| |
| |
| |
XX
Wylst de hearen dit wichtige beslút nimme, is Grutte Jantsje al fier út 'e reek.
As se it doarp efter har hat en de Dúnwei lâns swalket, prakkesearret se oer de takomst, dy't no wol tige tsjuster liket.
Foar it earst fan har libben nimt se de flecht foar de minsken, Grutte Jantsje dy't fan har libben gjin minskefreze hân hat.
It is ek net om harsels dat se útpykt.
It is it jonkje, dat se, yn in tekken bewuolle, yn har sterke earms draacht en dy't, ûnkundich fan alles, rêstich trochsliept, dy't har twingt ta de earste kapitulaasje yn har hurde libben.
Dat jonkje kin se net misse, dy is sa ien mei har wurden, dat har libben weiskuord wurde soe, as dizze har ôfnommen waard.
Dan hie it libben foar har net mear de minste wearde en omdat Grutte Jantsje it libben noch leaf hat om dizze bân yn it libben, trotsearret se alles, om dizze skieding, dy't de skieding fan dea en libben bringe soe, te foarkommen.
En no giet se de reis oan, mar wêrhinne?
Wêr is it plak yn 'e wrâld, dêr't se feilich is foar de reginten, dy't de jonge har ûntnimme wolle?
Dêr moat se oer beslute, no daliks, want se rint al, mar se kin net yn it ûneinige rinnen bliuwe, sûnder fêst doel. De libbenseasken nimt se mei, elke dei moat se ite en de jonge ek.
Op 'e reis sil se de kost wol fine, biddeljen hat se wol leard. Mar op 'n doer moat se in bestimming krije, in fêst plak om te wenjen.
| |
| |
En om al prakkesearjend ta in fêst doel te kommen, krûpt se midden yn de stille nacht yn in reidskûne oan de Dúnwei, leit it sliepende jonkje tsjin har waarme lea en prakkesearret.
Wêr sil se hinne?
Ut har ûnthâld swilet se ferhalen op fan swalkjende Poepen en hantsjemieren, dy't út fiere oarden wei kamen.
Nei Dútsklan ta, dêr't har bruorren ek hinne tein binne, prakkesearret se.
Mar wêr leit Dútsklân en hoe moat se dêr komme?
Hoefolle dagen se dan swalkje moat, hat se alhiel gjin begryp oer, dat is lykwols ek it slimste net.
Der geane wol arbeiders hinne te wurkjen yn 'e fabriken of nei de boer te melken of op it lân.
Mar sil dêr ek libbensmûglikheid foar har wêze, benammen no't se de lytse jonge hat?
Hoe't se dêr komme moat, wit se ek net, hja hat wolris heard dat de Poepen oer Grinslân kamen.
En oan Grinslân tinkend springt se oerein. Dêr sil se sjen te kommen, it is flaakslûkerstiid en dan komt it binen. As se dat rêde kin is se wiken út 'e niten, dêr wurdt jild fertsjinne, jild dat se nedich ha sil foar fierdere plannen.
De wei fynt 'm fansels, de Poepen komme it easten út wei, en as Jantsje no it easten yn swalket, moat it goed komme.
Dêrby, se hat de mûle by har.
Allinne, yn it earstoan moat se hoeden wêze, want der sil faaks om har socht wurde.
En sa makket se efter de reidskûne har reisplan klear. Se sil de seedyk lâns en as it moat efterdyk lâns om út it minske-each wei te kommen.
En sa swalket se yn 'e nacht by de seedyk lâns en as it ljocht wurdt oer bûtendyk.
As de sinne yn it easten opkomt is er har in weiwizer; leit Grinslân ek net east oan?
Efter it Skoar boppe Ternaard gunt se har foar it earst rêst. De lytse jonge is ferwûndre wekker wurden, mar as er syn iten kriget,
| |
| |
dat se út 'e haast út it earmhûs mei weinommen hat, is er thús en siket om de blomkes dy't yn 'e wâl bloeie, wylst Jantsje de dochs al wurge lea foar it earst in bytsje rêst jout.
Lykwols, lang duorret de rêst net, de eangstme foar efterfolging jaget har wer oerein en om bar, dan de jonge dragend en dan mei him oan 'e hân fuortstappend, giet se de fiere takomst temjitte.
Meast rint se efter de seedyk lâns, want yn har tinken binne de reginten mei de bolderwein op stap om har te sykjen en dêr kin net ien har sjen.
De inkelde minsken, dy't se foarby komt, hawwe gjin erch yn dizze útsûnderlike flecht, it is yn it deistige byld in te gewoan ferskynsel om dêr erch yn te hawwen en der nijs oan te sjen.
Sa komt se op 'e dei tsjin iterstiid by in boerepleats oan op Iezemersyl en dêr is it dat Jantsje, dy't hûnger kriget en it bytsje dat se by har hat, sparje wol, oankloppet om in miel iten.
De guodlike boerinne, dy't in wakkere aardichheid hat oan it fleurige jonkje, hat se samar by it herte, as se in ferhaal opdist om har reis oannimlik te meitsjen.
En al itende en de lytse jonge fuorjende, fertelt se oan de nijsgjirrige boerinne in ferhaal, lykas allinne Grutte Jantsje dat foarinoar fabrisearje kin.
De boerinne moat tinke, dit is Jantsje' beppesizzer, ien fan har dochter, dy't in jier of fjouwer ferlyn in bern krige hat fan in dokter, dêr't se by tsjinne.
Jantsje is mei it spul sitten bleaun, lykas dat altiten bart, de boerinne begrypt it wol.
No is dy dochter troud yn Grinslân en no wol Jantsje der winliks wolris ôfwêze, hoe't se ek fan de lytse jonge ôfsoarget, hja wurdt âlder optlêst.
En no binne se it iens wurden. Jantsje soe him bringe, in hiele loop fansels, mar wat docht in âlder net om syn bern.
No is se fan doel om hjoed oan Warfstermûne ta, dêr hat se goekunde, dêr hopet se sliepe te kinnen en dan moarn fierder.
As dat misrint, dan wit se it net, want sinten hat se net om yn
| |
| |
in herberch te sliepen. Hawar, oeral wenje goede minsken, dat ûnderfynt se hjir ommers al wer.
As se nei tige betankjen opstapt, jout de boerinne har in gûne, by wannear se ris net by dy goekunde bliuwe kin, kin se foar dy gûne altiten ûnderdak komme, mei sa'n lyts bern.
Sokke mear, tinkt Jantsje as se fierder swalket, dit is in moaie ynstruiïng.
No kuiert se rêstich fierder, gefaar foar efterfolging is der no net safolle mear, miskien binne se wol de Snitser kant útswalke, dêr moat de lytse jonge syn heit tahâlde, nei't men seit.
Hawar, lit se mar sykje, Jantsje swalket de takomst blier temjitte, dizze earste dei hat har al gjin wynaaien lein en yn Warfstermûne (hja wit net iens wêr't it leit), sil se hiel wol goekunde fine yn in reidskûne of striebult.
Op Dokkumer Nijesilen klaget it jonkje oer toarst en no komt Jantsje de gûne te pas, oars hie se faaks ûnderweis in ko of in skiep melke moatten om de lytse jonge. No kin se it keapje en sels hat se ek wol sin oan in bytsje waarm drinken, it is ek al seis oere op 'e jûn en waarm drinken hat hja sûnt justerjûne net wer hân.
Yn 'e herberch hinget se wer itselde ferhaal op, dat op Iezemersyl sokke bêste fertuten dien hat.
Mar it jout har neat, de gûne moat stikken, de kastlein sjocht Jantsje as reizger, mar net as sosjaal wurkster. Dy omrinders kinne der altiten moai by komme.
Dy keardel is sa goed net as de boerinne, tinkt Jantsje, dy ropt mar fan: ‘Soa, jawol, just, krekt’, mar hy hâldt de hân op om de fertarring te barren.
Hawar, hja kin har rêde mei de gûne en mei in hâlding fan: ‘Och, myn goede man, miene jo dat jo my troch de tiid helpe moatte,’ lit se de sulvren gûne yn syn hannen glide.
De kastlein, dochs in bytsje fernuvere, dat er gjin sinten en healtsjes bart, skaait lang yn it tapkastlaad om te wikseljen, mar it lokt blykber net en hy ferdwynt troch de doar. Hânsum moffelt Jantsje it glês, dêr't lytse Hindrik molke út dronken hat, yn 'e
| |
| |
klean, hja hat neat om de jonge út drinke te litten en dat is net noflik.
As se fiifentachtich sinten werombard hat, giet se oerein: ‘Sjesa, dan geane wy mar wer.’
‘Ha ik it glês al opkrige?’ freget de kastlein, as er it teekopke mar allinne opkriget.
‘Ik wit net, man,’ seit Jantsje, ‘de lytse jonge hat it net opiten, dat wit ik wol.’
‘Dat tink ik ek net,’ seit de man, mar hy twivelt al, men moat dat omrindersfolk op hakken en teannen neigean.
Jantsje sjocht him wol twiveljen, en grut seit se: ‘Of tinke jo faaks...’, en wyld skoddet se har rokken.
‘Nee, ik tink neat,’ andert de kastlein. Hy tinkt lykwols wol wat, mar dat gystene grutte âld wiif sprekt sa op, der stean mear smoarge glêzen op 'e tapkasttafel, hy kin him fersinne, mar hy stiet it net.
Jantsje swalket lykwols gemoedereard fierder en as se in eintsje fierder komt sjocht se yn 'e fierte in hege skerpe toer.
By in man dy't oan 'e dyk stiet te meanen, bliuwt se stean.
‘Is dat Grins?’ freget se, wizend nei de hege toer.
‘Nee minske,’ seit de man, ‘dat is Kollum. Moatte jo nei Grins?’
‘No nee,’ seit Jantsje, ‘ik moat nei Warfstermûne ta, mar ik bin hjir alhiel net bekend.’
‘Dat leit dêre,’ seit de man, wizend nei in plakje dat noch krekt te sjen is yn de kommende skimer.
‘Just,’ seit Jantsje, ‘dan bin ik gau oan it ein fan de reis.’
En stappend mei de lytse jonge, dy't no wer fleurich meifottelt, sjocht se alle einen en kanten út nei in mûglik plak foar de nacht.
As de skimer oergean sil yn nacht sjocht se yn it fjild in striebult en dêr stekt se mei moed op ta.
It is in koalsiedbult, hawar, dat is ek in goed plak.
Ivrich skrept se yn 'e bult om in gat te meitsjen en as se har wat ynstallearre hat, is it tsjuster wurden, de lytse jonge grynt fan de sliep.
| |
| |
Yn in omsjoch hat se him sêd fuorre en leit him hoeden yn 'e waarme tekken.
En dan krûpt se neist him en sliept nei de lange swiere dei en de nacht sûnder sliep.
As se de oare moarns troch it bolderjen fan in karre, dy't de reed lâns jaget, wekker wurdt, hat se net in rêstige nacht hân.
Jeiende bolderweinen mei plysjes, fouden en reginten hawwe har de hiele nacht op 'e hielen sitten om har de lytse jonge ôf te nimmen en troch de ratteljende karre wurdt se kjel wekker en slacht yn de betiezing fan har dreamen de earms om de lytse, noch rêstich sliepende jonge hinne.
Pas as de karre witwêrsanne is, doar se de holle boppe de koalsiedbult stekke.
No is har sliep foargoed út en hastich kriget se wer it sliepende jonkje om it Grinslân fierder yn te sjouwen.
Hoefier se noch moat, wit se net, dat se al yn Grinslân is, hat se alhiel gjin weet fan.
Sa swalket se fierder oan Sâltkamp ta. Dêr pas doar se har wurge skonken rêst gunne.
Dêr doar se ek poalshichte nimme en dêr wurdt se gewaar dat se de Ulrumer kant út de measte kâns hat om oan 'e slach te kommen.
Dêr is wurk genôch en dêr wennet in baas, dy't har oan wurk helpe kin. Boeren hoecht se net te freegjen, dy nimme gjin folk oan, dy dogge alles troch har ûnderbazen.
Mei dizze wittenskip stekt Jantsje de ûnbekende takomst temjitte, oant se by Ulrum de man, dy't har oantsjut is, hast tsjin it liif oan rint.
Op in stik lân steane in grutte rige te flaakslûken en in man rint der geduerich efter om, om ta te sjen.
Oan 'e dyk sittend te rêsten, nimt Jantsje de skreppers waar, oant de man efter it folk wei komt en har foarby sil.
Dan hâldt se him steande.
‘Kinne jo my oan wurk helpe man?’ freget se.
‘Wol tsien wike lang,’ is it moedige andert.
| |
| |
‘Hoenear wolle jo oan 'e gong?’
‘Daliks leafst.’
‘Kom dan mar mei, ik sil jo teplak bringe.’
In eintsje fierder is in grut plak flaaks.
‘Hjir kinne jo daliks wol begjinne.’
En sa stiet Jantsje noch de twadde dei fan har flecht de jûns te flaakslûken, wylst de lytse jonge om har hinne boartet.
Op 'e jûn komt der in hiele kliter folk op itselde stik, Grinslanners en wâldsjers en as de dei te'n ein is, swalket Jantsje de golle wâldsjers efternei, dy't hjir en dêre yn in ûnmeugende Grinslanner boereskuorre belânje.
Op de hiemen steane de bakkers harren al op te wachtsjen en Jantsje treft it dat se in gûne fan de boerinne krige hat, want de Grinslanner bakker boarget net.
De ûnderbaas soarget ek dat se ûnderdak kriget by in goed keppeltsje wâldsjers, dy't ûnmeugende stikken brea en bôle dertroch spiele mei it bier, dat by elke Grinslanner boer foar it krijen stiet yn 'e skuorre.
Jantsje mei dat bier ek wol, mar mei de lytse jonge is se ferlegen, dy moat oar drinken ha.
‘Soe ik ek wat molke krije kinne foar de lytse jonge?’ freget se oan de ûnderbaas.
Mar dy lûkt oan 'e skouders, dêr wit er neat fan. Dat er dêr net moedich foar is, hoecht er it minske net te sizzen.
Mar Jantsje stekt fol moed nei de foardoar fan de prachtige foarhuzing.
In jongfaam komt by de doar en lûkt lykas de ûnderbaas oan 'e skouders.
‘Dat liket dochs mâl,’ mient Jantsje, ‘dêr rinne dochs in pear melkekij yn 'e finne.’
Ja, mar oft de frou dêr spul mei ha wol, dat wit de faam noch net.
‘Freegje har dan,’ driuwt Jantsje, ‘it lyts jonkje fertoarstet suver.’
As hie se lead yn 'e skuon, sa swier rint de faam de keamer yn om te freegjen.
| |
| |
It duorret tiden foar't se wer tefoarskyn komt mei in bytsje molke.
Foar dit kear soe de frou it dwaan, mar der moast gjin gebrûk fan makke wurde.
‘Soa,’ seit Jantsje, ‘no, jimme binne my hjir de boeren wol, liket my ta, dan binne it yn Fryslân teminsten noch minsken.’
De faam lûkt oan 'e skouders, wat sil se der oan dwaan.
Efterhûs stiet de ûnderbaas op de ôfrin te wachtsjen.
Sjedêr, it is dochs klear kommen, dat hie er net tocht.
‘Foar ien kear,’ seit Jantsje, ‘jimme boeren moatte noch minsken wurde, liket my ta, mar ik moat molke ha foar dit lyts bern, of ik moat it stelle.’
De ûnderbaas lykwols wit ried. Yn Ulrum wennet wol in molkesutelder, hy sil alle moarnen wol wat foar Jantsje meinimme.
Hawar, dêr is Jantsje bliid om, it falt hjir lykwols ek net ta om in ko te melken, want de grutte ljochten komme by de Grinslâner boeren nachts ek hast net út.
En foar jûn is se holpen.
As it nacht is krûpt se by al de oaren, manlju en froulju trochinoar en byinoar, yn it strie yn de skuorre, mei de lytse jonge yn 'e earms.
Sa hâldt se wiken ta yn Grinslân, want dêr is wurk genôch. Moarns kriget se de sliepende jonge op en draacht him yn 'e tekken nei it lân, dêr't er efter in flaaksstûkje stil trochsliept, oant de sinne him wekker makket.
Dan kriget er molke, dy't de ûnderbaas alle moarnen meinimt, hja wasket him mei it wetter út 'e sleat en dan boartet er de hiele lange dei efter har om en al de flaakslûkers dy't mei-inoar oparbeidzje, sjogge op him ta dat er gjin ûngemakken krije kin.
Want it is in weeske hat Jantsje sein, de ûntaarde heit rekkent hja net, en dêr ha de faak lûdroftige, mar yn 'e grûn weake en meifielende wâldsjers begrutsjen mei.
Mar optlêst komt de hjerst mei kâlde en ûnlijige dagen en dan wurdt it minder foar lytse Hindrik.
Dan grynt er wolris, as er it klompke fol wetter kriget yn 'e
| |
| |
halsfuorge of yn in weinspoar of hynderfuotleast en optlêst stekt Jantsje mei him werom nei Fryslân ta mei in moai oergarre sparpotsje.
Want hjir arbeidzje hat har goed foldien, dit lân hat in feilich honk west foar de flechtelinge, mar hjir wenjen bliuwe yn dizze oarde fan steatlikheid en gruttens, nee, dat wol se net, foar noch safolle net.
Werom nei it earmhûs, dat liket har ek sa nei as fleanen. Der is ien plak, dêr't se graach wenje wol en dat is Blije, dat lûkt har noch it aldermeast en dan graach oan 'e seedyk, dêr lizze har bernefuotstappen, dêr hat se har iennichste freonen hân, âlde Tibben Meines en de fjildwachter.
Se sil it mar weagje om dêr op ta te gean.
By har witten is it lytse húske fan Tibben Meines nea wer bewenne west, dêr kin lykwols ek gjin húshâlding yn.
As se dat ris hiere koe, hja kin de hier foarút jaan en it is Bouke Ruerds sines net.
Sa komt se, as earen Naomi, út de ballingskip werom, mar de Blijers hoege net te freegjen: ‘Is dit Grutte Jantsje?’
Dochs fynt se tagedienens, ek foar in grut part troch de lytse jonge dy't se oannommen hat.
Alde Bosma, ja, de Blijer plysje is âld wurden, is as altiten foar har yn 'e skrep om in ûnderdak en hy rêdt it ek.
Alde Tibben Meines' húske, al degradearre ta hok, wurdt op oanstean fan Bosma ôfstien foar Jantsje en promovearret sa wer ta minskewenplak.
It jout efkes stoarm yn de regintewrâld te Hallum, dy jonge moat dochs winliken in oar plak ha, mar as de earmhûsheit yn it gat hinget, lit men Jantsje de lytse jonge al wer.
Lytse Jantsje wol net wer yn 'e hûs, der is lykwols ek gjin plak foar har mei ien sliepplak yn it hiele húske.
Dy brievet mei de Poartebuorster yn Amearika en sil op 'n doer wol nei de oare wâl stekke.
En Grutte Jantsje hat mei alles frede, it rint lykwols ek sa't hja it mar winskje koe.
|
|