| |
| |
| |
XIX
Noartsk en gnoarrich libje no de beide Jantsjes byinoar en tagelyk neistinoar en tsjininoar.
De lytse kin it net ferkropje, dat har leafdestried op sa'n wrede wize ôfknapt is.
It ferhaal is fansels mei geuren en kleuren it doarp oerkrante.
En dat net allinne, mar it is ek, lykas it op it doarp bart, yn alle toanaarden oerferteld, yn alle kleuren op 'e nij opferwe, sadat it wiere, earlike en reine yn de ferhâlding tusken de jonge keardel fan de Poartebuorren en lytse Jantsje njonkelytsen omfoarme is ta in doarpsskandaal, dêr't jong en âld, ryk en earm, fromme en goddeleaze him ta de teannen út om fermakket.
Dat is no ienkear it lytse, it ûnhuerige, it banale yn it doarpslibben.
En op 'n doer lit dat it slachtoffer of de slachtoffers net kâld, al drage se de holle yn bernlike ûnskuld ek noch sa heech.
Nee, ek noch dit lêste wurdt yn harren skea útlein.
‘Sjogg’ jim wol, hja jouwe der ek noch neat om,’ seit de iene, en de oare seit mei dimmene holleknik: ‘Gjin skuldfieling man, gjin skamte, it is allertreurichst, yn't foarige...’ en dan komt der fakentiids in hiel ferhaal fan de deugd fan in earder slachte.
Alle trije, de beide Jantsjes en de jongkeardel, reagearje ûngelyk op dit doarpsoardiel.
De jongkeardel makket mei hasten syn saken klear foar de grutte reis nei it fiere lân. Hy hat no skjin syn nocht yn dit doarp, dat winliken ‘Moddergea’ hjitte moatten hie.
| |
| |
Noch ienkear hat er mei lytse Jantsje praat, iepentlik by ljochtskyndei, midden op 'e buorren foar it front fan it hiele doarp. Wat se bepraat ha, wit net ien.
It alwittende doarp mient al dat se it wit, men kin it winliken op 'e fingers wol útrekkenje, it is kamûflaazje yn it iepenbier en tagelyk ôfspraak om de ferkearde praktiken foartoan behindiger te dwaan, sadat der gjin hoanne wer nei kraait.
Dat is de doarpskonklúzje, en dy is lykas altiten fier fan de wierheid.
De jongelju ha hielendal gjin ôfspraak makke, de jongkeardel hat sein dat er no gau fuort giet út dit ‘nêst’ wei en hy hat lytse Jantsje frij litten.
As er letter teplak is, kinne hja altiten wer sjen.
Hoenear? Ja dêr wit er neat fan, benammen no net, no't er sa hommels ôfstekt en oan dat ûnwisse wol er it fanke net bine.
Dat lêste is in stek yn lytse Jantsje' leafdehert, hy wol fan har ôfwêze. In wûnder is it net, wa bynt him oan sa'n famylje, mar hja hat it earlik miend, soe wachtsje wolle, as it moat jierrenlang en mei in stekkende smert oer in ferlies en mei nij opflamjende wrok tsjin it ‘âld wiif’, dy't ditte teweechbrocht hat, binne hja byinoar wei gien.
En dat kin lytse Jantsje net ferjaan. Mei de smoar yn libbet se no as in frjemdenien neist Grutte Jantsje.
En dy jout net ta, dat leit net yn har aard, dy fielt net dat se it fanke ferlern hat, foargoed ferlern. Dy hat noch in oar leafdesobjekt, de lytse jonge en dy kriget no allinne, wat se oars mei de beide parte.
Grutte Jantsje is tige tefreden mei dizze gong fan saken, it giet om it behâld fan it grutte fanke, dy't net los fertroud is, hja docht it om har bêst en wol se dat net sjen, dan moat se dat sels witte.
Jantsje feroaret der net om, hja achtet har metoade goed, no benammen, no't it sa ferrint, kinn' je begripe, wêr't it dy fint om te dwaan wie.
Wol it fanke no dwarsbongelje, hawar, dat lit Grutte Jantsje stienkâld. Hja sil wol wizer wurde en oars mar net, dan is teminsten it bewiis levere, dat Grutte Jantsje op 'e goede wei is.
| |
| |
Der baarnt no in smeulend fjoer yn dy húshâlding, der woedet in ferbiten striid, dy't oan beide kânten fûl en sûnder tajaan striden wurdt en dy striid konsintrearret him benammen om de lytse jonge. Dêr binne en bliuwe se by alle rúzje en wrokjen beide like gek om.
En beide besykje se te finen by lytse Hindrik, wat se byinoar ferlern ha.
Dy troaie se elk in kant út. Beide besykje se om dy elkoar ôf te stellen.
En lytse Hindrik is it mar allinne, dy't der wol by fart, dy hat gjin aan fan de striid tusken de beide froulju, dy gûlt as de lôge soms sa heech opslacht, dat er der bang fan wurdt, mar dy docht gjin kar tusken dy twa, beide binne se him like nei, en hy yt mei nocht fan twa wallen.
Lykwols, as it der op oankomt, wint Grutte Jantsje dizze priis ek, op 'n doer lukt de lytse jonge nei mem ta en dit dochs ek alhiel natuerlike ferskynsel makket lytse Jantsje noch stiller en stúmsker.
As se jûns byinoar sitte (want lytse Jantsje mei fan de Grutte it earmhûs net mear út) hinget der sa'n laden sfear, dat it jonge fanke it soms net mear drage kin en op bêd fljocht of har heil siket by de buorlju yn 'e oare trije hoeken fan de seale.
Dat lit Jantsje gewurde, útsein dan dat se it fanke ferbiedt om nei ien plak ta te gean, dêr't it wyfke mei de trije oerwûne bern tahâldt.
Dat wol Grutte Jantsje abslút net lije, har strang sedelik begryp ferset him tsjin dat minske as selskip fan lytse Jantsje, want dy't sa faak op 'e rin west hat, slacht men net yn it span mei ien, dy't alteast wat ryklik wyld hier yn 'e nekke hat.
Mar as lytse Jantsje jûns nei Jelle Petroelje ta giet, of nei it âlde wyfke yn 'e oare hoeke, dêr hat Jantsje neat op tsjin.
Dy lêste hat lytse Jantsje in grut hekel oan, dêr wol se net hinne. Dat âld wiif, fansels tige op 'e hichte brocht troch de Grutte, docht oars neat as preekjen en jammerjen oer de ferdoarnens fan de minsken en dan fansels mei in tapassing, dêr't lytse Jantsje fan kokhalzet.
| |
| |
Sa bliuwt Jelle Petroelje oer. Hawar, dat is Grutte Jantsje ek goed, as se mar oppast foar dat fan de pokken skeinde wiif en dêr mar net yt en drinkt, want dat wiif is net sa proper en Grutte Jantsje is stjerrende bang, dat dy pokken oanhingje.
Sa bringt lytse Jantsje har lange jûnen meastentiids ynein by Jelle Petroelje, dêr hat se it nei 't sin.
Hawar, dat is Grutte Jantsje goed, dat is gau sa goed as hiele jûnen as in jûntuorre yn 'e hoeke te sitten of op bêd lizze te snotterjen. As se mar oppast op 'e tiid thús te wêzen, jûns njoggen oere raast se har dêrwei, want dan wol se op bêd en dan moat it fanke thús wêze.
Dan stiet se krekt sa lang op 'e loer, dat it kleed by Jelle Petroelje fansiden skood wurdt om lytse Jantsje troch te litten, want sels dat eintsje tsjuster skeanoer de seale betrout Grutte Jantsje net.
Oant op in jûne ek dizze bom barst.
Ien jûn yn 'e wike is Jelle Petroelje nei in gearkomste ta, dy't de Hallumer dûmny hâldt mei syn tsjerkelju. Sokke jûnen wurdt it wat letter en dan mei lytse Jantsje wol wat langer bliuwe.
Dan giet Grutte Jantsje op bêd, mar sliepe docht se net earder, dan dat lytse Jantsje goed en wol thús is en ûnder de tekkens leit.
Op in jûn heart se, op bêd lizzend, Jelle Petroelje yn 'e gong stommeljen mei de klompen, mar tagelyk heart se lytse Jantsje ‘wolterêsten’ roppen by de oare hoeke.
En fuort is se oerémis, want dit betsjut wat.
Mei in sprong is se fan 't bêd en postuert har efter it kleed.
Heden, dit is net goed, it bliuwt stil yn it grutte hûs, nee, dochs net, se heart Jelle en lytse Jantsje praten yn it tsjuster.
As in fûlikaan stiet de Grutte efter it kleed te triljen, soe dat smoarge fanke no dan dochs noch net genêzen wêze?
Hark, dêr heart se Jelle wer praten en it fanke gicheljen. Jandory, dit is net foarinoar, dy tutte, soe se it no oanlizze mei dy smoarge âlde keardel?
Triljend strûpt se it âld skoart oer de lea en lûkt it jak oan, en mei de tange út 'e hurdshoeke yn 'e hân giet se op ûndersyk út.
| |
| |
By de doar fan 'e gong heart se Jelle praten, súntsjes, want alles leit yn it grutte hûs yn 'e rêst, mar Jantsje siket der yn har oerstjoere ferbylding fansels hiel wat oars efter.
En hark, dat healwize fanke gichelt mar, nee, dit is wer net foarinoar en no is it noch folle slimmer, dan op it koalsiedlân.
Mei in lûde en wylde útrop raamt se de doar iepen en sjocht Jelle en Jantsje ferbjustere stean elk tsjin in muorre oan.
‘Ha, dat is de twadde kear,’ raast se sa lûd, dat alle minsken opskrilje yn it grutte hûs, ‘dû smoarge smillap aste biste, ik sil dy de harsens ynslaan.’
En foar't Jelle him ferwarre kin slacht se him mei de tange, dêr't se him mar reitsje kin.
‘Help, help!’ raast er, ‘dat wiif is gek wurden, dy docht in moard.’
Yn in omsjoch is it hiele hûs op stelten. Lytse Jantsje is, as earder op it lân, gûlende fuortflein, it âlde wyfke leit jammerjend op bêd: ‘Och, och, dêr ha je it al, ik woe dat ús leaven Heare my hjir mar wei naam.’
Jelle Petroelje syn wiif komt mei de feger út 'e hûs fleanen en sil Grutte Jantsje te liif, hja bliuwt lykwols op in feilige distânsje. Mar har eagen flamje, de fan de pokken skeinde plakken lykje yn it bloed te driuwen en wat hja net mei de feger doar, leit hja mei de mûle ôf.
‘Dû smoarge grutte hynst, wat wolst dû hjir mei myn man. Earst hast it hiele doarp yn ûnstjoer brocht en no silst it hûs ek noch oeral meitsje, wy ha hjir gjin rêst mear, sûnt ast dû hjir biste, it skeelt my de helte net of ik kliuw dy de kop...’
It wyfke mei de trije ûnechte bern, kriget it no ek te krap en raast troch de lange gong: ‘Heit, heit, kom gau!’
Gromjend as in dier, dat yn it nau sit, fjochtet Jantsje har troch de driigjende en jammerjende sealebewenners hinne en ferdwynt efter de kleden op eigen gerjochtichheid.
Jelle Petroelje, in bangeftich man, strompelt no ek út 'e gong wei, hy hat de klompen noch yn 'e hân, dy't er nei it klompehokje bringe soe, hy wankelt as in dronken man en stipe fan it pokkewyfke, dy't grimmitich gromjend nei Grutte Jantsje' hoeke
| |
| |
driigjend de feger útstekt, liedt se de ferbjustere Jelle efter it kleed: ‘Dy stumper, hy kin it wol bestjerre, syn herte is al lang net goed, dokter moat daliks komme.’
En Jelle Petroelje demonstrearret op dat stuit de needsaak fan dat lêste, ratteljend falle de klompen him út 'e hannen en neist de âlde briedstuol, dêr't syn wyfke him troaiend hinne liedt, falt er mei in swiere sucht oer 'e grûn.
Dat jout nije opstakels yn 'e seale, dat lykwols ridlik gau ferstommet as de doar iepengiet en de heit fan it earmhûs yn nachtklean de seale ynkomt: ‘Wat is hjir te dwaan?’
Allegearre tagelyk sille se him fan andert tsjinje, mar mei it gesach fan in earmeheit leit er allegearre it swijen op: ‘Ien foar ien en gjin kluchten.’
It âlde wyfke út 'e hoeke sil oan 'e gong, mar de heit hâldt har tebek: ‘Jo hawwe der dochs neat fan sjoen op bêd wol?’
‘Wêr is Jelle?’ freget er, mar Jelle leit swier te snoarkjen neist de stoel en it pokkewyfke seit gûlend: ‘Jo moatte dêr mar freegje by dy grutte duvel, dy hat hjir de hiele boel yn trewyn jage.’
En dan swije allegearre, want yn 'e hoeke dêr't aller eagen hinne gien binne, geane de kleden faninoar en Grutte Jantsje, as altyd, master fan harsels, komt te foarskyn.
‘Dêr is de “grutte duvel” al hear!’ seit se nytgjend tsjin it pokkewyfke, ‘ja hjir bin ik, ik fal net flau lykas dy keardel fan dines, hy moast mar earder flaufallen wêze, jo moatte gau dokter helje minske, want oars giet er dea hjir, mar hy moast mines net wêze, stek him in spjeld yn 'e kont, dan komt er wol by.’
Dêrmei lit Grutte Jantsje op 'n nij de oarloch oplôgje en de heit, dy't njonkelytsen fernimt, dat er hjir jûn net gewaarwurde sil wat der krekt omgien is, byt kwart ôf.
‘Allegearre út 'e wei en ek daliks,’ kommandearret er, ‘ik wol gjin wurd mear hearre en moarnier njoggen oere allegearre foar de reginten.’
Dêrmei ferdwynt de heit efter de doar, wylst er syn efternei slepende ûnderbroeksbannen tusken de doar beknypt en mei in grouwe flok wurdt de doar wer iepenraamd.
| |
| |
Dan is it deastil yn 'e seale, heit hat flokt en dat betsjut net folle goeds.
Sa komt de rêst wer yn it grutte hûs. Jelle Petroelje is mei kâld wetter wer byholpen en op bêd rekke. Allinne Grutte Jantsje sit by de tafel mei de hân oan 'e holle.
Hoe wol dit komme, moarn?
Fan 'e side fan de seale hat se gjin heil te wachtsjen, dy sille moarnier as ien man tsjin har tsjûgje.
En lytse Jantsje, hoe komt dat? Hja hat gjin kâns mear om dy yn ien nacht sa te bearbeidzjen, dat dy moarn by de hearen fertroud is.
En hoe sil se har fêst fermoeden fan kwea mei Jelle Petroelje en it fanke bewize?
Dat kin se net, se hat neat ferkeards sjoen.
En dan? Wat sille de gefolgen wurde dizze kear?
De hearen ha har warskôge, noch ien kear en dan soene se yngripe.
Dy iene kear is no kommen.
Sil se der wer útdraaie as de earste kear?
Dêr hat se net in grut betrouwen op, no hat se alles tsjin.
No ja, dat âld wiif út 'e hoeke soe se faaks in bytsje oan ha, mar hat de heit net sein: ‘Jo witte neat, jo lizze op bêd.’
En Jelle Petroelje, oars in freon, is no de grutte tsjinstanner.
O, hja leaut fêst, dat it justerjûn net goed gien is yn 'e gong, mar hoe bewust se it?
Lytse Jantsje, in wichtich tsjûge, hat se foargoed ferlern. Dy sil faaks tsjin har yngean, dy hat ommers no in gaadlike útlaat fûn foar har wrok en dêr sil se gebrûk fan meitsje. Dit stiet der glûpende min foar mei Jantsje.
En hoe komt it no mei de lytse jonge?
As se har dy ôfskuorre, hat it libben gjin wearde mear foar har.
En wat langer Grutte Jantsje prakkesearret, wat neier as se dat fûnis op har oankommen sjocht.
En foar it earst fan har libben oerfalt har in deadlike eangstme, de eangstme foar it ferlies fan de lytse jonge, dy't se leafhat, mear as har libben.
| |
| |
Hûndert wegen prakkesearret se út om oan dat freeslike fan de skieding te ûntkommen, mar al dy wegen rinne dea of út yn de strange hannen fan fouden en reginten.
Oant optlêst ien wei fan ûntkomming foar har iepen bliuwt, de flecht, fier fuort, sa fier mûglik, wêrhinne dat wit se net, mar sa fier, dat gjin fouden en gjin reginten har fine kinne.
En no nimt se ek hastich in beslút, flechtsje, dy iene iepen wei lâns.
En no daliks ek, want moarn is it te let.
Hoarich slacht de klok yn it deastille doarp âlve oere.
Mei seis oeren is it wer ljocht en dan moat se fier fuort wêze. Hânsum siket se it aldernedichste foar har en de lytse jonge byinoar en bynt it yn in sloop op 'e rêch.
De sliepende jonge kriget se hoeden op en wuollet him yn in tekken fan har bêd.
En yn de stille nacht stekt se mei it sloop op 'e rêch bûn en har leafdelêst fêst yn 'e earms, de Dúnwei út, it noarden yn, nei de seedyk ta, dêr reizget it it feilichst.
Lytse Jantsje is yn 'e sliep fallen en fernimt neat.
Mar as se de oare moarns wekker wurdt, fynt se it bêd leech en de lytse jonge ek fuort. Dat lêste makket har ûnstjoer.
Gûlend fljocht se nei de heit en sa is de oare moarns ier en betiid it earmhûs foar de twadde kear yn touwen.
Jelle Petroelje wurdt der op út stjoerd om de reginten te warskôgjen en sa komt de ried earder as oansein is byinoar.
Der wurdt lang rieplachte, de iene wol de fearten dreagje, want Jantsje is in nuvere dragonder, men hat wolris twivele oft se har net oan de duvel ferkocht hie en dan komt in minske raar oan syn ein.
In oaren wol de plysje oan 't sykjen ha, hja kin yn ien nacht dochs net sa fier út 'e reek komme en dan ek noch mei sa'n bongel oan 'e foet.
De regint fan De Leie, dy't Jantsje uteraard it bêste ken, is fan betinken, dat se wol net sa fier rinne kin, alles wat wei is komt wer boppe wetter, útsein fersûpte dûbeltsjes.
| |
| |
De foarsitter fan de reginten is it mei de lêste sprekker iens. Dêrby, om de eare fan it hûs, dat op in goede namme stiet, liket it him ta om de saak mar stil syn berin te litten, komt se werom, dan kin men fierder sjen en sa net, no dan is it earmhûs fan twa lêstige pasjinten ôf.
Dat lêste is de heit fan it hûs it folslein mei iens.
Sa wurdt einliks te'n lêsten besluten de saak op syn berin te litten. Jelle en lytse Jantsje komme noch al foar it ferhoar, mar ha it maklik om harren beide frij te pleitsjen. Is dy, dy't útnaait, net de skuldige?
Lytse Jantsje moat no in oar ûnderkommen ha en kriget it ek. It treft krekt sa moai dat de faam fan ien fan de reginten derút rekke is, in útkomst foar Jantsje en in guodkeapenien foar de regint.
|
|