Swart mar leaflik
(1998)–W. Cuperus– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 233]
| |
Ynhâld en boadskipSwart mar leaflik is it ferhaal fan in yn it noarden fan Fryslân legindarysk bleaune frou dy't om 1830 hinne berne is by de seedyk. Dy Grutte Jantsje is in ‘outcast’, ien dy't der net by heart en hja moat mar sjen, hoe't hja steande bliuwt. Hja libbet iensum, mar is sterk en handich en doar it mei de lea en mei har skerpe mûle wol op te nimmen tsjin hierbazen en oaren dy't oer har steld binne. As hja de kâns krijt har te ûntfermjen oer in fertutearzge húshâlding en letter nochris oer in yn 'e steek litten jonkje, dan komme der noch hiel oare krêften yn har boppe. Ut leafde foar de oan har soargen tabetroude bern komt se ta ligen en stellen en stiet se machtige manlju as earmmasters en weesheiten. It is in primityf minske mei it herte op it rjochte plak en in eigensinnige ynterpretaasje fan regels en regleminten. Hja hat in bernlik-ienfâldich, mar sterk leauwe en is fêst oertsjûge, dat God har goede bedoelings wol begrypt en as de lêste rekken opmakke wurdt, har Boarch wêze sil. De titel hat de skriuwer ûntliend oan de bibel dêr't yn Hooglied 1:5 stiet: ‘Ik ben zwart, doch liefelijk’. De lêste rigel fan it boek is in wat frije fariant op de tekst fan it Heechliet: ‘Sjoch, dû bist swart, mar leaflik, myn freondinne...’ De skriuwer woe dêrmei útdrukke, dat Jantsje har siele swart wêze mocht, mar dat hja ek in leaflike kant hie, dy't him utere yn de suver demoanyske leafde foar har oannommen bern. Yn de swarte kant fan har wêzen skaaide se út nei har heit, Swarte Gelf, in meunster fan in keardel, dy't syn frou heal omkomme liet en allinne begien wie op de bút dy't de see him jaan soe yn de stoarmnacht fan Jantsje' berte. It leaflike hie Jantsje fan Kike, har mem, meikrigen dy't leaf en from wie en foar alle minsken klear stie. De skriuwer hat yn gronologyske folchoarder it libben fan | |
[pagina 234]
| |
Grutte Jantsje ferteld, fan har berte oant har dea, wêrby't er sjen lit, hoe't de swarte en de leaflike kant fan Jantsje har karakter mei-inoar stride en om bar de oerhan krije. Faak wint it swarte, rûge, keardelseftige en de omstannichheden dêr't Jantsje yn ferkeart, meitsje dat ek nedich, mar út en troch oppenearje har ek de sêftere kanten fan har wêzen en tanksij de goede wurken dy't hja docht oan de minsten en de lytsten fan Gods folk, sil hja yn genede oannommen wurde. Dat is it boadskip dat de skriuwer mei dit boek útdrage wol. | |
WurdearringLêze jo de resinsjes dy't ûnderskate skriuwers by de jierren lâns fan de boeken fan Cuperus jûn hawwe, dan ûnstiet it byld, dat hja gâns wurdearring fielden foar de man en syn stribjen, mar op it resultaat fan syn krewearjen noch al wat oan te merken hiene. De krityk rjochte him op it sloardrich taalgebrûk, ferkearde byldspraak, de breedsprakigens, de al te skematyske psychology fan de romanfigueren en de breklike struktuer fan syn ferhalen (gâns feiten, mar gjin yntrige). De lêste punten binne eigen oan de folksskriuwerij, sa't wy hjirboppe sjoen hawwe. S.D. de Jong murk nei oanlieding fan Cuperus syn debút (Leeuwarder Courant, 9 febrewaris 1934), op dat ‘dizze Bauke fen Skeanebûrren’ in ‘gereformearde Brolsma’ wurde koe, mar Piter Terpstra konstatearre yn in besprek fan it postúm ferskynde Jild en eare (Frysk en Frij, 14 oktober 1966) dat dat him dochs net wurden wie. It wie Brolsma wol slagge en folksskriuwers as Cuperus net om ienfâldige ûnderwerpen sa fynsinnich en persoanlik út te arbeidzjen, dat syn wurk literaruer waard. Anne Wadman hat yn syn besprek fan Striid en segen (Het Vrije Volk, 30 desimber 1958) moai dúdlik oanjûn wêr't de oast siet en wêrom't Cuperus syn romans foar him altyd wat ûnbefredigjends hiene, al hoe fertsjinstlik er se as ‘stikken folkslibben mei sterk sosiale eftergrûn’ ek fûn. ‘Skriuwers fan syn type, foar | |
[pagina 235]
| |
wa't maatskippij en wurklikheid fan mear belang binne as keunst, foar wa't de keunst middel, gjin doel yn himsels is, kinne leau ik har libbensferfolling as skriuwer allinne ferwêzentlikje as hja ôfstân dwaan kinne fan alle technyske romanomballingen, as hja har ienfâldichwei, sûnder twingende easken fan ferhaal, yn-triizje en komposysje, beheine kinne ta it libben sa't hja it yn wurklikheid sjoen hawwe; as hja net mear behindere wurde troch de needsaak har stoffe te ferbyldzjen mei de keunstmjittige helpmiddels fan it objektive en foar in part fantasearre romanferhaal.’ Neffens Wadman hat Cuperus yn Striid en segen it ynwindich konflikt opromje kinnen troch folslein himsels te wêzen en eigen libben en groei ta grûnslach te nimmen. Cuperus wie in engazjearre skriuwer mei in boadskip fan gerjochtichheid en barmhertichheid. De wearde fan syn wurk is foar in part ek dokumintêr en leit dan yn de útbylding fan de ôfgryslik minne situaasje, dêr't arbeidersminsken en oare lytse lju foarhinne yn libben. It yn rein en kjeld omheukerjen fan jonge bern op it lân, it hurde bodzjen fan sawol manlju as froulju en it lijen fan âlde minsken dy't net mear wurkje koene en oerlevere wiene oan de geunst fan de earmfâden, hat er skerp en meifielend úttekene.
Swart mar leaflik wurdt oer it generaal as in hichtepunt yn it oeuvre fan Cuperus beskôge en de auteur sels fûn it ek ien fan syn bêste boeken. Troch syn beskriuwing fan har libben hat er yn Grutte Jantsje in Fryske romanfiguer skepen dy't jin bybliuwt. Oft dat feit it boek ta literatuer makket, is net in útiten saak. Neffens ‘de J.’ (E.S. of Tsjêbbe? de Jong) yn it Bolswards Nieuwsblad hat Cuperus syn skriuwen yn dit boek wûn oan realisme en plastyske krêft. ‘It is net al te from en ek net al te goddeleas. De moraal leit der net op, mar sit der yn. De folkshumor is hjir ûnbeslipe werjûn.’ Neffens dy kritikus hat Cuperus syn perioade fan ‘folksskriuwer’ ôfsletten, hat er him sels oerwûn en is er nije wegen gien: ‘earst no skriuwt er folslein út it folk wei en dêrmei ek foar it folk. Dit boek hat sûnder mis literê- | |
[pagina 236]
| |
re wearde.’ Piebenga yn de Leeuwarder Courant fan 10 novimber 1949 seit, dat Cuperus fannijs it bewiis levere hat, dat er fertelle kin, werjaan, skilderje en byldzje. Mei alle oare skôgers fynt Piebenga dat ‘Grutte Jantsje’ libbet en ‘in figuer yn de Fryske literatuer’ wurden is, lykas Brolsma syn Daniël fan Kuken út Grûn en minsken. Poortinga fergeliket har yn Frysk en Frij fan 7 april 1950 mei Daniël syn heit Lammert (de Striejonker) en mei Hessel Ypma fan Paulus Akkerman en ferûnderstelt dat skriuwers as Brolsma, Akkerman en Cuperus, wolle se net ferfalle yn in hyltiten werheljen fan de eigen motiven, fan it beskriuwen fan it algemiene komme moasten ta it fertellen oer it bysûndere: fan Jan Brúnja ta de Striejonker, fan it Freark Jabiks folk ta Hessel Ypma. De lêsten wurde dreaun troch ien sterke, mar ek fan it normale ôfwikende karaktertrek. By Grutte Jantsje giet it dan om twa meiinoar stridige eigenskippen, mar yn prinsipe om itselde. E.B. Folkertsma (yn De Stim fan Fryslân, 9 desimber 1949) set har sels yn de rige fan Wychman Hoara, de Striejonker, Haitze Holwerda en Hessel Ypma. Swart mar leaflik wurdt sjoen as bewiis, dat der in opgeande line is yn it skriuwen fan Cuperus. Anne Wadman skreau yn De Tsjerne fan 1950: ‘De ûntwikkeling dy't Cuperus meimakke hat, is dy fan út sosjaal ferantwurdlikheidsbesef fuortkommende, en miskien troch persoanlike ûnderfining oansterke folks-skriuwerij-foar-eigen-parochy nei de psychologyske nijsgjirrichheid nei de minske as yndividu.’ Jan Wybenga - ta beslút - priizge yn in oars tige kritysk stik oer it Fryske proaza sûnt 1945 yn Frysk en Frij (25 maaie 1950) Swart mar leaflik as ‘in boek mei siel’. Hy wurdearret benammen de dûnkere, benearjende sfear dy't oer it boek hinget. De besprekkers hiene lykwols ek beswieren. Om te begjinnen tsjin de titel. ‘Ik ben zwart, doch liefelijk’ (Hooglied 1:5) is yn de Wumkes-oersetting fan 1943: ‘Donker bin ik, mar oanfallich’ en yn de nije Fryske oer setting: ‘Brún ferbaarnd bin ik, mar dochs moai’. Dy oersettingen litte sjen, dat de bibelske dichter hiel oare dingen op it each hân hat as de striid yn it inerlik fan in | |
[pagina 237]
| |
minske tusken erflike eigenskippen. Noch ôfsjoen fan de ferkearde ynterpretaasje fan it bibelwurd is de titel dêr't de skriuwer tagelyk syn ‘idee’ fan it boek yn fêstlein hie, him in ‘bongel oan 'e poat’ wurden. It swart/leaflik-skema is in swart/wyt-skema wurden, dat nuansearring yn de psychology fan de haadpersoan opkeart. Cuperus is tefolle beynfloede troch in naturalisme, dat de minsklike mooglikheden ôfhinklik makket fan de yn it erflik materiaal meijûne deugden en ûndeugden. Grutte Jantsje wurdt dreaun troch har swarte of har leaflike kant, hja tinkt net nei, kiest net, liket gjin eigen wil, allinne in lot te hawwen. Folkertsma karakterisearre Cuperus syn wurk as ‘beskriuwing fan in elemintêr en wreed talint’. ‘Taalkundich is der fan alles op syn boeken oan te merken. De man skriuwt earm en neaken. Fan in artyst hat er neat. As er út en troch dochs besiket it moai te sizzen, ferslacht er yn brike byldspraak. Der sit in stik foarmleazens yn syn beskriuwingen, dêr't de esteet de grize by oer de grouwe giet. En sjochdêr, mei de rûchste en primityfste middels wit er boeken fan betsjutting te skriuwen.’ De yn Swart mar leaflik ferarbeide stoffe koe sa'n rûge behanneling ferneare en dy stoffe waard eins noch suggestiver troch Cuperus syn ûnbeslipe wize fan fertellen. Sadwaande hat er neffens Folkertsma mei dit boek de literatuer dochs ferrike. | |
UtjeftenSwart mar leaflik is yn 1949 by Wever yn Frjentsjer útkommen yn in linnense bân en mei in stofomslach nei in ûntwerp fan Herman Dijkstra. De priis wie ƒ4,90. It is net lykas guon oare boeken fan Cuperus fòar de boekútjefte as feuilleton publisearre, mar it earste haadstik hat al opnommen west yn De Tsjerne | |
[pagina 238]
| |
fan 1948. Hoe grut oft de oplage wie, is net krekt nei te gean, mar Wever skreau yn 1954 oan de auteur: ‘De verkoop van Uw boeken is traag.’ Fan Swart mar leaflik hie er doe noch 139 eksimplaren op foarrie. Ut korrespondinsje mei it Frysk útjefte Fûns oer in twadde printinge yn 1969 blykt, dat Wever yn syn kalkulaasje foar 1500 eksimplaren in honorarium foar de auteur fan ƒ600,- opnommen hie en dat dat likefolle wie as foar de earste printinge. It liket sadwaande net ûnwierskynlik, dat de earste oplage ek 1500 eksimplaren west hat. Dy twadde printinge is der yn 1969 kommen mei in subsydzje fan it Fûf fan ƒ2.318,- foar 1200 eksimplaren. It wie in útjefte yn pocketfoarm en de priis wie ƒ8,90. It is noch wol aardich om op te merken, dat al yn de oprjochtingsgearkomste fan it Frysk útjefte Fûns praat is oer de winsklikens fan in werútjefte fan Swart mar leaflik. It waard beskôge as in ‘urginsjegefal’ (ferslach Fûf-gearkomste fan 29 jannewaris 1969). Ut it feit, dat it boek no op fersyk fan de útjouwers ek wer yn de rige ‘Fryske Klassiken’ útbrocht wurdt, docht bliken, dat it lêzerspublyk nettsjinsteande alle betinkingen dy't kritisy tsjin Swart mar leaflik formulearre hawwe, it boek oer Grutte Jantsje noch altiten in ‘echt moai boek’ fynt. E.S. de Jong hat it oer set en ûnder de titel Zwart maar liefelijk yn 1958 as feuilleton pleatst yn it Bolswards Nieuwsblad. Neidat H. Osinga fergees besocht hie de boekútjefte by J.N. Voorhoeve ûnder te bringen, hat er, omdat er it setsel net sa lang stean litte koe oant de Haachske útjouwer út de rie wie, besletten it sels út te bringen yn 1959. De oplage wie 1000 eksimplaren. De priis fan it ynbûne boek wie ƒ5,90. Jan van der Bij makke in nij omslachûntwerp. Fan 1 juny 1979 oant en mei 4 april 1980 is it fannijs as feuilleton brûkt yn it Bolswards Nieuwsblad. Dizze werútjefte yn de rige Fryske Klassiken yn 1998 is de tredde printinge yn it Frysk. | |
[pagina 239]
| |
Ferantwurding fan de tekstbesoarging
Foar dizze printinge is de earste as útgongspunt nommen. Wat it brûken fan lêstekens oangiet, binne de regels dy't hjoed de dei folge wurde, oanhâlden. Dat wol sizze, dat útroptekens en fraachtekens midden yn sinnen weilitten binne en dat komma's foar ‘en’ en ‘of’ skrast binne. Cuperus syn taal wie net frij fan hollannismen en streekbûne foarmen. De measte dêrfan binne stean bleaun. Allinne ‘ternauwerneed’ en foarmen fan it tiidwurd ‘woarstelje’ binne ferfongen troch Fryske ekwivalinten. Anne Wadman frege him yn syn Tsjerne-kiityk fan 1950 al ôf, wêrom't de minsken by Cuperus altyd sa ‘woarstelje’ moasten. It net foarkommen fan beide wurden yn it wurdboek fan Waling Dykstra hat ús de oertsjûging jûn, dat it hjir om flaters gie.
Tineke Steenmeijer-Wielenga |
|