| |
| |
| |
XXIII
Hindrik groeit op ta in feint.
Dat is ek wer wat, dat yn Grutte Jantsje twadderlei reaksje teweech bringt.
Hja is der fansels bliid om, lykas elke mem bliid is.
Al soe it allinne mar wêze, dat se no net mear sa ûnmeugend hoecht te wrakseljen om troch de tiid te kommen.
Net hoecht, al docht se it noch al den dei like fûl.
Hindrik is grutter wurden, hat alle jierren al weroan sneontejûns mear sinten thús brocht en is jier op jier omheech klaud nei de folsleine weardearring fan in man, yn it lean dat him útbetelle wurdt.
Dat binne allegearre dingen, dêr't Jantsje bliid om wêze moat en it ek is.
Mar dy blydskip is net hielendal folslein.
It is in blidens mei eangstme.
Want Jantsje hat op it gebiet fan grutte bern net sokke bêste belibbenissen hân.
Grutte bern betsjutte foar har altiten ferlies.
Sa is se har bruorren kwytrekke, sa is se de grutte jonges fan Klaas kwytrekke, mar sa hat se ek lytse Jantsje ferlern.
Dat lêste foaral is har noch nea út 'e mage.
Want lytse Jantsje is ôfstoarn, lykas de oaren, hja heart taal noch teken mear fan har en dat is no lytse Jantsje, dy't dochs sa oan har hongen hat, ek net minder as Hindrik.
As se no dizze jonge ek ferlieze moast, dan soe se harsels gjin ried mear witte.
| |
| |
Want dit is de lêste, nei dizze moat se der net op rekkenje, dat der wer leafde en soarchobjekten foar har komme sille.
Dêr prakkesearret Jantsje faak oer, sa'n jonge moast no winliken lyts bliuwe, ôfhinklik bliuwe, hy moast altiten troch har soarch nedich wêze.
Mar dat is sa net, krekt oarsom. Hindrik groeit op ta in feint, in man, dy't fan gjin ôfhinklikens mear wit, hoewol syn memmeleafde by it opgroeien net minder, mar djipper en fêster wurdt.
Hy begjint der ommers hoe langer wat mear aan fan te krijen, wat dit wyldfrjemde minske yn syn libben fan wees betsjut.
En Jantsje docht alle mûglike war om dizze leafde noch mear oan te moedigjen.
Dat docht se út wiere, djippe leafde, mar tagelyk ek út eangstme foar ferlies.
Hja is njonkelytsen ta it ynsjoch kommen, dat har metoaden mei de oare bern faaks net altiten goed west binne.
Dy ha alteast de risseltaten hân, dat se fan har ôfgien binne.
Dat mei mei dizze net barre en Jantsje is njonkelytsen libbenswiis genôch wurden om it gat om te smiten.
Fan de gystene, dy't mei stomp en skerp har wil oplei, har sin en kop trochsette en har yn alles jilde liet, is hja no de tsjinjende, de leafhawwende en dêrtroch ek de, harsels weiriddenearjende en opofferjende, wurden
As Hindrik sneintejûns let thúskomt, dan sit se of leit se op bêd geduldich op him te wachtsjen, hja fljocht him net op hakken en teannen efternei, lykas se it lytse Jantsje diich, mar se makket har, hoewol mei pine en smert, fertroud mei de tins, dat se yn dit libben net altiten de earste bliuwe kin, dat se njonkelytsen tebek reitsje sil nei it twadde plak.
En no't se safier is, docht se op dat twadde plak ek wat se mar mei minskemûglikheid dwaan kin.
Hja fielt dat se op 'n doer plak rûmje moat foar in oarenien, in oar frouminske.
En dat gunt se har grutte jonge dochs sa fan herten en dat stipet se mei alle middels, dêr't se oer beskikt.
| |
| |
Alles wat tsjinje kin om Hindrik yn it each fan de froulju begearlik te meitsjen, pakt Jantsje oan.
De klean, dy't se foar him keapet, binne útsûnderlik moai yn de stân fan de arbeiderswrâld, dy't noch hielendal gjin easken stelt.
Mar Jantsje stelt al easken.
Al it moaie, dat se fierôf of tichteby oan jonge minsken sjocht, it docht der net ta of it in boer of in master Of oars wat is, moat Hindrik ek ha, dêrfoar is har gjin offer te grut.
De minsken sjogge har wol wrotten en wramen en ferskate binne fan betinken, dat dat âld wiif ‘kroangek’ is.
Dêr rint my dy fint as in menhear mei in gouden ring om 'e finger, in dwaasheid, dy't yn arbeidersfermiddens noch nea foarkommen is.
Jy sjogge, jandory, net iens in boer of boeresoan der mei rinnen.
Mar och, it is fansels Grutte Jantsje, dat wol sizze, dêr kin men alle útsûnderlikheden en nuvere kluchten fan ferwachtsje.
Der binne ek oaren, dy't der har om priizgje. Dy Grutte hat gâns mear en gâns better sosjale fieling as de reginten fan earmhuzen en weeshuzen, dy't der alles op sette om de wrâld sjen te litten, dat de objekten fan harren soarch wezen binne, dat wol sizze oare as normale minsken, men moat dochs koarn en tsjef ek útinoar kinne.
Dy Grutte Jantsje hat de gek mei konfinsje en moraal, dy't libben-behearskjend by somliken skine te wêzen. Jantsje doar wat weagje, dy doar revolúsjonêr wêze, en dat fine se moai.
Mar sokken binne der noch net botte machtich yn it doarp, it binne de nijljochters, dy't net ien earnstich nimt en de goedwollenden besteevget yn de miening, dat der nuvere tiden op komst binne.
It lit Jantsje, lykas altiten, kâld, wat der om en oer har bepraat wurdt. Dy jonge sil it goed ha, dy skrept altiten, dy rint net nei herbergen en sa en dy hinget mei sa'n stik teare soarch en leafde om har ta, dat neat har te swier en te folle is om dat te fergoedzjen.
| |
| |
Syn faam, dy't er him njonkelytsen útkard hat en dy't foar Jantsje de sichtbre ynnimster is fan it earste plak, is se al like mâl om as om Hindrik.
Dit offer berget segen yn him, want Jantsje hat no gjin ien, mar twa bern. Lytse Jantsje is ferfongen en dizze ferfangster is se bliid mei en grut op.
En alles wat se oan Hindrik dwaan kin, docht se, want dat makket him yn it each fan de faam grutter, begearliker en oannimliker.
Just en dêr is it Jantsje om te dwaan, Hindrik is optlêst ek elkenien net.
Sa wrot en wraamt, lijt en soarget se, lykas altiten al, mar no wer foar twa.
En dy twa ha der gjin aan fan, wat der yn de âlde omgiet, hoe't se har loftkastielen bout, grutter en heger as de jongelju it yn har leafdesdreamen dogge.
Benammen de lêste tiden giet der wer wat gruts yn Jantsje om. Der binne wer in pear wûnders yn it doarp bard, dêr't it folk oer praat en der net sêd fan wurde kin.
Och, der hat al lange tiden wat fan yn 'e kranten stien, sels mei in printsje der by, mar dat wie nijs fan fierrens, dêr't de minsken net sa bot op reagearje, it kin wier wêze, hoewol der nearne mear liigd wurdt as yn 'e krante.
Mar no is dat fiere krantenijs realiteit wurden yn it doarp.
In rike boeresoan hat in fyts kocht en riidt dêr alle dagen mei it doarp troch.
In fylsepee neame de âlderen sa'n ding, mar it jongfolk, dat grif de krante better lêst, neamt it nije wûnder ek fuort by de nije namme.
Hy kostet hûndertentachtich gûne, grouwélich, sizze de âlderen, foar dy sinten keapet men in bêst hynder en in gloednije haaiwein.
De jongerein is optein, lykas mei alle nije dingen.
Keppels binne nei de pleats dêr't it wûnder berne is, ta tein. Allegearre ha se, elk syn bar, op de hierfyts sitte meien, de lange groppe fan it bûthús lâns.
| |
| |
En in wûnder is it, dat is mar net oars. De ôfstannen yn 'e wrâld binne mei ien feech útfage.
En as de boer de keunst te pakken hat, giet de hierfyts fuort en komt de nije Fongers, dy't it wûnder foargoed doarps- en wrâldkundich makket.
De âlderen binne wearzich, der is gau gjin minske mear op 'e dyk fertroud, it jongfolk is optein, it giet hurd, helte hurder as in hynder yn it fjouwerjen.
In pear wike letter riidt de twadde fyts al troch it doarp, mei in ferwoeksen mantsje der op. Hawar, as men de sinten hat en dan ek sa ûngelokkich is, is der alteast noch wat foar te sizzen, sokke stumpers moatte al genôch ûntbeare.
De hierfyts bliuwt ek yn it doarp, dat is al trije. In âldfeint, ek noch wol widdo'ssoan, keapet him foar fjirtich gûne.
Ja, sa giet it, as men mei sokke kluchten begjint, sizze de âlderen wiisgearich, dan is der gjin hâlden mear oan.
En Jantsje prakkesearret, sa'n ding moat Hindrik ek ha, kin er ommers nei de faam ta ride, lykas in boeresoan alear mei hynder en tilbury.
In nijenien, net te fier foar har begearen, mar al foar har jildpong, kin neat wurde, mar in âldenien lykas dy hierfyts, kin dochs gelike goed. Riidt de widdo'ssoan net like parmantich as de rike boeresoan en it ûngelokkige bultsje?
Men seit, dat der te Ljouwert genôch te krijen binne en sûnder dat der ien erch yn hat, giet der troch Jantsje ien grut begearen hinne, har jonge sil by dy oaren net efterútstean.
Mei sechstich gûne yn 'e bûse stapt se op in tongersdei de oerdeis op 'e beurtsnikke, want it rinnen hoecht no net mear, no't se foar neat meifarre kin en se wurdt âlder ek, it gekste giet der optlêst fansels ôf.
As de snikke de jûns by tsjuster te Ljouwert oankomt fynt Jantsje foar de nacht plak yn in sliepstee, dêr't se wolris faker tahâlden hat en de oare moarns swalket se de stêd ôf om in fyts te keapjen.
De beurtskipper, dy't se yn it betrouwen nommen hat, jout
| |
| |
har in gaadlik adres en as se it fûn hat en de riidarken wol op 'e rigel stean sjocht, stapt se de winkel yn en meunstert as in feekeapman op 'e merk de útstalle fytsen.
Fuort hat se har kar dien, dêr stiet jandory in gloednijenien foar fyftich gûne, like glêd en moai as de rike boer sines foar hûnderttachtich.
Ja, yn 'e stêd is it stikken guodkeaper as men der sels mar efteroan giet.
Dit is him, dizze moat Hindrik ha, dan stiet er alteast boppe dy widdo'ssoan yn priis en yn moaiens.
De fytsekeapman dy't it drok hat, hat net folle each en tiid foar dy âlde omrinster, dy't dêr yn 'e winkel omskaait. Dat it in klant is hat de man net in momint oan tocht.
Hawar, Jantsje bringt him gau ta in oar ynsjoch, dy keardel kin wol wat oansjitliker wêze, safolle sille hjir dochs net komme mei sechstich gûne yn 'e bûse?
‘Is dy fyts goed?’ freget se.
‘In bêstenien,’ andert de keapman.
‘In âldenien dy't jo nij makke ha, tink?’
Blinder, dat âldwiif is net ferrotte, tinkt de keapman.
‘Fansels,’ seit er, ‘in nijenien keapje jo net foar dat jild, mar in guodkeapenien foar dy sinten is it al.’
‘Soa,’ seit Jantsje, ‘no as jo dan de krekte priis sizze wolle, dan kinne wy faaks hannelje tegearre.’
Dizze keapman is har as betroud opjûn fan de beurtskipper en de man tinget net, hat er sein. Hawar, hja kin it dochs foar itselde besykje.
Mar de keapman reagearret oars as Jantsje tinkt: ‘Jo kinne lêze, tink? De priis stiet der op, it is hjir gjin Joadesaak, dan moatt’ jo in oar adres opsykje.’
Hy is koart en hy hat it drok, lykwols, dat er in fyts oan dizze ferkeapje sil, tinkt er net iens oan.
Mar Jantsje is ek keapfrou: ‘Hark ris keapman, jo adres is my opjûn en dêrom bin ik hjirre, mar ik bin al warskôge dat jo wol oerfreegje, ik jou fjirtich gûne, ik ha ek gjin mear jild yn 'e bûse.’
| |
| |
‘Soa,’ seit de keapman, ‘binne jo warskôge, no, jo kinne him foar njoggenenfjirtich gûne en njoggenennjoggentich sinten net krije, no witte jo krekt hoe't it sit, mar as jo de man hjir bringe, dy't jo foar my warskôge hat, dan kinne jo de fyts foar fjirtich gûne krije.’
‘Ik sil him hjir bringe,’ seit Jantsje en stapt de strjitte op.
Tsjonge, as no de beurtskipper in bytsje mei arbeidzje wol, dan sit hjir in tientsje foar Jantsje oan.
Mar de beurtskipper wol net: ‘Jantsje, Jantsje, dat jo no nea net wizer wurde.’
Hawar, dan sil se fan in soere appel bite moatte, dy moaie fyts sil Hindrik ha.
En sa stiet se efkes letter wer by de nije fyts, want dàt moat it al bliuwe, dêr sjogge de Blijers dochs neat fan.
Lokkich, hy stiet der noch, al is de keapman nearne te sjen. Hawar, dat is neat, Jantsje hat it oan tiid, de snikke giet noch lang net fuort.
De âlde hat gjin each fan de moaie fyts ôf, wat sil dat moarn in gloarjedei foar har wurde en wat sil dy jonge raar opsjen.
Yn dit foargeniet ferjit se alles om har hinne en se wurdt kjel, as de keapman efter har seit: ‘Wol âlde, wêr is de man, dy't jo meibringe soene?’
‘Dy is der net,’ seit se earlik, ‘mar ik haw ek yn 'e hannel sitten sjogg’ jo, hâld de hân mar op.’
It falt de keapman dochs ta, as se him de opgarre gûnen en ryksdaalders yn 'e hân telt, dy hie er net efter dat âld wiif socht. Wer sa'n âlde boerinne út de binnenlannen wei grif, je soene se gjin sint wegerje, mar se ha se wol.
Bliid te moed stapt Jantsje troch de stêd, hja hat betroud kocht, har jonge stiet no wer boppeoan, neist de rike boeresoan en it bultsje en fier boppe de widdo'ssoan.
De lange weromreis yn 'e wyn op, ferfeelt har ta de teannen út, benammen as it al tsjuster is as se troch de Holwerter Tille farre. Blije leit al in glûpend ein ôf oer it wetter.
It doarp, dêr't se no sa'n langstme nei hat en dat no sa njonkelytsen sichtber wurde moast, is weiwurden yn de dize fan de
| |
| |
jûnskimer en as it ek noch begjint te storeinen krûpt Jantsje yn it lytse foarûnder fan 'e beurtsnikke. Sa by no en dan kipet se hoe fier as de reis foardere is.
Oan it roer stiet de iene beurtskipper en de oare rint yn it tsjuster op 'e wâl yn 'e line, ek in baan foar sokke manlju.
By de dwarsmar fernimt se dat de snikke by de reiden lâns sluorket en optlêst alhiel stillizzen bliuwt.
De beide skippers sille faaks wol ruilje moatte fan wurk, ien en deselde kin net altiten yn 'e line rinne.
Mar op 'n doer ferfeelt it Jantsje, de snikke bliuwt mar lizzen, sille dy lju no nea net opsjitte?
Hoeden kipet se omheech troch it lûkje fan it foarûnder, mar der is fan de beide manlju neat te sjen, allinne hja heart wat omskeuken en it ien of oar teplak setten yn it rûm.
Soe der ûngemak wêze, it skipke lek of sa wat?
Mar nee, hja heart de mannen praten en laitsjen, der skynt gjin ûngemak te wêzen.
Mar wêrom dan dit opûnthâld? Hja sille dochs net skûlje foar de rein soe men hoopje, dan kinne se hjir de hiele nacht wol lizzen bliuwe, de loft stiet alhiel net nei ophâlden.
En dy manlju grommelje en laitsje mar, dit is in frjemd spul.
Nijsgjirrich krûpt Jantsje út it foarûnder en oer it dek hinne. Hja wol witte wat der útheefd wurdt.
En by it iepen lûk sjocht se de beide mannen by in fetsje drank dêr't in reid yn treaun is, stean en om bar sûge se der oan.
Hawar, Jantsje kin it de mannen net kwea-ôf nimme, nei sa'n swiere reis en mei noch sa'n ein foar de hân.
Hja is ek skrousk en kâld, hja soe der wrychjes wol sin oan ha om ek efkes te priuwen, mar foarsichtich giet se wer nei it foarûnder ta, de mannen moatt' der mar gjin erch yn krije dat se bestrúnjage binne.
En elk in pear mûlfollen út sa'n grut fetfol, is de muoite ek net iens wurdich, dêr fernimt de kastlein neat fan.
Njonkelytsen skynt it pypskoft ôfrûn te wêzen, der komt wer beweging yn 'e snikke en mei faasje giet it no op Blije oan.
| |
| |
Hawar, it giet Jantsje nei it sin, de lûker yn 'e line skynt der wol better fan wurden te wezen, hy lukt as in wyld en njonkelytsen farre se Farebuorren foarby en komme de lantearnen fan it doarp yn 't sicht.
Efkes letter stiet se mei de fyts foar de ferbjustre Hindrik.
Dat âld minske hat er wol wer wat oan te tankjen en dy tank betoant er ek oan de opteine bringster fan dit goeds.
En dat is foar Jantsje no alles, dêr hat se ferlet fan, dêrfoar hat se alles oer, har âld lichem en har oergarre sinten.
En oan dizze jonge is it ek goed besteld.
|
|