Jantsje moat wol goed begripe, dy man is de heit, dy hat rjocht op syn bern, hy is der wol by wei rûn, mar hy hat der gjin ôfstân fan dien, dat moat Jantsje goed yn 'e rekken hâlde.
En út 'e macht ûntset is er ek net, hy wol de bern ha, alle bern en dus sil de lytse ek mei moatte.
No begjint Grutte Jantsje de grûn wat ûnder de fuotten wei te sinken.
‘Hark ris, jimme kinne prate sa't jim wolle, mar ik wol de jonge net wer misse. As de heit der dan belang by hat, dan moat dy hjir sels mar komme, ik leau neat fan dy briefskriuwerij, jimme ha my de jonge jûn, doe't jimme der deaferlegen mei wiene, bring de oaren der mar hinne as jimme dat tinkt, mar dizze leverje ik allinne oan 'e heit ôf en dan wol ik him earst yn 'e eagen sjen, sis dat mar tsjin him.’
As de oare deis de boargemaster en de plysje komme, stiet Grutte Jantsje as in liuwinne foar de beide mannen.
It jout in opskuor oan de seedyk en skodholjend ride boargemaster en plysje wer fuort, sûnder Hindrik.
De oare moarns betiid ride der fjouwer bern yn 'e bolderwein de nije takomst temjitte, ûnder lieding fan de foarsitter fan reginten en de plysje.
Mar de jûns let binne de bern wer yn it earmhûs.
De heit is wer, lykas njoggen jier ferlyn, mei de noardersinne ferdwûn; wêrhinne, ja, dat witte de Snitsers ek net, der farre sa'n protte skippen troch Snits, wa sil dêr each op hâlde.
En as de hearen wer werom ride, tinke se oan Grutte Jantsje, hat dy it net oer komeedzje hân?
Hja binne der nuver tusken nommen, dat is mar net oars.
De foarsitter fan hearen reginten is min te brûken, it is in skande foar it kolleezje en hy soe graach witte wolle, wa't dizze bak levere hat.
Want it hat der folle fan, dat alles noch op in trochstutsen kaart útdraait.
Hjir is in minne streek úthelle mei it gesach.
En yn syn grimmitigens moat de foarsitter oan Grutte Jantsje tinke, dy is ek bêst yn steat, om in fyt út te heljen.