| |
| |
| |
XVI
‘Foarsafier jimme dat oan ien fan Myn minste bruorren dien hawwe, ha jimme dat My dien.’
It doarp wit net oft dûmny dat no mei opsetsin dien hat, of dat it krekt sa útkommen is, mar dy preek is de sneins nei it barde yn it doarp wol by de minsken ynslein, en Jantsje' papieren binne sûnt nochal wat de hichte ynflein.
Want it betsjut nochal wat, om sa'n lytsenien oan jin te nimmen, dêr is in minske fuortendaliks net oan ta.
Der binne fansels ek wol, dy't efter dizze leafdedied fan Grutte Jantsje wat socht ha. Dy âlde komeedzjespylster wit wol wat hja docht en mei sa'n klosse oan 'e foet is it har no fierders in lytse keunst, om it meilijen fan de hiele wrâld op te freegjen of te easkjen, lykas se de widze fan de foud opeaske hat.
Mar fierwei de measten sjogge dizze died yn better ljocht en hja sjogge it krekt sa as Jantsje it dien hat, sûnder bybedoelings, spontaan folgjende de ynjouwing fan har herte.
Sa ha de fouden it ek sjoen, der is in widze kommen, sa moai en sa útwryks, der hat nea in earmeljusbern yn sa'n moaienien lein en hy past by Jantsje har oare spul as it skilderstik fan in keunstner yn in skieppehok, mar dêr hat noch Jantsje noch it doarp erch yn. It is in moaienien en dêrmei út.
Dat er fan 'e souder fan ien fan de reginten fan de Marrumer kant kommen is, wit net ien. Jantsje hat om in widze frege, der is ien kommen en ien dy't der wêze mei.
Fan 'e pleats is in like tige moaie bernewein kommen fol brân- | |
| |
houtsjes en dêr ha inkelden fyntsjes om lake, mar Grutte Jantsje hat it yn tank oannommen en lytse Jantsje riidt by moai waar grutsk troch de buorren mei de lytse jonge.
Sa kinn' de nijsgjirrige froulju ek moai op 'e hichte bliuwe fan de foarderingen dy't lytse Hindrik makket.
En dat is ynoarder, dêr is gjin neil efter te krijen.
It mei in grut gelok hjitte, dat dy keardel mar útnaaid is, want de bern binne goed teplak en wurde fersoarge en de lytse, dêr't it doarp it measte noed mei hie (want it bliuwt altiten Grutte Jantsje) hat it noch mar it alderbêste troffen.
Grutte Jantsje heart net wat op it doarp bekonkele wurdt, it soe har lykwols ek stienkâld litte, hja fersoarget de lytse jonge mei alle teare leafde en soarch, sa 't har wûnderbaarlik tipelsinnich moed har opjout en dêrmei rekkent se net mei de provenúën, dy't dizze leafdedied har opsmyt en dy't dochs wierliken net te grut binne, benammen net as de tiden fertiigje en de barmhertichheid om har hinne, lykas meastal, útstjert en it leafdebetoan njonkelytsen ophâldt.
En dan fernimt se, dat se hjir net better fan wurdt, de lytse jonge wurdt grutter, easket mear, yt en drinkt mear en is al ridlik gau syn daalder yn 'e wike tige treast.
Lytse Jantsje wrot al den dei op it lân en Grutte Jantsje sjocht ek alle einen en kanten út, hoewol de lytse hânbynder har net folle kânsen lit en sa is it in skerpenheuvel om der mei-inoar troch te kommen.
Twa dagen yn 'e wike is Jantsje de kanten fan 'e Hallumerhoek út te arbeidzjen by in pear boerinnen en ien dei yn 'e wike skrobbet se in bakkerij op 'e Syl.
De lytse jonge is dan foar trije stoeren deis by in buorwyfke, mar Jantsje hellet der deis tsien stoeren út en hat op 'e ein fan 'e wike dochs noch in goed gûne bebealge.
Mar winters, as lytse Jantsje neat fertsjinnet, dan komt it glûpende krap om, sa krap dat de beide Jantsjes wolris sûnder iten jûns út 'e wei geane, mar de lytse jonge kriget syn gerak sûnder mankearen.
| |
| |
Foar de Grutte, dy't in libben fan lijen trochkrûpt is, betsjut soks net sa folle, mar lytse Jantsje, dy't yn 't opgroeien is, fielt it safolleste better.
Soms freget se om iten, dat Jantsje har net jaan kin en dat is foar de Grutte in toer, beide bern binne har tige nei, mar der is neat oan te dwaan, der is net mear.
Sokke tiden binne in pear âlde breaën of bôlen fan 'e Syl in útkomst. De bakker skoot har wolris wat ta, dan hat Jantsje in ferfaltsje.
Mar dat bart net sa faak, alle earme lju witte, dat âld spul by de bakker guodkeaper is as nij.
By de beide boeren sjit der nea wat oer. Jantsje kin har yn 'e koken sêd ite, safolle as se mar wol, fan it oerbleaune iten en op dy twa, trije oerdiedige miellen moat se ek sawat de hiele wike tarre, mar wat mei kriget se net.
Dat is behyplik en dat is ek sa ferliedlik as boppe jin yn 'e koken oan 'e souder de woarsten rigelje en it spek op 'e latten leit.
Steefêst rôlet se it har yn 'e panne tabedielde hertliks yn in stik papier en triuwt it by it âld jak yn. Nea sil se der sels in tosk yn sette.
As se dan jûns thúskomt is it feest, lytse Jantsje kriget har part, en it oare tekôget se en fuorret it de lytse jonge op. Hy is noch sa lyts en hy moat der net yn smoare.
Mar it duorret net lang, dan kin er it sa wol ha en dan kriget Jantsje de smaak net iens mear yn 'e mûle.
En as er syn part op hat, dan grynt er, it smakket him goed, mar Jantsje hat net mear.
Dat kin lytse Jantsje sjen, mar Hindrik hat der noch gjin erch yn, dy wol mear ha.
Dat dat grinen is en gjin hûnger, wit Jantsje net. It is de earste kear, dat se sa'n lytsen opfokt en se is fêst fan betinken dat Hindrik te min kriget. Sokke bern moatt' nochal wat ha, en it is op 't lêst in jonge.
Frieten dy grouwe jonges fan Klaas har ek net by tiden de earen fan 'e holle?
| |
| |
En dat it hûnger is by de lytse jonge, stiet by har fêst, want no in kearmannich hat se linich, op 'e stoel steand in pear woarsten fan 'e souder pikt.
By it jak yn is romte genôch en sûnt is de lytse jonge, dy't jûns as se thúskomt gjin each fan it jak ôfhâldt, folle rêstiger wurden.
Doe op in kear hat de boerinne har trappearre.
Ta Jantsje' gelok is se der goed ûnder bleaun: ‘Dit moat no net wer barre Jantsje, dan moat it út wêze mei ús.’
En hoe kin it sa treffe, Hindrik hie ek neat gjin ferlet mear as lytse Jantsje him jûns by buorwyfke wei helle, want dy hie in lytsen krige en sa oerfloedich tate, dat it har ta alles útrûn.
En, sa hie se mar ornearre, ta grutte blidens fan Grutte Jantsje, dat dat lytse hertsje foar itselde meidrinke koe.
Dizze woldied duorre lykwols net sa botte lang.
Dy skrale jonge fan Grutte Jantsje ûnderfriet op 'n doer har eigen en dat kin in mem net útstean.
Sa waard Hindrik twadde laam ôf en kaam jûns wer mei de hûnger yn 'e hals thús.
In pear jûnen besocht Grutte Jantsje wreed te wêzen tsjin de lytse jonge, want lytse Jantsje, sa'n grut fanke yn it opgroeien, moast dochs ek wat hawwe.
Lykwols, ûnder it earmtlik gekryt fan de lytse jonge, waard de striid te swier en de ferlieding ûnder de balken fan de boerekoken te grut.
In setsje gie it gnobjen goed, mar op 'n doer krige de boerinne, dy't tochte, dat Jantsje mei ienkear genêzen wie, yn 'e rekken dat it wer ferkeard gie.
Ta Jantsje' ûngelok waard no ek de boer der yn behelle en mei bidden en smeekjen krige se it safier, dat se weromkomme mocht, mar yn 'e koken kaam se net wer.
Op 'e bûthúsbank krige se har iten en hâlde de boerinne de hiele dei tafersicht.
Fierders soe alles stil bliuwe út meilijen mei Jantsje' húshâlding en dat hie faaks ek sa kommen, as de boer sneontejûns net nei Hallum ta gien wie nei de ‘boeresoasiteit’.
| |
| |
Mar dêr waard ûnder in slokje de moard útbrocht, yn it bywêzen fan de earmfoud en in pear reginten.
It waard foar de hearen reginten in swiere opjefte.
Wat moast men no, it bern út sa'n dievehoal weihelje wie fansels fierwei de koartste klap.
Mar wat dan? Sa'n krieltsje yn it earmhûs, dat like ek nearne net op, en der blykte yn de hiele wide wrâld net ien mear te wêzen sa barmhertich as dy Grutte Jantsje.
It waard in punt fan dreech petear op de gearkomste fan reginten, mar útkomst kaam der net.
It bern moast der nedich wei, hja droegen optlêst as reginten de ferantwurdlikheid foar de opfieding fan de ferlittenen, mar wat dogge je, as fan de twatûzen húshâldings yn de gemeente mar ien de doar wiid iepen set, mar ien, en dy iene is dy âlde dogeneat fan De Leie.
Dêr kin men jin oer ferwûnderje, dat der yn sa'n earmoedige tiid gjin mear minsken binne, dy't bite op sa'n foarntsje fan in grou daalder yn 'e wike, mar de hearen reginten sieten der mei dat al mar nuver foar.
Der wie mar ien kar, sitte litte wat sit, oant de tiid ta dat it bern yn de leafdesoarch fan it earmhûs opnommen wurde koe.
En sa waard dan ek, hoewol mei tsjinsin, besletten.
Lykwols, ien fan de reginten miende, dat der dochs wat barre moast. Koe men dan net sa't men graach wollen hie, hjir wie dochs wat tige skandalichs bard en men soe der muoilik foarwei komme kinne om yn dit gefal alhiel te dwaan oft der neat bard wie. Hjir wie kwea dien, dus moast der straft wurde.
Dêrby, it bern waard grutter, it wie no al twa jier, it hoegde no ek neat bûtenwenstichs mear.
Faaks hie men der oars sa gau noch net oer prakkesearre, mar no, alles by alles nommen wie der dûbeld reden om de fergoeding nei te sjen.
En sa waard mei algemiene stimmen besletten, om it gefal op 'e Leie yn 't earstoan noch mar ris oan te sjen en de fergoeding te bringen fan in daalder op fyftjin stoeren.
| |
| |
De earmfoud waard belêstige mei de útfiering fan it fûnis.
It foel Jantsje noch in hiel stik ta, hja hie har der op klear makke om te fjochtsjen foar it behâld fan de lytse jonge, dy't se foar gjin jild op 'e wrâld wer misse woe.
Dat soe in striid wurde, dan soene se mei mannemacht komme moatte, om har it jonkje út 'e earms te skuorren.
Mar no rûn it sa bêst ôf. Dat se mar mear fyftjin stoeren krige ynpleats fan in daalder, (in wichtich ding yn dy tiid) liet har ûnder dizze omstannichheden stienkâld.
Dat lêste hie se lykwols bûtendat al ferwachte, de jonge wie al twa jier. As se it fjild út moast om de kost te fertsjinjen, koe er ommers mei as it moast.
Wie it fjild simmers net fol lytse bern, fêstbûn oan in dampeal as de sleatten droech wiene en oars oan it spit?
Nee, fan dit fûnis komt Jantsje net yn heger berop, dêr prakkesearret se net iens oer.
Hja hâldt de lytse jonge en dat is in dûbelde reden om tefreden te wêzen.
Want, as se dit jonkje wer misse moast, dan soe har libben leech wêze, dan soene se in stik út har lichem skuord ha. En foar lytse Jantsje soe it ek net bêst wêze, dy wie gek mei it bern.
En twad, no kin de wrâld mar ris sjen, dat Jantsje sa beroerd net is, as de Hallumerhoek it útbazune hat.
Tsjin alle stikelstekken yn (want it doarp is no fansels wer omswaaid) hat se folhâlden, dat se it dêr allegearre liigden. Wat se meinommen hie, wie har jûn en hja hie it út eigen mûle besparre.
En dat lêste, dat ek wier wie, hie lytse Jantsje befêstige, op it lân, op 'e dyk en oeral, dat hie de Grutte har wol ynpipere.
‘Kinn’ je begripe, dan soene sokke lju mem sa'n lyts jonkje ek hâlde litte. Dêr koe men dochs oan sjen, dat it allegearre kletserij wie en oars neat.
No moasten se fansels mem ek noch berabje.
Dat wie maklik, mar wat dwaan, lykas mem, dêr kamen se net ta.
Wa fan dy rabbers hie nêst twa jier de hannen útstutsen yn dy húshâlding?
| |
| |
Net ien, allinne mem, dy hie dien wat se koe.
En och, och, wat wie mem doe in bêstenien.’
Sa hie lytse Jantsje mei floer har mem ferdigene en njonkelytsen moast men it winliken ek wol tajaan.
En sa dreau de bui oer, dy't boppe de beide Jantsjes en de lytse jonge dreaun hie.
En dy simmers kaam de kroane op Grutte Jantsje' wurk.
De hiele simmer arbeide se by de boer yn 'e Hallumerhoek, dêr't se dan, sa't it hjitte, stellen en dien hie.
De man siet danich yn it túch, op it lân koe Jantsje him neat ûntnaderje en in hielenien wie it ek foar de sinten.
Moarns acht oere stiek se mei de lytse jonge it lân út, dat wie ôfpraat mei de boer. Want om him fiif oere moarns út 'e sliep op te krijen, dat woe se net.
Fêstbûn oan in tou boarte de lytse jonge hiele dagen op it lân of lei op 'e foarikker te sliepen op 'e sinne, ôfdutsen mei de rôk, dy't Grutte Jantsje útluts en hoeden oer him hinne tearde.
Doe't it hjerst waard, wiene der sinten oergarre om troch de winter te kommen en turf op 'e souder om de kjeld te kearen. En gjin minske seach Jantsje jûns by tsjuster stropen of gnobjen.
En njonkelytsen begûn ek it doarp te twiveljen oan de praatsjes dy't omsweefd hiene oer de Hallumerhoek.
Och ja, dèr kinne se der ek wol wat mei, dat wit De Leie wol.
Grutte Jantsje falt noch net ôf, as it der op oan komt.
Hoe faak sjocht men se jûns nei in lange dei hûdzjen op it lân net nei in húske ta gean, dêr't need, sykte of ûngemak is.
Der is sa faak wat yn sa'n doarp, mar der is net faak wat, dêr't Jantsje net by te pas komt.
Sa garret se har freonen ûnder de lytsen en de earmen, want se freget gjin beleanning, dêr't lean te fertsjinjen is dêr wol men har net sjen.
Fan alle kanten út wei binne de eagen fan de reginten op it doarpke slein en Jantsje' dwaan en litten bliuwt foar de hearen net ferhoalen.
Mar wêr't se har om neigeane, dat fine se net. Op alle gear- | |
| |
komsten wurdt der rapport útbrocht, want se stiet foargoed ûnder kuratele. En alle kearen is it rapport geunstich. De jonge, dy't ek al sa starichoan op 'e lappen komt, is altiten like kreas en keken. Lytse Jantsje wurdt sa starichoan in jongfaam en ek ien dy't foar de kreammen lâns kin. En it âld wiif bealget en hûdet mar.
Nee, der is gjin neil efter te krijen en it liket mar fleurich spul, al is de fergoeding ek al mei de helte ferlege.
Sa wurdt Hindrik fjouwer jier, de libbenstiid sawat dat it earmhûs him ha kin.
Dêr is al ris oer praat, want yn it earmhûs ha de reginten better tafersicht op de jonge.
Mar de heit en de mem binne der net hjit op. Foarearst binne der al fjouwer bern en it hûs is fol, alles wat him net mear rêde kin, hat dêr syn lêste taflecht, en no dêr ek noch sa'n lytsenien by, nee, de heit en mem binne mar frijwat wearzich.
Dêrby, de jonge hat ommers in goed plak, wurdt mear as goed fersoarge en hinget mei al syn lytse leafdesuteringen oan de beide Jantsjes, benammen oan de Grutte.
It is in muoilik fraachstik foar de reginten. It is allegearre wier wat der sein wurdt, mar dochs is de jonge syn bestimming winliken it earmhûs, men kin prate sa't men wol. En as it moat, dan sille de heit en mem bûge moatte, dy hawwe optlêst neat te sizzen, de reginten binne baas en drage de ferantwurdlikheid.
It liket har ta dat de earmfoud mar ris poalshichte nimme moat. En dat docht de man as er op in sneontemoarn syn fiifensantich sinten bringt.
Hoeden besiket er ta syn doel te kommen, mar Grutte Jantsje, dy't him al daliks troch hat, byt koart ôf.
‘Hark ris, jim hoege gjin kluchten út te heljen, ik ha it jonkje en ik hâld it.’
En dan komt der fergrimend efteroan: ‘Hark ris, jimme kinne him my ôfskuorre, mar ik warskôgje jimme, hâldt him goed fêst, want sadree ik him bynei komme kin, giet er mei my en dêr komme jimme net ôf, sa lang as ik libje.’
| |
| |
Lytse Jantsje set oan dizze driging krêft by. Mei beide earms om de lytse jonge hinne, liket se in wyld bist, dat syn jong ferdigenje moat.
De earmfoud stiet der ferbjustre by en hoeden smyt er it op in oare boech.
Fansels, de wet is der ek, de jonge is fjouwer jier, dat is ‘ryp foar it earmhûs’ en de fergoeding kinne se dan ek net mear ferantwurdzje, dy mei dan neffens de wet net mear op de begrutting foarkomme.
As de man dit as in troef bedoeld hat, dan hat er wol fierwei de leechste op 'e tafel lein.
Ferachtlik laket Grutte Jantsje: ‘Och, man, rin nei de miter mei jo fyftjin stoeren, ik ha him de earste twa jier heal ûnderhâlden moatten, en dizze twa jier trije kwart. Jimme ha my der aardich oan wûn om him alhiel te nimmen, mar salang as Jantsje iten hat, hat hy it ek.
En no ha'k leafst dat jo fuortgeane en hjir gjin bonke wer binnendoarren sette, ik ha him nommen doe't jimme der mei ferlegen wiene en net ien him ha woe, en as er net mear by my wêze wol, dan lit ik him gean, earder net.’
De earmfoud is noch net útpraat, hy hat noch mear noaten op 'e sang, ek oer 'e Hallumerhoek en sa, mar as er yn dy fergrimende eagen sjocht, doar er dat lêste net mear oan.
‘Jo sille ús beslút wol hearre,’ seit er heechhertich, mar dan is it ek tiid dat er de wyk spilet.
Wat Grutte Jantsje beraast as er al huzen fier is, heart er net mear, mar hy is al bliid, dat er net sa ticht mear by har is.
It wurdt foar de reginten in tige wichtich agindapunt op harren gearkomste, as de earmfoud ferslach docht.
It is ek in boel, de jonge is der nedich te bliuwen, it earmhûs is ek al tige beset en fyftjin stoeren springt men yn it earmhûs ek net botte fier mei.
En as dat âld wiif it yn 'e kant set, dan komt der noch in hopen lijen út fuort, want it is in nuverenien.
Hja priizgje de earmfoud, dat er oer dy sinten begûn is, want
| |
| |
sa sit it dochs winliken ek, hja kinne sok jild winliken net ferantwurdzje.
Dat it âld wiif dêr sa de bek oer opskuord hat, dat wolle hja wol leauwe, dêr is it Grutte Jantsje foar.
Hawar, it sil dus wol de baas wêze, ek no't de heit en mem nochal wat yn it gat hingje, (dat lêste is in wichtich argumint by it klearmeitsjen fan it rapport) dat de jonge yn 't earstoan noch mar bliuwt, dêr't er is.
En, heard Jantsje' ferachtlik en bretaal reagearjen op de finansjele side fan dit fraachstik, beslute hja, de fergoeding mar yn te hâlden. Dy't dan net oars wol, dy't net oars sil.
It sil Jantsje' begrutting miskien yn trewyn bringe, faaks sil it har bringe ta ûnearlike praktiken, mar dan is ek foargoed de tiid oanbrutsen om fan rjochtswegen yn te gripen. En fierders liket it de hearen ta, dat no noch mear as foarhinne de tiid oanbrutsen is om de eagen tige iepen te hâlden.
Want it giet yn lêste ynstânsje dochs mar om it wol en it wee fan in, oan harren soargen tabetroude, wees.
Want de heit, no ja, dy sil noch wol libje, mar dat is noch folle slimmer as dea.
Dy hat yn gjin jierren fan him hearre litten, dy hat de namme fan heit ferlern.
Sa wurdt lytse Hindrik mei wichtige wurden en sûnder beswier fan 's lâns skatkiste yn Jantsje' hannen litten.
Yn it lytse húske op 'e Leie jubelt it.
‘No hâlde wy him foargoed mem?’
‘Ja fanke, wy hâlde him foargoed.’
|
|