| |
| |
| |
XXII
As Jantsje mient, dat de fouden no har en de jonge wolris mei rêst litte sille, hat se it mis.
Mar al te gau docht dat bliken.
Jantsje hat dêr sels ek skuld oan.
De ferlerne reis nei Snits, fan Jantsje oan ryp en grien ferteld, is in doarpsferhaal wurden, wichtigernôch om der tiden oanien oer te praten.
Oan alle kanten opferve en opsiere, groeit it starichoan út ta skea fan de fouden, dy't dochs al net heech oanskreaun steane. Men neamt it in smoarge bak fan dy lju.
Jantsje geniet sichtber fan de foudeflater en past op dat it ferhaal yn it doarp ek sa lang mûglik ferhaal bliuwt.
En as dat optlêst al te ientoanich wurdt, giet se noch fierder.
Op in dei, dat se op 'e swalk is, komt se ek by it hûs fan in foud lâns.
En dan fljocht der wer in nuvere fyt, lykas al sa mannich kear, troch har hinne.
Dan moat se efkes útlibje de neiwille, dy't noch yn har opbrûzet sa faak as se ien fan dy mannen sjocht, of sels mar it hûs, dêr't se wenje.
En sûnder neitinken, (dat is ien fan de minste dingen yn Jantsje' libben) rint se nei de doar ta.
Oft de boer ek by honk is.
Nee, dy sit yn 'e jister te melken.
Noch moaier, tinkt Jantsje, wat mear minsken wat mear wille.
| |
| |
Oer 'e hikke hingjend eachweidet se de jister oer. Dêr sitte trije manlju en de faam te melken en de boer sit aldergelokst yn 'e fierste hoeke.
En sa raast se oer de hollen fan de oaren hinne: ‘Ik ha in lyts boadskipke oan jo. Ja, bliuw mar sitten, ik kin it sa wol fertelle, der is neat by, dat de oaren net witte meie.’
Skean efter de ko wei hingjend, sjocht de boer Jantsje stean en as fielt er dat Jantsje wat nuvers yn 'e holle hat, ropt er: ‘Ik sit ûnder de lêste ko, gean mar nei efterhûs ta, ik kom sa.’
Mar dêr is it Jantsje no krekt net om te dwaan.
‘Nee man,’ seit se, ‘safolle bysûnders is it net en ik ha it drok, mar ik ha de heit fan Hindrik fûn, hy leit mei it skip yn 'e Bolleholle feart, mar jimme kinne der net mei de bolderwein komme.’
‘Dû moatst hjir komme, dan sil ik dy de tuolle stikken op 'e bealch slaan,’ raast de boer ferwoeden. Hy hat yn 'e omgong de skelnamme fan Bolleholle.
Mar Jantsje trêdet igaal fierder, wylst de boer har in stik lân fier noch neiraast.
‘Sjesa, dy sit,’ tinkt se. Dy fâden ha har altiten dwars sitten, no't se it doarp sa mei hat, kin se wolris ien op stank jeie, dat ha se wol oan har fertsjinne.
Mar Jantsje ferjit ien ding, dat de fouden yn it doarpslibben in lange earm ha.
En it duorret net lang, dan wurdt se dat ek gewaar.
It is in tige droege simmer, dy earste simmer dat Hindrik nei 't lân giet en sa, njoggen jier âld, al mei helpt om it swiere jok fan syn mem lichter te meitsjen.
Net, dat Jantsje sels net meifjochtet om troch de tiid te kommen. Gjin wurk is har te swier en te folle, om sinten te fertsjinjen, sinten dy't se mei alle soberearjen fûl byinoar garret foar de jonge, of se al fuortdaliks oan him bestelt.
Want dy jonge sil der útrinne op 'n doer, omdat se mâl mei him is en alles foar him oer hat, mar ek omdat se mei him de wrâld en yn dy wrâld de fouden de eagen útstekke wol.
| |
| |
Lykwols, de middels om sels ek te fertsjinjen, binne foar har tige beheind.
Nei 't lân, dat soe de gaadlikste en de ferdelichste wei wêze, mar der is gjin boer dy't Jantsje yn 't wurk ha wol en der binne safolle minsken te krijen, benammen as men bern fan acht, njoggen jier ek al as minsken rekkent, dat net ien ferlet fan Jantsje hat en net ien de argewaasje ha wol, dy't steefêst om Jantsje hinne hinget.
Sa moat Jantsje libje en profitearje fan in oar syn need en lijen en dan is se noch fakentiids dêre, dêr't it mei leanjen net sa hurd rint en altiten fier wei komme moat.
En hoewol sinten foar har tige begearlik guod wurden is, is har herte tsjinoer de earme dochs fakentiids te grut en te rûm.
Sa arbeidet se faak ‘pro deo’, omdat de wâl it skip keart. In inkelde kear is it oars en dan sjocht se der ek gjin byt yn om der yn te fegen.
Mar dizze droege simmer soarget tige foar Jantsje' sparpot foar Hindrik.
Reinwetterbakken hawwe de arbeidersminsken net en de fetten binne al tiden leech.
Dan wurdt it wetter helle út 'e dobbe, dy't earne yn it fjild in moai eintsje fan it doarp ôf leit.
Dêr kinn' de froulju it sels net wei helje en de manlju, dy't fan moarns fiif oant jûns seis oere ta arbeidzje, hawwe der ek net folle nocht oan.
Lykwols, it dobbewetter is op 'e neidei ek sa fersmoarge troch it fee, dat der ek út drinke moat en der yn ombarget, dat men der op 'e jûn ek net mear hinne hoecht.
Sa wurdt Jantsje foar in mannichte húshâldings de wetterdrager.
Foar in sint it ammerfol bringt se it wetter de minsken yn 'e hûs.
Dêr kin gjin minske it sels foar helje en foar Jantsje is it in moaie ynstruiïng.
Mei har sterke lea, dy't stikken noch dea kin, al lûkt se nei de
| |
| |
sechstich, sjout se fjouwer ammerfollen tagelyk fan de dobbe nei it doarp, twa oan in jûk en yn elke hân ek noch ien.
Dat bringt seadden oan 'e dyk, as it by fjouwer sinten tagelyk giet.
Soms docht se tweintich reizen op in dei en dêrmei hellet se it lean op fan in folweardich arbeider.
It is in útkomst foar it doarp, dat Jantsje fan herten dizze ûnhuerige deihier gunt, mar it is in inkelde en benammen foar boer Bolleholle in toarn yn it each.
Syn pleats leit yn 'e rjochting fan 'e dobbe en no moat er it oansjen dat dy ‘âlde aap’ tweintich kear op in dei syn wei krúst.
En dan sa'n fertsjinst, mei de jonge sines; dat âld wiif is op 'n doer alhiel net mear te hâlden.
Dêr moat in skoatteltsje foar strutsen wurde.
Mar hoe?
It wettersjouwen ferbiede, leit net yn syn macht, it is syn dobbe net. Dêrby, dat soe ferlies wêze, want dan krige er it hiele doarp oan 'e hâls.
Mar ek in earmfoud, as er hatet, is in keunstner yn útfiningen.
Dy jonge is njoggen jier en dy giet nei 't lân. Lykwols, sokke binne der by de rûs yn it doarp en learplicht is der net.
Mar dizze jonge is en bliuwt in foudejonge, dat wol sizze, dat de fouden ek ferantwurdlik binne foar it oanlearen fan safolle mûglik kristlike en maatskiplike deugden.
De jonge heart op skoalle, dat easket de stân fan de fouden.
Dat se sels noch jonger op 'e pleats ha, seit neat, dy steane net ûnder harren bysûnder opsicht, mar dizze al.
As boer Bolleholle de plysje ris ûnder de earm naam.
Dêr hat dat âld wiif noch in bytsje respekt foar.
De plysje is wol in bytsje skrousk as er ûnder de earm nommen wurdt.
Hoe it krekt sit mei de ferhâlding, dat in foudejonge al nei skoalle moat en in oaren net, dat wit de plysje ek net sa krekt, hy fielt ek wol, dat hjir in stikje persoanlike striid efter sit.
Mar de fouden binne frijwol almachtich, sels yn it each fan in
| |
| |
plysje en dit lêste kriget benammen stâl as boer Bolleholle de eask stelt út namme fan de boargemaster, òf Hindrik nei skoalle ta òf nei it earmhûs.
Jantsje hat no mar te kiezen of te dielen.
Ja, as it sa sit, as it giet út namme fan de boargemaster, dan hat in plysje neat mear yn te bringen, dat is optlêst it haad fan de plysje.
Dochs sit hjir wat yn dat stjonkt, dat fernimt de plysje wol en it is mei tsjinsin en mei swiere gong, dat er út namme fan de boargemaster Jantsje hjit om de jonge nei skoalle te stjoeren op straffe fan ûntsetting út 'e macht, dan sil er de jonge nei Hallum bringe moatte, dêr't dan better oan syn opfieding tocht wurde sil.
De dei dat Jantsje dit fûnis oansein wurdt, is foar har in oardielsdei.
Dat er wer nei skoalle moat, is eat, dêr't Jantsje op himsels neat op tsjin hat.
Dat leit wol min ofte mear de rjochting út, dêr't Jantsje' dreamen mei de jonge ek hinne geane.
Hoewol, it giet no ommers ek likegoed dy kant út.
Hindrik fertsjinnet, dat giet dochs ek foar himsels.
Dêrby, sa'n jonge allinne tusken de lytseren op skoalle, achtet Jantsje no ek net sa needsakelik.
Dat sil dochs útdraaie op opwaarme iten.
En dan, hja is sterk fan doel, om him by 't winter nei de jûnskoalle te stjoeren en dan kin er likegoed ophelje as no, mient se.
Dêrby, deis twa dûbeltsjes, fjouwerentweintich stoeren yn 'e wike, dat moat men ek net te licht achtsje.
Jantsje hat wol in bêste simmer, hja segent elke dei al weroan dy koperen himel, dy't dûmny snein op snein yn syn bea betinkt.
Mar sokke prefytsjes hat men net sa faak, dêr moat men teminsten net op rekkenje en dan is de jonge op 't lân in wichtige help, mar op de skoalle in ferswiering fan it krús.
Hja moat optlêst troch de tiid.
Dêr lûkt de plysje de skouders foar op. Ja, dat nimt se de man net kwealik, dy wurdt stjoerd optlêst.
| |
| |
Hy soe der faaks wol wat oan dwaan kinne by de boargemaster. Jantsje hat oan him altiten in freon hân.
Mar de plysje lûkt no ferheftich oan 'e skouders. Nee, Jantsje, dêr kin neat fan komme, as de boargemaster praat is de plysje stil.
Al hoe graach er har ek stypje wol, dat wit se wol.
En sûnder treastgje te kinnen, sakket de plysje ôf.
It is foar Jantsje mar wer in behyplike sitewaasje.
Dat no nea it spûk fan skieding tusken har en de jonge, dy't no noch it iennichste is wat it libben har litten hat, fan har wike wol.
Ja, de jonge kin moarn wer nei skoalle ta, dat is fansels, mar dat kloppet net mei Jantsje' plannen en dan moat se bûge en dat wol se net, benammen no net, no't se der sels it nut net fan yn-sjocht.
In hiele lange nacht sûnder sliep wrakselt Jantsje mei dit nije probleem en as se de oare moarns trije oere al by de dobbe stiet om har earste gongen wetter op te heljen, is se der noch net út.
As se aanstons thúskomt moat se it ien of it oare, òf de jonge roppe foar syn deistige gong nei it lân, òf him sliepe litte, want de skoalle begjint om acht oere.
Dochs ropt se him op 'e tiid, net omdat se út 'e ried is, mar se sil it mei Hindrik oerlizze en sa't dy dan mar leafst wol, it giet optlêst dochs om it wol en it wee fan de jonge en om oars neat.
Hindrik hat syn kar gau dien. It liket him sa nei as fleanen om wer nei skoalle ta. En wat dy driging fan it earmhûs oangiet, dêr makket er him net drok oer. As se him helje, fljocht er dochs wer fuort, hy wol by mem bliuwe en mem wol him hâlde, no en dêrom.
En as er fluitsjend de doar útgiet, fielt Jantsje wat it wurde soe, as men sa wreed wie om har dizze jonge ôf te nimmen.
‘Oer myn lyk hinne,’ hat se al ris earder sein, hawar, sa sil it no ek gean.
Dochs wol se dwaan wat se kin, de jonge is har alles wurdich. Hja sil sels nei de boargemaster ta en pleitsje foar har en de jonge. Hja wol om de jonge desneeds foar de man op 'e knibbels falle en lyts wurde.
| |
| |
As in wyld fljocht se dat moarnsskoft, om de slimste klanten alteast fan dobbewetter te foarsjen. It wetter stoot fan har gysten jachtsjen oer de amers hinne, wat har wer protteljen besoarget. De klanten wolle foar in grou sint optlêst net in heal amer fol wetter ha.
En Jantsje ûnthjit betterskip, want hja is fan 'e moarn lyts, o sa lyts, it giet op nei de boargemaster ta.
Fier foar 'e tiid sit se al op de treppen fan it gemeentehûs te wachtsjen en te prakkesearjen wat se no sizze moat, want se moat sa glûpend oppasse no.
It is hast tweintich jier ferlyn, dat se mei Klaas ek by dizze treppen opgien is.
Doe tocht se it lijen hân te hawwen.
Hoe oars is it útkommen. Nei in koart lok, deselde ûnmeugende striid wer, dy't se hast fan har berte ôf stride moatten hat.
‘As leafde mar bynt,’ hat de boargemaster doe sein, hawar it is deselde boargemaster noch en leafde bringt har by him, al fersteane net allegearre har wize fan leafhawwen.
Hawar, hja sil fan 'e moarn net komeedzjespylje, al hat se de tekst ek noch sa goed ynstudearre, hja sil fan 'e moarn fuort-breidzje op de leafdepriemmen, dy't de boargemaster sels opset hat.
En sa pleitet se, as it safier is dat se foar de boargemaster stiet, lykas in mem pleitsje kin foar it bern dat se leafhat.
Mei in stream fan wurden jout se utering oan dy leafde, beliidt se, sûnder dat se twongen wurdt, wat se miskien ferkeard dien hat en ûnthjit se mei opstutsen fingers, dat se soargje sil, dat menhear de boargemaster, noch hokker oar minske, ek ea sizze moatte sille, dat Jantsje net foar de jonge wêze sil, wat fan in mem frege wurde mei.
Ferwûndre heart de boargemaster dizze wurdenstream, dy't opwâlet út in oerfloeiend herte, oan.
Wat moat dat minske hjir, wat bedoelt se, hy kin oan dizze riddenaasje kop noch sturt fine.
En sa moat Jantsje, ta har grutte ferwûndering, útlis dwaan fan har eigen wurden.
| |
| |
En út namme fan dizze man is al dizze argewaasje oer har kommen.
‘Wit menhear dan fan neat?’ freget se en menhear andert: ‘Nee minske, ik wit fan neat.’
No fart der in krêft troch Jantsje hinne, al it dimmene stjert yn ien slach yn har en foar't de ferbjustre boargemaster der erch yn hat, is Jantsje by de treppen del nei hûs ta. En no is se opsternaat.
Hja is der tusken nommen en dat hat har iennichste freon, de plysje, dien of alteast him dêr ta liend.
En dêr is Jantsje gleongloeiend om. De âlde natuer, sa mei krêft betwongen op de treppen fan it gemeentehûs, komt no wer mei alle krêft boppe.
Hja sil dy kringen, dy't it weage ha om har dit stik brea te smarren, krije, sa wier as se Grutte Jantsje, de dochter fan Swarte Gelf is.
Gewaar sill' se it wurde, wa't har dit lapt hat. Hja sil de wierheid as it moat de plysje mei eigen hannen út 'e strôt wringe, al hat se dan ek har iennichste en lêste freon ferlern.
Sa stiet se in healoere letter, grimmitich op 'e tosken bitend, by de plysje foar 'e doar en lûkt se ferheftich oan 'e skel, dat de frou fan de plysje der ûntdien oanfleanen komt.
‘Jantsje,’ seit se ferheard, ‘ha jo de skel stikken skuord, it kramtried leit oer 'e gong. It kin fêst wol in bytsje minskliker net?’
‘Hâld mar op mei jo ôfwaaide praatsjes,’ byt Jantsje koart ôf. ‘Wêr is jo man, ik moat jo man ha, en daliks ek.’
‘Dy is net thús, Jantsje, dan sille jo wer komme moatte.’
Dan lûkt Jantsje sa'n ferwoeden oantlit, dat it minske suver bang wurdt en de doar ticht dwaan sil.
Mar hja is krekt te let. Jantsje plantet de klomp der tusken en ropt: ‘Jawis, jo sille my de doar foar de kop ticht slaan; earst in earm âld sloof troch de modder helje en dan de doar ticht. Jawis, mar jo kenne Jantsje net.’
Mei in wylde raam slacht se de dûbelde foardoar iepen, sadat de skoattel fan de iene de gong oer saait en it ferbjustere wyfke nei de keamer fljocht.
| |
| |
Mar tagelyk is Jantsje dêr ek, want se tinkt, dat it mar in smoesje is, dat de plysje net thús is. Lykwols, no sjocht se dat it minske gelyk hân hat.
Komt net sa min út, oerleit se by harsels, dit minske sil miskien makliker te brûken wêze dan har man.
Breed plantet se har yn 'e plysje syn grutte earmstoel.
‘Sjesa en no koart en gau: wa is de útfynder fan dizze grapmakkerij?’
‘Wat bedoele jo, minske?’ freget it eangstige plysjewyfke, dy't it neat op Jantsje stean hat, fral net no't se sa fan 'e wize is.
‘Jo sille net witte, wat ik bedoel tink. Ik kom by de boargemaster wei, ik moast de knoei wer ha om de jonge en jo man hat by my west, jo sille net witte wat ik bedoel.’
No giet de plysje syn frou in ljocht op.
Der hat in earmfoud by harres west om dy jonge fan Jantsje en har man moast der efter.
Har man hie der al sa'n bytsje mei op, dit skynt wer in saakje te wêzen tusken Jantsje en de fouden, no kriget hja it yn 'e rekken. Hawar, dan moatte de fouden har der ek mar mei rêde.
En om fan de fergrimmende Jantsje ôf te kommen, (dat wiif is ta alles yn steat, dy sit as in rjochter yn 'e stoel,) seit se: ‘O ja, no begryp ik it, dan moatte jo by de fouden wêze.’
‘Tocht ik al,’ seit Jantsje, ‘by de Bolleholle tink? Moai, jo wurde betanke en jo man en ik prate wol neier.’
En as in rinket fljocht se de dyk út nei de Bolleholle ta.
De saak is har no klear, dy keardel hat wraak nommen, mar dat de plysje, har freon, him ta sokke dingen lient.
Wylst Jantsje, harsels opwinend, nei har fijân fljocht, is de plysje thúskommen en hat it ferslach wei fan syn frou, dy't noch alhiel fan de wize is.
En dan fljocht er Jantsje efternei, want dit komt net goed, Grutte Jantsje en de Bolleholle, hjir komme deaden fan.
En hy komt krekt op tiid. Yn 'e skuorre hat Jantsje de Bolleholle, dy't him ferwart mei in trijetine foarke, yn it uterste hoekje fan
| |
| |
'e golle te pakken en slacht en beukt mei de klomp, wylst in net út te sprekken rige ferwinskings út har mûle rôlet.
Beliddingen fan trije, fjouwer slachten tebek, wurde de stjerrend bange earmfoud yn it oantlit slingere, lykas miskien mar ien minske, Grutte Jantsje, se yn foarrie hat.
‘Jantsje,’ warskôget de plysje.
Ferwoeden keart Jantsje har om, it skûm stiet har op 'e mûle.
‘Mei dy rekkenje ik ek wol ôf,’ seit se, ‘dan mar yn 'e bak.’
Mar de plysje is net bang fan Grutte Jantsje, ien tik fan syn sabel en de heech optilde klomp falt op 'e grûn en de earm falt Jantsje by it liif del.
‘Sjesa,’ seit er, ‘jo kinne alhiel gjin baas wêze en no nei hûs en hânsum. Ja, ja, wy prate fierder, dat ha jo goed sein.’
It is oft Jantsje út in kweade dream wekker wurdt. Grif fielt se, dat se te fier gien is, by in oar yn 'e hûs en ûnder it each fan de plysje en triljend fan ûnstjoerens en ek fan freze strompelt se de skuorre út.
No kriget de Bolleholle ek wer azem: ‘Ik sil dy yn 'e bak donder je, âlde idioat,’ seit er, wylst er mei útstutsen foarke út syn hoeke komt.
Mar de plysje keart him: ‘Ho! It is sa moaiernôch.’
It is lykwols de Bolleholle net moaiernôch en it muoit de plysje om Jantsje, want hja is har diskear raar te bûtengien en hy moat de ûnfertochte en ûnfrijwillige tsjûge wêze en dat Jantsje der diskear oangean sil, is de persoan fan de Bolleholle him boarch foar.
Dit lêste hat er net mis, want fuortynienen twingt de ferwoedene foud him ta it opmeitsjen fan prosesferbaal.
De jûns stapt er nei Jantsje ta.
Hy is net bang fan Jantsje, mar hy hoecht ek net bang te wêzen, want hy fynt in hiel dimmen en ferslein âld minske mei in earmtlik gûlende jonge tsjin har oan.
En dan giet der wat waarms troch dizze plysjeman hinne. Jantsje is in wyld hynder, mar wêrom moat men dêr ek altiten mei de swipe efter?
Dit smertetafriel, in fersleine mem en in gûlend bern en dy
| |
| |
beide dochs gjin ien en it selde flesk en bloed, dat moast de Bolleholle en mei him folle oaren no sjen, al soe it harren ek net sizze, wat it him seit.
En hy hat it proses-ferbaal yn 'e bûse, twongen troch it rjocht, dat no noch wol wetlik rjocht, mar gjin moreel rjocht mear is en syn fak hjit him om dizze ûnstjoere beide minsken noch mear yn trewyn te bringen.
Mar rjocht is rjocht, lykwols Jantsje makket it him sels tige maklik.
‘No is it ferlern, Bosma,’ seit se, ‘no is it foargoed ferlern.’
‘As jo no ek nea net ris wizer wurde, Jantsje, earst by my thús de boel op stelten en no kaam ik ek pas ier.’
En Jantsje knikt, ja hy hat gelyk.
‘Ik ha in prosesferbaal foar jo yn 'e bûse, Jantsje.’
Ja, Jantsje leaut it wol, dat moast der fan komme.
‘Soe it ôfkocht wurde kinne?’ freget se.
Mar de plysje skodhollet, nee, húsfredebreuk kin net ôfkocht wurde.
‘In wike de bak yn, âlde fjochtersbaas,’ laket er en Jantsje knikt ja, sa sil it wol komme.
Dêr hat se lykwols neat op tsjin, der is mar ien ding dat har pleaget. ‘De lytse jonge,’ seit se mei grutte freze.
‘Ja just,’ seit de plysje; lit dy âlde fjoerduvel no mar efkes lyts bliuwe.
‘Dan bin ik him kwyt,’ seit se en se suchtet sa swier en sa djip, dat it de plysje troch ieren en sinen giet.
‘Wat in ûnmjitber stik leafde yn sa'n ûnbegryplik, bonkich stik ûnferstân,’ tinkt er, ‘fierstente goed om sa te lijen.’
‘Nee, Jantsje,’ seit er, ‘der bart wat bart, mar de jonge hâlde jo.’
‘Mar se helje him as ik fuort bin, plysje.’
‘Nee, dat dogge se net, Jantsje, dêr sil ik op passe, as jo fuort moatte helje ik him en as jo wer thúskomme bring ik him jo wer.’
Mei in skok fearret Jantsje oerein.
‘Wier?’ seit se, ‘wier, Bosma’ en Bosma seit: ‘Wier, Jantsje, jo kinne der op oan.’
| |
| |
‘Dan is it goed,’ seit Jantsje, ‘ik bin flokkende nei de Bolleholle taflein, mar ik bin der biddende wer weikrûpt, dat ús leaven Heare noch safolle ophat mei sa'n âlde stjonkert as ik bin.’
It komt út sa't de plysje taksearre hat. Jantsje moat sân dagen yn 'e bak.
As de dei oanbrekt, dat se mei de plysje yn de postwein stapt om har straf yn 'e stêd út te sitten, is de frou fan de plysje by de wein en nimt de gûlende jonge oer fan in gûlende mem.
Der steane ferskate doarpslju omhinne, want ommers, soks is in evenemint yn in doarp, mar der binne no ek ferskate doarpslju, dy't hjoed foar it earst sjogge hoe't hjir yn wêzen flesk en bloed faninoar ôfskuord wurdt.
Beide, Jantsje en Hindrik, meitsje san ûnmjitber swiere dagen troch.
Jantsje, dy't oars wol wat wend is, fynt rêst noch sliep al dizze sân lange dagen yn it kâlde grutte hús.
En Hindrik, dy't it by de plysje hat as in bern tehûs, kin ek net ta bedarjen komme en kriget wiet noch droech de hiele wike lang.
De trêde deis komt der in earmfoud.
Der is mar besluten om de jonge in licht plakje te jaan as lytsfeint en de hearen achtsje dit in gaadlik momint.
Mar de plysje is ferskuorrend, as in liuw stiet er foar de man en seit it ûngewosken op.
As it sa noch net moaiernôch is en oft er miskien earst twa deaden komme moatte.
Of miene se miskien dat de plysje harren net trochsjocht, de jonge is in guodkeape wurkkrêft foar ien fan de hearen, mar dan kinne se der op oan, dat der in brief fan de plysje giet nei de kening, mar dan komt ek alles op 'e lappen, as de hearen dêr mar om tinke wolle.
Ienkear ha de hearen him brûkt om in stik smillapperij út te heljen, mar no is it ek foargoed út.
It plysjewyfke sjocht ferwûndre op, sa hat se har man noch nea útfarren heard en knypeagjend besiket se him te betwingen, in earmfoud is optlêst elkenien net.
| |
| |
Mar hy hat de gek der mei: ‘Nee, dû hoechst net te knypeagjen, ik wit wat ik sis en ik wit wat ik doch, as de hearen dit begrepen ha.’
Mar de earmfoud lukt oan 'e skouders, hy hat neat begrepen. Bosma moat net tinke, dat hy it allinne útfynt.
Nee, dat tinkt Bosma ek net, de earmfoud dy't in lytsfeint nedich is, sil dit ek wol mei bekokstoofd ha en miskien de oaren ek wol mei, mar hy hat syn nocht.
Jantsje is alle dagen yn it tichthús siik en omkeard, sels falt se twa kear fan harsels, mar dêr wit de sipier wol ried op, kâld wetter is yn it tichthús ek noch earne oars goed foar as foar drinken de earste trije dagen.
Optlêst is doch de straftiid, dy't ieuwen duorre hat, om en as in rinket fljocht Jantsje nei Blije ta.
Hja leit de tweintich kilometers yn minder as trij oeren ôf, de eangstme jout har fleugels, want de jonge, de jonge.
Mar de jonge is feilich ûnder de hoede fan de plysje en syn frou, dy't him troaie safolle as se kinne, al betoant er gjin tankbrens oant de lêste oere ta.
Dy betoant er as er yn Jantsje' útstutsen earms fljocht.
Mar Jantsje is wol tankber, dy hat har iennichste freon net ferlern, nee, dy hat no toand in freon te wêzen.
En ek as in freon warskôget er: ‘Jantsje, as it tichthús no mar in learskoalle west is, want dêr tsjinnet straf foar.’
En Jantsje knikt: ‘Ik bin der oars wei kommen as der hinne gien, Bosma.’
Dat lêste hopet de plysje fan herten.
|
|