lit Grutte Jantsje net sitte, de dochter fan Kike libbet yn har fuort. Mar it jout gjin provenúën en dêr hat se sa'n ferlet fan.
Wie de lytse jonge der net, dan soe se it wol rêde, dan hie se al lang it kuorke mei snypsnaren wer opkrige, want de wrâld is grutter dan De Leie.
Mar no sit se fêst as in hûs en kin har net ûntjaan.
En dat sit him ek net iens allinne oan de lytse jonge.
Yn lytse Jantsje wurdt ek hoe langer wat mear it libben wekker, dy is gek nei jonges. In jier of wat ferlyn gie it al net goed en it is der net better op wurden.
Nee, Grutte Jantsje sit oan hûs bûn mei hannen en fuotten mei twa bern, in lytsenien dy't har soarch nedich is en in gruttenien mei it waarme bloed fan it rypjende libben, dat in útwei siket en net altyd in goedenien.
Sa komt de earmoede, dy't se altiten sa goed keare koe, it lytse húske yn, de soargen wurde grutter, it libben easket by de dei mear en oan dy easken kin net foldien wurde.
De lêste húshier is al net alhiel betelle en de húsbaas komt no alle wiken om de hier en om it efterstallige, dat Jantsje mei gjin mûglikheid foarinoar krije kin.
‘Freegje dan om ûnderstân,’ hat de man sein, mar dêr kin Jantsje net ta komme.
Dochs binne de fouden it gewaarwurden, dêr hat de húsbaas sels foar soarge.
Ja, wat sille se der oan dwaan. As se de jonge ôfstie, wie se út 'e niten, dan koe se har swee gean; mar stil noch wat oansjen oant de tiid ta dat it fêstrûn is.
Mar dat lêste hat de húsbaas net folle oan.
‘Dan donderje ik de boel út 'e went,’ driicht er rau.
De fâden lûke oan 'e skouders, ja fansels, dat kin er dwaan.
Mei dy driging giet de húsbaas nei Jantsje ta en dizze kear ferblikt Grutte Jantsje mear as yn 't foarige oan 'e Seedyk.
En sa wurdt se twongen ta de swiere gong, dêr't elk minske, mar benammen Grutte Jantsje tsjinoan soarget, omdat it foar har betsjut, dat se ôfstân dwaan moat fan de lytse jonge.