op dy foarikker gie de wûndre wrâld fan de literatuer foar my iepen.’
Watse Cuperus hat syn oantinkens oan Waling Dykstra ek ophelle foar de dielnimmers oan de Fakânsjeleargong fan de Provinsjale Underwiis Rie op 31 july 1941. Kranteferslaggen dy't fan syn lêzing makke binne, bewize dat. Hy wie berne op 30 april 1891 en dus fyftich jier âld, doe't er as sprekker frege waard foar de trije dagen duorjende kursus yn de Klanderij yn Ljouwert.
Cuperus hie doe noch net mear as trije boeken publisearre en fan syn meast ferneamde wurk, de trilogy De gouden tried, hie noch mar in part as feuilleton yn it Friesch Dagblad stien. Lykwols moat er yn dy snuorje al sa'n goede namme hân hawwe dat him frege waard om tusken mannen fan kwizekwânsje as dr. W.L. Brandsma en mr. A.S. Miedema en warbere jongeren as Douwe Tamminga, Bonne Dijkstra, Kai Bouma, Catharinus Hoekema en Jan Slofstra ‘as folksskriuwer oer en út eigen wurk’ te fertellen. Unbekend wie er yn Bewegingsrûnten doe grif net mear. Cuperus hie sûnt de oprjochting yn 1930 in meilibjend lid fan it Grifformeard Selskip for Fryske Tael- en Skriftekennisse west, hy hie geregeldwei belletristyske bydragen yn it Grifformeard Frysk Tiidskrift (1932-1939) hân en yn 1934 hie er mei oaren oan de widze stien fan de Kristlike Fryske Folks-Bibleteek.
| |
Libben
Watse Cuperus is op 30 april 1891 yn Blije te wrâld kommen as soan fan Jan Watses Cuperus en Harmke Reinders Blijstra. Heit wurke op it lân en doe't er dat troch de reumatyk net mear dwaan koe, dreau er mei syn frou yn de Haadstrjitte fan Blije in winkeltsje. Watse rekke op syn fiifde jier nei skoalle en mei't er
| |
| |
seis klassen yn fiif jier troch koe, wie er op syn tsiende op de doarpsskoalle al útleard. It haad fan 'e skoalle woe doe hawwe, dat er mei in ploechje oare learlingen klearmakke wurde soe foar de normaallessen om ûnderwizer wurde te kinnen. As dat fanwege de minne finansjele situaasje thús net koe, wie master sels ree om by te springen, mar de jonge Watse hat dy kâns net grypt. Hy hie syn nocht fan it learen en hat, nei't er noch in koart skoftsje mei de oaren opleard hie, wurk socht by in boer. Sa koe er meifertsjinje foar de húshâlding. Neffens eigen sizzen hat er nea spyt hân fan dat beslút.
Yn 1958 is Striid en segen útkommen dêr't Cuperus in skets yn jûn hat fan syn eigen libben. Yn de romanfiguer Bouke Blijstra is dúdlik de skriuwer werom te finen. Hoewol't it in autobiografy is, is it net in boek dat brûkt wurde kin om feitlike ynformaasje (lykas nammen en jiertallen) oer it libben fan de skriuwer te krijen. It is sketsmjirtich skreaun, mar de passaazje oer de jonge dy't net fierder leare wol en by de boer wakker syn draai fynt, komt tige libbensecht oer. Itselde motyf is ek werom te finen yn Cuperus syn berneboek Oarreheite erfskip út 1943.
By it fertellen oer eigen libben praat de skriuwer ek oer hofkesjongerij en oar kattekwea dat er as jonge úthelle hat. Trochdat de haadpersoan út Striid en segen mei in deaplak oan 'e holle berne wie, waard er altyd werkend en as skuldige oanwiisd, wat him opskipe mei in soarte fan minderweardich (want tekene) fielen. Dat ferhaal is histoarysk: yn Blije stie Watse Cuperus destiids bekend as ‘Watse Plak’ en hoewol't in operaasje eins mear koste as lije koe, hat syn mem der dochs op oanstien, dat er dat rare plak weilhelje litte soe, doe't er op in leeftiid kaam om ferkearing te sykjen.
It gefoel wat oars as oaren te wêzen, wie Watse faaks mei troch de ûnderfining út syn jongestiid by it folwoeksen wurden wol treast. En in skriuwer moast it der ommers foar oer hawwe yn 'e eagen fan de minsken (lykas Waling Dykstra) in ‘nuver keardel’ te wêzen? Ienkear ûnder de tsjoen fan de Fryske literatuer kommen, gie Cuperus der net foar omlizzen op de feinte- | |
| |
feriening Fryske stikken foar te bringen, dêr't dan yn it ferslach steefêst fan skreaun waard, dat ‘W. Cuperus iets had voorgedragen in het boerenfries’. Hy bestie it sels en skriuw, doe't er sekretaris wurden wie, de notulen yn it Frysk.
As jonge hie er alles lêzen wat er benei komme koe út de boekekast fan master of út de twa biblioteken yn it doarp. Favoryt wiene de histoaryske boeken fan J. Keuning, A.J. Hoogenbirk en L. Penning, alle trije destiids ferneamde protestants-kristlike auteurs. Dûmny late him yn de wrâld fan de romanliteratuer yn. Boeken mei in sosjale ynslach hie er it leafst en letter soe er A.M. de Jong en Emile Zola neame as skriuwers fan wa't er gâns opstutsen hie en dy't syn sosjale belangstelling fersterke hiene.
Sosjaal gefoel en striidberens om de maatskiplike situaasje foar de earmsten te ferbetterjen hie Cuperus fan hûs út meikrige. Syn heit wie warber yn Patrimonium en hat om 1900 hinne yn Blije en omkriten ek stakingslieder west, doe't it der om gong de deihieren foar de lânarbeiders fan fjirtjin stoeren op in gûne te bringen.
Watse Cuperus bleau net by de boer, hy joech him by it terpôfgraven en modderfarren en swalke, neidat er yn 'e mobilisaasje as soldaat opkomme moatten hie, yn de krisisjierren hiele Fryslân troch mei in slattersploech. As troud man mei in oanwinnende húshâlding begûn er mei lapkes en klean te suteljen, wat op ien dei soms mear fertsjinst opsmiet as er yn in hiele wike as arbeider fertsjinje koe. Letter hie er in winkel.
Nei it foarbyld fan heit joech er him yn it fakbewegingswurk en fierder warde er him by de Bijzondere Vrijwillige Landstorm. Doe't er as sprekker wat namme begûn te krijen, waard er by de riedsferkiezings yn Ferwerderadiel ek op 'e list fan de Anti-Revolutionaire Partij pleatst. Yn 1927 is Cuperus, hoewol't er op nûmer 13 stie mei foarkarstimmen keazen. Der moast in boer plakromje foar him en fan 'e kant fan de partijlieding kaam doe de oantrún om mar te betankjen foar de sit yn de rie. Mei't er syn kiezers, dy't wakker kampanje foar him fierd hiene, net
| |
| |
teloarstelle woe, liet er him dochs de eed ôfnimme. Hy naam yn de gearkomsten faak it wurd en ûntjoech him ta in fûl debater. Ein 1928 kaam fan hegerhân it oanbod om te sollisitearjen nei de funksje fan jildopheller en meteropnimmer by it gemeentlike elektrisiteitsbedriuw. It belang fan syn húshâlding hat Cuperus doe foargean litten boppe syn politike ambysje. Mei in gemeentepet op koe er gjin riedslid bliuwe en yn de riedsgearkomste fan desimber 1928 is mei gâns freonlike wurden ôfskie fan him nommen. Oant syn sechstichste ta is Cuperus amtner yn 'e bûtentsjinst bleaun en swalke er op 'e fyts troch it gea by huzen en pleatsen del. Doe waard it wurk him, trochdat er slim sûkersykte krige, te swier en moast er it oerjaan.
Watse Cuperus wie op 16 maaie 1914 troud mei Leentje Homsma fan Marrum. Oant begjin jierren tritich binne se yn Blije wenjen bleaun, dêrnei waard Westernijtsjerk it wenplak en letter Marrum. Hja krigen tsien bern, dêr't acht fan grut wurden binne. Hoewol't it mei sa'n keppel bern faak rûzich wie yn 'e wenkeamer hat Cuperus kâns sjoen om gewoan oan 'e grutte tafel 15 romans, 2 berneboeken, mear as 200 ferhalen en in fiiftal lytsere en gruttere toanielstikken te skriuwen, njonken noch gâns gelegenheidswurk foar brulloften, jubilea en betinkingen. Cuperus is nea yn 'e beneaming kommen foar in grutte literêre priis, mar njonken bekroaningen yn de romanpriisfragen fan de kffb hat er ien kear in priis wûn fan it Rely Jorritsma Founs. Dat wie yn de priisfraach fan 1955 foar it koarte ferhaal ‘S.D.G.’. Wurdearring wie der ek yn de foarm fan in earejild fan it Ministearje fan O.K. en W. en in earelidmaatskip fan it Boun fan Fryske Kunstners.
Nei't er de lêste jierren fan syn libben al hast net mear skriuwe kinnen hie troch lichaamlike klachten dy't it gefolch wiene fan syn oanboazjende sykte, is Watse Cuperus op 18 augustus 1966 yn 'e âldens fan 75 jier yn it Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert ferstoarn.
| |
| |
| |
Skriuwerskip
Sadree't Watse Cuperus skriuwe koe, begûn er ek ferhaaltsjes te meitsjen. As it papier krap wie, skreau er op lege sûkerpûden en doe't er mei syn leafhawwerij nei 't sin fan de oaren yn 'e húshâlding tefolle plak ynnaam oan 'e tafel, makke er fan in tal kistkes yn it gonkje syn eigen skriuwburo. From kristlik jonkje as er wie, frege er yn syn jûnsgebed oan God om skriuwer wurde te meien.
Neidat de earste oefeningen yn de feinteferiening oan de iepenbierens priisjûn wiene, skreau Cuperus al ris wat faker sketskes en ferhaaltsjes dy't er dan foarlies op jûnen fan Patrimonium, skoalferiening en Bijzondere Vrijwillige Landstorm. Yn 1923 lies er op in gearkomste yn Ferwert foar út syn ferhaal ‘Ien oere revolúsje.’ Doe't yn it skoft immen fan it Friesch Dagblad frege oft er it stik meinimme mocht foar de krante, wie de auteur de kening te ryk. In deimannich letter lykwols krige er syn ferhaal werom mei de opmerking ‘ongeschikt’. De teloarstelling wie sa grut, dat er it skrift yn it kammenet burch en acht jier lang net mear nei skriuwen taald hat. Tusken de oanstriid om te skriuwen dy't er as jonge op it lân al field hie en de earste publikaasje leine sadwaande sa'n fyftjin jier.
Yn 1931 frege Uddo (Daniël van der Meulen) him op in gearkomste yn Ljouwert oft er net ris wat hie foar it Deiblêd. Cuperus hie net folle betrouwen mear yn syn skriuwtalint, mar weage it dochs in bewurking fan it ôfkarde ferhaal nei A.M. Wybenga te stjoeren om it behoffenje te litten. Op taal en stavering hie dy gâns oan te merken, mar wat de ynhâld oangie, seach er wol ljocht. Om it Frysk skriuwen better yn 'e slach te krijen hat Cuperus doe les nommen en him sa fier ûntwikkele, dat er sels letter Frysk jaan mocht oan skoalbern. Watse Cuperus rekke fan july 1931 ôf oan 'e gong yn ‘Us Fryske Rebryk’ yn it Deiblêd, in rubryk dy't fersoarge waard troch it Grifformeard Frysk Selskip. Hy hat it jierrenlang folhâlden dêr alle wiken foar te skriuwen, yn it earst ûnder de skûlnamme Bauke fen Skea- | |
| |
nebûrren, fan 1934 ôf ûnder eigen namme. De ‘Fryske rebryk’ hold yn 1938 op te bestean, doe't der - mei troch tadwaan fan Cuperus - in ein kaam oan it Grifformeard Frysk Selskip. De skriuwer waard doe lid fan it Kristlik Frysk Selskip. Syn bydragen oan it Friesch Dagblad rinne troch oant 20 july 1940. Fanwege Cuperus syn oansluting by de ‘Kultuurkamer’ (Het Volk, 22 maaie 1943) is him troch de ‘Eereraad voor Letterkunde’ in publikaasjeferbod oplein oant 5 maaie 1946. (Adriaan Venema, Schrijvers, uitgevers en hun collaboratie, diel 3A De kleine collaboratie, s. 305).
Nei de oarloch waarden syn sketsen en ferhalen pleatst yn De Stim fan Fryslân (yn maaie 1945), Frysk en Frij (fan 1949 ôf), De Stiennen Man (foar it earst yn 1950), fannijs it Friesch Dagblad (fan 1951 ôf), de Leeuwarder Courant (foar it earst yn 1953) en inkeldris yn de Friese Koerier en It Heitelân.
It debút fan Bauke fen Skeanebûrren yn boekfoarm ûnder de titel Skeanebûrster folkslibben út 1933 omfettet twa earder yn it Deiblêd publisearre ferfolchferhalen. Yn syn twadde boek, It wûnder, dat yn hânskrift lizzen bleaun is, beskreau Cuperus de opkomst fan de Kristlike skoalle. Dêrnei folge Lânstoarm XI (1914-1918) oer syn tsjinsttiid. Dat boek waard nei publikaasje yn it Deiblêd (lykas it debút) troch De Motor yn Snits printe yn 1937. Underwilens hie er nei oanlieding fan in priisfraach syn earste berneboek, Oarreheite pet, skreaun, dat yn 1936 troch Kamminga yn Dokkum útjûn is. It waard yn 1941 nochris yn Dokkum en yn 1948 yn Frjentsjer by Wever fannijs útbrocht. Tusken 1941 en 1950 ferskynden de trije dielen fan it lange feuilleton De gouden tried by ferskillende útjouwers. De Tille yn Ljouwert hat de trilogy yn 1982 mei help fan it Frysk útjefte Fûns yn ien bân útbrocht as nûmer VI yn de Titelroas-rige en nûmer 299 yn de rige fan de kffb. Oare romans fan Cuperus binne noch: De pipegael (1947), Doeke Daen (1948), Hoeder en skiep (1955), De sierlike kroan (1964) en Jild en eare (1966). Fiifris is in boek fan Cuperus útbrocht yn de rige fan de kffb al hiene de auteur en de bestjoersleden wolris ferskil fan miening
| |
| |
oer de honorearring (Frysk en Frij, 27 febrewaris 1959). Dat binne de earste beide dielen fan De gouden tried yn 1941 en 1942, Striid en segen yn 1958, De sierlike kroan yn 1965 en de werútjefte fan de trije dielen De gouden tried yn ien bân yn 1982.
| |
Kristlike folksskriuwerij
Foar ús gefoel heart Watse Cuperus by de âldere en ferstoarne, mar dochs noch wol min ofte mear eigentiidske skriuwers. It is goed jin by de beoardieling fan syn wurk foar eagen te hâlden, dat er winliken noch alhiel yn de tradysje fan de njoggentjindeieuske folksskriuwers as Waling Dykstra stien hat. Foardat Cuperus yn 1931 yn it Friesch Dagblad begûn te publisearjen, wie der benammen fan de kant fan Douwe Kalma en syn Jong-friezen al gâns krityk op dy folksskriuwerij kommen, mar yn it geastlik fermidden dêr't Cuperus yn opwoeks, hat de ôfwizing fan dat soarte literatuer net folle wjerklank fûn.
Oer karakter en funksje fan Fryske folksskriuwerij is yn de jierren tritich gâns skreaun en wreaun. In ferhelderjende gearfetting fan dy diskusje hat Trinus Riemersma jûn yn it haadstik ‘De folkslektuerbeweging’ yn it boek De kffb yn literêr Fryslân (Amsterdam / Kiel, 1992). Folksskriuwerij ûnderskiedt him fan literatuer yn it algemien mei't it skreaun is mei in oare as allinne mar artistike bedoeling. De skriuwers woene lêsstoffe biede oan ‘gewoane’ lêzers mei de bedoeling har oan it lêzen te krijen en har sadwaande in stik foarming te jaan dy't hja misrûn wiene, trochdat hja mar koarte jierren skoalûnderwiis hân hiene. Yn Fryslân gie it der dan ek noch om de lêzers oan it lêzen fan Fryske boeken te krijen. Folksaardige boeken wurde skreaun foar in beskate groep, dy't eat fan it eigen libben weromfine moatte kin yn de ferhalen. Yn syn yn 1989 skreaune les oer de ‘Tweintichste-ieuske folksskriuwers’ yn de rige ‘Tekst en Utlis’ hat Jan Dotinga in tal skaaimerken fan de folksskriuwerij jûn. Neffens him is it beskriuwingskeunst, bliuwe de moetingen mei
| |
| |
de ferhaalfigueren oerflakkich, is de tematyk hast altyd dy fan it libben fan al den dei, mei de lêzer net folle psychologyske ferklearring ferwachtsje en wurdt ek net folle ynsjoch jûn yn de inerlike wrâld fan de romanpersonaazjes. By it behanneljen fan stoffe út it ferline jout de skriuwer net folle bliken fan histoarysk ynsjoch, mar lûkt er it ferhaal maklik nei it sentimintele of romantyske. Der is by ditsoarte boeken meastentiids in alwittende ferteller dy't út en troch ek kommentaar jout en it taalgebrûk hat net in soad eigens.
Cuperus hat der ferskate kearen de klam op lein, dat folks-skriuwers har stoffe tichtby hûs sykje moasten en dat hja dêrom yn it eigen gea eagen en earen goed iepen hawwe moasten. Hysels hie as bern altyd al harke nei de petearen fan de jûnpraters dy't by syn âlden oer de flier kamen. Sa hie er syn minsken kennen leard yn har wize fan praten en yn it stallen fan har ferhalen.
Yn 1934 hat Cuperus yn in radiolêzing foar de ncrv sprutsen oer it doel, dat benammen kristlike Fryske folksskriuwers foar eagen hâlde moasten: ‘Eltse Fryske skriuwer of dichter hat in útsprutsen doel mei syn wurk, der wurde bepaalde rjochtingen oanwiisd, it giet yn de Fryske folksskriuwer ij om de antitese, it giet om it kar stjerlik minske of Ivige God. Dêr giet it om, dat behearsket de pinne fan de skriuwer ek al hat hy der sels net iens altiten it bewuste witten fan, hy kin net neutraal wêze, en net negatyf, dy negaasje is altiten de klearste iepenbiering fan it kar, dat hy foar syn persoanlik sielelibben dien hat. (...) Nee, de Fryske skriuwerij ek de ienfaldichste folksskriuwerij hat in doel en dat doel is opfieding, de lêzers moatte in bepaalde rjochting útstjoerd wurde en dy rjochting dy't oanwiisd wurdt, is de rjochting fan de skriuwer sels. Dat is moai wurk - at it ivich-heidswurk is. Dat is freeslik wurk - at de machten en krêften út de ûndergrûn der yn triomfearje.’ De skriuwer moat - koartsein - de kristlike moraal útdrage.
Watse Cuperus hat der nea in geheim fan makke, dat er it skriuwen fan Fryske boeken as in opdracht fan God beskôge en
| |
| |
dat syn skriuwen op de keper besjoen evangelisearjen wie. Hy woe dêrmei alderearst in maatskiplik doel tsjinje. Troch oer de earmoed fan de arbeiders te skriuwen woe er de eagen iepenje fan de better bedielden, sadat hja it wol as har plicht fiele moasten de situaasje te feroarjen. Hy wie yn syn krityk op de hegerein perfoarst net mijen foar syn kristenbruorren, benammen as hja funksjes yn it tsjerklik en maatskiplik libben (mis)brûkten foar it eigen belang. Krekt kristenminsken soene har plicht ferstean moatte en oan in rjochtfeardiger maatskippij wurkje. ‘Ik gun de sosjalisten net de pretinsje, dat hja allinnich opkomme soene foar de mindere man,’ sei er lerterlik tsjin de ferslachjouwer fan it Friesch Dagblad (28 april 1951) yn in fraachpetear nei oanlieding fan syn sechtichste jierdei. ‘Ik besiikje de minske sjen te litten as rintmaster en yn dat earme, behyplike, ferhûddûke libben fan safolle lytse lju wat fan Gods genede wer te jaan.’ Ek yn syn skriuwen waard Cuperus in strider tsjin earmoed en ûnrjocht, syn bedoeling wie net om meilijen op te roppen, mar de lêzers ta meifielen te twingen.
In grut part fan wat Cuperus skreaun hat, berêst op wiere feiten. Al syn wurk spilet yn de omkriten fan Blije, Westernijtsjerk en Marrum, de doarpen, dêr't er berne is en wenne hat. It measte is situearre yn arbeidersfermiddens, omdat er dat út eigen ûnderfining fan binnenút beskriuwe koe, mar hy hat him ek weage oan de útbylding fan dûmnys en middenstanners. Allinne Jild en eare, dat yn 1966 postúm yn boekfoarm publisearre is, mar al om 1950 hinne skreaun waard, is alhiel optocht.
|
|